Instant Family is in Amerikaanske komeedzjedramafilm en famyljefilm út 2018 ûnder rezjy fan Sean Anders, mei yn 'e haadrollen Mark Wahlberg, Rose Byrne en Isabela Moner. De titel betsjut "instantgesin" (lykas 'instantkofje'). It ferhaal giet oer in troud pear dat der op ûnbesinde wize ta oergiet om trije bern te adoptearjen dy't 15, 10 en 6 jier âld binne. De film is foar in part basearre op regisseur Anders syn eigen ûnderfinings. Instant Family krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en waard troch ien fan harren omskreaun as in "oprjochte, hertferwaarmjende komeedzje". Yn 'e bioskopen ûntjoech de film him ta in beskieden kommersjeel súkses.

Instant Family
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sean Anders
produsint Sean Anders
Stephen Levinson
John Morris
Mark Wahlberg
Eric Kissack
senario Sean Anders
John Morris
kamerarezjy Brett Pawlak
muzyk Michael Andrews
filmstudio Leverage Entertainment
Closest to the Hole Productions
Two Grown Men Productions
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Mark Wahlberg
Rose Byrne
Isabela Moner
byrollen Gustavo Escobar
Julianna Gamiz
Tig Notaro
Octavia L. Spencer
Margo Martindale
Julie Hagerty
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 novimber 2018
foarm langspylfilm
sjenre famyljekomeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 118 minuten
budget en resultaten
budget $48 miljoen
opbringst $120,6 miljoen

It troud pear Pete en Ellie Wagner hat in bedriuw dat ferfallen huzen keapet, opknapt en mei winst wer ferkeapet. As Ellie in folslein útwenne, mar hiel rom hûs keapet liket dat har gaadlik foar har suster Kim en dy har man Russ, dy't al in skoft besykje swier te reitsjen. Dy sjogge der lykwols neat yn. Stutsen ferklearret Ellie dat sy en Pete it hûs dan miskien sels wol hâlde nei't se it opknapt hawwe. Kim en Russ fine dat goeie grap, want wat moatte Pete en Ellie no mei in hûs mei fiif sliepkeamers? Sy sille ommers nea bern hawwe.

Dat sit Ellie dwers, ek al hat se nea belangstelling hân hat foar it stiftsjen fan in gesin. Se hie by harsels altyd tocht dat bern krijen wat foar 'letter' wie, mar se moat tajaan dat, as it sa trochgiet, Kim en Russ gelyk krije sille. As se har tinzen útsprekt tsjin Pete, docht bliken dat dy net op it hawwen fan bern tsjin is, mar om't sy it nea woe, hat hy der nea op oankrongen. No is er hast fjirtich en fynt er it eins hast te let om noch bern te krijen, want hy wol net sa'n heit wêze dy't fan âlderdom al sa krebintich is dat er neat mear mei de bern dwaan kin as se opgroeie. By wize fan grap seit er dat se miskien bern adoptearje moatte; dan soe it lykje as hiene se mei tritich jier al in gesin stifte.

Dy útspraak lit Ellie net mear los en as se op it ynternet ynformaasje oer pleechsoarch opsiket, wurdt se rekke troch de ellinde dêr't in protte bern yn ferkeare. As se dat oan Pete fertelt, wol dy der earst neat fan witte, mar nei't Ellie op bêd gien is, sjocht er sels temûk op har kompjûter. Ellie trappearret him letter as de triennen him suver yn 'e eagen steane, en dan wit se wer wêrom't se mei him troud is. Dat, Pete en Ellie melde harren oan as pleechâlden en komme yn in groep mei oare pleechâlden telâne dy't ûnder begelieding stiet fan sosjaal wurkers Karen en Sharon.

As der in gearkomste organisearre wurdt dêr't potinsjele pleechâlden yn 'e kunde komme kinne mei bern dy't dêrfoar yn oanmerking komme, stoarte alle pleechâlden harren op 'e skattige lytse bern. Der binne sa'n soad kapers op 'e kust dat Pete en Ellie gjin gaadlik pleechbern fine kinne. Pete beslút dat se dan mar ris by de teenagers sjen moatte, dy't neffens him troch de oare pleechâlden mijd wurde as "wiene se yn stront dipt". Ellie besiket him tsjin te hâlden en lit har ek yn minder as loovjende bewurdings út oer de teenagers, dy't net dôf binne en harren gewoan praten hearre kinne. Dêrop stapt ien fan harren, in fyftjinjierrich Latino-famke dat Lizzy hjit, nei Pete en Ellie ta en seit harren it mannewaar op. Pete en Ellie binne sa ûnder de yndruk dat se fuortendaliks witte: dy wolle we hawwe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Letter fertelle Karen en Sharon dat Lizzy in jongere broer en in jonger suske hat, Juan fan tsien en Lita fan seis. Harren mem is in drugsferslaafde dy't yn it tichthûs sit en oer harren heit of heiten is neat bekend. De oerheid wol bruorren en susters it leafst net útinoar helje, dat as Pete en Ellie Lizzy hawwe wolle, krije se Juan en Lita deropta. De earste moeting mei de bern, yn harren minder as optimale opfanggesin, produsearret net direkt de 'kosmyske konneksje' dy't Pete siket (hoewol't Ellie ta syn skok fertelt dat sy pas nei fjirtjin moannen mei him omgien te hawwen wist dat hy de wiere foar har wie).

Thús hawwe se it der nochris oer, en se beslute der mar fan ôf te sjen. As se dat op Thanksgiving Day by in diner mei Ellie har famylje fertelle, lit eltsenien in sucht fan ferromming slûpe. Ellie har susters, har wat naïve mem Jan en har botte sweager Russ litte har witte dat se al flink yn noed sieten oer drugsferslaafde kriminelen yn 'e famylje. Ellie makket harsels sa lulk oer sok praat, dat se yn 'e hite hij beslút om dochs troch te gean mei de adopsje.

As Lizzy, Juan en Lita by de Wagners ynlûke, feroaret it rêstich fuortskolferjende libben fan Pete en Ellie yn in hektysk bestean. Lita wegeret wat oars as sjips te iten, Juan begjint om it minste of geringste te gûlen en is sa knoffelich dat er om it hoartsje ferwûne rekket, en Lizzy, dy't al fiif jier foar har broer en suske soarge hat, kin der min oer dat Ellie no har plak besiket yn te nimmen. Dêr komt by dat de bern Spaansk begjinne te praten as se emosjoneel of lulk binne, in taal dy't de Wagners net fersteane (hoewol't Pete fan himsels mient dat er dat wol kin). Allinne by de praatgroep mei de oare pleechâlden kinne Pete en Ellie steam ôfblaze en krije se boppedat begryp fan lju dy't yn deselde sitewaasje sitte.

Pete syn bazige mem Sandy is alhiel feringele om yn ien kear beppe te wêzen, en se wit de bern foar har te winnen troch it hiele gesin mei te nimmen nei ferdivedaasjepark Six Flags. As Lizzy dêr in pear freondinnen treft, jout Sandy har tastimming om 'e rest fan 'e dei mei de fammen op stap te gean. Lizzy komt in oere te let werom, mar wit Sandy om te keapjen as se har in T-shirt jout dat se foar har printsje litten hat mei de tekst "Beppe Sandy". Pete moat tajaan dat it fanke goed wit hoe't se folwoeksenen bespylje moat, mar hysels is noch hieltyd poer en hy jout har hûsarrest.

In pear dagen letter treft Ellie yn Lizzy har sliepkeamer op 'e begeane grûn Lizzy mei har freondinnen oan, dy't troch it finster nei binnen klommen binne. As se dêr wat fan seit, om't hûsarrest betsjut dat Lizzy gjin kontakt mei har freonen hawwe mei, jout ien fan 'e famkes har in grutte mûle. Dêrop jaget Ellie harren der troch itselde finster wer út. Der ûntstiet in heechoprinnende rûzje tusken Ellie en Lizzy, en Pete, dy't op 'e weranda mei Juan oan it nifeljen is, tinkt even net om 'e jonge, mei as gefolch dat Juan himsels mei it spikerpistoal in spiker yn 'e foet sjit. As Lizzy sjocht hoe't Pete en Elly om har broer yn noed sitte en harren mei him nei it sikehûs ta hastigje, begjint se einlings wat te ûnteien. Se sit lykwols emosjoneel alhiel yn 'e tiis.

De oare moarns lit Lizzy har hier boarstelje troch Ellie, mar dat bringt har oantinkens oan har biologyske mem Carla yn tebinnen, dy't dat eartiids ek altyd by har die. As Ellie de oare deis har boarstel foar Lizzy efterlit mei in bryfke derby dat se it ding oan har kado docht, smyt Lizzy him yn it húske. Pete syn oplossing is om Lizzy mei te nimmen nei it hûs dat er oan it renovearjen is, dêr't er har in feilichheidsbril en in foarhammer jout en de koken slope lit om har in útlaatklep foar har oerdúdlike frustraasje te jaan. Dêrnei giet it better. Lita neamt Pete "heit" nei't er har pop reparearre hat en Juan neamt Ellie "mem" as se him treastget nei't er nachts in nachtmerje hân hat.

Dan docht bliken dat Carla Viara, de mem fan 'e pleechbern, ûnderwilens út 'e finzenis kommen is. Se hat de rjochter tastimming frege om har bern wer te sjen, en dat wurdt har tastien. Pete en Ellie hawwe dêr tige mingde gefoelens oer, mar Karen en Sharon lizze út dat it werienjen fan pleechbern mei harren biologyske âlden altyd de earste prioriteit wêze moat. De moetings mei Carla bringe de húshâlding fan 'e Wagners lykwols alhiel yn ûnstjoer: de bern binne nei sa'n moeting dagenlang wyld en net te hantearjen en as Pete en Ellie alles krekt wer wat yn 'e stringen hawwe, is der wer in nije moeting. Uteinlik docht Carla by de rjochter in oanfraach om foargoed har bern werom te krijen, wat Pete en Ellie deprimearret en it gefoel jout oan 'e kant skood te wurden.

By tafal ûntdekt Ellie dat Lizzy mei har mobile tillefoan neakenfoto's fan harsels nommen hat, dy't se nei Jacob stjoere wol, in jonge op har skoalle. Dyselde hat har in foto fan syn pimel stjoerd en har yn in tekstberjochtsje ûnder druk set om mei gelikense munt werom te beteljen. Ellie pakt Lizzy har tillefoan ôf en wisket de neakenfoto's. De oare deis, as Pete en Ellie de bern nei skoalle bringe, sjocht Ellie dêr in jonge rinnen dy't Lizzy earder foar har oer identifisearre hie as Jacob. Pete en Ellie springe út 'e auto om ferhaal te heljen, mar it docht bliken dat de jonge Charlie hjit en neat mei it foarfal te krijen hat. Jacob blykt de 22-jierrige konsjerzje fan 'e skoalle te wêzen, dy't neitiid troch de skandalisearre Pete delslein wurdt, wêrnei't Ellie him in skop yn it krús nei jout. De tahastige plysje pakt Jacob op, mar ek Pete en Ellie, foar mishanneling.

As se dy jûns thúskomme nei't se op boarchtocht frijlitten binne, fertelt Sandy harren dat de pleechbern ûnderwilens troch Karen en Sharon ophelle binne. De oare deis is de rjochtsitting oer de oanfraach fan Carla om har bern werom te krijen, en Sandy seit tsjin Pete en Ellie dat se Lizzy derfan bewissigje moatte dat se fan har hâlde. Se bekent dat se sels as bern ek geastlik mishannele is en dat se der noch altyd muoite mei hat om te leauwen dat minsken fan har hâlde kinne. Se rekket sichtber oandien as Ellie har oankrûpt en har derfan bewissiget dat sy en Pete fan har hâlde.

De oare deis befreget rjochter Rivas Pete en Ellie oer de ferklearring dy't Lizzy yntsjinne hat. Dêryn stiet û.m. dat Ellie Lizzy har freondinnen troch it finster út 'e hûs jage hat en dat Pete op har skoalle in klasgenoat fan har oanfitere hat om syn "grouwe kealskearde prommen nochris út 'e broek te heljen ast doarst". De rjochter wol net harkje as Pete en Ellie dêr wat kontekst by jaan wolle. Hy freget Carla oft se harsels wer by steat achtet om 'e soarch foar har bern op har te nimmen. Sy liket te wifeljen, mar antwurdet dan befêstigjend. De rjochter wiist dêrop de fâdij fan 'e bern wer oan har ta. Lizzy, Juan en Lita geane mei Pete en Ellie mei werom nei hûs om ôfskie te nimmen. Juan en Lita wolle hielendal net by harren wei, mar Lizzy kin suver net wachtsje om fuort.

De oare deis komme Karen en Sharon sûnder Carla del, en fertelle Pete en Ellie dat de oerdracht fan 'e bern net trochgiet. Carla is dy moarn net opdaagjen kommen foar har ôfspraak, en doe't se har thús opsochten, die bliken dat se wer oan 'e drugs wie. Se skamme har en bychte op dat se noch lang net klear wie om wer foar de bern te soargjen, en dat de hiele fâdij-oanfraach eins út Lizzy har koker kommen wie. Lizzy is der stikken fan as se dat heart, en naait út. Pete en Ellie sette har efternei, en by in emosjoneel petear besykje se har te kalmearjen. As dat úteinlik slagget, seit Lizzy dat it har it bêste taliket dat Juan en Lita by Pete en Ellie bliuwe sille, mar dat sysels wer weromgiet nei it opfangtehûs. Pete en Ellie wolle dêr neat fan witte en bewissigje har derfan dat se fan har hâlde en dat se har nea gean litte sille. Op 't lêst lit Lizzy har beprate en keart se mei Pete en Ellie en Juan en Lita werom nei hûs.

Fjouwer moannen letter wenje Pete en Ellie mei de bern yn it grutte hûs dat Pete hielendal renovearre hat. Ek Lizzy neamt Pete no 'heit' en Ellie 'mem', en Pete leart al in aardich wurdsje Spaansk. Se sette ôf nei de rjochtbank, dêr't rjochter Rivas dy deis de adopsje fan 'e fan 'e trije bern troch Pete en Ellie finalisearret. Mei de rjochter, beppe Sandy, beppe Jan en pake Jerry, omkes en muoikes, neven en nichten, de oare pleechgesinnen út 'e praatgroep, en Charlie, mei wa't Lizzy in foarsichtige ferkearing krigen hat, giet it nije gesin op 'e foto om 'e feestlike gelegenheid te ferivigjen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Mark Wahlberg.
 
Rose Byrne.
 
Isabela Moner.
haadrollen
personaazje         akteur/aktrise
Pete Wagner Mark Wahlberg
Ellie Wagner Rose Byrne
Lizzy Viara Isabela Moner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Juan Viara Gustavo Escobar
Lita Viara Julianna Gamiz
Sharon Tig Notaro
Karen Octavia L. Spencer
beppe Sandy Margo Martindale
beppe Jan Julie Hagerty
pake Jerry Michael O'Keefe
Kim Allyn Rachel
Russ Tom Segura
rjochter Martin T. Rivas Valente Rodriguez
Carla Viara Joselin Reyes
Charlie Carson Holmes
Jacob Nicholas Logan
Dirk Gary Weeks
Brenda Eve Harlow
October Iliza Shlesinger
Jessie Andrea Anders
Stewart Charlie McDermott
frou Howard Joan Cusack

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Instant Family wie fan it begjin ôf oan in projekt fan regisseur Sean Anders, dy't it ferhaal op syn eigen, wiere ûnderfinings mei it adopsjeproses basearre. It senario waard skreaun troch John Morris mei ynbring fan Anders sels. As produsinten wiene njonken Anders en Morris ek Stephen Levinson, Eric Kissack en haadrolspiler Mark Wahlberg by it projekt belutsen foar de filmstudio's Leverage Entertainment, Closest to the Hole Productions en Two Grown Men Productions. Wahlberg en Anders hiene earder gearwurke oan Daddy's Home en Daddy's Home 2. Der wie foar Instant Family in budget beskikber fan $48 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Brett Pawlak, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Andrews. De opnamen begûnen yn maart 2018 en duorren oant en mei 14 maaie.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Instant Family waard fersoarge troch Paramount Pictures. Oarspronklik soe de film útkomme yn febrewaris 2019, mar letter waard dat in fearnsjier yn 'e tiid tebekhelle, nei 11 novimber 2018. Op 10 novimber waard bekendmakke dat de premiêre ôflast waard omreden fan 'e Woolseybrân, in reuseftige natoerbrân dy't Los Angeles bedrige. Ynstee dêrfan soe der in fertoaning fan 'e film organisearre wurde yn it evakuaasjesintrum dêr't de lju opfongen waarden dy't foar de brân op 'e flecht slaan moatten hiene. Instant Family iepene dêrnei op 16 novimber 2018 yn 'e Amerikaanske bioskopen. De film kaam op 19 febrewaris 2019 beskikber as digitale download en waard op 5 maart fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Instant Family in heech goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 145 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] sil wol net alhiel de kompleksiteit fan in adopsje yn it echte libben werjaan, mar, en dat is tapaslik foar de bân sûnder betingsten dêr't it oer giet, dizze ymperfekte mar goedbedoelde drameedzje is úteinlik dochs de ynvestearring wurdich." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Instant Family in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 28 resinsjes.

Instant Family brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $67,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $53,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $120,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $48 miljoen betsjut dat in winst fan $72,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Instant Family in beskieden kommersjeel súkses.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.