Sundance Filmfestival

(Trochferwiisd fan Sundance Film Festival)

It Sundance Filmfestival (Ingelsk: Sundance Film Festival) is in filmfestival foar ûnôfhinklike films dat elts jier fan 'e ein fan jannewaris oant yn 'e earste dagen fan febrewaris holden wurdt yn 'e Amerikaanske steat Utah. It wurdt organisearre troch it Sundance Institute en bestiet sûnt 1978. De films fan it Sundance Festival wurde fertoand yn in stikmannich bioskopen en oare filmsealen yn Park City en Salt Lake City en yn it Sundance Resort, in wintersportlokaasje yn 'e bergen by Provo. Oarspronklik hiet it filmfestival it Utah/U.S. Film Festival en dêrnei it U.S. Film and Video Festival, oant it yn 1991 syn hjoeddeistige namme krige. Dy ferwiist nei in rol fan 'e bekende akteur Robert Redford, dy't fan it begjin ôf oan yn it evenemint behelle wie.

Sundance Filmfestival
Sundance Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Steaten
Steat Utah
plak Park City
Salt Lake City
Sundance Resort by Provo
tiid fan it jier ein jannewaris, begjin
   febrewaris
bysûnderheden
oare namme Utah/U.S. Film Festival
U.S. Film and Video Festival
soarte evenemint filmfestival
sjenre ûnôfhinklike films
bestean 1978 – no
oprjochter Sterling Van Wagenen
John Earle
Robert Redford
org. troch Sundance Institute
taal Ingelsk
offisjele webside
sundance.org/festival

Algemiene beskriuwing

bewurkje seksje

It Sundance Filmfestival is útslutend bedoeld foar Ingelsktalige ûnôfhinklike films (d.w.s. films dy't makke binne sûnder belutsenens fan in grutte filmstudio). Ofsjoen fan dat betingst kinne der sawol langspylfilms as koarte films oan meidwaan, en sawol spile films as dokumintêres. It Sundance Filmfestival is it grutste filmfestival foar ûnôfhinklike films yn 'e Feriene Steaten. Yn 2016 waard it besocht troch 46.660 minsken. It evenemint is fan grut belang as plak dêr't oanstoarmjend talint op it mêd fan rezjy syn films presintearje kin. It Sundance Filmfestival omfiemet ek in kompetysje mei kategoryen foar Amerikaanske en Ingelsktalige spylfilms en dokumintêres fan bûten de Feriene Steaten, mei ûnderskie tusken langspylfilms en koarte films. Fierders binne der in stikmannich tematyske kategoryen, mei de nammen: NEXT, New Frontier, Spotlight, Midnight, Premieres en Documentary Premieres.

It Sundance Filmfestival begûn yn septimber 1978 yn Salt Lake City as in projekt dat mear filmmakkers nei Utah helje moast. It hiet doe it Utah/U.S. Film Festival, en it waard oprjochte troch Sterling Van Wagenen (doedestiden it haad fan Wildwood, de filmstudio fan 'e ferneamde akteur, regisseur en filmprodusint Robert Redford) en John Earle, in lid fan 'e Utah Film Commission. Redford waard oerhelle om foarsitter fan it festival te wurden, en mei help fan Scott M. Matheson, de gûverneur fan Utah, waard úteinset om útslutend Amerikaanske films te presintearjen, it potinsjeel fan ûnôfhinklike films sjen te litten en de foardielen te toanen fan Utah as lokaasje om films op te nimmen.

 
It Mary G. Steiner Egyptian Theatre yn Park City is ien fan 'e âldste en bekendste bioskopen dy't oan it Sundance Filmfestival meidogge.

Yn 'e earste jierren fan it filmfestival gie it benammen om in kompetysje tusken Amerikaanske ûnôfhinklike films, it wer ûnder de oandacht bringen fan guon âlde ûnôfhinklike films, it hâlden fan iepenbiere diskusjes tusken filmmakkers en it takennen fan 'e Frank Capra Award, ferneamd nei de bekende Amerikaanske swart-wytfilmregisseur Frank Capra. Yn 1979 ferliet Van Wagenen it projekt om in organisaasje op poaten te setten dy't him úteinlik ta it Sundance Institute ûntjaan soe. Syn plak as foaroanman fan it filmfestival waard koarte tiid oernommen troch Jim Ure en dêrnei troch Cirina Hampton Catania, dy't lykwols yn 1980 fuortgie om in karriêre as produsinte yn Hollywood nei te stribjen.

Inkele faktoaren holpen om it Utah/U.S. Film Festival groeie te litten. De wichtichste dêrfan wie it feit dat Robert Redford syn (populêre) namme oan it evenemint ferbûn, wat in wis resept wie foar in protte oandacht yn 'e media. Oard sprong it festival yn in gat, om't de Feriene Steaten hongerich wiene nei filmfestivals foar Amerikaanske films; it iennichste oare festival dat him dêrop talei, wie doedestiden it USA Film Festival yn Dallas.

Yn 1981 ferhuze it evenemint geografysk fan Salt Lake City nei Park City en yn 'e tiid fan septimber nei jannewaris. Ek krige it in nije namme: it U.S Film and Video Festival. De feroaring fan 'e tiid fan it jier waard beävensearre troch Susan Barrell, dy't Catania as organisator fan it festival opfolge wie. Hja die dat op rie fan regisseur Sydney Pollack, dy't tocht dat in filmfestival yn 'e winter mear belangstelling fan 'e filmyndustry yn Hollywood krije soe. Yn 1984 naam it Sundance Institute fan Sterling Van Wagenen de organisaasje fan it filmfestival oer. Yn 1991 waard it festival offisjeel omneamd ta it Sundance Film Festival. De namme 'Sundance' gie werom op 'e Sundance Kid, in personaazje dat Robert Redford spile hie yn 'e ferneamde westernfilm Butch Cassidy and the Sundance Kid, út 1969.

Spin-offs op oare plakken

bewurkje seksje

Fan 2006 oant en mei 2008 organisearre it Sundance Institute oan 'e Brooklyn Academy of Music (BAM) yn New York in minyfilmfestival mei de namme Sundance at BAM. Fan 2012 ôf wurdt (oarspronklik yn april, mar letter yn juny) yn 'e Britske haadstêd London it filmfestival foar ûnôfhinklike films Sundance London holden. Sûnt 2014 (mei útsûndering fan 2015) wurdt elts jier yn oktober yn Hongkong in oare spin-off fan it Sundance Filmfestival holden: Sundance Hong Kong.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.