Bewitched (film út 2005)
Bewitched is in Amerikaanske romantyske komeedzje en fantasyfilm út 2005 ûnder rezjy fan Nora Ephron, mei yn 'e haadrollen Nicole Kidman en Will Ferrell. De titel betsjut "Behekst". De film is basearre op 'e bekende komeedzjesearje mei deselde namme dy't fan 1964 oant 1972 op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen wie. It ferhaal folget de naïve Isabel, dy't troch de bekende akteur Jack Wyatt, waans karriêre yn 'e nederklits rekke is, cast wurdt yn 'e rol fan 'e heks Samantha yn in moderne remake fan 'e tillefyzjesearje. Hy rekket stadichoan fereale op har, oant er ûntdekt dat se in echte heks is. Bewitched krige negative resinsjes fan 'e filmkritisy en prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.
Bewitched | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Nora Ephron | |
produsint | Nora Ephron Douglas Wick Lucy Fisher Penny Marshall | |
senario | Nora Ephron Delia Ephron | |
basearre op | Bewitched fan Sol Saks | |
kamerarezjy | John Lindley | |
muzyk | George Fenton | |
filmstudio | Columbia Pitctures Red Wagon Entertainment | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Nicole Kidman Will Ferrell | |
byrollen | Shirley MacLaine Michael Caine Kristin Chenoweth Heather Burns Jason Schwartzman | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 24 juny 2005 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje en fantasyfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 102 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $85 miljoen | |
opbringst | $131,4 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeJack Wyatt is in narsistyske akteur mei in karriêre dy't yn 'e nederklits rekke is en in frou dy't him letterlik oan 'e dyk set hat en no mei har nije minner gearwennet yn syn filla. Hy wurdt frege foar de rol fan Darrin Stephens yn in remake fan 'e komeedzjesearje Bewitched út 'e 1960-er jierren, oer de jonge heks Samantha dy't troud is mei in gewoane man (Darrin). Dêr stimt er yn ta, salang't de rol fan Samantha mar spile wurde sil troch immen dy't folslein ûnbekend is, sadat der mar ien stjer yn 'e searje is: hysels.
Isabel Bigelow is in echte heks dy't beslút dat se in normaal libben liede wol en nei Los Angeles ferhuzet. Dêr rekket se befreone mei har buorfrou Maria Kelly, wylst har bemuoisuchtige heit Nigel allegeduerigen (letterlik) út it neat ferskynt om te besykjen har oer te heljen om wer thús te kommen. Alles yn 'e gewoane wrâld is nij foar Isabel, dat se giet nei de boekhannel ta om in boek te keapjen dêr't yn beskreaun stiet hoe't je oan in baan komme. Yn dy boekhannel moetet se Jack, dy't wat ferdivedaasje siket nei ferskate audysjes fan aktrises foar de rol fan Samantha dy't dêr alhiel net gaadlik foar wiene. As Jack Isabel sjocht, beslút er fuortendaliks dat sy knipt is foar dy rol, dat hy praat op har yn oant se dermei ynstimt om audysje te dwaan.
Nei't Isabel yndruk makket op 'e tillefyzjeprodusinten en de senarioskriuwers fan 'e searje, wit Jack har úteinlik oer te heljen om 'e rol fan Samantha op har te nimmen. Isabel giet dêr eins allinne mar mei akkoart om't se Jack tige oantreklik fynt. Yn 'e searje Bewitched wurkje Jack en Isabel gear mei de legindaryske aktrise Iris Smythson, dy't de rol spilet fan Endora, de mem fan Samantha en skoanmem fan Darrin. Nei't de opnamen foar de pilotôflevering derop sitte, heart Isabel hoe't Jack tsjin syn ympressario Ritchie opskept dat er Isabel safier krigen hat om mei te spyljen sûnder dat se ek mar ien regel dialooch hie, en se hat it net iens murken!
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As se dat heart, wurdt Isabel poerrazen. Mei goerie fan Maria en senarioskriuwster Nina komt se ta de konkúzje dat se trije dingen dwaan kin: har ûnder Jack syn behanneling deljaan, ûntslach nimme, of Jack in leske leare. Se kiest foar it lêste en de oare deis op 'e set brûkt se har tsjoenderij om Jack syn aktearjen negatyf te beynfloedzjen, sadat de leden fan 'e crew har dea-ergerje oan syn nuvere kluchten. By in sêne wêryn't Darrin syn hûn kieze moat tusken Darrin en dy syn eks-frou, lit se de hûn ynstee oant twaris ta harsels yn 'e earms springe, en de twadde kear foarsjocht Nina har fan in grappige tekst om te sizzen.
Neitiid sprekt Iris har oan en wiist har derop dat se net hieltyd oan har ear sitte moat (wat se docht as se tsjoenderij brûkt), want sa'n tik kin de karriêre fan in aktrise negatyf beynfloedzje. Isabel har heit Nigel, dy't har gebrûk fan tsjoenderij fernommen hat, dûkt wer op om har dêroer te ûnderstean, en komt sa yn 'e kunde mei Iris, foar wa't er daliks falt as in blok.
As Isabel letter Jack op 'e nij trappearret op delbûgend hâlden en dragen nei har ta, beriedt se har thús mei Maria en Nina oer wat se no dwaan kin. Har muoike Clara komt del (troch de skoarstien) en bepraat har om Jack in leafdesbetsjoening op te lizzen. Dat wurket, mar muoike Clara hat de yngrediïnten foar de betsjoening net alhiel yn 'e juste ferhâlding brûkt, dat Jack is net in bytsje fereale op Isabel, mar totaal leafdesdronken en troch har obsedearre. As er de oare deis op 'e set komt, kin it him neat skele dat it testpublyk himsels mar in goedkarringspersintaazje fan 32% jûn hat, mei't er feringele is mei Isabel har goedkarringspersintaazje fan 99%. Hy stiet derop dat de senarioskriuwers Isabel tenei dialooch en grapkes jouwe en freget har út op in ôfspraakje. Dêrby hawwe se safolle wille dat Isabel de betsjoening ferjit, mar as er har thúsbringt en har tútsje wol, komt it har wer tebinnen. Mei tsjinnichheid beslút se it goede te dwaan en alle foarfallen werom te draaien nei it punt dat muoike Clara de betsjoening útspriek.
De oare deis op 'e set, as Jack de goedkarringspersintaazjes fan it testpublyk sjocht, ûntstekt er yn grutte grime en jout er Isabel de skuld fan syn eigen minne prestaasjes. Sy nimt dat net en seit him yn net mis te fersteane bewurdings it mannewaar op, wêrnei't se troch Ritchie ûntslein wurdt en breinroer fuortskonket. Net ien dy't yn mear as tweintich jier sa tsjin Jack praat hat, en ynstee dat er noch lulker op har wurdt, rekket er troch har fassinearre. Hy giet har efternei, akseptearret al har ferwiten as fertsjinne, biedt syn ûntskuldigings oan en jout har har baan werom. Nei nije opnamen, diskear mei dialooch foar Isabel, begjint der wat moais tusken Jack en har te groeien, en diskear sûnder dat der in betsjoening foar nedich wie.
Jack syn fan him ferfrjemde frou Sheila, dy't heard hat dat Jack nij súkses hat mei de searje, komt opdaagjen om him werom te nimmen. Hoewol't Jack dêr neat fan witte wol, is sy wisberet om him om te praten. Isabel stekt dêr in stokje foar troch har in betsjoening op te lizzen dy't makket dat se dyselde deis noch de skiedingspapierren ûndertekenet, om't se ferhúzje wol nei Reykjavik. Jack is dêr sa bliid as in bern mei en kundiget oan dat er in feest organisearje sil yn it hûs dat no wer sines is.
Op dat feest komme Nigel en Iris tegearre oansetten. Nigel is echt wier tige wei fan Iris, mar lykas altyd kin er dochs de eagen net fan oare froulju ôf hâlde. As er de servearster Nadine fersiere wol, docht lykwols bliken dat Iris ek in echte heks is, dy't Nadine en eltse oare jongere frou dy't Nigel dêrnei oansprekt, betsjoent om him in pynlike wierheid te fertellen dy't Nigel eltse begearte benimt. Healwei de jûn hâldt Jack in toast wêrby't er Isabel priizget om't se sa earlik en oprjocht is. Dat set Isabel oan om him te fertellen dat se in echte heks is. Jack leaut dat fansels net, en har lytse tsjoentsjes sjocht er as de trúks fan in amateur-gûchelster. Pas as se him oan har biezemstâle fiif meter de loft yn skuort, beseft er dat se deadlike serieus is. Dan wurdt er benaud en besiket har fuort te jeien mei in tûke. Misledige fljocht Isabel op har biezemstâle fuort.
Foar Jack is dat in grutte klap, en hy besiket syn fertriet mei alkohol te ferdrinken. Ek is foar him no de aardichheid derôf oan 'e remake, en hy skillet Ritchie op om him de hûd fol te skellen om't dy him de rol fan Darrin besoarge hat. Isabel beslút ûnderwilens wer nei hûs te gean, mar Nigel jout har de rie om dêrhinne te gean, dêr't se it lokkichst is. Jack kriget thús Isabel har omke Arthur op besite, dy't op him yn praat oant er foar it ferstân kriget dat er fan Isabel hâldt. Arthur fertelt him dat Isabel op it punt stiet nei hûs te gean en dat se, as se dêr ienris is, hûndert jier net wer weromkomme kin. (Dat lêste blykt letter in leagen te wêzen dy't Arthur inkeld tafoege hat om Jack yn beweging te krijen.) Mei Arthur as sjauffeur set Jack nei Isabel har hûs ta, mar as se har fleanen sjogge, folgje se har ynstee nei de tillefyzjestudio. Isabel giet dêr nei it sabeare hûs op 'e set, om't se dêr it lokkichst is. Jack fynt har dêr, en se fermoedsoenje harren mei-inoar, wêrnei't Jack har fertelt dat er mei har trouwe wol.
In healjier letter nimme Jack en Isabel as troud pear har yntrek yn in nij hûs (dat as twa drippen wetter op it hûs út 'e searje liket). Dêr lit Isabel troch tsjoenderij út it neat in pear folwoeksen fruitbeammen yn 'e tún groeie, wat sjoen wurdt troch de oerbuorfrou, Gladys Kravitz, dy't it fertelt oan har ûnleauwige man Abner.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Isabel Bigelow | Nicole Kidman |
Jack Wyatt | Will Ferrell |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Iris Smythson | Shirley MacLaine |
Nigel Bigelow | Michael Caine |
Maria Kelly | Kristin Chenoweth |
Nina | Heather Burns |
Ritchie | Jason Schwartzman |
muoike Clara | Carole Shelley |
omke Arthur | Steve Carell |
Sheila Wyatt | Katie Finneran |
Larry | Jim Turner |
Stu Robison | Stephen Colbert |
Jim Fields | David Alan Grier |
Joey Props | Michael Badalucco |
Gladys Kravitz | Amy Sedaris (cameo) |
Abner Kravitz | Richard Kind (cameo) |
Nadine | Kate Walsh (cameo) |
himsels | Ed McMahon (cameo) |
himsels | Conan O'Brien (cameo) |
himsels | James Lipton (cameo) |
parkwachter Patti Crawford | Jen Taylor (cameo) |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeBewitched waard regissearre troch Nora Ephron nei in senario fan harsels en har jongere suster Delia Ephron. Dat basearren se op 'e bekende komeedzjesearje Bewitched fan tillefyzjeprodusint Sol Saks, dy't fan 1964 oant 1972 troch tillefyzjenetwurk ABC op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard. As produsinten wiene Douglas Wick, Lucy Fisher, Penny Marshall en regisseur Ephron sels by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pitctures en Red Wagon Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $85 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Lindley, en de filmmuzyk waard fersoarge troch George Fenton. De opnamen fûnen fan ein 2004 oant begjin 2005 plak yn Los Angeles.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Bewitched waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, de memme-ûndernimming fan Columbia. De film gie op 24 juny 2005 yn premiêre, en kaam op 25 oktober fan dat jier út op VHS-keapfideo en dvd. It bonusmateriaal op 'e dvd bestie û.m. út ferskate by de filmmontaazje fuortknipte sênes, lykas de trouwerij fan Jack en Isabel en in útwreide ferzje fan Isabel dy't lulk wurdt, ferskate koarte efter-de-skermendokumintêres en in audiokommentaar fan regisseur Nora Ephron. Yn febrewaris 2018 ferskynde Bewitched ek op blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Bewitched oer it algemien negative resinsjes. De krante The New York Times neamde de film "in folsleine ramp". Oare resinsinten wiene it dêrmei iens, en wieten dat benammen oan it optreden fan Will Ferrell, oan it senario en oan 'e rezjy. Lof wie der wol foar Nicole Kidman, fan wa't ferskate kritisy skreaune dat se har rol persiis goed spile. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Bewitched in leech goedkarringspersintaazje fan 25%, basearre op 187 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] betsjoent net, mei't er mar hiel selden grappich is en net liket te witten hokker rjochting oft er út wol." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Bewitched in goedkarringspersintaazje fan 34%, basearre op 39 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeBewitched brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $63,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $68,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $131,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $85 miljoen betsjut dat in winst fan $46 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei prestearre Bewitched tige teloarstellend en mochten studio's bliid wêze as se kyt spilen.
Nicole Kidman en Will Ferrell 'wûnen' mei harren rollen yn 'e film de Golden Raspberry Award foar minste filmpear. De film waard ek nominearre foar dy priis yn 'e kategoryen minste regisseur, minste akteur (Ferrell), minste senario en minste remake of ferfolchfilm.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |