Berjocht:Portaal:De Fryslannen/Side fan de moanne
Siden fan de moanne
bewurkje seksjeJannewaris
It Fryske ryk (om 600 hinne oant 734) wie in ryk dat bestie yn de iere Midsiuwen. It ûntstie likernôch healwei de 7e iuw en einige mei de slach oan de Boarn yn 734 doe't de Friezen ferslein waarden trocht de Franken. It ryk waard bestjoerd troch keningen en rûn fan It Swin ( by Brugge yn Belgje ) oant de Weser (yn Dútslân). De Latynske namme dêr't it gebiet ûnder bekend stie wie Fresia. Lês fierder...
besjen
Febrewaris
De Fryske frijheid wie de útsûnderingsposysje fan Fryslân yn it feodale Jeropa fan de midsiuwen. Dy frijheid ûntjoech him oan 'e ein fan de 11e iuw mei de delgong fan it Greefskip Mid-Fryslân. De hjoeddeiske wearde fan dy frijheid leit dan ek net yn it weromsjen nei in tiid dy't mear as fiif iuwen tebek leit, mar mear as symboal fan de Friezen as selsstannich folk. Lês fierder...
besjen
Maart
Grutte Pier (1480? - 28 oktober 1520) is de namme wêrûnder Pier Gerlofs Donia as Fryske frijheidsstrider bekend wurden is. Oan Pier wurdt it tongbrekkerssechje "Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries" taskreaun. Pier soe dat brûkt hawwe om nei te gean of de opfarrenden fan skippen wol Fries wiene. Grutte Pier soe ek yn fjildslaggen domineare hawwe mei in geweldich grut swurd. Dat stielen slachswurd wie 2,15 meter lang en weage goed 6 kilo. Neffens de oerlevering koe hy mei dat swurd de haden fan meardere fijannen tagelyk ôfhakje. Lês fierder...
besjen
April
It Noard-Frysk is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Sealterfrysk foarmet it de Fryske taalgroep. Der binne likernôch 10.000 minsken yn it Deensk-Dútske grinsgebiet dy't it Noard-Frysk as memmetaal ha. It Noardfrysk hat in plak op de Noardfryske eilannen krigen om 800 hinne, doe't de eilannen troch in weach fan Friezen fan it suden út kolonisearre waarden. It fêste lân waard lykwols nei alle gedachten earst Frysktalich yn in nije weach om 1100 hinne. Lês fierder...
besjen
Maaie
It Sealterfrysk is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. It is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan 'e Iems oant 'e Weser sprutsen waard. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk foarmet it de Fryske taalgroep. t Sealterfrysk wurdt sprutsen yn de gemeente Sealterlân (Dútsk: Saterland), yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen, bewesten de stêd Aldenboarch, sa'n fyftich km fan de Nederlânske grins by Nijeskâns ôf. Sealterlân, dat in gebiet fan 123 km² beslacht, heart ta de Landkreis Kloppenburch, yn de regio Aldenboarger Múnsterlân. It gemeentehûs stiet yn Roomelse. Lês fierder...
besjen
Juny
It Frysk Hynder is it âldste ynlânske hynsteras fan Nederlân. Syn woartels geane fier werom yn’e tiid. Al yn de 13e iuw wie de Fries bekend en de Fries fan no fertoant noch hieltiten dúdlike oerienkomsten mei syn fiere foarâlden. It Fryske Hynder waard nei alle gedachten al mear as 3.000 jier lyn brûkt. Út âlde boarnen docht bliken dat it hynder al brûkt waard troch de Romeinen, dy’t it hynder tige wurdearren. Lês fierder...
Besjen
July
De Fryske Rie is in gearwurking tusken ferskate Fryske organisaasjes yn it Fryske wengebiet. De Fryske Rie bestiet al sûnt 1927, mar is pas offisjeel oprjochte yn 1956. De Fryske Ried waard oprjochte yn 1956 om it kontakt tusken de twa Fryske lannen en de Friezen wrâldwiid te befoarderjen. Dit moast berikt wurde troch it ynstellen fan in fêst siktariaat, registraasje fan ale wurk dat op boppeneamde terreinen fan de Fryske lannen dien wurdt: it befoarderjen fan kontakt mei en tusken de oangeande ynstellings yn en bûten Europa; benammen yn Nederlân, Dútslân en Denemark; it befoarderjen fan besykjen oer en wer fan persoanen en groepen, lykas bern, studinten, boeren, keunstners ensfh. Lês fierder...
besjen
Augustus
Ubbo Emmius is in ferneamd Frysk histoarikus, teolooch, pedagooch en stifter fan de Grinzer Universiteit dêr't er de earste rektor fan wie. Syn ferneamdste wurk is de "Rerum Frisicarum historiae libri 60", ek wol de sechtich boeken fan de Fryske skiednis. Emmius studearre Teology yn Gent en wurdt yn 1579 rektor fan de Latynske skoalle yn Norden, dêr't er sels learling west hat. Troch him is de skoalle grut wurden, mar troch syn Kalvinistyske leauwen koe er dêr net bliuwe. Yn 1587 moast der fan de Luterske Eastfryske haadlingen oar wurk sykje. Lês fierder...
besjen
Septimber
De Friisk Foriining, wat oerset wurde kin as "Fryske Feriening", foarhinne ek wol bekend as de Foriining for nationale Friiske ("Feriening foar Nasjonale Noardfriezen"), is ien fan 'e beide grutte kulturele organisaasjes fan it yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein leine Noard-Fryslân. Yn 'e fisy fan 'e Friisk Foriining foarmje de Noardfriezen as in etnyske en nasjonale minderheid yn Dútslân; as heechste doel hat de Foriining om in Noardfryske standerttaal te kreëarjen, dy't dan yn alle sektoaren fan 'e maatskippij op foet fan gelikensens mei it Dútsk komme moat te stean. Lês fierder...
besjen
Oktober
It Westerkertier is in goa yn it westen fan de provinsje Grinslân. De streek wurdt beheind troch de Lauwers (dy't ek de grins mei Fryslân is), Drinte, it Reitdjip en de stêd Grins. De grutste plakken yn it Westerkertier binne De Like en Súdhorn. It Westerkertier hjit sa om't it de meast westlike fan de trije Ommelannen wie. It bestie yn it earstoan út trije ûnderkertieren: Fredewold, Langewold en Humsterlân. Lês fierder...
besjen
Novimber
Emden is in stêd yn East-Fryslân, it leit oan de Iems. It is de grutste stêd yn de regio en de meast westlike havenstêd fan Dútslân. As kreisfreie Stadt heart Emden net by in distrikt (krite, Dútsk; Kreis): it stêdsbestjoer hat ek it foech fan in distrikt. De stêdekloft is sa'n 112 km² en der wenje likernôch 52.000 minsken. De stêd hat foar de Fryske en Nederlânske skiednis fan belang west omdat de ferfolgde protestanten yn de Tachtichjierrige Kriich dêr teplak koenen. Lês fierder...
besjen
Desimber
It tiidrek Romeinen yn Fryslân leit tusken 12 f.Kr. oant om-ende-by 400 n.Kr. Yn 12 f.Kr. begûn de Romeinske generaal Drusus in kampanje yn Germaanje. Yn dy fjildtocht moete hy de Friezen. Dy Friezen joegen harren sûnder tsjinstân oer. Hja leveren sels soldaten doe't Drusus op it waad yn problemen kaam. Drusus lei de Frisii in ridlike skatting op yn kowehûden. Wat oars hawwe hja nei alle gedachten net hân. Lês fierder...
besjen