De ljip (Vanellus vanellus) is in fûgelsoarte besibbe oan de Wilsters. Yn Fryslân stiet de ljip bekend as greidefûgel. De ljip komt foar yn hiel Euraazje. Njonken de yn Fryslân bekende ljip binne der noch sa'n 24 oare soarten ljippen, wêrfan't guon tige seldsum binne. [1].

ljip
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje wilsterfûgels (Charadriidae)
skaai ljippen (Vanellus)
soarte
Vanellus vanellus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De ljip wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Leep, Lip, Liip, Lyp of Kivyt.

 
Ljippepyk

De ljip hat in foarkar foar sompige grûn. De djipûntwettering hat der foar soarge dat de ljip yn Fryslân in grut part fan syn biotoop ferlern hat. De ljip giet de winter út de wei. Fan septimber ôf oant ein novimber, begjin desimber trekke de ljippen, dy't hjir bret hawwe, fuort nei Ingelân, Ierlân, Frankryk, Portugal en sels nei Afrika. De ljippen dy't hjir mei sêft winterwaar foarkomme, briede meast yn Skandinavyske kontreien.

Aaien en aaisykjen

bewurkje seksje
 
In broedsje

De 2 oant 4 aaien wurde yn in kûltsje yn de grûn lein.
Yn Fryslân is der in tradysje om it earst fûne ljipaai oan te bieden oan de Kommissaris fan de Kening en earder oan de Kening of Keninginne sels. Yn 2005 is foar it earst ferbean om aaien te sykjen en mei te nimmen. Sûnt 2006 is it wer tastien. Alle aaisikers moatte by it finen fan in aai earst fia sms tastimming freegje foar it opkrijen derfan. De meinommen aaien wurde registrearre. As it maksimum tastiene tal aaien meinommen is, wurdt in sms ferstjoerd dat it opkrijen net mear mei. Dat systeem kin der neffens de rjochtbank op troch. Wa't it earste aai fan Fryslân fynt, kriget de Sulveren Ljip.

It finen fan in aai is it symboalyske begjin fan de maitiid.

Earste ljipaai

bewurkje seksje

Yn 2010 is it earste ljipaai fûn troch Hidde Dijkstra fan Britsum. It aai is fûn flakby de Fleanbasis Ljouwert.

Yn 2011 is it earste ljipaai fan Nederlân fûn by Maaslân, yn Súd-Hollân, op 6 maart. Yn Fryslân waard it earste ljipaai fûn op 16 maart, dat waard fûn troch Geert Kleinhuis út Earnewâld. Hy fûn it aai by Hurdegaryp.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. Ek is it in ferske fan Piter Wilkens en Rapper Remond