Karen Blixen

(Trochferwiisd fan Isak Dinesen)

Karen Blixen (Deenske útspr.: [kʰɑ:ɑn 'b̥leɡ̊sn̩]; folút: Karen baronesse von Blixen-Finecke; berne as: Karen Christenze Dinesen; Rungsted, 17 april 1885 – dêre, 7 septimber 1962) wie in Deensk skriuwster, essayiste, autobiografe en keunstneresse, dy't ek skreaun hat ûnder de pseudonimen Isak Dinesen, Tania Blixen, Osceola en Pierre Andrézel. Hja wenne fan 1914 oant 1931 yn 'e Britske koloanje East-Afrika (it lettere Kenia), en is it bekendst wurden troch har autobiografyske roman oer dy jierren, Den Afrikanske Farm, dêr't yn 1985 in mannichfâld bekroande ferfilming fan makke waard ûnder de titel Out of Africa. Dêrnjonken is Blixen benammen yn Denemark ek bekend fanwegen har koarte ferhaal Babettes Gæstebud en de ferhalebondel Syv Fantastiske Fortællinger.

Karen Blixen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Isak Dinesen, Tania Blixen,
Osceola, Pierre Andrézel
echte namme Karen baronesse von
   Blixen-Finecke
nasjonaliteit Deensk
berne 17 april 1885
berteplak Rungsted (Denemark)
stoarn 7 septimber 1962
stjerplak Rungsted (Denemark)
etnisiteit Deensk
wurk
taal Deensk, Ingelsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
essay's, autobiografy
perioade 1e helte & midden 20e iuw
streaming neo-romantyk, magysk reälisme
bekendste
  wurk(en)
Den Afrikanske Farm
   (Out of Africa)
Babettes Gæstebud
Syv Fantastiske Fortællinger
prizen Tagea Brandt Rejselegat 1939
Ingenio et Arti-medalje 1950
jierren aktyf 19051962
offisjele webside
www.karenblixen.com

Blixen waard yn 1885 berne as Karen Christenze Dinesen op it bûten Rungstedlund, dat benoarden de Deenske haadstêd Kopenhagen op it eilân Seelân leit. Hja wie de dochter fan 'e skriuwer en legerofsier Wilhelm Dinesen en dy syn frou Ingeborg Westenholz, dy't út in rike boargerfamylje kaam. Har heit wie wat in skeanskermer, dy't oan syfilis en depressiviteit litte en yn 1872 en 1973 yn Amearika mank de Odjibwe yn Wiskonsin libbe hie en dêr yn Mole Lake by in lânseigen frou in dochter oanset hie dy't pas berne waard doe't hy alwer weromkeard wie yn Denemark. Behalven Karen hied er út syn houlik ek in soan, Thomas Dinesen. Nei't er yn 1895 by de faam Anna Rasmussen in trêde dochter (Else Ulla Elida Spange) oanset hie, makke er in ein oan syn libben troch yn it tou te gean. Syn dochter Karen wie doe tsien jier âld.

 
Karen Blixen yn 'e tweintiger jierren mei har broer Thomas Dinesen.

Neitiid groeide hja foar in part op op Mattrup, it bûten fan har memme famylje deunby Horsens, wylst hja keunstûnderwiis folge yn Kopenhagen, Parys en Rome. Yn 1905 begûn se foar it earst koarte ferhalen te publisearjen yn Deenske tydskriften, en dêrfoar brûkte se it pseudonym Osceola, dat basearre wie op it Seminoalske opperhaad mei deselde namme.

Yn 1913 ferloofde se har mei de Sweedske baron Bror von Blixen-Finecke, nei't se earder in op 'e non rûne leafdesrelaasje mei dy syn broer ûnderholden hie. Hja trouden al rillegau en emigrearren nei it tsjintwurdige Kenia, dat doe diel útmakke fan Britsk East-Afrika. Begjin 1914 fêstigen se dêr mei jild fan 'e Dinesen-famylje in kofjeplantaazje, wêrfoar't se lânseigen arbeiders oanloeken, dy't benammen leden fan 'e pleatslike etnyske groep, de Kikûjû, wiene. Karen Blixen, sa't se harsels dêr begûn te neamen, ûntdiek yn Afrika in frijheid fan 'e strange maatskiplike konvinsjes dy't yn Denemark hearsken, en ûnderfûn it libben dêr as in ferromming. Har relaasje mei har man liet lykwols te winskjen oer, mei't se hiel ferskillende temperaminten hiene en Bror von Blixen har geregeldwei ûntrou wie. Oan 'e ein fan har earste houliksjier waard der by har syfilis fêststeld (dêr't hy har nei alle gedachten mei besmet hie). Hoewol't se úteinlik genies, makke Blixen in minne tiid troch, en har houlik strâne úteinlik yn 1921, wêrnei't yn 1925 de formele skieding folge.

Begjin tweintiger jierren krige Blixen in relaasje mei de Ingelske jager en piloat Denys Finch Hatton, mei wa't se al koart nei har oankomst yn Kenia yn 'e kunde kommen wie. Fanôf 1926 brûkte Finch Hatton Blixen har plantaazje as útfalspunt foar syn safarys, oant er yn 1931 om it libben kaam doe't syn De Havilland Gipsy Moth-propellorfleantúch delstoarte. Om dyselde tiid hinne gie it almar minder mei de kofjeplantaazje, sawol troch de Grutte Depresje as om't de grûn dêre eins net gaadlik wie foar kofjeproduksje. Dêrtroch waard Blixen letter datselde jiers twongen om har bedriuw op te jaan en werom te kearen nei Denemark.

 
It Karen Blixen Museum yn 'e Keniaanske haadstêd Nairobi.

Skriuwkarriêre

bewurkje seksje

Sadree't se wer yn har heitelân wie, sette Blixen útein mei in karriêre as skriuwster. Dêrby skreau se benammen yn it Ingelsk, dat se dan neitiid oersette yn it Deensk. Earder hie Blixen al út en troch wat losse ferhalen publisearre, mar yn 1935 brocht se ûnder it pseudonym Isak Dinesen har earste boek út, in ferhalebondel mei as titel Syv Fantastiske Fortællinger ("Sân Fantastyske Teltsjes"), dy't yn it Ingelsk (yn 1934) publisearre waard as Seven Gothic Tales. Har twadde boek, dat yn 1937 ûnder har eigen namme útjûn waard, hiet yn it Deensk Den Afrikanske Farm ("De Afrikaanske Boupleats"), mar is folle bekender ûnder de Ingelske titel Out of Africa ("Ut Afrika Wei"). It is in roman yn fiif dielen, dy't frijwol folslein basearre is op Blixen har autobiografyske ûnderfinings yn Afrika. Yn 1985 waard it boek troch Sydney Pollack ferfilme as Out of Africa, mei Meryl Streep yn 'e rol fan Karen Blixen, Klaus Maria Brandauer as Bror von Blixen en Robert Redford as Denys Finch Hatton. De earste sin fan 'e voice-over: I had a farm in Africa, at the foot of the Ngong Hills ("Ik hie in plantaazje yn Afrika, oan 'e foet fan 'e Ngongheuvels") is no ien fan 'e meast ferneamde sitaten út 'e ynternasjonale filmskiednis. Out of Africa wûn yn 1986 de Oscar foar bêste film. Ek it oarspronklike boek waard tige goed ûntfongen en fêstige Blixen har namme as skriuwster. Yn 1939 waard har it Tagea Brandt Rejselegat takend, in Deenske priis foar froulju yn 'e skiene keunsten of út akademyske fermiddens.

 
Blixen (rj.) en har freon Joery Moskvitin (m.) by in moeting mei de komponist Igor Stravinsky (l.), yn 1959.

Under de Twadde Wrâldoarloch, doe't Denemark beset wie troch de Dútsers, skreau Blixen ûnder de skûlnamme Pierre Andrézel har iennichste lange roman, Gengældelsens Veje, yn it Ingelsk The Angelic Avengers neamd. Dat boek kaam út yn 1944, en de ferskrikkings dy't de jonge haadpersonaazjes trochmakken, waarden ynterpretearre as in allegory op it nasjonaal-sosjalisme. Neitiid publisearre Blixen noch ferskate ferhalebondels, wêrfan't it koarte ferhaal Babettes Gæstebud of Babette's Feast ("Babette har Gastmiel") fierwei it bekendste waard. Yn 1950 wûn Blixen de Deenske Ingenio et Arti-medalje.

Geandewei de 1950-er jierren gie Blixen har sûnens stadichoan efterút. Hoewol't men der doedestiden ornaris fan útgie dat it dêrby om it op 'e nij oppenearjen fan har syfilis gie, die út yngeand medysk ûndersyk net bliken dat har mentale kapasiteiten minder waarden, wat ien fan 'e wichtichste symptomen fan dy geslachtssykte is. Tsjintwurdich binne medyske ekspêrs fan betinken dat har minnichte, en fral it feit dat se in mylde mar ûnomkearbere foarm fan gefoelsferlies yn beide skonken ûndergie, wierskynlik te krijen hie mei it oanhâldend en rûnom brûken fan rottegif yn Afrika. Oare saakkundigen skriuwe har gewichtsferlies en úteinlike dea ta oan anoreksia nervosa. Yn 1955 moast der fanwegen in maagswolm by in operaasje in trêdepart fan Blixen har mage ferwidere wurde. Op 't lêst moast se har skriuwen deroan jaan, al wurke se út en troch noch wol mei oan radio-útstjoerings. Blixen stoar úteinlik yn 1962 te Rungstedlund yn 'e âlderdom fan 77 jier oan ûnderfieding, om't se net mear ite koe.

Nei har ferstjerren ferskynden fan har postúm noch ferskate ferhalen, in stikmannich essay's en har briefkerij. Hoewol't Blixen nea de Nobelpriis foar de Literatuer wûn, die yn 2012, doe't de argiven fan 'e Nobelprizen iepenbier makke waarden, bliken dat se yn 1961 op it trêde plak einige wie, nei Graham Greene en winner Ivo Andrić. Ek yn 1962 wie se nominearre, mar troch har ferstjerren dat jiers waard se ûnferkiesber om't de Nobelprizen net postúm takend wurde kinne. Peter Englund, de permaninte siktaris fan 'e Sweedske Akademy, it ynstitút dat de Nobelpriis foar de Literatuer útrikt, omskreau it yn 2010 as in histoaryske flater dat Blixen de Nobelpriis nea takend is.

 
Blixen har grêf, te Rungstedlund.
as Osceola
  • 1907 – Eneboerne (koart ferhaal)
  • 1907 – Pløjeren (koart ferhaal)
  • 1909 – Familien de Cats (koart ferhaal)
as Isak Dinesen
  • 1935 – Syv Fantastiske Fortællinger (ferhalebondel; yn 1934 publisearre yn it Ingelsk as Seven Gothic Tales)
    • Vejene Omkring Pisa
    • Den Gamle Vandrende Ridder
    • Aben
    • Syndfloden over Norderney
    • Et Familieselskab i Helsingør
    • Drømmerne
    • Digteren
as Pierre Andrézel
  • 1944 – Gengældelsens Veje (roman)
 
It Karen Blixen Museum yn it Deenske Rungstedlund.
as Karen Blixen
  • 1926 – Sandhedens Hævn – En Marionetkomedie (koart ferhaal)
  • 1937 – Den Afrikanske Farm (roman yn 5 dielen; yn 1938 publisearre yn it Ingelsk as Out of Africa)
    • Kamante og Lullu
    • Et Vaadeskuds Historie
    • Gæster på Farmen
    • Af en Emigrants Dagbog
    • Farvel til Farmen
  • 1942 – Vinter-Eventyr (ferhalebondel)
    • Skibsdrengens Fortælling
    • Den Unge Mand med Nelliken
    • En Historie om en Perle
    • De Standhaftige Slaveejere
    • Heloïse
    • Det Drømmende Barn
    • Fra det Gamle Danmark
    • Alkmene
    • Peter og Rosa
    • Sorg-Agre
    • En Opbyggelig Historie
  • 1957 – Sidste Fortællinger (novelle- en ferhalebondel)
    • Albondocani (novelle)
      • Kardinalens Første Historie
      • Kappen
      • Nattevandring
      • Om Hemmeligheder og om Himlen
      • To Gamle Herrers Historier
      • Kardinalens Tredje Historie
      • Det Ubeskrevne Blad
    • Nye Fantastiske Fortællinger (nije fantasijferhalen)
      • Karyatiderne – En Ufuldendt Historie
      • Ekko
    • Nye Vinter-Eventyr (nije winterteltsjes)
      • En Herregårdshistorie
      • Ib og Adelaide
      • Samtale om Natten i København
  • 1958 – Skæbne-Anekdoter (ferhalebondel)
    • Dykkeren
    • Babettes Gæstebud
    • Storme
    • Den Udødelige Historie
    • Ringen
  • 1960 – Skygger på Græsset (ferhalebondel)
    • Farah
    • Barua a Soldani
    • Den Store Gestus
    • Ekko fra Højene
  • 1962 – Osceola (ferhalebondel)
    • Grjotgard Ålvesøn og Aud
    • Pløjeren
    • Eneboerne
    • Familien de Cats
    • Vinger
    • Måneskin
    • Medvind
    • Vuggesang
    • En Stjerne
    • Balladen om mit Liv
    • Ex Africa
  • 1963 – Ehrengard
  • 1965 – Essays (essay's; lettere útwreide edysje yn 2 dielen: Mit livs mottoer og andre essays (1978) en Samlede essays (1985))
    • Mit Livs Mottoer
    • Daguerreotypier
    • En Båltale med 14 Års Forsinkelse
    • Fra Lægmand til Lægmand
    • Breve Fra et Land i Krig
    • Gensyn med England
    • Om Retskrivning
    • H.C. Branner (oer H.C. Branner)
    • Rytteren
  • 1975 – Efterladte Fortællinger (ferhalebondel; lettere útwreide edysje yn 2 dielen: Kongesønnerne og Andre Efterladte Fortællinger (1985) en Karneval og Andre Fortællinger (1994))
    • Familien de Cats
    • Onkel Théodore
    • Karneval
    • Den Sidste Dag
    • Onkel Seneca
    • Den Fede Mand
    • Anna
    • Den Stolte Dame
    • Bjørnen og Kysset
    • Gensyn
  • 1978 – Breve fra Afrika 1914-31 (brieven)
  • 1981 – Moderne Ægteskab og Andre Betragtninger (essay's; letter werútjûn as ûnderdiel fan Samlede Essays (1985))
  • 1983 – Ungdomsarbejder af Karen Blixen – Et Udvalg ved Else Cederborg (blomlêzing fan ier wurk)
  • 1996 – Karen Blixen i Danmark – Breve 1931-1962 (brieven)
  • 2001 – Karen Blixens Kunst – Tegninger og Malerier (printeboek fan Blixen har tekenings en skilderijen)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.