Kiss Me, Kate (film út 1953)

film út 1953 fan George Sidney

Kiss Me, Kate is in Amerikaanske romantyske komeedzje yn 'e foarm fan in filmmusical yn Technicolor, út 1953, ûnder rezjy fan George Sidney. De haadrollen waarden fertolke troch Kathryn Grayson, Howard Keel en Ann Miller. De titel betsjut "Tútsje My, Kate". De film wie basearre op 'e súksesfolle Broadway-musical mei deselde namme fan Cole Porter. It ferhaal folget toanielakteurs Fred Graham en Lilli Vanessi, dy't in jier lyn faninoar skieden binne, as se in musicalferzje fan it toanielstik De Fekke Nuet fan William Shakespeare op 'e planken bringe wolle. Fan it begjin ôf oan kinne se al min mei-inoar, mar midden ûnder de foarstelling jouwe se har ta konsternaasje fan 'e oare akteurs oer oan emosjonele oarlochfiering. It iennichste dat de foarstelling geande hâldt, binne de bedrigings fan in pear kriminelen dy't in gokskuld ynje wolle. Kiss Me, Kate krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar hoewol't de film it yn 'e bioskopen net min die, bleaune de produsinten mei in ferlies sitten.

Kiss Me, Kate
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur George Sidney
produsint Jack Cummings
senario Dorothy Kingsley
basearre op de musical fan Cole Porter
De Fekke Nuet fan
   William Shakespeare
kamerarezjy Charles Rosher
muzyk Cole Porter (lieten)
Saul Chaplin (soundtrack)
André Previn (soundtrack)
Conrad Salinger (orkest)
filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollen Kathryn Grayson
Howard Keel
Ann Miller
byrollen Tommy Rall
Keenan Wynn
James Whitmore
Willard Parker
Ron Randell
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 5 novimber 1953
foarm lange filmmusical
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 109 minuten
budget en resultaten
budget $1.981.000
opbringst $3.117.000

Fred Graham en Lilli Vanessi wiene foarhinne in troud pear, mar se binne in jier lyn skieden. Se binne allebeide toanielakteurs, en as Fred mei komponist en tekstskriuwer Cole Porter plannen makket foar in nije musical op basis fan De Fekke Nuet, in toanielstik fan Shakespeare, beslute se dat Lilli de froulike haadrol fan Katherine (Kate) krije moat. It is dreech om Lilli oer te heljen om wer mei Fred gear te wurkjen, benammen om't Fred net inkeld de manlike haadrol (Petruchio) spylje, mar ek regisseur wêze sil. Lilli sil dus ûnder har eks-man wurkje moatte, dy't se net útstean kin. Se hat al besletten om it oanbod ôf te slaan en mei har ferloofde te trouwen, in rike rancher út Teksas, as Fred har jaloersk makket troch de froulike haadrol oan te bieden oan 'e jongere, tsjeppe aktrise Lois Lane, dy't eins audysje die foar de rol fan Katherine har jongere suster Bianca. Mei dat stikje manipulaasje wit Fred Lilli safier te krijen dat se de rol dochs oannimt.

Lois har feint Bill Calhoun, dy't yn 'e musical Lucentio spilet, is in gokferslaafde dy't de middeis foar de premiêre fan it stik yn in spultsje poker $2.000 ferliest oan in pleatslike maffiabaas. Om't er it jild net hat, ûndertekenet er in skuldbekentenis mei de namme fan Fred Graham. Fuort foar't de premiêre begjint, moetsje Fred en Lilli inoar yn harren klaaikeamers dy't njonkeninoar lizze en in tuskendoar hawwe. Se foeterje inoar út, mar it redendielen giet stadichoan oer yn it opheljen fan nostalgyske oantinkens oan foarstellings út harren houlikstiid, en it wurdt dúdlik dat se allebeide noch gefoelens foar inoar hawwe. Se wikselje úteinlik sels in tút út.

Lilli is bliid ferrast as Fred har inkele minuten foar de foarstelling in boeket roazen stjoerd, krekt sa't er dat foarhinne die. De besoarging dêrfan by Lilli is lykwols in fersin fan Fred syn butler; de blommen wiene eins bedoeld foar Lois, op wa't Fred fereale rekke is. Lilli beseft dat net om't se it byhearrende bryfke net fûn hat, en as har tsjinstfaam Suzanne it lang om let dochs fynt, moat de opfiering begjinne en docht Lilli it har net mear oan tiid om it te lêzen. Dêrom stoppet se it by har dekolletee yn foar letter.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 'e musical wol Bianca (spile troch Lois), de jongste dochter fan Baptista, in rike man út it Italjaanske Padua, graach trouwe mei ien fan har trije frijers Gremio, Hortensio en Lucentio (se hat noch net besletten mei wa). Mar dat kin net, want har heit wol beslist dat earst har âldere suster Katherine trout. Katherine (spile troch Lilli) is lykwols in jonge frou dy't neat fan trouwen of fan manlju hawwe moat. As de ealman Petruchio (spile troch Fred) yn Padua arrivearret, liket it him in útdaging ta om 'e 'fekke' Katherine 'nuet' te meitsjen, en dêr lit er him sadwaande troch har heit ta omkeapje. As Petruchio in serenade bringt oan Katherine, komme Fred syn (neffens har) hertlike wurden Lilli sa op it moed, dat se yn 'e kûlissen it kaartsje foar 't ljocht hellet dat by de blommen hearde om dat tuskentroch eefkes fluch te lêzen.

As Lilli lykwols sjocht dat it oan Lois rjochte is, en foar it ferstân kriget dat de blommen hielendal net foar har bedoeld wiene, wurdt se sa poerrazen, dat se yn 'e folgjende sêne fan Katherine en Petruchio har eigen teksten begjint te betinken om him it mannewaar op it sizzen op sa'n wize dat it publyk mient dat it allegear by de foarstelling heart. Se kreëarret dêrby doelbewust mominten yn it optreden dat se Fred in klap yn it gesicht jaan kin. Op flústertoan warskôget Fred har op in stuit dat er syn nocht hat en dat er har pak foar de broek jaan sil as se net ophâldt, mar Lilli set troch op 'e ynsleine wei. Dêrop leit Fred har oer de knibbel en jout har, ta hilariteit fan it publyk, in pak foar de kont wylst it doek foar de sêne omleech komt. Neitiid fertelt Lilli Fred dat se net iens fan doel is en meitsje de foarstelling ôf, mar dat se op stel en sprong fuort sil. Se skillet har ferloofde Tex op om har op te heljen.

Underwilens binne Lippy en Slug, twa kriminelen, yn 'e skouboarch delkommen om 'e $2.000 te ynjen dy't Fred harren baas skuldich wêze soe. Fred wiuwt dat earst fuort, om't er net wit wêr't se it oer hawwe. Pas letter, as Bill him op oantrúnjen fan Lois fertelt wat er dien hat, begrypt Fred wêr't de stâle fêst sit. De beide kriminelen sykje him op 'e nij op yn syn klaaikeamer as der in sêne geande is dêr't Petruchio en Katherine net yn te sjen binne, hoewol't Fred noch hieltyd net fan doel is om te beteljen. Mar dan kriget er ynienen in lumineus idee. Hy bekent oan Lippy en Slug dat er harren baas yndie jild skuldich is, mar dat er it net hat. As de foarstelling no mar in wike rinne soe, dan soed er de skuld foldwaan kinne, mar ja, syn tsjinspylster wol oppakke, dat se kinne fan 'e jûn net iens útspylje. Lippy en Slug bejouwe harren dêrop nei de klaaikeamer fan Lilli, dy't se troch fertoan fan in fjoerwapen bedrige om troch te gean mei de foarstelling.

Om't se fermoedzje dat Lilli dochs noch útpike sil sadree't se dêr de kâns ta kriget, litte de beide kriminelen harren troch Fred oanklaaie yn in pear kostúms foar figuranten, sadat se har op it toaniel yn 'e gaten hâlde kinne. Petruchio stelt de beide manlju oan it publyk foar as syn tsjinstfeinten. Se kinne net aktearje en hâlde en drage har sa knoffelich, dat it publyk it útskatteret om't it mient dat se mei sin sa bryk dogge om komysk te wêzen. Under it skoft arrivearret Tex om Lilli op te heljen, mar Lois ken him werom as de man mei wa't se in koarte relaasje hân hat doe't se ris optrede yn Teksas. Tex beart dat er net wit wêr't se it oer hat. Bill is lulk as er heart wat der bepraat wurdt, en Lois fertelt him dat se de avânses fan oare manlju net wjerstean kin, mar dat se inkeld fan him hâldt.

Fuort dêrnei besykje Lippy en Slug harren baas te skiljen, mar hearre oer de tillefoan dat er fermoarde is by in 'saaklike gearkomste' mei in oare maffiabaas. Se ornearje dêrom dat de skuld kwytskolden is en beëinigje harren bemuoienis mei de foarstelling. Fred seit tsjin Lilli dat it toaniel har thús is en sprekt yn bedutsen termen syn gefoelens foar har út, mar Lilli set likegoed ôf mei Tex. Nei ferskate oare sênes dêr't Katherine net yn foarkomt, moat Lilli har dûbluere Jeanie yn 'e slotsêne fan 'e musical de rol fan Katherine oernimme, mar ynstee ferskynt Lilli wer op it toaniel. Fred is alhiel ferbjustere, en de musical einiget mei in tút fan Petruchio en Katherine, dy't ek in wiere tút fan Fred en Lilli is.

  1. So in Love – Lilli and Fred
  2. Too Darn Hot – Lois
  3. Why Can't You Behave – Lois en Bill
  4. Kiss Me, Katekoar
  5. Wunderbar – Lilli en Fred
  6. So in Love (reprize) – Lilli
  7. We Open in Venice – Lilli, Fred, Lois enBill
  8. Tom, Dick or Harry – Lois, Gremio, Bill en Hortensio
  9. I've Come to Wive it Wealthily in Padua – Fred
  10. I Hate Men – Lilli
  11. Were Thine that Special Face – Fred
  12. Finale Act One (Kiss Me, Kate) – koar
  13. Where Is the Life that Late I Led – Fred
  14. Always True to You in My Fashion – Lois en Bill
  15. Brush Up Your Shakespeare – Slug en Lippy
  16. From this Moment On – Lois, Bill, Hortensio en Gremio
  17. Finale – Fred en koar
 
Kathryn Grayson.
 
Howard Keel.
(yn Annie, Get Your Gun.)
 
Ann Miller.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Lilli Vanessi / "Katherine (Kate)" Kathryn Grayson
Fred Graham / "Petruchio" Howard Keel
Lois Lane / "Bianca" Ann Miller


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Bill Calhoun / "Lucentio" Tommy Rall
Lippy Keenan Wynn
Slug James Whitmore
Tex Calloway Willard Parker
Cole Porter Ron Randell
"Baptista" Kurt Kasznar
"Gremio" Bobby Van
"Hortensio" Bob Fosse
Suzanne Ann Codee

Lilli har dûbluere Jeanie wurdt ferskate kearen neamd, mar ferskynt nea yn byld. Yn 'e toanielmusical wie Lilli har ferloofde in dominante en ambisjeuze politikus, generaal Harrison Howle; dat personaazje komt yn 'e film net foar, mar is dêr ferfongen troch Tex Calloway.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Kiss Me, Kate waard regissearre troch George Sidney nei in senario fan Dorothy Kingsley. De film wie basearre op 'e Broadway-musical Kiss Me, Kate, fan Cole Porter (ferskes) en Samuel en Bella Spewack (senario) út 1948. Beide wurken griepen foar in grut part tebek op it sechstjinde-iuwske toanielstik De Fekke Nuet, fan ferneamde Ingelske toanielskriuwer William Shakespeare.

As produsint wie Jack Cummings by it projekt belutsen foar de filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Foar de film wie in budget beskikber fan $1.981.000. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Charles Rosher. De filmmuzyk waard fersoarge troch Saul Chaplin en André Previn mei de ferskes fan Cole Porter, orkestrearre troch Conrad Salinger. It dûnsjen waard goreografearre troch Hermes Pan.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Kiss Me, Kate waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer. Der waarden previews fan 'e film holden op 15 oktober 1953 yn Columbus (Ohio), Evansville (Indiana), Houston (Teksas) en Rochester (New York), en letter dy moanne yn Dallas (Teksas) en Dayton (Ohio). Op 5 novimber gie Kiss Me, Kate yn New York yn premiêre, wêrnei't de film op 26 novimber iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Fan 'e filmkritisy krige Kiss Me, Kate oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Bosley Crowther de film yn The New York Times as "ien fan 'e geweldichste filmmusicals fan it jier. […] In prachtich regissearre, kundich aktearre en wurklik treflik songen produksje." Dêr heakke er oan ta dat de film eins better wie as de toanielmusical dêr't er op basearre wie. Yn The Washington Post wie Richard L. Coe it dêr beslist net mei iens. Hy mocht net oer de feroarings dy't foar de ferfilming trochfierd wiene, en skreau: "it senario fan it orizjineel is sa yngeand skjinwosken dat der amper noch wat oerbleaun is fan 'e komeedzje, dy't eins útskaaide nei guod dat frijwat op it rântsje wie." Tsjintwurdich wurdt de film as in musicalklassiker beskôge. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Kiss Me, Kate in heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 11 ûnderskate resinsjes.

Kiss Me, Kate brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $2.011.000 op, en yn alle oare lannen en territoaria $1.106.000. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $3.117.000. Ofset tsjin it budget fan $1.981.000 betsjut dat in winst fan $1.136.000, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dy wiene lykwols sa heech dat MGM úteinlik sitten bleau mei in ferlies fan $544.000.

Saul Chaplin en André Previn waarden foar de filmmuzyk fan Kiss Me, Kate nominearre foar in Oscar. It senario fan Dorothy Kingsley waard nominearre foar in Writers Guild of America Award.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.