Stasjon De Haach Leane fan NOI

Stasjon De Haach Leane fan NOI (Laa) is in spoarweistasjon yn de stêd De Haach yn de provinsje Súd-Hollân en waard iepene yn 1907 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal).

Stasjon De Haach Leane fan NOI
station Den Haag Laan van NOI
Stasjon De Haach Leane fan NOI yn 2019
Stasjon De Haach Leane fan NOI yn 2019
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente De Haach
plak De Haach
adres Van Alphenstraat 79
arsjitektuer
stasjonskoade Laa
iepening 1 maaie 1907
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 4
spoarline Alde line
metroline  E 
tramline  2   3   4   34 
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon De Haach Leane fan NOI (De Haach)
Stasjon De Haach Leane fan NOI

It oarspronklike spoarweistasjon fan De Haach Leane fan NOI wie in ienfâldich lyts gebouke dat mar in pear romten befette. Fia treppen en in tunnel koene reizgers op it perron komme. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1978.

It stasjon waard ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It stasjonsgebou bestiet út twa ferdjippings en it treppehûs nei it earste perron. Under binne de loketten en de yngong nei de tunnel. De boppeferdjipping wurdt foarme troch de wachtromte fan it earste perron. It tal perronspoaren is tagelyk útwreide nei seis. Yn 2000 waarden der liften boud om it stasjon tagonkelik te meitsjen foar reizgers mei in rolstoel. In pear jier letter binne de perrons oan de kant fan it stasjonsgebou oanpast oan de metro- en sneltramstellen fan de Rânestêdrail.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeien SintraalDe Haach Leane fan NOIDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
2400 Intercity (NS) Lelystêd SintrumAlmere BûtenAlmere SintrumAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach Leane fan NOIDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardt
3200 Intercity (NS) Arnhim SintraalEde-WageningenUtert SintraalAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach Leane fan NOIDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSDe Haach Leane fan NOILeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Doardt nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Skiphol Airport en Venlo.
3300 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach Leane fan NOILeien SintraalHoofddorpSkiphol AirportSaandamPurmereinHoarnHoarn Kersenboogerd Jûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd.
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach Leane fan NOILeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwol Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei De Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leien Sintraal.
6300 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach Leane fan NOILeien SintraalHeemstede-AerdenhoutHaarlim Rydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: