Stifting Biltske Belangen
De Stifting Biltske Belangen (Biltsk en offisjeel: Stichting Bildtse Belangen), gauris ôfkoarte ta SBB, is in stifting yn 'e Fryske lânstreek en eardere gemeente It Bilt, dy't him taleit op it finansjeel ûnderstypjen fan 'e leefberens yn dat gebiet.[1] Kulturele organisaasjes, eveneminten en sportklubs kinne elts jier rekkenje op in finansjele bydrage fan dizze stifting.[1]
Stifting Biltske Belangen Stichting Bildtse Belangen | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | SBB | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | stifting | |
wurkmêd | finansiering kultureel erfgoed | |
fêstige yn | Sint-Anne (Fryslân) | |
oprjochte | 1994 | |
offisjele webside | ||
www.stichtingbildtsebelangen.nl |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Stifting Biltske Belangen ûntstie yn 1994, doe't de Bildtse Bank opgie yn 'e Friesland Bank.[1] Dy eigensinnige pleatslik bank hie foar himsels ek in maatskiplike rol weilein sjoen, dy't ta utering kaam yn finansjele stipe foar maatskiplike organisaasjes, inisjativen en eveneminten. Om 'e leefberens op It Bilt gjin geweld oan te dwaan waard dêrom yn it stee fan 'e Bildtse Bank de Stifting Biltske Belangen oprjochte, dy't de sosjale funksje fan it bedriuw oernaam.[1]
Op freed 27 septimber 2019 waard by it 25-jierrich bestean fan 'e Stifting Biltske Belangen stilstien mei in gearkomste yn 'e Van Harenstsjerke yn Sint-Anne.[1] De presintaasje waard fersoarge troch de bruorren Anker, wêrnei't de SBB ekstra skinkings die oan ferskate organisaasjes, wêrûnder de Stichting Bildts Aigene, de ferienings foar doarpsbelang fan Sint-Anne, Sint-Jabik, Froubuorren, Aldebiltsyl en Nij Altena, en de feriening foar streekbelang fan Easthoek en Westhoek.[1] Foarsitter Anne Vlaskamp besifere by dizze gelegenheid dat de SBB yn in fearnsiuw sa'n €2,5 miljoen weijûn hie.[1]
Begjin oktober 2019 naam de Stifting Bildtse Belangen it gebou oan 'e Van Harenstrjitte 3 yn Sint-Anne yn besit, dat fuort njonken de Van Harenstsjerke stiet.[2] It pân út 1929 is boud op it plak dêr't earder it gritenij- en dêrnei it âlde gemeentehûs stie. SBB wie de fjirde brûker fan it gebou nei in partikulier, de ABN-bank en in abbekatepraktyk.[2] It pân is ynsafier mei de skiednis fan 'e SBB ferbûn, dat de earste sittings fan 'e Bildtse Bank, de foargonger fan 'e SBB, yn it âlde gemeentehûs holden waarden.[2]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |