Célia Xakriabá (útspr.: [ˈsɛ.li.ɐ ʃɐˌkɾi.ɐˈba], likernôch: "-lië sjuh-krië-ba"), eigentlike namme: Célia Nunes Correa (útspr.: [ˈsɛ.li.ɐ ˈnu.nɛs kɔˈɾe.a], likernôch: "-lië nûû-nes kor-ree-a"; São João das Missões, 1990) is in Brazyljaansk ûnderwizeresse en aktiviste fan Yndiaanske etnysk komôf. Se is yn har heitelân bekend wurden troch it dielnimmen oan debatten en it hâlden fan lêzings op ferskate universiteiten. Xakriabá kantet har oan tsjin 'e marginalisearring fan de oarspronklike befolking yn 'e Brazyljaanske maatskippij en set har yn foar û.m. de rjochten fan Yndiaanske froulju, de rjochten fan Yndianen op harren lân en foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis dat oan 'e Yndiaanske befolkingsgroepen bean wurdt.

Célia Xakriabá
persoanlike bysûnderheden
echte namme Célia Nunes Correa
nasjonaliteit Brazyljaansk
berne 1990
berteplak São João das Missões
   (Minas Gerais)
etnisiteit Sjakriaba
wurkpaad
berop/amt amtneresse, ûnderwizeresse
aktyf as aktiviste foar Yndiaanske rjochten
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
Célia Xakriabá op Instagram
N.B.: Dit is in Portegeeske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Célia. De earste efternamme (fan memmekant) is Nunes, en de twadde efternamme (fan heitekant) is Correa. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Correa of oars Nunes Correa brûkt wurde.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Célia Xakriabá waard yn 1990 berne yn São João das Missões, yn 'e Brazyljaanske steat Minas Gerais. Hja is in Yndiaanse fan it folk fan 'e Sjakriaba (Portegeesk: Xakriabá). Dêrfandinne har oannommen efternamme; har wettige namme is lykwols Célia Nunes Correa. Xakriabá genoat ûnderwiis oan de Xukurnuk Lânseigen Steatsskoalle. Dêrnei learde se fierder oan 'e Federale Universiteit fan Minas Gerais yn Belo Horizonte. Fan 2016 oant 2018 studearre se edukaasje oan 'e Universiteit fan Brasilia yn 'e Brazyljaanske haadstêd Brasilia. Dy stúdzje rûne se yn 2018 ôf mei it beheljen fan in mastergraad. Hja wie it earste lid fan har folk dat ea in universitêre graad behelle.

Xakriabá begûn har al yn 2003, doe't se trettjin jier wie, as aktiviste yn te setten foar de rjochten fan 'e Yndianen yn Brazylje. Fan 2013 oant 2015 wie se as dosinte ferbûn oan 'e Federale Universiteit fan Minas Gerais, dêr't se sels earder ek studinte west hie. Yn 2015 waard Xakriabá as earste persoan fan Yndiaansk komôf oansteld om 'e belangen fan de lânseigen befolking te behertigjen yn it Ministearje fan Underwiis fan 'e steat Minas Gerais. Dy posysje beklaaide se oant 2017.

Neitiid lei Xakriabá har mear ta op har aktivisme. Hja hold taspraken op ferskate konferinsjes, naam diel oan in protte debatten op Brazyljaanske universiteiten en fersoarge dêr ek lêzings oer ûnderwerpen as de rjochten fan de lânseigen befolking, it belang fan it befoarderjen fan ûnderwiis oan 'e Yndiaanske jongerein en it oanfiterjen fan 'e refitalisearring fan de bedrige lânseigen talen fan Brazylje.

Xakriabá is in fûleindich tsjinstanner fan 'e populistyske Brazyljaanske presidint Jair Bolsonaro, dy't iepentlik blyk jûn hat fan syn bewûndering foar de diktatuer fan de 1970-er jierren, en dy't sein hat dat er de Yndianen yn Brazylje alle rjochten ûntnimme wol. Neffens Xakriabá is hy in fertsjintwurdiger fan it blanke rasisme en it behimmeljen fan 'e genoside op 'e Yndianen dy't in erfenis út 'e koloniale skiednis fan Brazylje is. Under de troch Bolsonaro wûne presidintsferkiezings fan 2018 naam Xakriabá yn São Paulo diel oan 'e demonstraasjes tsjin him en syn tinkbylden.

 
Célia Xakriabá hâldt in lêzing op de Universiteit fan Brasilia (2018).

Yn febrewaris 2019 joech Xakriabá har by de advysrie fan Áurea Carolina, in folksfertsjintwurdiger fan de Partij foar Sosjalisme en Frijheid (Partido Socialismo e Liberdade, PSOL) út Minas Gerais. Yn april fan dat jier kante se har fûleindich oan tsjin in wetsfoarstel dat ynbrocht wie yn de Wetjaande Gearkomste fan Minas Gerais, dat in ferbod omfieme op it dragen fan holdeksels en net-Westerske klean troch lju dy't in taspraak hâlde. Neffens Xakriabá wie dat dúdlik rjochte op it beheinen fan 'e sichtberens fan Yndiaanske sprekkers.

Fierdere oertsjûgings

bewurkje seksje

Xakriabá seit dat it ûnderwiis dat yn Brazylje oan 'e Yndiaanske jongerein bean wurdt, net goed genôch is en dat it harren net leart dat se rjochten hawwe op har lân en op har eigen kultuer en identiteit. Se fynt dat it Brazyljaanske ûnderwiis fierstente min oandacht besteget oan 'e skiednis fan 'e Yndianen en de Afro-Brazyljanen, mei neffens har as gefolch dat dy groepen har ûntkeppele fiele fan harren eigen skiednis en foarâlden. Xakriabá wol hawwe dat it ûnderwiis foar de lânseigen jongerein in ferbân skeppe moatte soe tusken harrensels en harren lân, kultuer, identiteit en spiritualiteit. Se hat ek krityk op it opkringen fan 'e Gregoriaanske kalinder oan 'e lânseigen befolking, mei't Westerske en kristlike hjeldagen neffens har foar de Yndianen fan nul en gjinderlei betsjutting binne.

Neffens Xakriabá begûn it koloniale proses fan genoside mei it fysyk fermoardzjen fan 'e Yndianen, mar gie it neitiid fierder mei it útrûgjen fan harren kulturele identiteit en noch letter troch it ferneatigjen fan harren lânseigen kennis. Se sjocht films dy't produsearre en regissearre wurde troch Yndianen as in middel om de lânseigen kennis te bewarjen en út te dragen.

Posysje fan froulju

bewurkje seksje

Fierders is Xakriabá fan miening dat de ôfwêzigens op hege posten fan Brazyljaanske froulju yn it algemien en fan lânseigen froulju yn it bysûnder in útfloeisel is fan it kolonialisme en fan 'e konservative noarmen en wearden fan it kristendom. Oan dat ûnbrekken fan froulju yn machtsposysjes wyt se de hege mjitte fan geweld tsjin froulju en húslik geweld yn lânseigen fermiddens yn Brazylje. Dêrnjonken wurdt de ynfloed fan lânseigen froulju yn 'e maatskippij ek lyts holden troch hoe't de Brazyljaanske skoallen de skiednis fan 'e kolonisaasje foarstelle, nammentlik op in wize dêr't de oarspronklike, lânseigen kultueren primitiver en mear partriargaal troch lykje as dat se neffens har eins wiene.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

(pt) Célia Xabriabá op Instagram

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.