Boston
Boston is de haadstêd en de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Massachusetts. It is ek de grutste stêd yn hiele Nij-Ingelân, de noardeastlike regio fan 'e Feriene Steaten, en it haadplak fan Suffolk County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Boston doe 625.000 ynwenners; as stêdekloft, mei alle foarstêden en de heal ferstedske plattelânskrite deromhinne, komt dat sifer út op mar leafst krapoan 4,6 miljoen minsken. Boston waard oarspronklik stifte op it Shawmut-skiereilân, mar hat troch de iuwen hinne syn grûngebiet útwreide troch in proses fan drûchlizzing en anneksaasje.
Boston | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Massachusetts | |
County | Suffolk County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 625.087 (2012) | |
Oerflak | 232,1 km² (ynkl. wetter) 125,4 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 4.983,5 / km² | |
Stêdekloft | 4.591.112 (2012) | |
Hichte | 43 m | |
Oar | ||
Stifting | 1630 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Koördinaten | 42°21′29″N 71°03′49″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofboston.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Boston yn Suffolk County en de steat Massachusetts. |
Skiednis
bewurkje seksjeDe krite dêr't Boston no leit, wie teminsten 5.000 jier lyn al bewenne. De earste Jeropeeske kolonisten dy't har dêr fêstigen, wiene Ingelske puriteinen, dy't de stêd yn 1630 stiften, en ferneamden nei it Ingelske Boston, yn it greefskip Lincolnshire. Boston woeks al rillegau út ta in plak fan formaat, en it wie de grutste stêd yn Britsk Noard-Amearika oant it yn 'e midden fan 'e achttjinde iuw foarbystribbe waard troch Philadelphia, mar it krige de offisjele status fan stêd pas yn 1822. Yn 1636 waard de earste Noardamerikaanske universiteit, de Universiteit fan Harvard, fuort bûten Boston, yn it plakje Cambridge oprjochte.
In grut al krúsjale foarfallen fûnen ûnder de Amerikaanske Revolúsje en de dêropfolgjende Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch yn en om Boston plak. Sa wie der it Bloedbad fan Boston, wêrby't yn 1770 Britske troepen mei skerp op in oproerige kliber folk skeaten en fiif manlju deaden, en de saneamde Boston Tea Party, wêrby't yn 1773 opstannige Amerikanen yn 'e haven fan Boston de ladings tee fan Ingelske skippen oerboard kiperen; dat ynsidint wurdt yn 'e regel beskôge as it begjin fan 'e Unôfhinklikheidsoarloch. Yn 1775 fierde Paul Revere tichteby Boston syn letter troch de dichter Longfellow besongen "midsnachtlike rit" út, wêrmei't er de Amerikanen krekt op 'e tiid warskôge foar in op hannen wêzende Britske oanfal, resultearjend yn 'e Slaggen by Lexington en Concord. Datselde jiers fûnen ek de Slach by Bunker Hill en it Belis fan Boston plak. Nei't de Amerikanen harren ûnôfhinklikheid wûn hiene, ûntjoech Boston him ta ien fan 'e rykste havenstêden fan 'e wrâld, dêr't fral rum, fisk, sâlt en tabak ferhannele waard.
Troch it hannelsembargo dat de Britten yn 1807 ûnder de Napoleontyske Oarloggen foar de Feriene Steaten oer oannamen, en letter troch de Oarloch fan 1812, it lêste militêre treffen tusken Britten en Amerikanen, rekke de wichtigens fan Boston as havenstêd bot yn it neigean. Letter, doe't de hannel wer oanloek, hiene de rike Bostonske keaplju ûnderwilens al oare saken fûn om yn it ynvestearjen, en sadwaande ûntjoech de stêd him om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne ta in yndustrieel sintrum, in status dy't it oant yn 'e tweintichste iuw behold. Kultureel gie it Boston yn dy snuorje ek foar de wyn, en de Bostonske hegerein hearde ta de maatskiplike elite fan 'e Feriene Steaten. Behalven dat se de keunsten finansjeel ûnderstipen, bemuoiden in protte fan harren har ek mei de politike sitewaasje fan 'e Feriene Steaten fan foar de Boargeroarloch, en Boston waard it sintrum fan 'e abolysjonistyske beweging, dy't stribbe nei it ôfskaffen fan 'e slavernij.
Underwilens wie de stêd troch de oanhâldende ymmigraasje út 'e Alde Wrâld almar trochgroeid. De nijynkommelingen wiene yn 't earstoan foar it meastepart Ieren, dy't har eigen lân, fral nei de Ierske Ierappelhongersneed, massaal ûntflechten. Tsjin 1850 wennen der likernôch 35.000 Ieren yn Boston, en oant hjoed de dei ta is Boston ien fan 'e grutste "Ierske" stêden bûten Ierlân bleaun, en ien dêr't de Ierske ynfloed noch it sterkst fielber is. (De meast ferneamde neikommeling fan dy iere Ierske ymmigranten wie fansels presidint John F. Kennedy.) Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw setten har ek in protte oare ymmigranten yn 'e stêd nei wenjen, lykas Dútsers, Italjanen, Libaneeske en Syryske kristenen, Russyske en Poalske joaden en Frânsk-Kanadezen.
Underwilens hie Boston syn grûngebiet stadichoan útwreide troch it drûchlizzen fan 'e sompen yn 'e neite fan 'e stêd, dêr't fral nei de Grutte Brân fan Boston, yn 1872, flink mei opsketten waard. Teffens hie de stêd doe al in stikmannich oare stedsjes en plakken opslokt, lykas South Boston (1804), East Boston (1836), Roxbury (1868) en Dorchester (1870), wylst oaren noch folgje soene: Brighton (1874), West Roxbury (1874), Charlestown (1874) en Hyde Park (1912).
Om 'e midden fan 'e tweintichste iuw hinne gie it mei Boston berchôf, doe't de yndustry ferâldere rekke en bedriuwen nei oare kriten ta ferfearen, dêr't de arbeidskrêften goedkeaper wiene. De stêd reägearre troch in ferskaat oan stedsfernijingsprojekten op te starten. Tsjin 'e jierren santich draaide de stedsekonomy, nei tritich jier yn 'e lytse loege, wer folop.
Op 15 april 2013 fûn yn Boston in bomoanslach plak op 'e Maraton fan Boston, wêrby't 3 minsken de dea fûnen en hûnderten oaren ferwûne rekken.
Boston hjoed-de-dei
bewurkje seksjeHjoed-de-dei is Boston noch altiten in yntellektueel, technologysk en polityk sintrum foar de regio Nij-Ingelân, al hat it guon wichtige regionale ynstellings ferlern, lykas de krante The Boston Globe, dy't oernommen is troch The New York Times. Fanwegen alle hegeskoallen en universiteiten yn 'e stêd wurdt Boston wol "it Atene fan Amearika" neamd. De ekonomy is benammen basearre op it bank- en fersekeringswêzen, de tsjinstesektor en amtnerij. De rike skiednis fan 'e stêd lûkt fierders jiers grutte oantallen toeristen oan. Allinnich Faneuil Hall, it âlde beursgebou fan 'e stêd, dêr't om 'e tiid fan 'e Amerikaanske Revolúsje hinne troch ferneamde politisy ferskate wichtige taspraken holden waarden wêrby't oproppen waard ta de ûnôfhinklikens fan 'e Feriene Steaten, wurdt jiers al troch 20 miljoen toeristen besocht. De lofthaven fan 'e stêd, Logan International Airport, is ien fan 'e droksten fan 'e Feriene Steaten.
Ferneamde Bostonsters
bewurkje seksjeBerne yn Boston
bewurkje seksje- Benjamin Franklin (1706-1790), politikus en wittenskpper
- John Greenwood (1727-1792), keunstskilder en grafikus
- Henry Hope, (1735-1811), Nederlânsk bankier
- Ralph Waldo Emerson (1803-1882), filosoof
- Edgar Allan Poe (1809-1849), skriuwer en dichter
- Robert Winthrop (1809-1894), politikus en filantroop
- Ellen Francis Mason (1846-1930), oersetster en filantrope
- P.J. Kennedy (1858-1829), politikus
- Joseph P. Kennedy sr. (1888-1969), politikus
- Henry B. Richardson (1889-1963), bôgesjitter en psychiater
- Rose Fitzgerald Kennedy (1890-1995), matriarch fan 'e famylje Kennedy
- Barbara Epstein (1928-2006), sjoernaliste, skiedkundige en sosjologe
- Ted Kennedy (1932-2009), politikus
- Sylvia Plath (1932-1963), dichteresse, skriuwster en essayiste
- John Brockman (1941), fertsjintwurdiger en skriuwer
- Madeline Kahn (1942-1999), aktrise
- Donna Summer (1948-2012), sjongster
- Eric Raymond (1957), software-ûntwikkelder en publisist
- Daniel Goldhagen (1959), skiedkundige en politikolooch
- James Spader (1960), akteur
- Guru (1961-2010), rapper, muzykprodusint en akteur
- Busty Heart (1961), pornoaktrise
- Maura Tierney (1965), aktrise
- Lisa Edelstein (1966), aktrise en toanielskriuwster
- Connie Britton (1967), aktrise
- Anthony Michael Hall (1968), akteur
- Scott Wolf (1968), akteur
- Callie Thorne (1969), aktrise
- Armand van Helden (1970), DJ en muzykprodusint
- Julia Jones (1981), aktrise en model
- Romi Rain (1988), pornoaktrise
Wenne yn Boston
bewurkje seksje- John Adams (1735-1826), presidint fan de Feriene Steaten
- Louisa May Alcott (1832-1888), skriuwster
- Robert E. Strahorn (1852-1944), sjoernalist en publisist
- Fan Noli (1882-1965), politikus, oersetter en geastlike
- John F. Kennedy (1917-1963), presidint fan de Feriene Steaten
- Jack Lemmon (1925-2001), akteur
- John Kerry (1943), politikus
- Nancy Travis (1961), aktrise
- Matt Damon (1970), akteur
- Ben Affleck (1972), akteur
Stoarn yn Boston
bewurkje seksje- Robert Winthrop (1809-1894), politikus en filantroop
- Richard Evelyn Byrd (1888-1957), ûntdekkingsreizger, loftfeartpionier en militêr
- Walter Gropius (1883-1969), arsjitekt
- Jelena Bonner (1923-2011), bernedokter en Sovjet-dissidinte
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|