Sulveren Ljip (aaisykjen)

aaisykjen
(Trochferwiisd fan Sulveren Ljip (aaisykje))

De Sulveren Ljip is in priis foar dejinge dy't tusken 1 en 31 maart it earste ljipaai fan Fryslân fynt. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) hat ek in priis dy't sa hjit, de Sulveren Ljip (fûgelwacht), mar dy priis is foar leden mei in grutte fertsjinste. De Kommissaris fan de Kening rikt de priis út, neidat er it aai lottere hat. De priis bestiet út in sulveren byldsje fan in ljip, in oarkunde en € 15,'-. De finer moast letter in neisoarchpas en in aaisykfergunning hawwe. De priis is yn 1968 ynsteld troch Ljouwerter Krante mei as doel om it oanbieden fan it earste ljipaai oan de Kening(inne) en de Kommissaris fan de Kening(inne) fan Fryslân yn eare te hâlden. Doe't de krante der yn 1996 mei stoppe, hat de provinsje Fryslân sels in byldsje beskikber steld.

It Sulveren Polske is in priis foar bern ûnder de tolve dy't as earste in ljipaai fynt. Doel fan de priis is dat bern it fjild yn gean, de natoer kennen leare en goede neisoargers wurde.

List fan winners:

Jier Winner Wenplak Fynplak Datum
2024 Anne Wind Pingjum Langelille 5 maart
2023 Anne Wind Pingjum Skarsterbrêge 12 maart
2022 Wietse Jan Dijkstra Sint Anne by de Warkumerwaard 14 maart
2021 Simon Spriensma Dokkum by Raard 6 maart
2020 Michel van der Goot Himmelum by Aldegea 8 maart
2019 Melle van der Meer Garyp by Earnewâld 23 maart
2018 Riemer Miedema It Heidenskip by It Heidenskip 15 maart
2017 Herman Mooi Wolvegea by Slikenboarch 10 maart
2016 Armanda Stuiver Sint-Jânsgea tusken Rottum en Aldehaske 14 maart
2015
2014 Geert Mooi Nijetrine Slikenboarch 6 maart
2013 Melle van der Meer Sumar Earnewâld 23 maart
2012 Jan Harmen Oosterman Aldehaske Aldehaske 10 maart
2011 Geert Kleinhuis Earnewâld by Hurdegaryp 16 maart
2010 Hidde Dijkstra Britsum by fleanbasis Ljouwert 16 maart
2009 Wytze Meinsma Tsjom tusken Tsjom en Lollum 9 maart
2008 Marten Scheffer Hitsum tusken Arum en Lollum 6 maart
2007 Christiaan Noordhuis Boalsert Spannenburch (twake) 7 maart
2006 Joop Wynja Parregea Blauhûs 24 maart
2005 Net útrikt y.f.m. ferbod
2004 Geert Otter Haskerdiken Terbant 16 maart
2003 Christiaan Noordhuis Boalsert Spannenburch (twake) 12 maart
2002 Wybren Bylsma Tsjerkgaast Spannenburch
2001 Net útrikt y.f.m. tongblier
2000 Tinus van Rozen Appelskea tusken Appelskea en Easterwâlde 10 maart
1999 Albert Wester Garyp by Earnewâld (Nonnepaad) 9 maart
1998
1997 by Nijlân 8 maart
1996 Willem Mulder Seisbierrum 24 maart
1995 Ate de Jong Noardburgum 11 maart
1994 Paulus Dirksen Sint Nyk 12 maart
1993 Sipke Bakker en Lolke Smid Koudum 15 maart
1992 Jan Lolkema Hylpen 9 maart
1991 Pieter Bakker Boazum 12 maart
1990 Peter Punter Sleat 10 maart
1989 Martinus de Vries Boarnburgum 4 maart
1988 Henk de Boer Jellum (twake) 15 maart
1987 Wiepke Meines en Roel de Leeuw Beetstersweach 27 maart
1986 Sybren Postma Stiens 24 maart
1985 Teake Oosterbos Mantgum 19 maart
1984 Jan T. Kooistra Wergea Warstiens 17 maart
1983 Andries Filisijn Tersoal 13 maart
1982 Sieds Hoeneveld Surhuzum Surhuzumer Mieden 15 maart
1981 Jinke Kuperus-Hoekstra Wurdum 15 maart
1980 Sake Veenstra De Houtigehage Drachtster Kompenije 16 maaart
1979 Martinus de Boer Wytmarsum Pankoekspolder 18 maart
1978 Pier en Jurjen de Haan Boalsert 14 maart (twake)
1977 Hendrikus de Jong Bakhuzen 10 maart
1976 Pier Visser en Hendrik Eppema Wikel 21 maart
1975 Kees de Vries Wurdum 13 maart
1974 Jan van der Wal De Westereen Westermieden 18 maart
1973 Oebele van der Duim Stiens 15 maart
1972 Jacob Voersma Koarnjum Koarnjumer Aldlân 20 maart
1971 Hinne Wiersma Stiens 'De Terpen' 20 maart
1970 Bertus Blumers Itens 22 maart
1969 Jacob Bouma Garyp 31 maart
1968 Frans Visser Rien 16 maart

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: