First Blood (film)
First Blood is in Amerikaanske aksjefilm út 1982 ûnder rezjy fan Ted Kotcheff, mei yn 'e haadrol Sylvester Stallone en yn 'e wichtichste byrollen Richard Crenna en Brian Dennehy. De titel betsjut "[It] Earste Bloed", mar de film waard bekender as Rambo, nei de namme fan 'e haadpersoan. Letter waard er sadwaande omneamd ta Rambo: First Blood. It ferhaal giet oer John Rambo, in traumatisearre kommando út it Amerikaanske Leger en feteraan út 'e Fjetnamoarloch, dy't op syn omdoarmings yn in lyts plakje op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Washington bedarret. Dêr wurdt er troch de pleatslike sheriff foar in liddichgonger, omrinner en ûnrêststoker holden, en sûnder jildige reden arrestearre. Nei't er mishannele wurdt troch de helpsheriffs wit Rambo te ûntsnappen nei de wyldernis. De sheriff en syn mannen begjinne in klopjacht op him, dy't útrint op in dramatyske konfrontaasje. First Blood krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses. Dat joech oanlieding ta it ûntstean fan 'e mediafranchise Rambo, dy't û.m. fjouwer ferfolchfilms en in tekenfilmsearje omfettet. It direkte ferfolch op First Blood wie de film Rambo: First Blood Part II, út 1985.
First Blood | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ted Kotcheff | |
produsint | Buzz Feitshans | |
senario | Michael Kozoll William Sackheim Sylvester Stallone | |
basearre op | de roman fan David Morrell | |
kamerarezjy | Andrew Laszlo | |
muzyk | Jerry Goldsmith | |
filmstudio | Carolco Pictures Anabasis Investments N.V. | |
distribúsje | Orion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Sylvester Stallone Richard Crenna Brian Dennehy | |
byrollen | Bill McKinney Jack Starrett Michael Talbott Chris Mulkey | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 oktober 1982 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 93 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $15 miljoen | |
opbringst | $156,2 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Rambo | |
● folgjend diel | Rambo: First Blood Part II |
Plot
bewurkje seksjeSân jier nei't er earfol ûntslach krigen hat út it Amerikaanske Leger, reizget John Rambo, in feteraan út 'e Fjetnamoarloch dy't lijt oan in swiere foarm fan posttraumatysk stress-syndroom, geandefoets troch it Noardwesten fan 'e Feriene Steaten om Delmar Barry op te sykjen, in âlde legermaat fan sines. As er it wenplak fan Barry berikt, wurdt him lykwols ferteld dat syn maat it foargeande jiers ferstoarn is oan kanker, dêr't er mei oanhelle rekke is troch bleatstelling oan it ûntblêdingsmiddel Agent Orange yn 'e oarloch.
Dat nijs rekket Rambo bot, en hy beseft dat hysels no de lêste oerlibbene fan syn militêre ienheid is. Hy reizget fierder en bedarret sa yn it lytse plakje Hope, yn 'e Amerikaanske steat Washington. Dêr wurdt er daliks ûnderskept troch de pleatslike sheriff, Will Teasle, dy't him oansjocht foar in liddichgonger, omrinner en ûnrêststoker. Teasle wol sa'nent net yn Hope hawwe. Hy freget Rambo wêr't er hinne sil, en dy antwurdet dat er ûnderweis is nei Portland (Oregon). Hy biedt Rambo in lift oan, en as Rambo freget wêr't er in kafetaria fine kin om oan te stekken, seit Teasle dat der 30 myl fierderop bylâns de autosnelwei wol sa'n gelegenheid is. Hy riidt Rambo werom nei de grins fan 'e beboude kom, set him dêr út 'e auto en fertelt him dat er rjochtút oanhâlde moat om yn Portland te kommen.
Rambo, dy't in miel en in sliepplak hawwe moat, keart om en giet Hope wer binnen. Dêrop wurdt er troch Teasle arrestearre op beskuldiging fan skoaierij, ferset tsjin arrestaasje en it besit fan in ferburgen jachtmês. Sa belânet Rambo yn 'e sel fan it pleatslike plysjeburo, dêr't er dy nachts mishannele wurdt troch de helpsheriffs ûnder lieding fan 'e sadistyske haadhelpsheriff Art Galt. By Rambo wekket dy behanneling flashbacks op nei de martelings dêr't er it slachtoffer fan wurden is yn 'e tiid dat er yn in kriichsfinzenekamp yn Noard-Fjetnam fêstholden waard. As de helpsheriffs besykje him te drûchskearen mei in skearmês, wurdt Rambo harren oermânsk, pakt syn jachtmês werom en fjochtet him in wei út it plysjeburo. Bûtendoar stelt er in motorfyts en ûntflechtet Hope om beskûl te sykjen yn 'e omlizzende wyldernis fan tuskenbeiden reinwâld.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Sheriff Teasle organisearret de oare moarns in syktocht, wêrfoar't er syn helpsheriffs bewapenet mei mitrailleurs. Ek set er speurhûnen en in helikopter yn. Galt, dy't as passazjier meifljocht yn 'e helikopter, merkt Rambo op as dyselde by in rotswand del klimt. Hoewol't er fan Teasle opdracht krigen hat om inkeld te sjitten út selsferdigening, besiket Galt Rambo út 'e helikopter wei dea te sjitten. Dêrtroch wurdt Rambo twongen om 'e rest fan wei nei ûnderen te springen. Hy komt yn 'e tûken fan in beam del, wêrby't er syn iene earm ferwûnet. As Galt oanhâldt mei sjitten, bekûgelet Rambo de helikopter mei syn oare earm mei in stien, dy't it foarrút rekket. De piloat skrikt dêr sa fan dat er eefkes de macht oer syn tastel ferliest, wat in skokkende beweging feroarsaket. Galt, dy't syn feilichheidsharnas ôfdien hat om better rjochtsje te kinnen, kneppelet dêrtroch út 'e helikopter en falt te pletter op 'e rotsen.
As sheriff Teasle koarte tiid letter boppe-oan it klif arrivearret en mei de fierrekiker it lyk yn 'e djipte identifisearret as Art Galt, nimt er daliks oan dat Rambo de helpsheriff sûnder oanlieding fermoarde hat en swart er wraak. Rambo besiket him út 'e fierte wei derfan te oertsjûgjen dat de dea fan Galt in ûngemak wie en dat er inkeld wol dat se him gewurde litte, mar Teasle en syn oare helpsheriffs iepenje it fjoer. Hoewol't Teasle ûnderwilens ynformaasje kriget dat Rambo in eardere kommando is dy't as oarlochsheld de Medal of Honor ûntfongen hat, wegeret er de jacht op 'e fuortflechtige oer te dragen oan 'e Steatsplysje fan Washington. As hy en syn mannen Rambo efterfolgje yn it wâld, docht bliken dat dyselde in ekspêr is yn guerrilja-oarlochstaktiken, wêrmei't er de helpsheriffs ien foar ien op pynlike mar net fatale wize útskeakelet oant inkeld Teasle sels noch oer is. Rambo falt de sheriff oan, oermasteret him en set him syn jachtmês op 'e kiel. Hy byt him ta dat er him en syn mannen allegearre mei gemak deameitsje kinne hie en driget him "in oarloch sa'tst dy net foarstelle kinst" te jaan as se him net gewurde litte.
Neitiid draacht de ûntnoftere Teasle de brot einlings oer oan 'e Steatsplysje en de Nasjonale Garde fan Washington. Kolonel Sam Trautman, dy't yn 'e oarloch Rambo syn befelfierend ofsier wie, wurdt derby helle as adviseur. Dyselde befêstiget dat Rambo ien fan 'e bêsten is mei guerriljataktiken en oerlibjen yn 'e wyldernis. Neffens him is it dêrom net te dwaan om 'e feteraan yn it wâld op te spoaren. Ynstee rikkemandearret er oan om Rambo ûntkomme te litten en sa de sitewaasje te ûntsenuwjen, wêrnei't Trautman him letter, as er wat kalmearre is, beprate sil om him freedsum oer te jaan. Teasle, dy't syn fernedering yn it wâld noch net fergetten is en dy't boppedat troch de oankomst fan alle fersterkings nije moed fet hat, wegeret dêroan mei te wurkjen. Hy stiet wol ta dat Trautman besiket kontakt te lizzen mei Rambo fia in portofoan dy't dyselde by syn ûntsnapping stellen hat, mei de oprop om him no fuortendaliks oer te jaan. Rambo, dy't de stim fan Trautman werom ken, antwurdet op dy oprop dat Teasle-en-dy him tenei kommen binne en net oarsom, en dat sy "de earste ferwûning tabrocht" hawwe (yn it Ingelsk: drawn the first blood). Dêrop ferbrekt er de ferbining en wegeret noch fierder te praten.
Wylst er troch de besingeling besiket te glûpen, wurdt Rambo sjoen troch in jonkje dat yn it wâld op jacht is. Hy oermasteret it bern, mar wegeret it kwea te dwaan. It jonkje alarmearret de autoriteiten, dy't Rambo sadwaande wer op 'e hakken komme te sitten. In ienheid fan 'e Nasjonale Garde slút him yn in ferlitte myn yn. Harren befellen yn 'e wyn slaand bestoke de gardisten de yngong fan 'e myn mei in raket, sadat dy ynstoart. Men giet derfan út dat Rambo dêrby omkommen is, hoewol't Trautman warskôget dat soks ûnwierskynlik is. Rambo hat it yndie oerlibbe en ferlit de myn fia in oare yngong. Hy kaapt in frachtwein dy't brûkt wurdt om in M60-masinegewear nei de besingelers te bringen en riidt dêrmei nei Hope ta. Om syn efterfolgers ôf te lieden blaast er it pleatslike benzinestasjon op, sabotearret er de enerzjyfoarsjenning fan it doarp en fernielt er in wapenwinkel fuortby it plysjeburo. Trautman, dy't wol foar it ferstân hat dat Teasle net tsjin Rambo opwoeksen is, besiket de sheriff op 'e nij te bepraten om Rambo gewurde te litten, mar wer wurdt syn goerie yn 'e wyn slein.
Teasle bejout him nei it dak fan it plysjeburo, dêr't er Rambo wei deasjitte wol mei in jachtgewear. Rambo wurdt him dêr gewaar en komt him tenei. De beide mannen reitsje behelle yn in koarte sjitpartij, en harren konfrontaasje einiget as Teasle rekke wurdt en troch in skylight it gebou yn falt. As Rambo risselwearret om 'e sheriff dea te meitsjen, komt Trautman tuskenbeiden en warskôget Rambo dat er úteinlik net tsjin 'e oermacht op kinne en deade wurde sil as er him net oerjout. As er Rambo tebinnen bringt dat er de iennichste oerlibbene fan syn ienheid is, stoart de feteraan yn en fertelt gûlend oer syn traumatyske ûnderfinings: hoe't er tasjen moatten hat doe't syn freonen yn Fjetnam deade waarden, hoe't er werom yn 'e Feriene Steaten gjin baan behâlde koe fanwegen syn posttraumatysk stress-syndroom, hoe't der op him delsjoen wurdt troch syn lânslju en hoe't alle opofferings dy't er foar syn lân dien hat, om 'e nocht en fergetten binne. Neitiid wurdt Teasle ôffierd nei it sikehûs, wylst Rambo him op oantrúnjen fan Trautman oerjout oan 'e autoriteiten.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
John Rambo | Sylvester Stallone |
kolonel Sam Trautman | Richard Crenna |
sheriff Will Teasle | Brian Dennehy |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
kaptein Dave Kern | Bill McKinney |
helpsheriff Art Galt | Jack Starrett |
helpsheriff Balford | Michael Talbott |
helpsheriff Ward | Chris Mulkey |
Orval Kellerman | John McLiam |
helpsheriff Lester | Alf Humphreys |
helpsheriff Mitch Rogers | David Caruso |
helpsheriff Shingleton | David L. Crowley |
helpsheriff Preston | Don MacKay |
luitenant Clinton Morgan | Patrick Stack |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeFirst Blood is basearre op 'e roman First Blood, fan skriuwer David Morrell, út 1972. De filmrjochten dêrop waarden datselde jiers noch foar $175.000 oankocht troch filmstudio Columbia Pictures. Om't op dat stuit de Fjetnamoarloch noch geande wie, rûn it mei de ferfilming yn 't earstoan op 'e non. Nei't de rjochten fan Columbia ferrûn wiene, waarden de filmrjochten foar $125.000 oankocht troch Warner Bros. It idee wie om Robert De Niro of Clint Eastwood de rol fan John Rambo spylje te litten.
Der waard in senario skreaun troch Walter Newman, en nei't Martin Bregman as regisseur oanlutsen wie, liet dy in nij senario skriuwe troch David Rabe. Bregman ferliet it projekt lykwols al rillegau wer en nei him wiene efterinoar Mike Nichols, John Badham en John Frankenheimer yn byld as regisseur. Underwilens waard yn 1977 in trêde senario skreaun, diskear troch Michael Kozoll en William Sackheim. Yn 1981 kocht filmstudio Carolco Pictures de filmrjochten op 'e roman foar $375.000 oer fan Warner Bros. wylst de rjochten op it senario fan Kozoll en Sackheim foar $125.000 oernommen waarden.
Neitiid waard Ted Kotcheff, dy't yn 1976 ek al koart by de mooglike ferfilming fan 'e roman fan Morrell belutsen west hie, oansteld as regisseur. As produsint wie Buzz Feitshans by it projekt belutsen foar de filmstudio's Carolco Pictures en Anabasis Investments. Hy ferfong Ed Carlin, dy't in hertoanfal krige doe't de opnamen al úteinset wiene. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Laszlo, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith.
Casting
bewurkje seksjeFoar de rol fan John Rambo waarden yn in ier stadium Robert De Niro en Clint Eastwood yn omtinken nommen. Letter passearren û.m. Robert Mitchum, Paul Newman, Steve McQueen, John Travolta, Powers Booth, Al Pacino, Michael Douglas, Nick Nolte en Brad Davis de revu foar't úteinlik de kar op Sylvester Stallone foel.
Dyselde wie ein 1970-er jierren in superstjer wurden troch it súkses fan 'e earste beide Rocky-films. Sadwaande krige er it frij om it senario fan Kozoll en Sackheim nei eigen goedfinen oan te passen. Yn 'e roman en it oarspronklike senario wie Rambo folle hurder, gewelddiediger en ûnsympatiker, wylst sheriff Teasle krekt folle sympatiker foarsteld waard. Stallone fertelde yn 1985 yn in fraachpetear mei de Los Angeles Times oer syn oanpassing oan it skript: "Wat ik die mei Rambo wie besykje om him mei ien foet yn 'e fêstige oarder te hâlden en mei de oare yn 'e kriminaliteit […]. Ik woe dat er akseptabel wie foar de mainstream – mar ek in krimineel. Dat hy hat sterk heitelânsleavjende tinkbylden – en hy hâldt fan it systeem. Hy hat allinnich in hekel oan in soad minsken dy't yn dat systeem libje en wurkje." De oarspronklike ein fan sawol roman as senario wie dat Rambo sheriff Teasle deamakket, om dêrnei kolonel Trautman te freegjen om himsels út syn lijen te ferlossen. Trautman sjit him del en rint dan by it lyk wei. Sa'n ein waard wol filme, mar bedarre by de filmmontaazje yn 'e postproduksjefaze op 'e flier by de oare fuortknipte sênes.
Foar de rol fan sheriff Teasle waard tocht oan Burt Lancaster of Charles Durning, en Gene Hackman en Robert Duvall waarden foar de rol frege, mar sloegen it oanbod ôf. De rol gie úteinlik nei Brian Dennehy.
George C. Scott, James Mason, Milton Berle, Charles Nelson Reilly en Richard Jaeckel waarden yn omtinken nommen foar de rol fan kolonel Sam Trautman. Lee Marvin waard ek wier frege foar de rol, mar sloech it oanbod ôf. Uteinlik waard Kirk Douglas oannommen, mar koart foar't de opnamen úteinsetten, ûntstie der spul oer it senario: Douglas woe de oarspronklike ein fan 'e roman hâlde, wêryn't sawol sheriff Teasle as Rambo deageane. Foar Stallone wie dat net akseptabel. Douglas ferliet dêrop it projekt. As ferfanger waard Rock Hudson oansocht, dy't wol wollen hie, mar mei koarten in hertoperaasje ûndergean moast. Uteinlik waard Richard Crenna oannommen om Trautman te spyljen. De rol waard Crenna syn bekendste filmoptreden, dêr't er in protte lof foar taswaaid krige.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen setten op 15 novimber 1981 útein en duorren oant yn april 1982. Se fûnen plak op lokaasje yn 'e Fraserdelling fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia (dy't oan 'e Amerikaanske steat Washington grinzget). De sênes binnen de beboude kom waarden filme yn Hope (Britsk-Kolumbia). De sêne mei de myn waard opnommen yn 'e Othellotunnels deunby Hope. De rest fan 'e film, besteande út sênes yn it tuskenbeiden reinwâld, waarden filme yn 'e Capilano Canyon, it Provinsjaal Park Golden Ears en by de Pittmar. It waar spile de produksje parten: earst wie der in rite mei ûntidige waarmte foar de tiid fan it jier, en yn jannewaris 1982 folge der in perioade mei swiere sniefal dêr't de produksje twa moannen troch stil lei.
De fjoerwapens dy't yn First Blood brûkt waarden, moasten spesjaal foar de opnamen yn Kanada ymportearre wurde út 'e Feriene Steaten wei, om't se yn Kanada sels, omreden fan 'e folle strangere wetten op it mêd fan wapenbesit, net foarhâns wiene. Yn jannewaris 1982 waarden fjoerwapens ter wearde fan $50.000 fan 'e filmset stellen, wêrûnder 14 M16-mitrailleurs, 3 Remington-jachtgewearen, 2 .44 Magnum-revolvers en 11 Colt AR-15-mitrailleurs. Hoewol't de wapens oanpast wiene sadat se inkeld losse flodders ôffjurje koene, stelde de Royal Canadian Mounted Police fêst dat dy feroaring maklik wer ûngedien te meitsjen wie. Neitiid waard de set fan 'e film bewekke troch it Kanadeeske Leger, wêrfan't de soldaten by de opnamen fungearren as figuranten.
Postproduksje
bewurkje seksjeDe earste kladferzje fan First Blood dy't út 'e filmmontaazje kaam, wie tusken de trije en fjirdel oere lang en sa min dat Sylvester Stallone en syn ympressario der suver beroerd fan waarden. Stallone woe de film keapje en ferneatigje om't it him in "karriêrebeëiniger" ta liek. Nei yngeande wermontaazje waard de spyldoer werombrocht ta 93 minuten. Dêr bettere de film sa fan op dat Stallone akkoart gie mei it útbringen.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan First Blood waard fersoarge troch Orion Pictures. De film iepene op 22 oktober 1982 yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1982 by platemaatskippij Varèse Sarabande. First Blood waard yn 'e 1980-er jierren útbrocht as VHS-keapfideo, en kaam yn 2002 foar it earst út op dvd.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige First Blood oer it algemien positive resinsjes. Sylvester Stallone (Rambo), Richard Crenna (kolonel Trautman) en Brian Dennehy (sheriff Teasle) waarden priizge foar harren aktearprestaasjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times skreau dat de ein fan 'e film him net befoel, mar dat it fierders "in tige moaie film [wie], mei in goed tempo en goed aktearre, net inkeld troch Stallone […], mar ek troch Crenna en Brian Dennehy." Dêr heakke er oan ta: "Hoewol't frijwol alles oan First Blood ûnoannimlik is, wol it ús wol oan om't it Stallone is dy't de haadrol spilet." Hy parte de film 3 fan 4 stjerren ta.
Yn The New York Times omskreau Janet Maslin it personaazje John Rambo as in fûleindige, linige, holeagige held", dy't ôfskildere waard as in "tramtearre, misbegrepen, ûnbidich fernimstich slachtoffer fan 'e Fjetnamoarloch, ynstee fan as in sadist of in smjunt." Se hie lof foar de "enerzjy en finingrikens" fan it senario fan First Blood. It Amerikaanske tydskrift Variety hie lykwols gjin goed wurd foar de film oer, dy't yn in artikel yn dat blêd kwalifisearre waard as "in rommeltsje". De skriuwer fan dy resinsje hie ek swiere krityk op 'e ein fan 'e film, dy't gjin wiere útkomst jaan soe foar Rambo.
De foaroansteande Amerikaanske filmkritikus James Berardinelli skreau yn 2009 yn in retrospektyf stik oer First Blood dat de film "in spannend en effektyf stikje filmmeitsjen" wie. Hy murk ek op dat de dûnkerder toan, somberder subtekst en it funksjonele geweld de sjogger tastie om 'e film net inkeld as in aksjefilm te beskôgjen, mar ek as in produksje fan in beskate yntelliginsje en substânsje. Oer de haadrol skreau er: "It liket ûnmooglik om jin immen oars as Stallone yn dy rol foar te stellen, en syn fermogens as akteur kin net oan foarbygien wurde."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat First Blood in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 47 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't [de film] folle somberder en gefoeliger is as de ferfolchfilms dy't derút fuortkamen, is it in spannend oerlibbingsaventoer dat te'n folste profitearret fan 'e aktearfermogens fan Sylvester Stallone." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet First Blood in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 15 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeFirst Blood brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $51,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $105,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $156,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $15 miljoen betsjut dat in winst fan $141,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. First Blood wie yn Noard-Amearika de op tolve nei meast opbringende film fan 1982. It wie ek de earste grutte Hollywood-film dy't útbrocht waard yn 'e Folksrepublyk Sina, dêr't der 76 miljoen kaartsjes foar ferkocht waarden (in rekôr foar in Hollywood-film dat pas yn 2018 ferbrutsen waard).
Franchise
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Rambo (franchise).
It súkses fan First Blood soarge derfoar dat op basis fan 'e film in mediafranchise ûntstie dy't nei de haadpersoan fan Rambo hjit. Dêrta hearre (anno 2021) fjouwer ferfolchfilms: Rambo: First Blood Part II (1985), Rambo III (1988), Rambo (2008) en Rambo: Last Blood (2019). Dêrnjonken binne der ferskate adaptaasjes ta oare media, lykwas in tekenfilmsearje, ferboekings, strips en fideospultsjes.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Rambo (filmsearje) | |
---|---|
First Blood (1982) • Rambo: First Blood Part II (1985) • Rambo III (1988) • Rambo (2008) • Rambo: Last Blood (2019) |