De Hoogte (It Hegelân)
De Hoogte is in buorskip yn de gemeente It Hegelân. It plakje leit yn it noardwesten fan de provinsje Grinslân yn de Hoogster- of Vliedorperpolder.
De Hoogte leit noardeastlik fan it Reitdiep, eastlik fan Zoutkamp en besuden Houwerzijl. De bebouwing fan de buorskip leit oan de Vliedorpsterweg. Earder hearde De Hoogte ta Vliedorp en hjoed-de-dei ta Houwerzijl.
Pleatsen
bewurkje seksjeDe buorskip hat in oantal pleatsen. Earder wienen der trije hege terpen dêr’t dy pleatsen op stiene. De terpen binne yn de jierren 1920 hast hielendal ôfgroeven en ferkocht as terpgrûn. Fan de trije pleatsen binne der noch mar twa oer. De terp tusken beide pleatsen is net bewenne. De westlike pleats hat de namme Westerhuis en stie earder op in terp dy sa’n 3 meter heeg wie. De pleats datearret út 1868. De alde grêft is gruttendiels noch oanwêzich. Pleats waard yn 1895 opdield yn 2 pleatsen. Besuden fan De Hoogte waard yn 1905 pleats Vogelenzang, yn 1912 waard ek dizze pleats opdield yn 2 pleatsen wêrby Aulinahoeve ûntstie.
De eastlike pleats is De Hoogte. Dy pleats stie yn it eartiids op in terp fan sa’n fjouwer meter heeg. Yn dy terp binne kannefragminten en skerven út de Romeinske tiid fûn. De pleats waard yn eardere iuwen Dijckhuijsen op Hooger Heem en Brongersmaheerd neamd. Yn de Tachtichjierrige Oarloch wie dizze pleats yn 1585 ôfbaarnd. De pleats waard opnij bouwt. Yn 1860 waard in lytsere pleats ticht by de pleats De Hoogte kocht en yn 1873 waarden de beide pleatsen ôfbrutsen, yn 1874 waard der in nije pleats bouwt. De nije pleats waard ûntwurpen troch G. Vlaskamp. Yn 1949 baarnde de skuorren ôf en yn 1950 waarden der wer nije skuorren bouwt. De hals fan de pleats waard toen ôfbrutsen.
-
Pleats De Hoogte, rjochts de wierde
-
Pleats Westerhuis, lofts de wierde
-
Pleats Aulinahoeve