El Paso (Teksas)
El Paso (wat Spaansk is foar "de pas", yn 'e sin fan "berchingte") is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Teksas. De lizzing is yn 'e Transpecos fan West-Teksas, oan 'e rivier de Rio Grande (yn it Spaansk de Río Bravo del Norte), dy't de grins foarmet mei Meksiko. El Paso is it haadplak fan El Paso County, en hie neffens in offisjele skatting út 2012 doe rom 672.000 ynwenners. De stêdekloft dêr't de stêd ta heart, hat in befolking fan rom 1 miljoen minsken, en omfiemet hiele El Paso County en it oangrinzgjende Hudspeth County en teffens de stêd Las Cruces, yn 'e oanswettende steat Nij-Meksiko. As it Meksikaanske Ciudad Juárez, oare kant de Rio Grande, ek noch meirekkene wurdt, komt men út om rom 3 miljoen minsken. El Paso is de grutste Amerikaanske stêd mei in Spaansktalige mearderheid fan 'e befolking.
El Paso | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Teksas | |
County | El Paso County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 672.538 (2012) | |
Oerflak | 663,7 km² (ynkl. wetter) 661,1 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 300,2 / km² | |
Stêdekloft | 1.045.180 (2012) | |
Hichte | 1.140 m | |
Oar | ||
Stifting | 1680 | |
Tiidsône | UTC -7 | |
Simmertiid | UTC -6 | |
Koördinaten | 31°47′25″N 106°25′24″W | |
Offisjele webside | ||
www.elpasotexas.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan El Paso yn El Paso County en yn 'e steat Teksas. |
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste Jeropeänen dy't troch de krite kamen dêr't letter El Paso lizze soe, wiene nei gedachen de fjouwer oerlibbenen fan 'e mislearre Narváez-ekspedysje, yn 'e midden fan 'e 1530-er jierren. Tsjin dy tiid waard it gebiet fansels al tûzenen jierren bewenne troch Yndiaanske folken; likegoed waard der oanspraak op makke troch Spanje, dat it ta syn koloanje Nij-Spanje rekkene, it lettere Meksiko. De earste ûntdekkingsreizger fan Jeropeesk komôf fan wa't wis is dat er dizze lânsdouwe besocht, wie don Juan de Oñate, yn 1598. Sechstich jier letter, yn 1659, waard besuden de Rio Grande El Paso del Norte (it tsjintwurdige Ciudad Juárez) stifte. Under de Pueblo-opstân ûntstie dêrfoaroer, op 'e noardigge fan 'e rivier, in lyts delsettinkje dat nei El Paso del Norte ferneamd waard: El Paso. Dêrby moat oantekene wurde dat dat doe net as in apart plak beskôge waard, mar gewoan as in ûnderdiel fan 'e stêd oare kant de rivier. El Paso tsjinne yn dy tiid as de basis foar it Spaanske leger en it bestjoer fan Nij-Meksiko; nei't de Pueblo-opstân yn 1692 ûnderdrukt wie, ferhuze dat wer werom nei Santa Fe.
De Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch fan 1836 liet El Paso frijwol ûnberoerd, mei't er yn dy krite doe noch net in soad Amerikaanske kolonisten wennen. Likegoed makke de nije Republyk Teksas, doe't dy ienris syn selsstannigens wûn hie, oanspraak op it gebiet. Mar pas yn 1846, oan it begjin fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, doe't Teksas ûnderwilens (yn 1845) ûnderdiel fan 'e Feriene Steaten wurden wie, wisten de Teksanen El Paso en omkriten ek wier-wier te bemachtigjen. By it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, dêr't de oarloch nei de Amerikaanske oerwinning mei beëinige waard, stie Meksiko alle lân benoarden de Rio Grande foargoed ôf, sadat El Paso losmakke waard fan El Paso del Norte.
Oant de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) hiene El Paso en de hiele krite deromhinne mar in pear hûndert ynwenners. Under de Boargeroarloch foarme El Paso, as westlikste puntsje fan 'e Konfederaasje, earst in legerbasis fan 'e Súdliken, oant it yn 1862 ynnommen waard troch Noardlike troepen út Kalifornje wei. Dêrnei bleau it de rest fan 'e oarloch beset gebiet. Pas nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch begûn El Paso stadichoan te groeien, en yn 1873 krige it de status fan stêd. Doe't it spoar fan 'e Southern Pacific Railroad, de Texas and Pacific Railway en de Atchison, Topeka and Santa Fe Railroad der yn 1881 gearkamen, folge der in wiere befolkingseksploazje, en tsjin 1890 hie El Paso 10.000 ynwenners, wêrfan't de grutte mearderheid út blanke Amerikanen bestie. Fan likernôch 1880 ôf ûntjoech El Paso him ta ien fan 'e "wyldste" stêden fan it Wylde Westen, dêr't gokken, sûpen, geweld en prostitúsje florearren, en krige it de bynamme fan de Six Shooter Capital ("Revolverhaadstêd"). Dat duorre oant de Earste Wrâldoarloch, doe't it leger de pleatslike autoriteiten ûnder druk sette om yn te gripen. Dêrop ferpleatste it gokken en sûpen, en ek it geweld en de prostitúsje, him oer de rivier, nei Ciudad Juárez.
Tsjin 1910 bestie de grutte mearderheid fan 'e befolking fan El Paso út blanke, Ingelsktalige Amerikanen, en dat hie foar 't neist sa bleaun as de Meksikaanske Boargeroarloch dat jiers net útbrutsen wie. Dêrtroch ûntstie der, fral tusken 1913 en 1915, in wiere tafloed fan Meksikaanske flechtlingen dy't foar it geweld yn eigen lân de wyk namen. Gauris gie it dêrby ek noch om begoedige lju, leden fan 'e middenklasse, lykas sakelju, winkellju, yntellektuëlen en geastliken. Mar it geweld folge harren de grins oer, mei't in diel fan 'e flechtlingen yn El Paso revolúsjonêre genoatskippen stifte dy't inoar en de blanke Teksanen mei bomoanslaggen en oare terroristyske dieden befochten. Uteinlik late dat yn maart 1916 ta it saneamde Plan de San Diego, wêrby't ûnder in grutskalige etnysk Meksikaanske opstân yn El Paso yn achtenfjirtich oeren tiid likernôch 500 blanke manlju, froulju en bern ombrocht waarden. De dêropfolgjende repressaillemaatregels fan blanke milysjes bedijden oars neat as in eskalaasje fan it geweld en sels ynfallen yn 'e stêd fan ûngeregelde Meksikaanske troepen fan oare kant de rivier. Uteinlik stjoerde it Teksaanske regear in spesjale legermacht fan Texas Rangers, dy't de opstân ûnmeilydsum de kop yndrukten troch yn it lêste healjier fan 1916 mear as 5.000 Meksikanen te deadzjen. De ynfloed fan dit konflikt wie noch lang fielber yn El Paso, mei't de blanken de Meksikanen begûnen bûten te sluten, wat late ta in rasseskieding dy't dy tusken blanken en swarten yn it Amerikaanske Suden net wanlyk wie. De Roomsk-Katolike Tsjerke sprong yn it gat troch eigen ûnderwiis en wolwêzensorganisaasjes foar de Meksikaanske befolking fan 'e stêd op te setten.
Tsjin 1920 hiene de blanken, as de soldaten fan it deunby oanleine Fort Bliss meirekkene waarden, de etnyske mearderheid yn El Paso weromwûn. De stêd hie doe mear as 100.000 ynwenners. Mynbou en yndustry kaam stadichoan ta ûntwikkeling, en yn 'e tweintiger en tritiger jierren, ûnder de Drûchlizzing, waard der ek in soad jild fertsjinne mei alkoholsmokkel út Meksiko wei. Mar healwei de tweintiger jierren krige El Paso slim te lijen ûnder de agraryske krisis dy't foarôfgie oan 'e eigentlike Krisisjierren, en dat waard noch helte minder doe't de Grutte Depresje sels ienris tasloech. In protte blanke ynwenners ferfearen doe nei plakken dêr't se bettere foarútsichten hiene.
Om 1950 hinne waard der yn 'e neite fan El Paso oalje fûn, wat de stêd der wer boppe-op holp. Foar de nije oaljeyndustry wiene in soad leech oplate arbeiders nedich, en dy waarden fierhinne út Meksiko helle. Dêrnjonken waarden der tusken 1942 en 1956 ek Meksikaanske lânarbeiders oanlutsen om op it yn 'e Krisisjierren troch blanken fierhinne ûntfolke rekke plattelân yn 'e lânbou te wurkjen. Sadwaande wiene de Meksikanen tsjin 1965 wer yn 'e mearderheid. Tsjin dy tiid begûn de hannel mei buorlân Meksiko ek in saak fan belang te wurden, en dat holp El Paso om oant de dei fan hjoed trochgroeie te kinnen.
El Paso hjoed de dei
bewurkje seksjeHjoed de dei hat El Paso in ekonomy dy't basearre is op ynternasjonale hannel, de befoarrieding fan it Amerikaanske Leger, tsjinsten, de ferwurking fan oalje en gas, sûnenssoarch en toerisme. Katoen, fruittylt en feehâlderij binne wichtich op it plattelân om 'e stêd hinne. Op it mêd fan heger ûnderwiis moat benammen de Universiteit fan Teksas te El Paso (UTEP) neamd wurde, dy't op it sânde plak stiet fan 'e ranglist fan 'e bêste universiteiten fan 'e Feriene Steaten. De stêd hat fierders in sterke militêre oanwêzigens, mei de legerbasis Fort Bliss (ien fan 'e grutsten fan 'e Feriene Steaten), it Legerfleanfjild Biggs en it Medysk Sintrum fan it Leger William Beaumont. Yn febrewaris 2013 waard El Paso troch CQ Press foar it trêde jier efterinoar útroppen ta de feilichste grutte stêd fan it lân. Besjensweardichheden yn El Paso binne û.m.: de El Paso Zoo en de Sint-Patrickkatedraal, dy't sûnt 1916 de sit is fan it Roomsk-Katolike Bisdom fan El Paso.
Demografy
bewurkje seksjeDe befolking fan El Paso groeide oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw stadich troch oant in hichtepunt fan 102.000 yn 1930. Dêrnei sakke it ynwennertal troch de ûntfolking yn 'e Krisisjierren yn nei 97.000 yn 1940, mar yn 1950 wie de stêd oer it dipke hinne, en wiene der 130.000 ynwenners. Dêrnei groeide El Paso op 'e nij stadich troch, mei in ynwennertal fan 425.000 yn 1980; 515.000 yn 1990; 564.000 yn 2000; en 649.000 yn 2010. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe 10,7% fan 'e befolking fan El Paso âlder as 65 jier en 31% jonger as 18 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 84,1% Latino's; 7,3% blanken; 3,4% swarten; 1,2% Aziaten; 0,7% Yndianen; 3,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Berne yn El Paso
bewurkje seksje- Gene Roddenberry (1921-1991), senarioskriuwer en tillefyzjeprodusint
- Sandra Day O'Connor (1930), opperrjochter
- Debbie Reynolds (1932-2016), aktrise
- Jimmy Carl Black (1938-2008), muzikant
- Patrick G. Forrester (1957), astronaut
Klimaat
bewurkje seksjeEl Paso hat in woastynklimaat, mei hjitte simmers en mylde drûge winters. Yn desimber, de kâldste moanne fan it jier, hat de stêd in trochsneed deitemperatuer fan 13,9 °C, yn july, de waarmste moanne, is dat 35,3 °C. De rekôrtemperatueren yn 'e stêd binne –22 °C, resp. 46 °C. Der falt yn El Paso jiers trochstrings 250 mm rein, it measte yn 'e perioade fan july oant septimber, feroarsake troch de Noardamerikaanske moesson. Nettsjinsteande dat bytsje rein is it net ûngewoan dat dielen fan El Paso ûnderrinne, mei't de hiele jierhoemannichte rein gauris yn in pear stjalpbuien oer de stêd útstoart wurdt. Yn 'e simmer fan 2006 foel der bygelyks 380 mm binnen in wike, wat grutskalige skea ta gefolch hie.
Hoewol't El Paso yn 'e woastyn leit, kin der troch de lizzing op in hichte fan goed 1.100 m winterdeis inkeld ek snie falle. Sa brocht yn desimber 1987 in sniestoarm 65 sm snie. Yn febrewaris 2011 wie it yn El Paso en omkriten sa kâld, dat de temperatuer op 2 febrewaris net boppe de –9 °C útkaam, it leechste deimaksimum dat ea registrearre wie. De kjeld rjochte foar kaptalen skea oan yn it fruittyltgebiet om El Paso hinne, en teffens yn 'e foarm fan beferzen wetterliedings en brutsen heechspanningskabels, om fan 'e skea oan 'e wylde woastynfegetaasje noch mar te swijen.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |