Bree Olson

(Trochferwiisd fan Bree Olsen)

Bree Olson, echte namme: Rachel Marie Oberlin (Houston, 7 oktober 1986), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Oekraynsk-Joadsk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt gauris misstavere as Bree Olsen. Hja sette yn 2006 útein mei in tige súksesfolle karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Yn maart 2008 wie se de Penthouse Pet fan de Moanne. Olson waard by in breder publyk bekend troch har opsjochjaande relaasje mei film- en tillefyzjestjer Charlie Sheen.

Bree Olson
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Bree Olsen
echte namme Rachel Marie Oberlin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 oktober 1986
berteplak Houston (Teksas)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Joadsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20062013
offisjele webside
www.breeolson.biz

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Olson waard yn 1986 berne yn 'e stêd Houston, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, as it bern fan in allinnichsteande mem. Doe't se twa jier wie, ferhuze har mem mei har nei Fort Wayne, yn 'e steat Indiana, dêr't se opgroeide. Nei't har mem jierren letter in nije relaasje oangien wie, krige Olson op 'e âldens fan njoggen jier in suske. Har pake en beppe oan memmekant wiene Oekraynske Joaden, dy't nei de Feriene Steaten ymmigrearren. Har beppe is in Holokaustoerlibbene, dy't in diel fan 'e Twadde Wrâldoarloch trochbrocht yn 'e Dútske konsintraasjekampen.

Olson har earste bybaantsje wie as maïsferwurkster yn in fabryk doe't se tolve jier wie, en mei fyftjin jier wie se servearster yn in pleatslik restaurant. Nei't se de middelbere skoalle yn Woodburn ôfmakke hie, liet se har ynskriuwe oan 'e Universiteit fan Indiana – Purdue Universiteit Fort Wayne, mei de bedoeling om biology te studearjen, mar dy stúdzje briek se foartidich ôf doe't se behelle rekke yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Pornokarriêre

bewurkje seksje

Nei eigen sizzen hie Olson der al jierren fan dreamd om in pornostjer te wurden, en wie der iennichste reden dat se wachte om mei in karriêre yn 'e pornoyndustry útein te setten oant se njoggentjin en in heal jier âld wie, dat se oant dy tiid in fjouwer jier duorjende serieuze relaasje hie. Nei't dat útrekke wie, makke se yn novimber 2006 har debút yn in pornografyske film. Dêrby naam se skûlnamme 'Bree Olson' oan, nei de foarnamme fan in skoalkammeraatske en de efternamme fan 'e twillingaktrises Mary-Kate en Ashley Olsen.

As pornoaktrise spile Olson neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn totaal yn 482 films, al sille dêr perfoarst guon kompilaasjefideo's tusken sitte dy't earder materiaal recyclje. Yn 't earstoan wurke se foar in ferskaat oan Amerikaanske pornografyske filmstudio's, wêrûnder Red Light District, Diabolic Video, Pure Play Media, Hustler Video, Zero Tolerance, Third Degree Films, Black Ice, Elegant Angel, Digital Sin, New Sensations, Jules Jordan Video en Wicked Pictures.

Fan 2007 oant 2010 wurke se ûnder in eksklusyf kontrakt allinnich foar Adam & Eve. Fierders wie se ek yn 't spier foar Girlfriends Films, in lytsere studio dy't him taleit op it meitsjen fan lesbyske pornografy, en foar pornosites op it ynternet, lykas Brazzers en Naughty America. Nei ferrin fan tiid rjochte se dêrnjonken har eigen produksjebedriuw Bree Olson Productions op. Olson wûn ûnder har karriêre as pornoaktrise fjouwer AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), en waard foar nochris sechstjin oaren nominearre. Yn 2013 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

 
Bree Olson yn 2009.

Karriêre as neakenmodel

bewurkje seksje

Njonken har aktearwurk posearre Olson ek in protte foar neakenblêden. Sa stie se yn maart 2008 as Pet fan 'e Moanne yn 'e Penthouse, en pronke se op 'e omslach fan Hustler (maart 2008), de Penthouse (maaie 2011) en de Playboy (augustus 2011). Fierders wurke se mei oan neakenfotoreportaazjes foar de blêden Club en Barely Legal. Yn 2010 waard se troch it blêd Maxim útroppen ta ien 'e tolve bêste froulike pornostjerren.

Mainstream-karriêre

bewurkje seksje

Olson die yn 2012 mei oan in ôflevering fan it realitytillefyzjeprogramma Keeping Up with the Kardashians, wêryn't se oannommen waard as bernefamke, mar deselde deis alwer ûntslein waard om't se neffens de matriarch fan 'e famylje, Kris Jenner, net fatsoenlik klaaid wie en om't har hâlden en dragen net nei winsk wêze soene. Neitiid wurke Olson mei oan ferskate oare tillefyzjeprogramma's, wêrûnder Opie and Anthony, de Howard Stern Show, Insomniac with Dave Attell, The Glass House en Tosh.0 fan Daniel Tosh.

Ek wie Olson te sjen yn 'e film Purgatory Comics en de fideoklip foar it nûmer Zoosk Girl, fan rapper Flo Rida, wêryn't se dûnset en op in lolly sobbet. Yn 2013 waard se cast yn in rol yn 'e horrorfilm The Human Centipede 3, en yn 2015 spile se yn 'e koarte film Power/Rangers. Yn jannewaris 2015 lansearre Olson in crowdfunding-kampanje wêrmei't se $38.357 byinoar brocht om 'e kosten fan har eigen websearje Bree DOES Comedy mei te dekken.

Priveelibben

bewurkje seksje

Olson is sûnt 2010 in feganiste. Nei eigen sizzen is se biseksueel. Se sei oer harsels: "Ik bin sa geil as in keardel, mar mei it lichem fan in frommes." Tegearre mei model Natalie Kenly wie Olson yn 2011 ferwikkele yn in opsjochjaande relaasje mei film- en tillefyzjestjer en it enfant terrible fan Hollywood Charlie Sheen, dy't harren syn 'goadinnen' neamde. Oer Sheen sei Olson yn in fraachpetear: "Hy is yntelligint, hy is garismatysk, hy is supergrappich. En hy is goed op bêd. Ik bedoel, hy hat in protte ûnderfining."

Op 17 juny 2015 sette Olson in iepen brief op har Twitteraccount, wêryn't se froulju advisearre om net as pornoaktrise te wurkjen: "Ik haw Jezus net fûn, ik haw gjin hekel oan porno. Ik haw ek gjin minne ûnderfinings hân. Mar leau my as ik tsjin jim sis dat jim it net dwaan moatte. Ast porno dochst, wurdst automatysk ûnderdiel fan in ôfskoattele diel fan 'e maatskippij dat it slachtoffer is fan diskriminaasje sûnder dat aktivisten har ynsette foar dyn minskerjochten. Der is neat mis mei porno – mar wol mei hoe't de lju dy de rest fan dyn libben behannelje sille."

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Bree Olson is blank en hat blûn hier en brune eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 47 kg. Se hat in natuerlike kupmaat 32D.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 NightMoves Award wûn bêste nije stjer (redakteurskar) n.f.t.
2008 Adam Film World Guide Award wûn stjer fan it jier n.f.t.
AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Sasha Grey) Boundaries
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Amy Ried, Sascha en Marco Banderas) DreamGirlz
wûn bêste anale sekssêne (fideo) (mei Brandon Iron) Big Wet Asses 10
wûn bêste nije stjer n.f.t.
FAME Award wûn bêste froulike nijynkommeling n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste artyste (publykspriis) n.f.t.
Xbiz Award wûn nije stjer fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn wiete dream (cream dream) n.f.t.
wûn bêste nije stjer n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Kayden Kross) Roller Dollz
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Penny Flame, Kayden Kross en Aiden Starr) Bree's Slumber Party
nominearre bêste triosekssêne (mei Ava Rose en Zenza Raggi) Carolina Jones and the Broken Covenant
nominearre bêste groepsekssêne (mei Eva Angelina, Sunny Lane, Ava Rose, Mickey Butders en Eric Swiss) Roller Dollz
nominearre bêste byrol fan in aktrise Carolina Jones and the Broken Covenant
nominearre bêste aktrise Roller Dollz
wûn bêste nije ynternetstjer n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste artyste (publykspriis) n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste inkele optreden – aktrise Roller Dollz
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Sasha Grey) Bree & Sasha
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Sasha Grey, Gianna Lynn en Teagan Presley) Sun Goddess: Malibu
nominearre bêste aktrise One Last Ride
wûn bêste lesbyske triosekssêne (mei Tori Black en Poppy Morgan) The 8th Day
2011 AVN Award nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
FAME Award wûn sosjale media-sensaasje n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste sosjale-mediastjer (redakteurskar) n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste solosekssêne Not Bionic Woman & The Six Million Dollar Man XXX
nominearre bêste anale sekssêne (mei Lexington Steele) Lex the Impaler 6
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
nominearre bêste webside fan in pornostjer (foar www.BreeOlson.biz) n.f.t.
XRCO Award wûn mainstream-pornomediafavorite n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.