Portegeeske namme
In Portegeeske namme is de namme fan persoanen yn Portegal en Brazylje en fan lju fan etnysk Portegeesk en Brazyljaansk komôf om utens. Sokke nammen fertoane ek sterke oerienkomsten mei de nammen fan persoanen út oare eardere Portegeeske koloanjes, lykas de Angoala, Mozambyk, Guinee-Bissau, Kaapverdje, Goä en East-Timor, mar dêrfoar jilde ôfwikende wizânsjes. In Portegeeske namme bestiet ornaris út ien of twa foarnammen en twa efternammen. De earste efternamme is yn 'e regel de efternamme fan 'e mem en de twadde is de efternamme fan 'e heit. It kin tsjintwurdich lykwols ek wêze dat dy folchoarder krektoarsom is. Boppedat is it net ûngebrûklik dat Portegezen trije, sels fjouwer of sels noch mear efternammen hawwe. Yn 'e praktyk wurdt inkeld de lêste efternamme brûkt as men nei immen ferwiisd mei de efternamme of om immen yn in ynhâldsopjefte op te nimmen. Yn 'e measte Portegeeske alfabetyske listen wurdt lykwols sortearre op 'e earste foarnamme ynstee fan op 'e efternamme.
Portegeeske foarnammen
bewurkje seksjeWetlike foarskriften en algemiene sitewaasje yn Portegal
bewurkje seksjeNeffens de Portegeeske wet moat in persoan minimaal ien en kin hy of sy maksimaal twa foarnammen hawwe. It komt lykwols frij geregeldwei foar dat de wetlike limyt net respektearre wurdt, en dat in bern mear as twa foarnammen taparte kriget. Soks komt benammen mank de adel in soad foar.
De foarnammen fan nijberne poppen binne yn Portegal net frij te kiezen troch de âldelju, mar moatte op in list stean dy't opsteld is troch de oerheid. De nammen moatte dêrnjonken stavere wurde neffens de offisjele stavering fan 'e Portegeeske taal. Sadwaande bestiet der yn Portegal net folle fariaasje op it mêd fan foarnammen (oars as yn Brazylje, sjoch: § Foarnammen yn Brazylje). Fan gefolgen hawwe hast alle Portegezen tradisjonele foarnammen. Yn 2008 wiene yn Portegal de meast foarkommende jongesnammen: João, Rodrigo, Martim, Diogo, Tiago en Tomás. Oare rûnom foarkommende jongesnammen binne bgl. Antônio, Bernardo, Francisco, Gonçalo, José, Leonor, Pedro, Manuel en Vasco. De meast foarkommende famkesnammen wiene yn 2008: Maria, Beatriz, Ana, Mariana en Matilde. Oare rûnom foarkommende famkesnammen binne bgl. Carolina, Catarina, Cristina, Isabel, Joana, Margarida en Teresa.
As ien fan 'e âldelju net Portegeesk is of in dûbele nasjonaliteit hat, binne foar harren bern bûtenlânske foarnammen tastien, salang't se in offisjeel dokumint oerlangje kinne dat bewiist dat de oangeande namme(n) tastien binne yn it lân dêr't de útlânske âlder wei komt. Yn it ferline wiene de bern fan ymmigranten yn Portegal ferplichte om in Portegeesktalige foarnamme oan te nimmen om 'e Portegeeske nasjonaliteit te krijen. In bekend foarbyld dêrfan is de tennisster Michelle de Brito, dy't wetlik eins Micaela hjit. Dy regel is tsjintwurdich lykwols net mear fan tapassing.
Jonges- en famkesnammen
bewurkje seksjeOrnaris krije yn Portegeesktalige kultueren jonges jongesnammen en famkes famkesnammen. In útsûndering op dy regel is de foarnamme Maria, nei de Faam Marije, dy't ek oan jonges jûn wurdt. It giet dan om in twadde foarnamme, lykas yn kombinaasjes as João Maria, Manuel Maria, Luís Maria, ensfh. Dit gebrûk is benammen gongber mank de Portegeeske adel en hegere klassen, mar wurdt yn Brazylje as ordinêr beskôge.
Maria is fierders ek fierwei de meast foarkommende namme foar famkes, faak as it earste diel fan in gearstalde foarnamme. It lêste diel fan sokke nammen kin foarme wurde troch ferskate eleminten:
- religieuze oantsjuttings, lykas:
- roomske hjeldagen: Maria da Conceição ("Marije fan de Untfinzenis"), Maria das Dores ("Marije fan de Drôvens", ferwizend nei Peaske), Maria da Assunção ("Marije-Himelfeart"), Maria da Natividade ("Marije fan de Berte", ferwizend nei de Berte fan Marije), ensfh.
- in beafeartsplak dêr't de Faam Marije ferskynd is: Maria de Fátima ("Marije fan Fátima"), Maria de Lurdes ("Marije fan Lourdes"), Maria Nazaré ("Marije fan Nazaret"), ensfh.
- in religieus konsept: Maria do Céu ("Marije fan de Himel"), Maria da Luz ("Marije fan it Ljocht"), Maria da Graça ("Marije fan 'e Graasje"), ensfh.
- in hillige: Maria de São José ("Marije fan Sint Joazef"), ensfh.
- in oare foarnamme, lykas:
- in oare famkesnamme: Maria Madalena (nei Marije Magdalena), Maria Teresa, Maria Antônia, Maria Carolina, Maria Dulce, ensfh.
- in jongesnamme: Maria João, Maria José, Maria Manuel, Maria Luís, ensfh.
Om't Maria sa rûnom foarkomt, wurde froulju dy't sa hjitte faak by it twadde elemint fan harren foarnamme oansprutsen, lykas Conceição, Dores, Fátima, Lurdes, Céu, Luz, Madalena, Teresa, enshf. In frou dy't de foarnamme Maria de Jesus hat (letterlik: "Marije fan Jezus"), wurdt yn 'e regel oansprutsen as Jesus, ek al is dat in manljusnamme. Itselde komt foar mei de namme Ana, dy't ek hiel algemien is. Froulju dy't Ana Paula of Ana Carolina hjitte, wurde dus almeast oansprutsen as Paula en Carolina.
By-, rop- en flaainammen
bewurkje seksjeYn it Portegeesk wurde bynammen, ropnammen en flaainammen ornaris foarme troch ferlytsjende tuskenheaksels as -inh- (útspr.: [-iɳ-], likernôch: "-ynj-") en -it- (útspr.: [-it-], likernôch: "-yt-") yn 'e foarnammen yn te foegjen. Teresa wurdt dan bgl. Teresinha of Teresita, dat eins "lytse Teresa" betsjut. Krektsa wurdt Carlos omfoarme ta Carlinhos of Carlitos, Ana ta Aninha of Anita, en Lena, dat al in ferkoarting fan Elena is, ta Leninha of Lenita. Soms wurdt ek de efterheaksels -zinho of -zito (by manlju) en -zinha of -zita (by froulju) oan 'e namme tafoege. João wurdt bgl. Joãozinho of Joãozito ("lytse João") en Sofia wurdt Sofiazinha of Sofiazita ("lytse Sofia").
In oare manear om in foarnamme oan te passen, is troch de útgong op -os te feroarjen yn ien op -ão. Sa kin Marcos feroarje yn Marcão ("grutte Mark"). Wer in oare manear is troch it werheljen in wurdlid út 'e namme: Nonô (fan Leonor), Pepê (fan Pedro), Zezé ("fan José), ensfh. Ienfâldige ferkoarting ta in ropnamme komt ek foar: Fred (fan Frederico), Bea (fan Beatriz), Mané (fan Manuel), ensfh. Soms wurdt fierders in bûtenlânske ferkoarting brûkt, lykas Rick foar Ricardo of Maggie foar Margarida.
Foarnammen yn Brazylje
bewurkje seksjeYn Brazylje besteane (oars as yn Portegal) gjin wetlike beheinings oangeande de foarnammen dy't âldelju oan harren bern jaan meie, útsein dat sokke nammen gjin betsjutting hawwe meie dy't foar it bern fernederjend of misledigjend is. Brazyljanen dy't fier fan 'e grutte stêden ôf wenje, of dy't ta de legere maatskiplike klassen hearre, jouwe harren bern faak nije of ûngewoane foarnammen om't se miene dat sokke nammen in moderne of ûntwikkele klank hawwe. By sokke nammen kin it gean om it oaninoar heakjen of gearlûken fan 'e foarnammen fan beide âlden, of om bûtenlânske nammen (fral út it Ingelsk), of om nammen út 'e Klassike Aldheid (Socrates, Aristoteles, Caesar) of om bûtenlânske nammen wêrfan't de stavering oan 'e eigen smaak oanpast is (Maurren fan Maureen, Deivid fan David, Robisson fan Robinson).
Wat ek in protte foarkomt, is dat bekende bûtenlânske efternammen as foarnammen foar jonges brûkt wurde, lykas Donizetti, Edison, Emerson, Franklin, Jefferson, Kennedy, Lenin, Marx, Mozart, Nelson, Newton, Nobel, Wagner, Washington en Wilson. Oarspronklik waard soks dien as in blyk fan bewûndering fan 'e âldelju foar sokke persoanen, mar tsjintwurdich binne in soad fan sokke nammen yn Brazylje al ynboargere rekke.
Under it regear fan keizer Peter II fan Brazylje waard fan oerheidswegen in nij nasjonalisme oanfitere dat (selekte dielen fan) de kultuer fan 'e lânseigen befolking omearme. It wie yn dy tiid dat it yn 'e moade kaam om 'e bern Yndiaanske foarnammen te jaan. Guon dêrfan binne ek tsjintwurdich noch populêr, lykas Araci, Caubi, Ceci, Guaraci, Iara, Iberê, Ioná, Iracema, Jaci, Janaína, Jandira, Juçara, Juraci, Jurema, Maiara, Moacir, Moema, Peri, Ubirajara en Ubiratã. Sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw binne guon Brazyljanen der fierders ta oergien om harren bern nei wurden út Yndiaanske talen te neamen, lykas Rudá ("leafde") en Cauã of Cauê ("sinne"). Sokke nammen binne lykwols seldsum en wize sterk nei in hippy-subkultuer.
De meast foarkommende famkesnammen wiene yn 2009 yn Brazylje: Maria, Ana, Júlia, Yasmin, Kauã, Vitória, Letícia, Beatriz en Mariana. De meast foarkommende jongesnammen wiene yn dyselde perioade: João, Gabriel, Pedro, Lucas, Mateus, Guilherme, Luís, Vítor en Gustavo.
Portegeeske middelnammen
bewurkje seksjePortegezen en Brazyljanen kenne eins gjin middelnamme sa't lju út bgl. Angelsaksyske lannen dy faak hawwe, mar soms wurde alle nammen (foar- en efternammen) tusken de earste foarnamme en de lêste efternamme oantsjut as middelnammen. Sokke 'middelnammen' wurde soms ferkoarte ta inisjalen. Dus immen dy't João Maria Pereira Mendes hjit, soe syn namme skriuwe kinne as João M. P. Mendes.
Portegeeske efternammen
bewurkje seksjeOpbou en regels
bewurkje seksjeUnder de Portegeeske wet moat in bern by de oanjefte fan 'e berte by de boargerlike stân teminsten ien efternamme krije, dy't oernommen wurde moat fan ien fan 'e âldelju. In foarbyld soe wêze kinne: José Silva. Dat is de ienfâldichste Portegeeske nammestruktuer, mei ien foarnamme (José) en ien efternamme (Silva). Soks komt foar, mar it hawwen fan mar ien efternamme is tsjintwurdich yn Portegal hiel seldsum. Yn Brazylje komt it hawwen fan mar ien efternamme in protte foar yn gebieten dêr't har grutte mienskippen fan net-Portegeeske ymmigranten fêstige hawwe. Yn it ferline wie it yn Portegal wizânsje dat de soannen de efternamme fan 'e heit krigen, wylst de dochters de efternamme fan 'e mem oernamen. Om in foarbyld te jaan: de fyftjinde-iuwske ûntdekkingsreizger Vasco da Gama wie troud mei in frou dy't Catarina de Ataíde hiet. Se hiene seis soannen dy't de efternamme da Gama droegen, en ien dochter dy't de efternamme de Ataíde droech. Sels hjoed de dei noch is it yn Portegal mank de âlderein net ûngewoan om bruorren en susters te treffen dy't folslein ferskillende kombinaasjes fan efternammen hawwe.
De meast foarkommende nammestruktuer yn it Portegeesk omfiemet twa efternammen: ien fan 'e mem, dy't foaroan komt, en ien fan 'e heit, dy't efteroan komt. De lêste namme (dy fan 'e heit) is dan ornaris de efternamme dy't yn 'e deistige omgong brûkt wurdt. Dêrmei is de Portegeeske nammestruktuer wat efternammen oanbelanget persiis tsjinsteld oan 'e Spaanske namme: dy omfiemet nammentlik ek twa efternammen, mar de earste efternamme is dêr de namme fan 'e heit, en de twadde is de namme fan 'e mem, en yn 'e deistige omgong wurdt de earste efternamme brûkt. Krektlyk as by Spaanske nammen stiet ek by Portegeeske nammen de folchoarder fan 'e beide efternammen net foar hûndert persint fêst. It is mooglik om, as men dêrfoar kiest (by it oanjaan fan 'e namme fan in nijberne poppe), de efternamme fan 'e heit foaroan te setten en dy fan 'e mem efteroan. Dat betsjut dat de efternamme fan 'e mem dan yn 'e deistige omgong brûkt wurdt en ek trochjûn wurdt oan 'e bern.
Fierders is it hiel gewoan om yn 'e deistige omgong in efternamme te brûken dy't net de lêste efternamme is. De measte Portegezen brûke dêrfoar wol de lêste efternamme, mar it stiet in elk frij om in oare kar te meitsjen. Reden foar sa'n oare kar is oer it algemien dat de lêste efternamme Silva, Santos of Ferreira is of in oare hiel algemiene efternamme, dy't net genôch ûnderskie biedt. Sa stiet de eardere presidint fan Portegal Aníbal Cavaco Silva bekend as Cavaco, en hiet de Brazyljaanske autokoereur Ayrton Senna eins Ayrton Senna da Silva.
As de heit ûnbekend is, of as er wegeret it bern te erkennen, kriget in bern de beide efternammen fan 'e mem. It is ek mooglik dat in bern efternammen taparte kriget dy't fan 'e foarâlden fan syn of har âldelju komme, sels as dy gjin ûnderdiel útmeitsje fan 'e nammen fan 'e âldelju sels. Dêrfoar moatte de âldelju dan wol mei formele bewizen komme dat harren foarâlden dy namme brûkten.
By in namme as José Silva kin it ek wêze dat beide âlden deselde efternamme hawwe, en dat harren soan dêrom de efternamme Silva mar ien kear draacht om net José Silva Silva te hjitten (wat trouwens wetlik sjoen in folslein akseptabele namme wêze soe). Yn sokke gefallen is it lykwols teminsten like gebrûklik om 'e namme te ferdûbeljen mei it tuskenheaksel e ("en") dertuskenyn: José Silva e Silva. In wat yngewikkelder namme soe wêze kinne: José Eduardo Silva. Men soe op it earste gesicht oannimme kinne dat José Eduardo twa foarnammen binne, en dat Silva de efternamme is. Dat kin, mar it is ek mooglik dat Eduardo in efternamme is; sûnder foarkennis kin men soks by dizze namme net witte. In dúdliker namme soe wêze kinne: José Eduardo Tavares Silva. Yn dat gefal binne José en Eduardo wierskynlik de foarnammen en Tavares en Silva de efternammen. Yn teory soe Tavares dan de efternamme fan 'e mem wêze moatte en Silva de efternamme fan 'e heit, mar dat is net altyd sa.
Wat ek noch mooglik is, is dat Tavares Silva ien gearstalde efternamme is. Yn dat gefal soe Eduardo de efternamme fan 'e mem wêze kinne en Tavares Silva de efternamme fan 'e heit. Gearstalde efternammen binne ûntstien út sitewaasjes yn it ferline wêrby't in kear beide efternammen fan 'e heit of mem oan 'e bern trochjûn binne. Dus yn it gefal fan dit foarbyld hawwe Tavares en Silva oarspronklik selsstannige efternammen west, dy't op in stuit mei-inoar ferraand binne. Yn in protte oare talen wurde dat soarte nammen oaninoar keppele mei in keppelstreekje (Tavares-Silva), mar dat wurdt yn it Portegeesk mar komselden dien. Wol komt it foar dat skriuwers of politisy mei in gearstalde efternamme dy't ek bekendheid hawwe yn it bûtenlân (dêr't men neat fan 'e Portegeeske nammetradysjes ôfwit) en wolle dat harren namme korrekt brûkt wurdt, op eigen manneboet sa'n keppelstreekje ynfoegje, poer foar de dúdlikheid.
Guon Portegeeske efternammen besteane út twa wurden (almeast sûnder keppelstreekje) sûnder dat it om gearstalde efternammen giet. Sokke nammen geane faak werom op toponimen, lykas Castelo Branco (letterlik: "Wyt Kastiel"), religieuze konsepten, lykas Espírito Santo ("Hillige Geast") of Santa Maria ("Hillige Marije"), of oare útdrukkings, lykas Corte Real (letterlik "Keninklik Hof"). Yn sokke gefallen kin nea ien fan 'e beide wurden dy't de namme foarmje, weilitten wurden. De skriuwer Camilo Castelo Branco kin bgl. nea Camilo Branco neamd wurdt. Sokke nammen telle as ien inkele efternamme, ek al besteane se út twa wurden.
Neffens de Portegeeske wet mei men oant fjouwer efternammen hawwe. In foarbyld fan 'e folsleinste wetlik tastiene namme soe wêze kinne: José Eduardo Santos Tavares Melo Silva. By sa'n persoan binne faak beide efternammen fan 'e mem (Santos en Tavares) en beide efternammen fan 'e heit (Melo en Silva) oernommen, mar it is ek mooglik dat der trije efternammen fan 'e iene âlder oernommen binne en mar ien fan 'e oare. Dat lêste komt net folle foar, mar mei inkeld de namme út it foarbyld sûnder fierdere kontekst falt it net út te sluten. De wetlike beheining ta fjouwer efternammen wurdt net ôftwongen, en it is dan ek net ûngewoan om lju te treffen dy't fiif of seis efternammen hawwe, benammen as it om persoanen fan adel giet. De fjirde hartoch fan Lafões, dy't libbe fan 1797 oant 1851, hie bgl. de namme Caetano Segismundo de Bragança e Ligne de Sousa Tavares Mascarenhas da Silva. Dat almar mear lju de bern fjouwer efternammen jouwe (twa fan heitekant en twa fan memmekant) wurdt dêrom troch guon minsken yn Portegal en Brazylje beskôge as snobisme en foarnaamdoggerij.
Efternammen fan troude froulju
bewurkje seksjeYn Portegeesktalige kultueren is it tastien mar net ferplichte dat in troude frou de efternamme(n) fan har man oan har eigen namme taheakket efter har eigen lêste efternamme. It is sadwaande yn Portegal net ûngewoan dat in troude frou twa foarnammen en seis efternammen hat, twa fan memmekant, twa fan heitekant en twa fan har man. As guon fan dy efternammen út twa wurden besteane of gearstalde efternammen binne, kin in persoansnamme mear as tolve wurden omfetsje. In namme as Maria do Carmo Mão de Ferro e Cunha de Almeida Santa Rita Santos Abreu is hiel gongber foar in troude Portegeeske frou. Hjirby telle Mão de Ferro ("Izerhân") en Santa Rita (nei de hillige Rita fan Cascia) elts as ien efternamme. Yn it jûne foarbyld soene de nammen Santos en Abreu oernommen wêze fan 'e man fan dizze frou.
De wizânsje dat in frou troch it oangean fan in houlik in oare efternamme kriget, is fan oarsprong gjin Portegeeske of Brazyljaanske tradysje. It krong oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ûnder ynfloed fan it Frânsk (mei't it yn Frankryk wol gebrûklik wie) foar it earst yn dy beide lannen troch. Nei't it earst beheind bleaun wie ta de hegere maatskiplike klassen, waard it fan 'e ein fan 'e 1940-er jierren ôf in wetlike en hast ek in sosjale ferplichting. It net oernimmen fan 'e efternammen fan 'e man waard oant de 1970-er jierren suver sjoen as in teken dat men bûten it houlik om gearwenne, wat doe net maatskiplik akseptabel hâlden en dragen wie. Nei't yn 1977 yn Portegal (en yn Brazylje in pear jier letter) it oernimmen troch troude froulju fan 'e efternammen fan 'e man út 'e wet skrast waard, is it gebrûk foar in grut diel wer yn it neigean rekke. De wichtichste reden dêrfoar is alle rompslomp dy't nedich is om jins offisjele namme op alle offisjele dokuminten (bertesertifikaat, paspoart, rydbewiis, bankrekkens, fersekeringspapieren, ensfh.) feroarje te litten, en it foarútsjoch dat dat hiele proses op 'e nij trochrûn wurde moat as it houlik yn in skieding einiget.
Yn Portegal stiet it alle persoanen frij om ien of mear efternamme(n) fan 'e oarehelte oan te nimmen, mar dêrby behâldt men altyd jins eigen efternammen. De efternammen fan 'e oarehelte wurde fierders altyd efter de eigen efternammen taheakke. As in Maria Abreu Melo trout mei in José Santos Almeida, kin hja kieze út 'e nammemooglikheden:
- Maria Abreu Melo (sûnder efternammen fan 'e man)
- Maria Abreu Melo Almeida (mei ien efternamme fan 'e man)
- Maria Abreu Melo Santos Almeida (mei beide efternammen fan 'e man).
Yn Brazylje kin in frou kieze om 'e efternamme(n) fan har man oan te nimmen of net, en ek om har eigen efternammen te hâlden of net. Dêrtroch ûntsteane dan de mooglikheden:
- Maria Abreu Melo (sûnder efternammen fan 'e man)
- Maria Abreu Melo Almeida (mei ien efternamme fan 'e man)
- Maria Abreu Melo Santos Almeida (mei beide efternammen fan 'e man)
- Maria Melo Almeida (mei de lêste eigen efternamme en ien efternamme fan 'e man)
- Maria Melo Santos Almeida (mei de lêste eigen efternamme en beide efternammen fan 'e man)
- Maria Abreu Almeida (mei de earste eigen efternamme en ien efternamme fan 'e man)
- Maria Abreu Santos Almeida (mei de earste eigen efternamme en beide efternammen fan 'e man)
- Maria Almeida (mei ien efternamme fan 'e man, mar sûnder de eigen efternammen)
- Maria Santos Almeida (mei beide efternammen fan 'e man, mar sûnder de eigen efternammen)
Yn 'e regel nimt in Brazyljaanske frou de efternamme(n) fan har man net oer, of kiest se foar in miks fan 'e eigen efternammen en dy fan har man. Yn it boppesteande foarbyld soene de foarmen Maria Abreu Melo en Maria Melo Almeida dus fierwei it gongberst wêze.
It oannimmen fan 'e efternammen fan 'e man troch in troude frou kin ta kombinaasjes liede dy't wat apart oandogge en mooglik ek foar betizing soargje, as beide oarehelten in selde efternamme hawwe. As bgl. in frou Ana Lima Silva hjit, en se trout mei in man dy't João Lima hjit, dan wurdt har namme as se de efternamme fan har man oannimt: Ana Lima Silva Lima.
Foar manlju is it sûnt 1977 yn Portegal en sûnt 2002 yn Brazylje ek tastien om 'e efternammen fan harren frou (of, sûnt de ynfiering fan it homohoulik, man) oer te nimmen, mar dat komt yn 'e praktyk amper foar. Yn 2012 stie in rjochter yn Brazylje ta dat in frou de efternamme fan har partner oernaam wylst se net troud wiene, mar in gearlibbingskontrakt sletten hiene.
Oarsprong en betsjutting fan Portegeeske efternammen
bewurkje seksjeLânseigen Portegeeske efternammen
bewurkje seksjePortegeeske efternammen binne faak ferstienne patronimen, dus nammen dy't fan oarsprong weromgiene op 'e foarnamme fan 'e heit (yn 'e Nederlânske kontekst komme soksoarte nammen ek foar, lykas Peters en Jansen). Yn it Portegeesk einigje ferstienne patronimen yn 'e regel op 'e útgong -es. Foarbylden binne: Álvares of Alves ("soan fan Álvaro"), Eanes ("soan fan João", fan 'e argayske foarm Iohannes), Fernandes ("soan fan Fernando"), Gonçalves ("soan fan Gonçalo"), Henriques ("soan fan Henrique"), Lopes ("soan fan Lopo"), Mendes ("soan fan Mendo"), Nunes ("soan fan Nuno"), Peres ("soan fan Pedro"), Rodrigues ("soan fan Rodrigo"), Sanches ("soan fan Sancho"), Soares ("soan fan Soeiro") en Vasques ("soan fan Vasco"). Der binne lykwols ek nammen dy't einigje op 'e útgong -es dy't gjin patronimen binne, mar toponimen, lykas Chaves, Cortês, Pires en Tavares. Guon patronimen einigje ynstee op 'e útgong -iz, lykas Muniz ("soan fan Munio") en Ruiz ("soan fan Ruy"), of op 'e útgong -ins, lykas Martins ("soan fan Martim").
In oare kategory Portegeeske efternammen bestiet út foarnammen dy't ta efternammen wurden binne, lykas Afonso, Alexandre, Eduardo, Fernando, João en Valentim. It is net botte wierskynlik dat dat fan oarsprong patronimen binne; mear foar de hân leit dat it oarspronklik twadde foarnammen wiene fan lju dy't gjin efternammen hiene, en dy't se begûnen te brûken as har efternamme en ek as sadanich oan 'e bern trochjoegen. Guon nammen út dizze kategory, lykas Dinis, Duarte, Garcia en Godinho wurde tsjintwurdich yn Brazylje hielendal net mear as foarnamme brûkt; yn Portegal binne Dinis en Duarte lykwols noch altyd hiel gongber as foarnamme.
Njonken de patronimen foarmje toponimyske efternammen ien fan 'e grutste groepen. Sokke nammen ferwize nei in doarp, stêd, rivier, lân, ensfh. Foarbylden fan sokke nammen binne Almeida, Barcelos, Barros, Braga, Castelo Branco, Coimbra, Guimarães, Lisboa, Porto en Serpa. In namme as Leão ("liuw") kin betsjutte dat in foarâlder fan 'e drager út it Keninkryk Leön (no ûnderdiel fan Spanje) kaam. In besibbe kategory fan efternammen ferwiist nei plakken yn in doarp: Azenha ("by de wettermole"), Cabo ("oan 'e fierste ein fan it doarp"), Cabral ("by it geitefjild"), Cimo of Cima ("boppe-oan it doarp"), Eira ("by de terskflier"), Fonte ("by de welle"), Fundo ("ûnderoan it doarp"), Tanque ("by de ûndergrûnske reinwetterbak"). Ek komme efternammen foar dy't ferwize nei lânskipseleminten, lykas Campos ("fjild"), Castro ("kastiel" of "ruïne"), Costa ("kust"), Ferreira ("izererts"), Matos ("wâld"), Pedroso ("stiennich lân"), Ribeiro ("beek"), Rocha ("rots"), Sousa of Souza (fan it Latynske saxa, in plak mei grint) en Vale ("delling").
Noch wer in oare kategory Spaanske efternammen ferwiist nei planten, lykas Azevedo ("wâld mei hulstbeammen"), Cardoso ("plak dêr't stikels groeie"), Carvalho ("iik"), Figueira ("figebeam"), Macedo ("hôf mei apelbeammen"), Macieira ("apelbeam"), Oliveira ("olivebeam"), Pereira ("hôf mei parrebeammen"), Pereiro ("parrebeam"), Pinheiro ("dinnebeam"), Salgueiro ("wylch") en Teixeira ("taksisbeam"). Der wurdt faak sein dat dit inkeld nammen binne dy't oannommen waarden troch Portegeeske Joaden doe't dy yn 1497 foar de kar steld waarden om har ta it kristendom te bekearen of út Portegal ferballe te wurden. Dat is lykwols net wier, mei't sokke nammen ek foartiid al rûnom foarkamen.
In oare wichtige kategory Portegeeske efternammen wurdt foarme troch de nammen dy't in religieuze betsjutting hawwe. Foarbylden fan sokke nammen binne: dos Anjos ("fan de ingels"), Cruz ("krús", ferwizend nei de krusiging fan Jezus), do Espírito Santo ("fan de Hillige Geast"), de Jesus ("fan Jezus"), do Nascimento ("fan de berte", ferwizend nei Kryst), Pascoal ("fan Peaske"), Ramos ("tûken", ferwizend nei Palmsnein), dos Reis ("fan de Keningen"), Santana ("Hillige Anna"), Santos ("fan Alderheljen", in ferkoarting fan Todos os Santos) en São João ("Hillige Jehannes"). In wees mei ûnbekende âlden of in fûnling krige yn it ferline by syn doop faak de namme fan in kristlike hillige taparte. Foarbylden binne Francisco de Assis (Fransiskus fan Assisi), Inácio de Loiola (Ignatius fan Loyola), João Baptista (Jehannes de Doper), João Evangelista (Jehannes de Evangelist) en Tomás Aquino (Tomas fan Aquino). Neitiid joegen se dan oan harren bern faak it twadde elemint fan dy namme troch as efternamme (dus: de Assis, de Loiola, Baptista, Evangelista of Aquino).
Guon Portegeeske efternammen wiene fan oarsprong bynammen dêr't in opfallende eigenskip fan in foarâlder mei beskreaun waard. Foarbylden fan dat soarte nammen binne: Gago ("stammerder"), Galhardo ("hoask"), Lobo ("wolf", d.w.s. woast), Magro ("tin"), Magriço ("meager"), Peixe ("fisk", bgl. foar in goede swimmer), Ramalho ("boskich", bgl. ferwizend nei in burd), Raposo ("foks", d.w.s. skrander), Terrível ("ferskriklik"), Tinoco ("koart"), Tourinho ("lytse bolle"; d.w.s. sterk), en Veloso ("wollich", d.w.s. hierrich). Fan deselde oarsprong komme efternammen dy't ferwize nei beroppen, hoewol't dy yn it Portegeesk folle minder foarkomme as yn oare nammen. Foarbylden binne: Caldeira ("tsjettel", d.w.s. tsjettelmakker), Carneiro ("skiep", d.w.s. skieppehoeder), Cubas ("houten fetten", d.w.s. kûper), Guerreiro ("kriger"), Monteiro ("jager yn 'e heuvels") Peixe ("fisk", mei as betsjutting fisker), en Serrador ("seager").
Bûtenlânske efternammen yn Portegal
bewurkje seksjeGuon Portegeeske efternammen binne ôfkomstich fan bûtenlanners dy't har troch de iuwen hinne yn Portegal nei wenjen set hawwe. Sokke nammen komme faak al sa lang yn Portegal foar dat se amper noch as bûtenlânsk sjoen wurde. Foar it meastepart giet it hjirby om Spaanske nammen, lykas Toledo en Ávila (of Dávila, in ferbastering fan d'Ávila), dy't ferwize nei stêden yn Spanje. Oare gongbere nammen fan bûtenlânsk komôf komme bgl. út it Frânsk: Bettencourt of Bittencourt (fan Béthencourt), Goulart, Goulard of Gullar (fan Goulard, "fretter"), Fontenele of Fontenelle (fan Fontainelle, "lytse welle") of Rubim (fan Robin). Alencastro en Lencastre komme fan it Ingelske Lancaster; Drummond is de namme fan in Skotske clan; Werneck, Vernek of Berneque komt út it Dútsk, fan 'e Beierske stêd Werneck; en Doria en Cavalcanti komme út it Italjaansk. Der binne ek in stikmannich Portegeeske efternammen fan Flaamsk komôf, lykas Brum (fan Bruyn), Bulcão (fan Bulcamp), Dulmo (fan Van Olm) en Wanderley (fan Van der Ley).
Efternammen fan Afro-Brazyljanen en Yndianen
bewurkje seksjeDe Afro-Brazyljanen, de neikommelingen fan 'e eardere negerslaven, en de Yndianen fan Brazylje hawwe faak Portegeeske nammen mei religieuze konnotaasjes. Beide groepen waard yn it ferline it gebrûk fan harren lânseigen nammen ûntsein. Oant de ôfskaffing fan 'e slavernij hiene de negerslaven inkeld in foarnamme, mei't der foar harren gjin ûnderskie nedich wie bûten de plantaazje fan harren eigner. Krekt sa't mei wezen en fûnlingen yn Portegal barde, krigen slaven en Yndianen by de doop faak de namme fan in kristlike hillige taparte, lykas Francisco de Assis (Fransiskus fan Assisi), Inácio de Loiola (Ignatius fan Loyola), João Baptista (Jehannes de Doper), João Evangelista (Jehannes de Evangelist) en Tomás Aquino (Tomas fan Aquino). Letter, of yn it gefal fan 'e negerslaven, nei't de slavernij ôfskaft waard, joegen se oan harren bern faak it twadde elemint fan dy namme troch as efternamme (dus: de Assis, de Loiola, Baptista, Evangelista of Aquino). It kaam ek in soad foar dat befrijde negerslaven de efternamme fan harren eardere eigners oannamen. Yndianen, dy't gjin slaven west hiene, namen faak de efternamme oan fan 'e lju dy't by harren doop de rol fan peetâlden op har namen. Fierders waard oan Yndianen en befrijde slaven faak ek in efternamme taparte dy't dochs al rûnom foarkaam, lykas Silva of Costa.
Spesifyk Brazyljaanske efternammen
bewurkje seksjeYn 'e rin fan 'e njoggentjinde iuw stiek der yn Brazylje in nasjonalisme op dat as ûnderdiel fan syn eigenheid nammen út 'e Yndiaanske talen omfette. In diel fan 'e Brazyljanen naam sokke nammen oan as efternamme om utering oan 'e eigen ferbûnens mei it heitelân te jaan. Sokke efternammen komme oer it algemien út 'e Tûpiaanske taalfamylje, mar wurde meastal skreaun mei de Portegeeske stavering. Guon fan dy efternammen ferwize nei Yndiaanske stammen, lykas Carijó, Goytacaz, Guarany, Tabajara, Tamoyo en Tupinambá. Oaren ferwize nei lânseigen Brazyljaanske beammen, lykas Goiabeira (gûavebeam), Jatobá (wittenskiplike namme: Hymenaea courbaril), Mangabeira (mangababeam), Palmeira (palmbeam) en Pitangui (Surinaamske kersebeam). Wer oaren ferwize nei fruchten fan Brazyljaanske planten, lykas Guaraná (gûarana) en Pitanga (Surinaamske kers). En wer oaren ferwize nei ferneamde opperhaden, lykas Paraguaçu en Tibiriçá. Troch ymmigraasje komme sokke Brazyljaanske nammen no ek yn Portegal foar.
Ek typysk Brazyljaansk is it gebrûk om 'e namme fan in ferneamde foarâlder, foarnamme ynbegrepen, as efternamme te brûken. Foabylden fan sokke nammen binne Ruy Barbosa, Vital Brasil, Miguel Pereira en Lafayette Rodrigues. Troch sokke nammen binne de neikommelingen fan dy lju maklik as sadanich werom te kennen. Sokke efternammen komme lykwols net folle foar.
Bûtenlânske efternammen yn Brazylje
bewurkje seksjeHoewol't yn Brazylje minder fariaasje op it mêd fan Portegeeske efternammen bestiet as yn Portegal, ken it lân dochs in grutter ferskaat op it mêd fan alle efternammen as Portegal, trochdat der sa'n soad bûtenlânske efternammen foarkomme. Dat komt om't Brazylje tradisjoneel in ymmigraasjelân is, dêr't har grutte oantallen ymmigranten nei wenjen set hawwe út Itaalje, Spanje, Dútslân, Eastenryk, Frankryk, Switserlân, Bulgarije, Belgje, Nederlân, Poalen, de Oekraïne, Ruslân, Tsjechje, Litouwen, Finlân, Sweden, Hongarije, it Feriene Keninkryk, Ierlân, Syrje, Libanon, Japan, Sina, Koreä en oare lannen.
Guon fan sokke bûtenlânske nammen rekken nei ferskate generaasjes sa ferbastere dat se eins net mear weromkend wurde yn it lân fan oarsprong. Sa feroare de namme fan 'e Frânsk-Switserske famylje Magnan yn Manhães, de Dútske namme Köller feroare yn Collor en de Italjaanske nammen Sciammarelli en Bianchini feroaren yn Chamareli en Branquini. Behalven troch in proses fan ferbastering waarden nammen fan ymmigranten yn Brazylje soms ek doelbewust feroare, om sjen te litten dat se assimilearre wiene of om diskriminaasje foar te kommen. It measte kaam dat foar ûnder Italjanen yn 'e tiid fan 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't Brazylje oan 'e kant fan 'e Alliëarden meifocht en Itaalje inkele jierren lang de fijân wie. De Portegeeske efternammen dy't doe foar de Italjaanske efternammen yn 't plak kamen, hiene faak deselde betsjutting, lykas Oliveira foar Olivetti, of lieken der oars fonetysk op, lykas Silva foar Salviani.
In protte resinte ymmigranten yn Brazylje, benammen Italjanen, Dútsers, Joaden en Japanners, jouwe harren bern oer it algemien mar ien efternamme: dy fan 'e heit, sa't se dat sels fan âlds wend binne. Hoewol't dêr gjin inkele wetlike beheining tsjin is, wykt it al ôf fan 'e maatskiplike noarm. Oer it algemien nimme sokke famyljes nei inkele generaasjes yn Brazylje libbe te hawwen, de Portegeeske nammestruktuer oan troch de bern twa efternammen te jaan, ien fan 'e mem en ien fan 'e heit. Dat hat derta laat dat men tsjintwurdich yn Brazylje lju oantreffe kin mei twa Italjaanske efternammen (bgl. Guglielmo Bianchini) of twa Japanske efternammen (bgl. Sugahara Takahashi), wylst it hawwen fan twa efternammen yn Itaalje hiel ûngewoan is en yn Japan nea foarkomt. It hawwen fan twa efternammen fan ferskillende net-Portegeeske oarsprong komt yn Brazylje ek in protte foar, lykas yn it gefal fan 'e presintatrise Sabrina Sato Rahal, dy't in Japanske en in Arabyske efternamme hat. Dútsk-Italjaanske kombinaasjes (bgl. Becker Bianchini) binne hiel algemien, benammen yn 'e steat Rio Grande do Sul.
In spesifyk nammepatroan is yn 'e tweintichste iuw yn 'e steat São Paulo ûntstien ûnder ymmigranten út Japan, Syrje en Libanon. Dy jouwe harren bern mar ien efternamme, mar twa foarnammen, wêrfan't de earste in Portegeeske foarnamme is en twadde in foarnamme yn 'e eigen taal. De politikus Paulo Salim Maluf hat bgl. in Portegeeske foarnamme (Paulo), in Arabyske foarnamme (Salim), en in Arabyske efternamme (Maluf). Troch dy nammefoarmen kin in persoan ûnder in Portegeeske foarnamme bekendstean yn 'e bredere Brazyljaanske maatskippij, en ûnder de foarnamme yn 'e eigen taal yn 'e eigen ymmigrantemienskip. Troch it yninoar omtrouwen fan ferskate ymmigrantegroepen en lânseigen Brazyljanen is dit gebrûk oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw wat yn it neigean oan it reitsjen.
Meast foarkommende efternammen
bewurkje seksjeHjirûnder de meast foarkommende efternammen yn Portegal en Brazylje yn 2013.
|
|
Tuskenheaksels
bewurkje seksjeIt tuskenheaksel de
bewurkje seksjeIt foarsetsel de ("fan") wurdt by Portegeeske foar- en efternammen in soad brûkt, faak yn gearlûkings mei in lidwurd, lykas da (fan de en a), das (fan de en as), do (fan de en o) en dos (fan de en os), allegear mei as betsjutting "fan de" (yn froulik inkeltal, froulik meartal, manlik inkeltal, resp. manlik meartal). Foarbylden fan foarnammen mei sokke tuskenheaksels binne Maria de Jesus en Maria da Conceição.
Foarbylden fan efternammen binne de Sousa, da Silva, das Neves en dos Santos. It is yn it Portegeesk wizânsje dat sokke tuskenheaksels altyd mei in lytse letter skreaun wurde. In foarbyld fan in persoan mei sa'n namme is de eardere Brazyljaanske presidint Luís Inácio Lula da Silva, dy't trouwens bekendstiet as Lula om't Silva sa'n algemiene namme is. Nettsjinsteande dat wurdt syn namme yn ynhâldsopjeften alfabetisearre ûnder de S fan Silva. As inkeld de efternamme brûkt wurdt, moat yn sa'n gefal net oer dhr. da Silva sprutsen wurde, mar oer dhr. Silva. It tuskenheaksel falt dan dus út 'e namme. Dêrop binne inkele útsûnderings, wêrfan't de bekendste de Angoleeske presidint José Eduardo dos Santos is, dy't sels yn Portegeesktalige media gauris omskreaun wurdt as presidente Dos Santos.
It tuskenheaksel e
bewurkje seksjeIt bynwurd e ("en") komt ek as tuskenheaksel by efternammen foar. Dêrby kin it gean om it oanbringen fan in skieding tusken twa gelikense efternammen. Sa kinne José Silva Silva en Maria Santos Santos feroare wurde yn it better klinkende José Silva e Silva en Maria Santos e Santos. Faker komt e lykwols foar as tuskenheaksel by gearstalde efternammen. As men bgl. in frou treft dy't har namme jout as Maria Costa e Silva, dan sille dat yn 'e regel inkeld har foarnamme en lêste efternamme wêze. Men moat dan net nei har ferwize as mefrou Silva, mar as mefrou Costa e Silva.
Taheaksels
bewurkje seksjeOan 'e folsleine nammen fan Portegezen en Brazyljanen kinne noch ferskate taheaksels tafoege wurde as de namme of in diel fan 'e namme fan in persoan de namme fan in âlder famyljelid duplisearret. Dat gebrûk is seldsum yn Portegal, mar hiel gewoan yn Brazylje. Sokke taheaksels kinne wêze:
- Júnior (ôfkoarte as Jr.): itselde as "junior" of "jr." yn it Frysk
- Filho: "soan", in synonym foar Júnior
- Neto: "(manlike) pakesizzer"
- Sobrinho: "(manlike) omkesizzer"
- Sobrinho Neto: "(manlike) âldomkesizzer"
- Bisneto: "(manlike) oerpakesizzer"
Sokke taheaksels wurde yn it Portegeesk altyd mei in haadletter skreaun en mei in komma skaat fan 'e eigentlike namme: José Eduardo Tavares Silva, Jr. of José Eduardo Tavares Silva, Filho. Sokke taheaksels binne foar froulju folle minder gongber, hoewol't yn Brazylje wol de foarmen Filha ("dochter") en Neta ("(froulike) pakesizzer") foarkomme. It gebrûk fan Romeinske sifers (II, III) om generaasjes wer te jaan, komt by Portegeeske nammen net foar om't it yn Portegal sawol as Brazylje by wet ferbean is.
Stavering
bewurkje seksjeYn Portegal wurde Portegeeske foarnammen beskôge as gewoane haadwurden dy't mar op ien manear skreaun wurde meie, nammentlik: neffens de offisjele staveringsregels. Dat betsjut dat de argayske stavering Luiz en Manoel net mear talitten wurdt (moat Luís, resp. Manuel wêze) en de Spaansktalige nammefoarm Felipe wurdt beskôge as in misstavere fariant fan it Portegeeske Filipe, en wurdt dêrom likemin tastien. Foarnammen dy't de 'bûtenlânske' letters k, w en y befetsje (dy't yn it Portegeeske alfabet net foarkomme) wurde yn 'e regel likemin tastien. Der binne lykwols noch âldere minsken yn Portegal mei nammen as Luiz en Manoel, fan wa't de namme fêstlein is foar't de hjoeddeistige regels ynfierd binne. Foar sokke nammen jildt in útstjerbelied. Foar efternammen (wêrfan't de stavering faak al iuwenâld is) binne der gjin staveringsregels fêstlein. Wol is it sa dat de nammen fan ferneamde histoaryske Portegezen stavere wurde moatte neffens de hjoeddeistige staveringsregels, en net sa't se yn har eigen tiid skreaun waard. It is dus Luís de Camões (en net Luiz de Camoens), Venceslau Brás (en net Wenceslau Braz), Tomás Antônio Gonzaga (en net Thomaz Antonio Gonzaga), ensfh.
Yn Brazylje binne der hielendal gjin wetten oangeande de stavering fan nammen, en de iennichste foarnammen dy't dêr ferbean binne, binne nammen dy't obseen, fernederjend of misledigjend binne. Sadwaande komme yn Brazylje ferskate (faak argayske, útlânske of fantasijrike) staveringsfoarmen fan foarnammen njonkeninoar foar, lykas Filipe (normale Portegeeske stavering), Philippe (argayske en Frânske stavering), Felipe (Spaanske stavering) en Fellype (selsbetochte stavering). Ek komme yn Brazylje rûnom nammen foar mei letters dy't yn it Portegeesk net foarkomme (Katya, William); mei diakrityske tekens dy't yn it Portegeesk net foarkomme (Thaïs); mei diakrityske tekens dy't de Portegeeske útspraak net werjouwe (Desirée – soe Desirê wêze moatte); mei ferdûbeling fan fokalen of konsonanten dy't net de Portegeeske útspraak werjouwe (Roosevelt, Giovanni); mei stomme letters (de h yn Thaïs); en mei letters dy't bedoeld binne om oars útsprutsen te wurden as yn it Portegeesk gebrûklik is (Juan mei de wurdinisjale Spaanske "ch"-klank of Hannah mei in útsprutsen "h"-klank oan it begjin).
Alfabetisearring
bewurkje seksjeAs men in alfabetisearre list fan Portegeeske nammen opstelt, wurde dêrfoar ornaris de folsleine nammen brûkt. Soks komt benammen foar op skoalle en by oare foarmen fan ûnderwiis en yn offisjele dokuminten. De folsleine namme wurdt brûkt om't in net ûnoansjenlik diel fan 'e Portegezen en Brazyljanen yn it deistich ferkear in oare as de lêste efternamme brûkt, of in kombinaasje fan twa of mear efternammen. Om 'e juste efternammen te brûken, soe men dus eltsenien dêroer ûnderstean moatte en dy ynformaasje earne opslaan sadat it letter neisocht wurde kin. Folle makliker is dêrom om 'e folsleine namme te brûken. Om deselde reden wurdt dêrby ek alfabetisearre op 'e earste letter fan 'e earste foarnamme. In typyske list fan Portegeeske nammen soe dan wêze kinne:
- Antônio Borges Santos
- Antônio Fernando Silva Abreu Melo
- Leonor Álvaro Soares Henriques Pais
- Sofia Matilde Almeida Pais
Yn ynhâldsopjeften, tillefoanboeken, bibliografyen, ensfh. wurdt lykwols de foarkar jûn oan it alfabetisearjen op 'e earste letter fan 'e lêste (gearstalde) efternamme, lykfol oft dat no de efternamme is dy't yn it deistich ferkear brûkt wurdt of net. Tuskenheaksels as de, da, dos en e wurde by dat alfabetisearjen (krekt as yn it Nederlânsk en Frysk) negearre. Dus immen dy't da Silva hjit, komt ûnder de S fan Silva te stean, en net ûnder de D fan da. As Portegezen of Brazyljanen opgeane yn kultueren dy't it weilitten fan tuskenheaksels net kinne, lykas dy fan 'e Angelsaksyske lannen, feroaret dat. Dan bliuwt it tuskenheaksel by it alfabetisearjen stean en wurdt it boppedat ek mei in haadletter skreaun. In goed foarbyld is de Amerikaanske skriuwer John Dos Passos, waans famylje fan Madeara kaam; dy stiet nammentlik bekend as Dos Passos en wurdt alfabetisearre ûnder de D, wylst er yn Portegal dos Passos hjitte soe en ûnder de P alfabetisearre wurden wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |