Sarah Hyland
Sarah Hyland (folút: Sarah Jane Hyland; New York, 24 novimber 1990) is in Amerikaansk tillefyzje-, film-, musical- en stimaktrise en sjongster. Hja waard bekend as Haley, de âldste, wat dommige dochter fan it gesin Dunphy yn 'e komeedzjesearje Modern Family. Foar dy rol wûn se ferskate prizen.
Sarah Hyland | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sarah Jane Hyland | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 novimber 1990 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
jierren aktyf | 1997 – no | |
offisjele webside | ||
Sarah Hyland yn 'e IMDb |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeHyland waard yn 1990 berne yn New York, as de dochter fan Edward James Hyland en Melissa Canaday, dy't beide ek as akteurs aktyf binne. Hja hat in jongere broer, Ian. Hyland studearre oan 'e Professional Performing Arts School yn Manhattan.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeHyland is al oan it aktearjen sûnt se fiif jier wie. Yn har earste filmrol spile se de dochter fan radiopresintator Howard Stern, yn dy syn autobiografyske film Private Parts, út 1997. Yn 1999 spile se Molly yn 'e tillefyzje-remake fan 'e ferneamde musical Annie, en neitiid hie se ferskate gastrollen yn plysjesearjes lykas Law & Order, Law & Order: Special Victims Unit en Law & Order: Trial by Jury. Fan 2008 oant 2009 hie Hyland in weromkearende rol as Maddy Healy yn 'e tillefyzjesearje Lipstick Jungle. Underwilens spile se yn 2006 op Broadway yn it toanielstik Grey Gardens de jonge Jackie Kennedy.
Yn 2009 briek Hyland troch mei de rol fan Haley Dunphy, de wat dommige âldste dochter yn 'e húshâlding fan 'e dochter en skoansoan yn 'e komeedzjesearje Modern Family. Dy searje wie tige súksesfol en rûn oant yn 2020. Mei de rest fan 'e akteurs yn Modern Family wûn Hyland yn 2011, 2012, 2013 en 2014 fjouwer jier op rige de Screen Actors Guild Award yn 'e kategory treflike prestaasje fan in cast yn in komeedzjesearje. Ek sleepte se foar de rol fan Haley Dunphy ferskate nominaasjes yn 'e wacht.
Yn 2014 hie Hyland in gastrol yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Hot in Cleveland. Yn 2017 spile se âldere suster Lisa Houseman yn 'e tillefyzje-remake fan Dirty Dancing. Dêrnjonken wie Hyland op it wite doek te sjen yn û.m. de coming-of-age-komeedzjedramafilm Struck by Lightning (2012), de horrorkomeedzje Scary Movie 5 (2013) en de jeugdfantasyfilm Vampire Academy (2014). Se die yn 2017 mei oan it tillefyzjeprogramma Lip Sync Battle, wêryn't se it al playbackend opnaam tsjin DeAndre Jordan.
Sjongkarriêre
bewurkje seksjeHyland hat ferskate kearen as sjongster aktyf west. Sa song se yn 2016 mei Boyce Avenue covers fan Closer fan The Chainmakers en Don't Wanna Know fan Maroon 5. By de útrikking fan 'e Teen Choice Awards yn 2019 song se tegearre mei Jordan McGraw (de soan fan Dr. Phil) it liet Met at a Party, dat letter dat jiers ek as single útbrocht waard.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn har bernetiid waard by Hyland nierdysplasy fêststeld. Yn april 2012 ûndergie se in niertransplantaasje, wêrby't har heit as donor fungearre. Nei ferskate jierren state har lichem har heite nier lykwols ôf, sadat se in nije niertransplantaasje ûndergean moast, diskear mei har jongere broer Ian as donor. Yn totaal hie se tsjin 2018 sûnt har berte al sechstjin operaasjes ûndergien. Fanwegen de medisinen dy't se ynnimme moat om in nije ôfstjitting foar te kommen hat Hyland muoite om gewicht en spiermassa te behâlden. Dêrom is har troch de jierren hinne ferskate kearen bêdrêst foarskreaun. Yn desimber 2018 bekende Hyland yn in fraachpetear mei it tydskrift Self dat se op in stuit selsmoard yn omtinken nommen hie om't se it gefoel hie in lêst foar har famylje te wêzen en om't se har skamme dat har lichem har heite nier ôfstaat hie.
Yn 2009 krige Hyland in relaasje mei akteur Matt Prokop, mei wa't se yn 'e kunde kaam doe't se tegearre audysje diene foar de film High School Musical 3: Senior Year. Hyland en Prokop wennen gear fan 2011 oant 2014. Yn septimber 2014 frege Hyland in tydlik omgongsferbod oan tsjin Prokop, nei't er har mishannele en bedrige hie. De rjochter kende dat kontaktferbod ta. Fan febrewaris 2015 oant 2017 gie Hyland om mei Dominic Sherwood, har tsjinspiler út 'e film Vampire Academy. Yn 2017 begûn se in relaasje mei Wells Adams, in radiopresintator, mei wa't se har yn july 2019 ferloofde. Se wennet mei him gear yn Los Angeles.
Diskografy
bewurkje seksje- lieten
- 2017 – (I've Had) The Time of My Life (mei de cast fan Dirty Dancing op soundtrackalbum fan dy film)
- 2017 – Don't think Twice, It's All Right (mei de cast fan Dirty Dancing op it soundtrackalbum fan dy film)
- 2017 – Closer (mei Boyce Avenue op Cover Sessions, Vol. 4)
- 2017 – Don't Wanna Know (mei Boyce Avenue op Cover Sessions, Vol. 4)
- 2018 – Know U Anymore (mei BoTalks, útbrocht as single)
- 2019 – Met at a Party (mei Jordan McGraw, útbrocht as single)
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1997–1998 | Another World | Rain Wolfe | weromkearende rol; ûnbekend tal ôfl. |
1998 | Trinity | bleu famke | gastrol; ôfl. No Secrets |
1999 | Annie | Molly | tillefyzjefilm nom. Young Artist Award foar bêste jonge cast yn in spylfilm of tillefyzjefilm |
2000 | Joe Gould's Secret | Elizabeth Mitchell | tillefyzjefilm |
2000 | The Audrey Hepburn Story | Audrey Hepburn (8 jr.) | tillefyzjefilm |
2000 | All My Children | Karen | gastrol; 2 ôfl. |
2000 | Falcone | Jess Pistone Egan | minysearje |
2001 | Law & Order: Special Victims Unit | Lily Ramsey | gastrol; ôfl. Repression |
2002 | Touched by an Angel | Grace | gastrol; ôfl. A Feather on the Breath of God |
2004 | Law & Order | Kristine McLean | gastrol; ôfl. The Dead Wives Club |
2005 | Law & Order: Trial by Jury | Brianne Colby | gastrol; ôfl. Vigilante |
2007 | One Life to Live | Heather | weromkearende rol; 7 ôfl. |
2008–2009 | Lipstick Jungle | Maddie Healy | weromkearende rol; 15 ôfl. |
2009 | Law & Order: Special Victims Unit | Jennifer Banks | gastrol; ôfl. Hothouse |
2009–2020 | Modern Family | Haley Dunphy | fêste rol; 11 seizoenen 4 × Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in komeedzjesearje (2011–2014) 4 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in komeedzjesearje (2010, 2015–2017) nom. Critics' Choice Television Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje (2013) 2 × nom. Teen Choice Award foar bêste tillefyzje-aktrise yn in komeedzjesearje (2018, 2019) nom. Teen Choice Award foar bêste trochbraak (2010) nom. Teen Choice Award foar sênesteller (2012) nom. Kids' Choice Award foar favorite froulike tillefyzjestjer (2016) |
2010 | Cubed | harsels | as dielnimster; ôfl. 2.4 |
2011 | Children's Hospital | bekend persoan | gastrol; ôfl. Nip/Tug |
2011 | Geek Charming | Dylan Schoenfield | tillefyzjefilm |
2012 | Punk'd | harsels | ferburgenkameraprogramma; ôfl. Lucy Hale |
2012 | Perception | famke mei it syndroom fan Gilles de la Tourette | gastrol; ôfl. Kilimanjaro |
2012–2015 | Randy Cunningham: 9th Grade Ninja | Theresa Fowler | as stimaktrise; weromkearende rol; 11 ôfl. |
2013 | Call Me Crazy: A Five Film | Grace | tillefyzjefilm; segmint Grace |
2013 | Bonnie & Clyde | Blanche Barrow | minysearje |
2014 | Robot Chicken DC Comics Special 2: Villains in Paradise | Lena Luthor | as stimaktrise; tillefyzjespecial |
2014 | Hot in Cleveland | Ivy | gastrol; ôfl. Rusty Banks Rides Again |
2015 | Repeat after Me | harsels | ôfl. Episode 101 |
2015 | The Lion Guard: Return of the Roar | Tiifu | as stimaktrise; tillefyzjefilm |
2016 | Lip Sync Battle Shorties | harsels | presintatrise; 1e ôfl. |
2016–2017 | The Lion Guard | Tiifu | as stimaktrise; weromkearende rol; 4 ôfl. |
2017 | Lip Sync Battle | harsels | ôfl. Sarah Hyland vs. DeAndre Jordan |
2017 | Dimension 404 | Chloe | gastrol; ôfl. Cinethrax |
2017 | Dirty Dancing | Lisa Houseman | tillefyzjefilm |
2017 | Shadowhunters | Seelie Queen | gastrol; 2 ôfl. |
2017 | The Lion Guard: The Rise of Scar | Tiifu | as stimaktrise; tillefyzjefilm |
2019 | Veronica Mars | Alyssa | gastrol; ôfl. Heads You Lose |
2020 | RuPaul's Drag Race All Stars | harsels | as sjuerylid; ôfl. SheMZ |
2020 | Celebrity Game Face | harsels | 1e ôfl. |
2021 | Epic | Rose | pilotôflevering |
films | |||
1997 | A Tall Winter's Tale | Elizabeth | |
1997 | Private Parts | dochter fan Howard Sterns | |
1998 | The Object of My Affection | Molly | |
1998 | Advice from a Caterpillar | Lizbeth | |
1999 | Cradle Will Rock | Silvano / Giovanna | |
2002 | The Empath | de jonge Christine | |
2004 | Spanglish | útfanhûzer | |
2007 | Blind Date | famke | as stimaktrise |
2010 | Monster Heroes | Delilah | |
2010 | Cougars, Inc. | Courtney | |
2011 | Conception | Tracey | |
2012 | Struck by Lightning | Claire Matthews | |
2013 | Scary Movie 5 | Mia | |
2013 | April Apocalypse | Samm | |
2014 | Vampire Academy | Natalie Dashkov | |
2014 | Date and Switch | Ava | |
2015 | See You in Valhalla | Johana Burwood | ek filmprodusinte |
2016 | Satanic | Chloe | |
2016 | Lego DC Comics Super Heroes: Justice League – Gotham City Breakout | Batgirl | as stimaktrise |
2016 | XOXO | Krystal | ek útfierend produsinte |
2019 | The Wedding Year | Mara Hickey | ek útfierend produsinte |
fideoklips | |||
2009 | In the Moonlight (Do Me) | aktrise | nûmer fan Reid Ewing |
2016 | Like I Did | aktrise | nûmer fan Shane Harper |
2016 | Closer | sjongster | nûmer fan Boyce Avenue en Sarah Hyland |
2016 | Don't Wanna Know | sjongster | nûmer fan Boyce Avenue en Sarah Hyland |
2017 | Don't Think Twice, It's All Right | sjongster | nûmer fan Sarah Hyland en J. Quinton Johnson |
2018 | Know U Anymore | sjongster | nûmer fan BoTalks en Sarah Hyland |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|