Vampire Academy (film)
Vampire Academy is in Amerikaansk-Britske fantasykomeedzjehorror- en jeugdfilm út 2014 ûnder rezjy fan Mark Waters, mei yn 'e haadrollen Zoey Deutch en Lucy Fry. De titel betsjut "Fampiere-akademy". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Richelle Mead. It ferhaal giet oer de 17-jierrige Rose Hathaway, in dhampir (heal-fampier), dy't de beskermster is fan har bêste freondinne Lissa Dragomir, in moroi (goedaardige fampier). De film folget dat twatal as se weromkeare nei de Akademy fan Sint-Vladimir om harren opliedings ôf te meitsjen nei't se in jier lang op 'e flecht west hawwe. Vampire Academy krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes en flopte yn 'e bioskopen. De plande ferfolchfilms waarden neitiid skrast. Yn 2021 waard der by wize fan reboot in tillefyzjesearje makke.
Vampire Academy | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Mark Waters | |
produsint | Don Murphy Susan Montford Michael Preger Deepak Nayar | |
senario | Daniel Waters | |
basearre op | de roman fan Richelle Mead | |
kamerarezjy | Tony Pierce-Roberts | |
muzyk | Rolfe Kent | |
filmstudio | IM Global Kintop Pictures Preger Entertainment Montford & Murphy Productions | |
distribúsje | The Weinstein Company (Fer. St.) Entertainment One (Fer. Ken.) | |
spilers | ||
haadrollen | Zoey Deutch Lucy Fry | |
byrollen | Danila Kozlovsky Dominic Sherwood Sarah Hyland Sami Gayle Olga Kurylenko | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk | |
premiêre | 7 febrewaris 2014 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | fantasykomeedzjehorrorfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 104 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $30 miljoen | |
opbringst | $15,4 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeRose Hathaway is in santjinjierrige dhampir (heal-fampier) en beskermster yn oplieding. Har bêste freondinne is de like âlde prinsesse Lissa Dragomir, in moroi, oftewol in stjerlike, goedaardige fampier mei in minsklike libbensspanne. Lissa heart ta ien fan 'e tolve keninklike famyljes fan 'e moroi, dy't om bar regearje. Sy en Rose binne de oerlibbenen fan in needlottich ferkearsûngemak, feroarsake troch ien dy't mei drank op efter it stjoer siet, wêrby't Lissa har heit en mem en har âldere broer Andre omkommen binne. Sûnt it ûngemak diele Rose en Lissa in telepatyske bân, dy't lykwols ienrjochtingsferkear fan Lissa nei Rose is en boppedat inkeld út en troch wurket. Tegearre binne se in jier lyn (en in jier nei it ûngemak) de Akademy fan Sint-Vladimir ûntflechte, in kostskoalle foar jonge dhampir en moroi fan oer de hiele wrâld, dêr't de moroi traind wurde yn 'e behearsking fan magy, wylst dhampir dêr oplaat wurde ta liifwachten fan 'e moroi. Sûnt libje se ûnderdûkt, de lêste tiid yn Portland (Oregon).
Dêre wurde Rose en Lissa opspoard troch in team fan dhampir-beskermers û.l.f. Dimitri Belikov, dy't de wichtichste fjochtsportynstrukteur fan 'e Akademy fan Sint-Vladimir is. Under twang wurde de beide famkes meinommen werom nei de kostskoalle. Underweis wurdt it konfoai fan in stikmannich auto's oanfallen troch in kloft strigoi, dy't ferskate dhampirs deadzje foar't Dimitri regaad makket en mei harren ôfweeft. (Strigoi binne de boasaardige ûndeade fampieren út 'e leginden fan East-Jeropa, dy't harren slachtoffers deadzje troch al harren bloed op te drinken. In strigoi ûntstiet as in moroi opsetlik of by fersin syn selsbehearsking ferliest en in 'fieder' of 'fiedster' ombringt.)
Arrivearre oan 'e Akademy fan Sint-Vladimir wol rektriks Kirova witte wêrom't Rose en Lissa útnaaid binne. Dêr komt gjin dúdlik antwurd op. Kirova wol de beide famkes straffe, mar dat wurdt foarkommen troch trije dingen: de sike prins Victor Dashkov, in freon fan Lissa har âlden silger, docht in goed wurdsje foar harren; Dimitri fertelt dat er ûnderweis werom út Portland bewiis sjoen hat dat Rose en Lissa wier in mentale bân diele, dy't út en troch telepatysk liket te wêzen; en Lissa brûkt in hypnotisearjend-eftige foarm fan magy dy't kompulsje hjit om Kirova ta lankmoedigens te bringen. Neitiid ferfetsje de beide famkes harren opliedings oan 'e kostskoalle, dêr't Lissa lykwols mijd wurdt troch har klasgenoaten. De iennichste freondinne dy't Lissa en Rose oan 'e kostskoalle hawwe, is Nathalie, de wat nerd-ige dochter fan prins Dashkov, dy't sels likemin freonen hat. Rose begjint al rillegau fereale te reitsjen op Dimitri, dy't no har learmaster en mentor is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Rose en Lissa begjinne mysterieuze boadskippen te finen, wêryn't it libben fan Lissa bedrige wurdt: in nije screensaver dy't troch hacken op har kompjûter upload is; in berjocht skreaun yn bloed op 'e wand fan har keamer; en in oar berjocht by it fandalisearre tinkteken foar har âldelju en broer yn 'e kapel fan 'e akademy. Rose, Lissa en Nathalie fermoedzje dat harren klasgenoate Mia Rinaldi dêrefter sit, dy't foarhinne de faam wie fan Lissa har broer Andre. Nei dy syn dea kaam út dat er ek mei oare famkes omsloech, dat Lissa en Rose tinke dat Mia dêrtroch in hate opfette hat foar it Dragomir-laach dy't se fokust hat op 'e iennichste noch libbene telch út dy famylje: Lissa.
Lissa siket neieroankommen ta Christian Ozera, in klasgenoat fan harres dy't oan 'e kostskoalle op in minne namme leit om't syn beide âlden strigoi wurden binne. As it dernei útsjocht dat hy en Lissa ferkearing krije sille, beskôget Rose it as har plicht as beskermster fan Lissa om dêr it near op te lizzen troch de ûntlûkende relaasje te sabotearjen. Underwilens ûndersiket Rose ek de ferdwining fan Sonya Karp, in leararesse dy't har en Lissa holpen hat om fan 'e Akademy fan Sint-Vladimir út te naaien. Eltse kear as se lykwols tsjin immen de namme fan frou Karp neamt, rint se tsjin in izige muorre fan stilswijen oan. Uteinlik fynt se bylden fan Karp, dy't mentaal labyl wurden wie troch it brûken fan in tige seldsume soarte magy, dêr't men lju it libben mei rêde kin dy't op it rântsje fan 'e dea balansearje.
Mei't se der sels ris tsjûge fan west hat hoe't Lissa it libben fan in krie rêde dy't earne tsjin oan flein wie en de nekke brutsen hie, begjint Rose te fermoedzjen dat Lissa oer deselde soarte magy beskikt as frou Karp. Underwilens wurdt Lissa almar ôfhâldiger en kâlder, wat Rose wyt oan it feit dat har freondinne hieltyd mear gebrûk makket fan kompulsje om yn alle saken har sin te krijen. Om Lissa te rêden, moat se gau-gau sjen út te finen hokfoar magy it is dêr't Lissa oer beskikt, mar Rose is mear in dogger as in tinker, dat se moat help hawwe fan immen dy't thús is yn 'e argiven. Dêrom kloppet se foar help oan by Christian Ozera, dy't har fersyk earst ôfstegeret om't er yn 'e tuskentiid ûntdutsen hat dat Rose derfoar ferantwurdlik is dat Lissa neat mear fan him witte wol. As Rose lykwols seit dat it derom giet om Lissa te rêden, jout Christian ta, mei't er wier fereale op Lissa is. Djip yn 'e argiven fan 'e akademy ûntdekke se dat de nammejouwer fan 'e skoalle, Vladimir fan Kiëv, ek oer de foarm fan magy beskikte dy't frou Karp en Lissa hawwe, en dat dy magy spiritus hjit. Mei spiritus kin Lissa sykten genêze en de stjerrenden rêde, mar dizze foarm fan magy put de libbensenerzjy fan 'e brûker yn hege mjitte út.
As Lissa har kat fermoarde wurdt, ûndernimt Rose aksje om't it mei it narjen no oer de skreef giet. Twa jonges út deselde klasse as sysels en Lissa bekenne dat se yn ruil foar seks Mia holpen hawwe mei de bedrigings en it fandalisme, en Mia jout neitiid itselde ta, mar alle trije ûntstride se dat se Lissa har kat wat oandien hawwe. It foarfal mei de kat makket by Rose oantinkens wekker dy't foar har ferburgen wiene troch frou Karp. Se wit no wer dat Karp dejinge wie dy't har bepraat hat om mei Lissa de Akademy fan Sint-Vladimir te ûntflechtsjen, om't Karp úthold dat Lissa op 'e kostskoalle net feilich wêze soe. By rektriks Kirova stiet Rose derop oan om har ynsjoch te jaan yn 'e geheime ynformaasje yn it dossier fan frou Karp. Dimitri falt har by en seit dat it tiid en mear as tiid is om Rose te fertellen wêr't de stâle fêstsit. Befeiligingskamera's, dêr't Rose de bylden fan te sjen kriget, hawwe fêstlein hoe't frou Karp harsels ta strigoi makke hat troch in fieder te deadzjen, en hoe't se dêrnei út 'e kostskoalle ûntsnapt is. Nimmen hat dêrnei noch wat fan har heard.
Rose besiket Lissa derfan te oertsjûgjen dat se sparsumer mei har magy omgean moat, mar Lissa wol net harkje. Pas as Rose har ankel brekt troch in ûnbedoelde bywurking fan Lissa har oergebrûk fan magy, beseft se dat Rose gelyk hie. Nei't se Rose har ankel genêzen hat, ûntskuldiget se har foar har hâlden en dragen de lêste tiid en fermoedsoenje de beide freondinnen har mei-inoar. Tagelyk krije Lissa en Christian sa súntsjes oan ferkearing, in ûntwikkeling dy't Rose diskear net mear opkeart.
Op in bal foar de learlingen fan 'e kostskoalle wurde Rose en Lissa faninoar skaat. Lissa wurdt ûntfierd, mar troch harren telepatyske bân is Rose tsjûge fan dat barren. Se giet nei Dimitri om help, mar sadree't se him sjocht, ferjit se alles om har hinne en wurde se allebeide oerweldige troch in hommels opkommende weach fan lust. It is Dimitri dy't de kop der noch it meast by hat en op in stuit beseft dat dit gjin normale gefoelens binne. As er it halskeatling, dat Rose fan prins Dashkov krige hat, ôfskuord en yn 'e iepen hurd smyt, ferdwynt de lust by har beiden en kinne se wer tinke. Mei Christian en Gabriela, in oare dhampir, sette se efter de ûntfierders oan.
It docht bliken dat dejinge dy't efter de ûntfiering fan Lissa sit, prins Dashkov sels is. Hy is oanhelle mei it syndroom fan Sandovsky, in groanyske en ûngenêslike sykte, dy't him ûngaadlik makket foar de hearskippij oer de moroi. Hy wol no dat Lissa spiritus brûkt om him te genêzen. Om't syn oandwaning groanysk is, sil se dat hieltyd wer op 'e nij dwaan moatte, dat hy is fan doel om har finzen te hâlden oant se fan útputting stjert. Om Rose ôf te lieden, hat er har it halskeatling jûn, dat baaid is yn in sterk leafdesdrankje. Dashkov lit Lissa martelje troch in bline dy't net fetber is foar har kompulsje oant se tajout en him genêst. Underwilens arrivearje Rose-en-dy by it skûlplak fan Dashkov. Wylst Dimitri en Gabriela har mei grou geweld in paad klearje troch Dashkov syn trewanten, glûpe Rose en Christian troch in syddoar nei binnen ta om Lissa te rêden. Dat falt noch net ta as Lissa tagelyk op eigen manneboet besiket te ûntsnappen, mei as gefolch dat se inoar yn 't earstoan mis rinne.
Op it gazon wurde Lissa, Rose en Christian ynsletten troch Dashkov, dy't Christian delsjit. Sels wurdt er lykwols fuort dêrnei finzen nommen troch Dimitri, mar net foar't er syn boppenatuerlike 'psy-hûnen' op Lissa ôf stjoert. De bisten wurde lykwols ferbrânt troch de fataal ferwûne Christian, dy't it yn uterste need foar it earst yn syn libben slagget om mear as in skiterich lyts flamke te meitsjen. Neitiid rêdt Lissa syn libben troch enerzjy foar spiritus te 'lienen' fia har mentale bân mei Rose.
Werom op 'e Akademy fan Sint-Vladimir wurdt Dashkov finzen set yn in sel yn 'e kelder fan 'e kostskoalle. As er dêr befrege wurdt troch Rose, leit er har út dat har bân mei Lissa ûntstien is trochdat Rose 'tute troch it skaad' is. Dat barde doe't se by it auto-ûngemak dêr't Lissa har âlden en broer by omkamen, sa ticht by de dea kaam is dat se op gjin inkele oare wize mear te rêden wie as troch it gebrûk fan spiritus, dat Lissa doe foar it earst die. Dashkov hie dat al rillegau foar it ferstân, en sûnt smeit er plannen om Lissa har krêften foar syn eigen genêzing te brûken. Wylst se yn petear binne, wurdt Rose beslûpt troch Dashkov syn dochter Nathalie, dy't harsels ûnderwilens op it bal ta strigoi makke hat troch alle bloed op te drinken fan 'e klasgenoat op wa't se fereale wie. Rose en Nathalie reitsje yn gefjocht, mar Rose kin harsels der net ta bringe om Nathalie, dy't lang har freondinne west hat, te deadzjen. Dêrtroch kriget Nathalie de kâns en befrij har heit. As prins Dashkov de kelder ferlitte wol, komt er lykwols Dimitri tsjin, dy't him deamakket. Dêrnei helpt Rose Dimitri om ek Nathalie te ferslaan en om te bringen.
Letter jout Lissa in taspraak oan 'e oare learlingen fan 'e kostskoalle wêryn't se fertelt dat spiritus it type magy is dêr't se sels yn spesjalisearre is, en dat it oan Rose te tankjen is dat se dêr sa goed mei omgean kin. Ek bepleitet se minder rivaliteiten en mear freonlikens mank de learlingen. Neitiid moetet Rose bûtendoar Dimitri, oan wa't se freget oft hy ek gefoelens foar hàr hat. Hy jout dêr gjin antwurd op, mar begjint fuortendaliks út te lizzen wêrom't it neat tusken harren wurde kin, lykas it leeftydsferskil en it feit dat hy in learaar en sy in learling is. Boppedat, sa seit er, kin er net fan har hâlde, om't er dan yn gefal fan gefaar hàr rêde soe ynstee fan Lissa. Rose freget om ien inkele frijwillige tút dy't net ûnder ynfloed fan in leafdesdrankje jûn wurdt, en as Dimitri nei har ta linet, slacht se him del en wurdt se him foar it earst yn har training oermânsk. Dêrnei jout se him in tút op it wang en rint by him wei.
Yn in grot yn 'e bergen dy't útsjocht op 'e Akademy fan Sint-Vladimir beächtet Sonya Karp har eardere wurkplak, wylst se in ûnbidige kliber strigoi ree makket foar de oanfal.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Rosemary "Rose" Hathaway | Zoey Deutch |
prinsesse Vasilissa "Lissa" Dragomir | Lucy Fry |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Dimitri Belikov | Danila Kozlovsky |
Christian Ozera | Dominic Sherwood |
Natalie Dashkov | Sarah Hyland |
Mia Rinaldi | Sami Gayle |
rektriks Ellen Kirova | Olga Kurylenko |
Mason Ashford | Cameron Monaghan |
prins Victor Dashkov | Gabriel Byrne |
Spiridon | Ben Peel |
Sonya Karp | Claire Foy |
Jesse Zeklos | Ashley Charles |
Aaron Drozdov | Edward Holcroft |
Ray Sarcozy | Chris Mason |
keninginne Tatjana Ivashkov | Joely Richardson |
Gabriela | Dominique Tipper |
Kenneth | Nick Gillard |
Camilla Conta | Bronté Norman-Terrell |
Bruno | Harry Bradshaw |
Meisner | Ramon Tikaram |
Andre Dragomir | Rory Fleck-Byrne |
Eric Dragomir | Alexander Abadzis |
Rhea Dragomir | Elizabeth Conboy |
leararesse | Richelle Mead (cameo) |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeVampire Academy waard regissearre troch Mark Waters nei in senario fan syn broer Daniel Waters. Dat wie basearre op Vampire Academy, it earste diel út 2007 fan 'e romansearje mei deselde namme fan Richelle Mead. As produsinten wiene Don Murphy, Susan Montford, Michael Preger en Deepak Nayar by it projekt belutsen foar de filmstudio's IM Global, Kintop Pictures, Preger Entertainment en Montford & Murphy Productions. Vampire Academy wie dêrmei in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tony Pierce-Roberts, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rolfe Kent.
It wie oarspronklik de bedoeling dat de film de titel Vampire Academy: Blood Sisters krije soe. It doel wie doe noch om alle fiif romans út 'e Vampire Academy-rige te ferfilmjen, en de produsinten woene dat alle films in ferskillende namme hawwe soene. Dat idee stapten se letter fan ôf. De opnamen foar Vampire Academy setten op 28 maaie 2013 útein en duorren oant en mei 20 july fan dat jier. De measte sênes waarden filme yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. De bûtendoarsênes by de Akademy fan Sint-Vladimir waarden opnommen by de Chaterhouse School yn Surrey. In lyts diel fan 'e opnamen waard dien yn 'e Amerikaanske steat Montana.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Vampire Academy waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch The Weinstein Company en yn it Feriene Keninkryk troch Entertainment One. De film gie op 7 febrewaris 2014 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Yn it Feriene Keninkryk soe de film earst op 19 febrewaris útkomme, mar dat waard om ûndúdlike redens opskood nei 24 april. Doe't Vampire Academy it yn 'e Amerikaanske bioskopen min die, waard besletten en bring de film yn it Feriene Keninkryk direkt-op-fideo út, wat op 14 july barde. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 4 febrewaris by platemaatskippij Universal Music Enterprises. Vampire Academy kaam op 20 maaie 2014 (yn 'e Feriene Steaten) út op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Vampire Academy oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Manohla Dargis yn The New York Times dat regisseur Mark Waters "net bysûnder ynteressearre liket te wêzen yn 'e boppenatuerlike dielen fan Vampire Academy, en hy beskikte dúdlik net oer it budget om it bytsje hokus-pokus dat er deryn treaun hat, magysk te meitsjen." Yn it tydskrift Variety fûn Dennis Harvey dat de film "der net inkeld útsjocht as in sa krú mooglik mingsel fan eleminten út Harry Potter en Twilight, mar ûntwurpen liket te wêzen om dy beide franchises der yn ferhâlding út sjen te litten as ivige monuminten fan 'e wrâldkultuer."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Vampire Academy in leech goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 58 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't [de film] miskien syn yn 't foar al besteande kliber fans wol oansprekke sil, lient dizze krusing tusken Twilight en Mean Girls op loaie wize fan syn foargongers en biedt er njonken syn smoarfolle eftergrûnferhaal net folle humor of spanning." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Vampire Academy in goedkarringspersintaazje fan 30%, basearre op 14 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeVampire Academy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $7,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $7,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $15,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in ferlies fan $14,6 miljoen, dêr de marketingkosten noch oerhinne komme.
Prizen
bewurkje seksjeVampire Academy waard yn 2014 nominearre foar twa Teen Choice Awards, yn 'e kategoryen favorite komeedzjefilm en favorite aktrise yn in komeedzjefilm (Zoey Deutch).
Skraste ferfolchfilms en reboottillefyzjesearje
bewurkje seksjeIt hie oarspronklik de bedoeling west om alle fiif romans fan 'e Vampire Academy-romansearje te ferfilmjen, mar nei it teloarstellende resultaat fan 'e earste film, waard dêr fan ôfsjoen. Yn 2021 makke de Amerikaanske streamingtsjinst Peacock bekend dat der in reboot fan Vampire Academy yn produksje nommen wie yn 'e foarm fan in tillefyzjesearje.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Vampire Academy
- (in) Ynformaasje oer Vampire Academy yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |