Hegewiersterfjild
It Hegewiersterfjild is in lyts natoergebiet yn it noardwesten fan Fryslân. It leit fuort besuden de stêd Harns oan 'e rykswei N31, mar heart bestjoerlik ta de himrik fan it doarp Kimswert, yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It natoergebiet beslacht in oerflak fan 135 ha. De kearn fan it gebiet ûntstie begjin 1930-er jierren troch in sânôfgraving yn it ramt fan 'e oanlis fan 'e Ofslútdyk. Yn 1999 kocht de Feriening Natoermonuminten dy put oan, makke der in natoergebiet fan en wreide dat út mei oanswettend lân.
Hegewiersterfjild | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
neiste plak | Kimswert | |
oare ynformaasje | ||
status | natoergebiet | |
oerflak | 135 ha | |
stifting | 1999 | |
behear | Feriening Natoermonuminten | |
webside | www.natuurmonumenten.nl/... |
It Hegewiersterfjild is in wichtich briedgebiet foar greidefûgels lykas de skries, de tsjirk, de strânljip en de ljip. Ek seefûgels as de wytstirns en steltrinners as de lytse bûnte wilster en de klút sitte der by 't folop. Fan 'e útsjochhichte ôf binne de koloanjes wytstirnzen en kluten goed gewaar te wurden. Letter yn 't jier jaget yn it Hegewiersterfjild de sljochtfalk op smjunten en wilsters. Winterdeis strike der blêsguozzen en pauguozzen del.
Yn it gebiet komt sâlte kwel oan de oerflakte. Dêrtroch groeie der sâltplanten lykas kwelderkrûd (Nederlânsk: zeekraal), see-aster (zulte) en sparjekrûd (schijnspurrie). Nei 2010 hat Natoermonuminten yn it ramt fan in ferwietingsprojekt it Hegewiersterfjild fan 'e boppeste laach seeklaai ûntdwaan litten. Ynstee fan it grûnwetterpeil omheech te bringen, sa't ornaris dien wurdt, waard hjir dus it grûnoerflak omleech brocht. Dêrtroch hiene de boeren yn 'e omkriten fan it natoergebiet der gjin lêst fan. Dit projekt kaam mids 2018 ree, sadat it Hegewiersterfjild op 28 juny fan dat jier weriepene wurde koe. Troch de ferwieting is it natoergebiet gaadlik makke foar greidefûgels yn 'e maityd en foar stelrinners en oare trekfûgels by 't hjerstmis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Natoergebieten fan de Feriening Natuermonuminten yn Fryslân | |
---|---|
Aldemardumer Klif
• Filenspolder
• Flytsterbosk
• Fochtelerfean
• It Gryn
• Haulerpolder
• Hegewiersterfjild
• Leonserpolder
• Lycklamabosk
• Nasjonaal Park De Lauwersmar
• Nasjonaal Park Skiermûntseach
• Rengersmiede
• Riisterpolder
• Skrins
• Skrok
• Slotpleats
• Suderfinnenspolder
• Westerhitsumerbosk
|