Hegefaasjeline Skiphol - Antwerpen
HSL-Súd / HSL 4 Skiphol - Antwerpen | |
---|---|
Totale lingte | 147 km |
Oanlein troch | Infraspeed en Infrabel |
Iepene Antwerpen - Noorderkempen: 29 mei 2009 Amsterdam - Rotterdam: 7 september 2009 Rotterdam - Noorderkempen: 13 december 2009 | |
hjoeddeistige status | yn gebrûk |
Elektrifisearre | By oanlis (25.000 volt 50 hertz) |
Tal spoaren | 2 |
Baanfakfaasje | 300 km/o |
Befeiliging of treinbeynfloeding | ETCS 2 (folsleine line), ETCS 1 (België: standert mooglik, Nederlân: back-upsysteem) |
Treintsjinst troch | NS, Thalys, NMBS, Eurostar |
Trajekt | |
De Hegefaasjeline Skiphol – Antwerpen, besteande út de HSL-Súd yn Nederlân en de HSL 4 (of HSL-Noard, Spoarline 4) yn Belgje, is 147 km lang en is de foar hege faasje gaadlike spoarline dy't Skiphol Airport mei Antwerpen Sintraal ferbynt fia Rotterdam Sintraal en stasjon Noorderkempen, mei in ôfspjalting nei Breda.
De line waard tusken 2000 en 2006 oanlein en it earste part (tusken Antwerpen en Noarderkempen) waard op 15 juny 2009 iepene. Op 7 septimber 2009 sette de treintsjinst tusken Amsterdam en Rotterdam útein en op 13 desimber 2009 waard de hiele line yn gebrûk naam, útsein de ôfspjalting nei Breda, dy't op 3 april 2011 folge.
De spoarline is ûnderdiel fan de ynternasjonale ferbining Frankryk – Amsterdam (brûkt troch Thalys en Eurostar) en hat in wichtige rol foar binnenlânsk ferfier. De treinen meitsje tusken Amsterdam en Hoofddorp, tusken Rotterdam Sintraal en Barendrecht en tusken Antwerpen-Berchem en Brussel-Súd gebrûk fan besteand spoar. Yn Antwerpen is tusken Antwerpen-Luchtbal en Berchem in nije Noard-Súdferbining yn tsjinst steld. Dy wurdt brûkt troch de HSL-treinen, mar is net part fan de HSL 4.
Op de HSL-Súd/HSL 4 wurdt krekt as op de Betuwerûte en de oare hegefaasjelinen yn Belgje en Frankryk gebrûk makke fan 25 kV wikselspanning op de boppelieding, yn tsjinstelling ta de 1500 V lykspanning fan it Nederlânske spoarnet of de 3000 V lykspanning fan it Belgyske spoarnet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|