Doardt

(Trochferwiisd fan Doardt (stêd))

Doardt[1] (Nederlânsk en offisjeel: Dordrecht; pleatslik: Dordt) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân, mei 122.184 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en mei in gebiet fan 99,45 km², wêrfan't 19,92 km² wetter is. Doardt is dêrmei de fyfde grutte stêd yn Súd-Hollân nei Rotterdam, De Haach, Zoetermeer en Leien. De gemeente beslacht it gânse Eilân fan Doardt en wurdt begrinzge troch de rivieren Alde Maas, Under-Merwede, Hollânsk Djip, en Doardter Kil. Doardt is de grutste en wichtichste stêd fan de stêdekloft fan de Drechtstêden en is part fan de Rânestêd. Doardt is de âldste stêd fan Hollân.

Doardt
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
boargemaster Wouter Kolff (VVD)
sifers en geografy
haadplak Doardt
grutste plak Doardt
ynwennertal 122.184 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 1.517 ynw./km²
oerflak 99,45 km²
● wêrfan lân 79,53 km²
● wêrfan wetter 19,92 km²
ferkearsieren A15 A16 N3
skiednis
oprjochte 1220
oar
netnûmer 078
postkoade 3300-3329
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.dordrecht.nl

De namme Dordrecht komt fan Thuredriht om 1120 hinne. De namme is ôflaat fan in trochfeart; in skipkanaal of -rivier dêr't skippen mei in tou fan it lân ôf fan iene nei de oare rivier lutsen waarden, dus fan de rivier de Dubbel nei de Merwede as oarsom. Earder tochten skiedkundigen dat it efterheaksel -drecht fan it Latynske trajectum, itjinge "fort" betsjut, ôfkomstich is, mar dy teory waard yn 1996 ôfwiisd. It efterheaksel moat yn dit gefal ôfkomstich wêze fan draeg, dat lûke, slepe of drage betsjut.

 
Doardt yn 1575 troch Jabik fan Dimter
 
Doardt yn 1873 troch Edmond de Schampheleer

Doardt ûntstie oan it rivierke de Thure yn it midden fan in feansompe. It rivierke we in ôfspjalting fan de Dubbel. Doardt waard foar it earst neamd yn in tekst út de 12e iuw, doe't de stêd noch oantsjut waard mei Thuredrech, en krige yn 1220 stedsrjochten fan greve Willem I fan Hollân, dêr't it de âldste stêd fan Hollân troch is. Eins hie Geertruidenberg al earder stedsrjochten fan in Hollânske greve krigen, mar dy stêd leit hjoed-de-dei yn Noard-Brabân. Yn de Midsiuwen waard Doardt in wichtich hannelsplak fan produkten lykas wyn, hout en nôt. Yn 1299 krige de stêd steapelrjochten en wie it ien fan de seis grutte stêden fan Hollân.

Yn 1253 waard der in Latynske skoalle stifte, en dy bestiet hjoed-de-dei noch hieltyd as it Johan de Witt Gymnasium en is it âldste gymnasium yn Nederlân.

Op 18/19 novimber 1421 waarden grutte parten fan it suden fan Hollân troffen troch de Sint-Elisabetsfloed, dêr't Doardt in eilân troch waard.

Op 29 juny 1457 waard de stêd troch in grutte stedsbrân troffen, dy't in soad gebouwen, lykas de Grutte Tsjerke, swier skansearre.

Yn 1572, fjouwer jier nei it begjin fan de Nederlânske Opstân, kamen fertsjintwurdigers fan alle stêden yn Hollân, útsein Amsterdam, de Wettergeuzen, fertsjintwurdige troch Willem II de la Marck, byinoar yn Doardt en hâldt de Earste Frije Steategearkomste, dy't bekend waard as de Uny fan Doardt. Dy temûke gearkomste, dy't troch de stêd Doardt byinoar roppen waard, wie de earste opstannige gearkomste fan de Steaten fan Hollân tsjin kening Filips II en syn steedhâlder, de hartoch fan Alva.

Yn dy gearkomste, waard de organisaasje en de finansiering fan de opstân tsjin Spanje besprutsen. Willem fan Oranje waard as steedhâlder útroppen en erkend as de lieder fan de opstannelingen. Dy gearkomste wurdt sjoen as it begjin fan in rige gearkomsten sa as de Uny fan Brussel (1577) en de Uny fan Utert dy't der ta laten dat de Republyk fan de Feriene Nederlannen útroppen waard.

Fan 13 novimber 1618 oant 9 maaie 1619 waard de ferneamde Synoade fan Doardt holden. De Synoade besocht teologyske ferskillen yn it kalvinisme del te bêdzjen. By de Synoade wiene fertsjintwurdigers út Dútslân, Switserlân en Ingelân oanwêzich om iennichheid yn alle grifformearde tsjerken te krijen. Yn de praktyk kaam it derop del dat de Synoade fan Doardt besoarge foar problemen oangeande de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, doe noch de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke, en de politike aspekten dy't de jonge Republyk oanbelangen. Ek waard úteinset mei de Steatefertaling fan de Bibel.

Fan 1780 oant 1787 wiene de patriotten warber yn Doardt. Dêrnei folgen mear stêden dy't keazen foar de patriotten en steedhâlder Willem V moast flechtsje. Syn sweager, kening Freark Willem II fan Prusen, kaam ta syn help en op 18 septimber 1787 joech Doardt him oer oan de Prusyske troepen. De patriotten waarden ferslein en Willem V kearde werom.

Yn de achttjinde iuw waard Doardt minder fan belang en waard Rotterdam de wichtichste stêd yn de omkriten. Doardt wie lykwols ferskate iuwen lang fan belang foar de ferdigening fan Hollân. It hie in legerdifyzje oant yn de tweintichste iuw. By de mobilisaasje yn augustus 1939 waarden der ynfantery- en artillery-ienheden nei Doardt ta stjoerd en ferdigenje it eilân. Doe't Nazy-Dútslân Nederlân op 10 maaie 1940 ynfoel, lânen der Dútske parasjuten by Doardt. Nei swiere fjochterijen namen se de brêgen Doardt-Moerdijk en Doardt-Zwijndrecht yn. In soad gebouwen rekken skansearre.

Yn de winter fan 1944/45 wie Doardt fannijs yn it midden fan swiere fjohterijen. De grins tusken befrijd en beset geiet rûn troch it Hollânsk Djip. Doardt waard lang om let troch it Kanadeeske leger befrijd.

Yn 1970 waard de gemeente Dubbeldam, mei likernôch 10.000 ynwenners en it súdlike part fan de gemeente Sliedrecht by de gemeente Doardt foege, dêr't it Eilân fan Doardt ien gemeente troch waard.

Stedsyndieling

bewurkje seksje
 
Topografyske gemeentekaart fan Doardt

Doardt bestiet út 10 wenwyken:

  • Binnenstêd
  • Reeland
  • de Staart
  • Oud-Krispijn
  • Nieuw-Krispijn
  • Stadspolders
  • Wielwijk
  • Crabbehof-Zuidhoven
  • Sterrenburg
  • Dubbeldam

Ek binne der noch in tal buorskippen en útbuorrens:

  • Kop van 't Land (buorskip)
  • Tweede Tol (útbuorren)
  • Wieldrecht (útbuorren)
  • Willemsdorp (buorskip)
  • Zuidpolder

Bysûndere plakken

bewurkje seksje
 
Doardtske gevels yn de Hofstrjitte

In pear plakken yn de stêd mei in bysûndere skiednis binne:

 
Doardt yn de 17e iuw
(Albert Cuyp (1620-1691)

Doardt spile in grutte rol yn de foarming fan it protestantisme yn Nederlân. Doardt wie in bolwurk fan de reformaasje en yn de jierren 1618-1619 waard yn de stêd de Synoade fan Doardt holden, werby't de remonstranten foar de kontraremonstranten oer stiene. De kontraremonstranten wûnen de striid en soene de lear fêststelle foar de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke, sûnt de 19e iuw de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke.

Doe waard besletten ta de oersetting fan de Bibel yn it Nederlânsk, dy't yn 1637 late ta de Steatebibel, de earste offisjele oersetting fan de Bibel yn it Nederlânsk.

Ek tsjintwurdich besit Doardt noch in grut tal tsjerken. De wichtichste tsjerke is de Grutte Tsjerke. Dêrnjonken binne û.o. it neamen wurdich:

It Doardtsk is in Hollânsk dialekt dy't it measte yn de arbeidersklasse sprutsen wurdt. It hat ek wat skaaimerken út it Siuwsk en Brabânsk wei.

Typyske Doardtske skaaimerken binne:

  • it ferlytsingsfoarm is -ie ynstee fan t Nederlânske -tje.
  • lienwurden út it Brabânsk wei, lykas akkerdere (akkordearje)
  • Nederlânske twilûden ei en ui wurde útsprutsen as èè en öö De lêste tiden begjint it ei-lûd mear as ai te klinken.

Doardt is ferbûn oer de dyk troch de A15 fan Gorkum nei Rotterdam, de A16 tusken Breda en Rotterdam troch ôfrit 21 "Doardt-Sintrum", ôfrit 20 "Doardt" en ôfrit 19 "Doardt-Willemsdorp" en de N3 dêr't Doardt eastlik ynriden wurde kin. Ferkear fan de Hoekske Waard ôf kin oer de N217 de stêd ynkomme troch de Kiltunnel.

Treinferkear

bewurkje seksje

Doardt hat trije spoarstasjons. De wichtichste en âldste is it Stasjon Doardt dy't súdlik fan it âlde sintrum stiet. Doe't er yn 1871 iepene waard, lei er noch yn de selsstannige gemeente Dubbeldam. Njonken stoptreinen en sprinters dogge ek intercitytreinen it stasjon oan. It stasjon leit oan de Steatsline I (Breda-Rotterdam) en de Betuweline.

Stasjon Doardt Stadspolders is yn de wyk Stadspolders yn it easten fan de stêd. Stasjon Doardt Súd leit tusken de stedswiken Zuidhoven, Crabbehof en Sterrenburg en waard iepene op 3 juny 1973.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 150.
Súd-Hollân
 
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
  ·   ·