Grutte Sû Reservaat

(Trochferwiisd fan Grutte Sû-Reservaat)

It Grutte Sû Reservaat (Ingelsk: Great Sioux Reservation) wie it oarspronklike Yndianereservaat dat ûnder de betingsten fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1868, troch de Amerikaanske oerheid tawiisd waard oan 'e Lakota, de westlike folkshelte fan 'e , in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It waard lykwols al rillegau ynkrompen, en hjoed de dei binne der inkeld noch fiif folle lytsere dielreservaatsjes fan oer.

In lânkaart fan it Grutte Sû Reservaat, dêr't op te sjen is hoe't it meitiid ynkrompen is: read/rôze: it reservaat yn 1868; ljochtrôze: gebiet kwytrekke yn 1877; dûnkerrôze: gebiet kwytrekke yn 1889; ljochtread: gebiet kwytrekke yn 1910; dûnkerread: de hjoeddeistige fiif reservaten; griis: oare Yndianereservaten.

It Grutte Sû Reservaat

bewurkje seksje

It Grutte Sû Reservaat wie it grutste reservaat dat ea yn 'e Feriene Steaten bestien hat, en besloech de hiele westlike helte fan 'e steat Súd-Dakota, alle lân bewesten de rivier de Missoury, in gebiet dat tsjintwurdich wol bekendstiet as "Westrivier Súd-Dakota". Dêropta stiek in útrinder derfan út oer de grins fan 'e steat Nebraska, en fierders hiene de Lakota it rjocht om te jeien en om te reizgjen yn "net ferovere" gebiet yn Wyoming en westlik Nebraska. It hillige lân fan 'e Lakota, de Black Hills of Paha Sapa, in rotsich ûnlân dêr't de Amerikanen dochs neat mei mienden te kinnen, waard troch it reservaat folslein omsletten en kaam sa neffens it Ferdrach fan Fort Laramie "foar ivich" yn it besit fan 'e Lakota. Mei't de ûnderskate substammen fan 'e Lakota (Brulee, Hûnkpapa, Minnikonzjû, Oglala, Sâns Arks, Swartfuotten – net te betiizjen mei it Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten – en Twatsjettels) binnen it Grutte Sû Reservaat allegearrre harren eigen gebiet tawiisd krigen hiene, sette it Amerikaanske Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) yn it reservaat in rige fan fiif ferskillende agintskippen op.

Oarloch om de Black Hills

bewurkje seksje

Doe't der lykwols yn 1874 goud fûn waard yn 'e Black Hills, betochten de Amerikanen har. Ynkringing troch blanke goudsikers, dy't har alhiel neat oan ferdraggen gelegen lizze lieten, en de gewelddiedige reäksje fan 'e Lakota op sokke lju, laten twa jier letter ta it útbrekken fan it konflikt dat bekend kommen is te stean as de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, mar dat yn it Ingelsk ek wol de Black Hills War neamd wurdt. De romrofte Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en party Noardlike Arapaho, it Amerikaanske 7de Kavaleryrezjimint fan generaal George Armstrong Custer in tepletterjende nederlaach tabrochten, foarme ûnderdiel fan dizze kriich. Uteinlings waarden de Yndianen lykwols ferslein, en ûnder de betingsten fan in nij ferdrach namen de Amerikanen in gebiet fan it Grutte Sû Reservaat ôf, dat in stripe lân fan 80 km breed by de westgrins fan Súd-Dakota lâns omfieme, plus alle gebiet bewesten de rivieren de Cheyenne en de Belle Fourche. Dêrta hearde de hiele krite fan 'e Black Hills.

De ein fan it Grutte Sû Reservaat en fierdere ynkrimpings

bewurkje seksje

Yn 1887 naam it Amerikaanske Kongres de Wet-Dawes oan, wêrmei't men it near lei op kommunaal grûngebiet fan stammen, yn it foardiel fan yndividueel grûngebiet. Eltse Yndiaan koe lykwols net mear as in beskaat kwoatum oan grûn besitte, dat sadwaande bleau der yn 'e reservaten dan yn 'e regel in protte lân oer, dy't men dêrnei simpelwei ferkocht oan blanke kolonisten. Op 2 maart 1889, oan 'e foarjûn fan it tatreden fan Noard- en Súd-Dakota as folweardige steaten ta de Amerikaanske Uny, naam it Kongres nòch in wet oan, ien dy't it oerbleaune Grutte Sû Reservaat ôfskafte, en de grûn derfan opdielde yn fiif ôfsûnderlike lytsere reservaten:

(N.B.: it Crow Creek Yndianereservaat op 'e eastigge fan 'e rivier de Missoury, dat oarspronklik tsjin it Grutte Sû Reservaat oan lei en sûnt 1889 oan it Neder-Brulee Reservaat grinzget, hat nea diel útmakke fan it Grutte Sû Reservaat, al wurdt gauris miend – sels troch renommearre skiedkundigen – dat dat wol sa wie.)

By it fêststellen fan 'e grinzen fan 'e fiif nije reservaten waard 36.000 km² grûn, de helte fan it eardere Grutte Sû Reservaat, weromnommen en reservearre foar kolonisaasje troch blanken. Ta dat gebiet hearde in nije 80 km brede stripe lân yn noardwestlik Súd-Dakota; in grutte kontrei yn 'e midden fan 'e steat (dy't Standing Rock en Cheyenne River yn it noarden, Neder-Brulee yn 'e midden, en Pine Ridge en Rosebud yn it suden faninoar skate); in hoekje yn súdlik Súd-Dakota; en alle lân yn Nebraska, dat sûnt dy tiid Boyd County foarmet. Yn 1910, ta einbeslút, folge in nije ynkrimping, wêrby't likernôch trijefearn fan it Rosebud Reservaat ôfnommen waard, en in fearn fan Pine Ridge. Hjoed de dei binne de fersnipele Lakota-reservaten fan Súd-Dakota guon fan 'e earmste gebieten fan 'e Feriene Steaten.

Skeafergoeding

bewurkje seksje

Sûnt 1974 fjochtsje de ûnderskate Lakota-stammen in gerjochtlike striid mei de Amerikaanske oerheid út oer it besit fan 'e Black Hills, harren hillige lân, dat harren yn 1877 ûntnadere is. Yn 1980 wiisde it Amerikaansk Heechgerjochtshôf oan acht Lakota- en oare Sû-stammen in skeafergoeding fan goed $105 miljoen ta: $17,1 miljoen dollar foar de merkwearde fan it lân yn 1877 en $88 miljoen oan rinte (fan 5% it jier). Mei't it hôf lykwols wegere en erken harren rjochten op it lân sels, stegeren de Lakota de skikking ôf. (It fûnis is noch altyd fan krêft, en mei de kumulative opbou fan rinte begjint it bedrach no op nei de $1 miljard dollar te gean.)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota