Washington (steat)
| ||||
Ofkoarting | WA | |||
Haadstêd | Olympia | |||
Tiidsône | UTC-8 | |||
Algemien | ||||
---|---|---|---|---|
Oerflakte | 184.824 | |||
Befolking | 7,705,281 | |||
Oare ynformaasje | ||||
Tatreden | 11 novimber 1889 | |||
Oantal countys | 39 |
Washington is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Olympia.
De steat Washington, dy't oan de westkust fan de FS leit, wurdt somtiids betize mei de Amerikaanske haadstêd Washington, dy't ticht by de eastkust leit.
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjintwurdige steat Washington makke eartiids diel út fan in folle grutter gebiet, nammentlik it Oregon territoarium. Op 11 novimber 1889 waard it de 42e steat fan de Feriene Steaten. De steat is ferneamd nei de eardere Amerikaanske presidint George Washington.
Geografy
bewurkje seksjeDe steat Washington is 184.824 km² grut en leit yn de Pasific-tiidsône.
Washington leit oan de Grutte Oseaan en grinzet yn it noarden oan Kanada, yn it easten oan de steat Idaho en yn it suden oan Oregon.
Troch it midden fan de steat rint fan noard nei súd it Cascadesberchtme. It heechste punt is de pyk fan de fulkaan Mount Rainier (4392 meter). Yn it suden is Mount Saint Helens, in aktive fulkaan. De fjord Puget Sound, wêr't Seattle oan leit, komt fia ûnder mear de Strjitte fan Juan de Fuca út op de Grutte Oseaan.
In wichtige rivier is de Kolumbia, dy't yn Kanada ûntspringt en in grut part fan de grins mei Oregon foarmet. Twa oare grutte rivieren komme hjiryn út, de Spokane en de Snake. Yn it noardwesten fan Washington, it saneamde Olympic Peninsula, leit in reinwâld.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Countys yn Washington.
De steat is ûnderferparte yn 39 county's.
Keppeling om utens
bewurkje seksjesteaten | ||
---|---|---|
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin | ||
ûnynkorporearre territoaria | ||
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko | ||
federaal distrikt | ||
Distrikt Kolumbia | ||
· · |