Me Before You (film)

film út 2016 fan Thea Sharrock

Me Before You is in Britsk-Amerikaanske romantyske dramafilm út 2016. De titel kin oerset wurde as: "Ik foar Dy" (yn 'e betsjutting fan "sa't ik wie foar't ik mei dy yn 'e kunde kaam"). De film wie it debút fan regisseur Thea Sharrock. It senario waard skreaun troch de Ingelske auteur Jojo Moyes op basis fan har eigen roman mei deselde namme út 2012. It ferhaal giet oer in jonge frou dy't oannommen wurdt as fersoarchster fan in ferlamme rekke jongeman, dy't geandewei fereale rekket op har pasjint. De haadrollen yn Me Before You waarden fertolke troch Emilia Clarke, Sam Claflin, Jenna Coleman en Charles Dance. De film ûntfong mingde kritiken en late ta kontroverse fanwegen it ûnderwerp eutanasy, mar waard in kommersjeel súkses.

Me Before You
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Thea Sharrock
produsint Karen Rosenfelt
Alison Owen
senario Jojo Moyes
basearre op de roman fan Jojo Moyes
kamerarezjy Remi Adefarasin
muzyk Craig Armstrong
filmstudio New Line Cinema
Metro-Goldwyn-Mayer
Sunswept Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Emilia Clarke
Sam Claffin
byrollen Jenna Coleman
Charles Dance
Janet McTeer
Matthew Lewis
Steve Peacocke
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 23 maaie 2016
foarm langspylfilm
sjenre romantyske dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget $20 miljoen
opbringst $208,3 miljoen
prizen People's Choice Award 2017

Louisa Clark, ropnamme Lou, is in lokkige en ekstroverte jonge frou fan yn 'e tweintich út 'e Ingelske arbeidersklasse. Hja wennet noch thús en ûnderhâldt mei in baantsje as servearster yn in pleatslik kafee net inkeld harsels, mar ek har wurkleaze heit, har mem, har ynwenjende pake, har jongere suster Katrina en dy har fjouwerjierrige soan. It ferhaal begjint as Lou ûntslach kriget yn it kafee as dat troch de ekonomyske resesje yn 'e finansjele swierrichheden rekket. Se giet wanhopich op 'e siik nei oar wurk, mar har gebrek oan oplieding en ûnderfining spilet har parten. Uteinlik wurdt se oannommen troch de rike famylje Traynor, as fersoarchster fan soan Will.

Will Traynor is in jongeman dy't foarhinne in súksesfol bankier en aktyf sporter wie, oant er twa jier earder yn Londen by it oerstekken fan in strjitte oanriden waard troch in motor. Hy rûn in dwersleezje op en is sûnt fan 'e nekke ôf ferlamme. Hy is tige ferbittere oer syn lot en oer de konstante pine dêr't er mei libje moat, en dat reägearret er ôf op syn fersoargers. Dat is ek de reden dat syn âlden genoegen nimme mei in fersoarchster sûnder oplieding en relevante wurkûnderfining om ferpleechkundige Nathan by te stean: Will hat alle foargeande fersoargers fuortjage mei syn haatlike hâlden en dragen. Frou Traynor, Will syn mem, hopet dat Lou, mei har fleurige ynstelling, in goede ynfloed op har soan wêze sil. Lou har wurk bestiet der benammen út om Will selskip te hâlden of alteast him yn 'e rekken te hâlden as Nathan frij is. De medyske behanneling, fysioterapy en help by it oanklaaien ensfh. is Nathan syn wurk.

Lou har earste moeting mei Will is net bemoedigjend. Hy reägearret tige kâld op har fleurigens en behannelet har mei minachting. Nei fjirtjin dagen by de Traynors wurke te hawwen, is Lou suver de wanhope neiby. Dan kriget Will besite fan syn eks-freondinne Alicia, dy't er nei syn ûngelok by him wei dreaun hat, en syn eardere bêste freon Rupert. Hja fertelle him dat se yn 'e tuskentiid fereale rekke binne en dat se fan doel binne om harren mei-inoar te ferloovjen. Neitiid reaget Will út lulkens mei syn elektryske rolstoel alle foto's fan syn freonen oer de flier. As Lou de fotolistkes de oare deis besiket te reparearjen, liedt dat ta rûzje mei Will, wat eins de earste kear is dat se wier kontakt hawwe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wer in dei letter nûget Will Lou út om mei him nei in Frânske film mei ûndertitels te sjen, wat se noch nea dien hat. Lou hat de ynstinktive ôfhâldige reäksje fan 'e measten Ingelsen tsjin 'e Frânske kultuer en ferwachtet der net folle fan, mar it docht bliken dat se it in prachtige film fynt. Fan dat stuit ôf groeit der in bân tusken har en Will. Yn 't earstoan besiket Will inkeld om har wrâld, dy't er sels frijwat ing en benaud fynt, grutter te meitsjen. Lou hat nammentlik net folle leafhawwerijen, noch hat se folle om utens reizge. Har frijer Patrick is in sportfanaat dy't traint om diel te nimmen oan in triatlon yn Noarwegen, dy't er kombinearje wol mei harren simmerfakânsje nei dat lân. Hy kin net begripe dat Lou neat oan sport fynt en hoe't it foar har fielt om altyd op it twadde plak te kommen. Troch har kunde oan Will begjint Lou yn te sjen dat de wrâld grutter is, en har libbensmooglikheden ûneiniger, as dat se earder ea tinke kinnen hie.

Troch syn ferlamming hat Will ek problemen krigen mei syn ymmúnstelsel, sadat er gauris siik rekket. Under ien fan dy riten falle Lou by syn fersoarging de groeden op syn polsen op fan in earder besykjen ta selsmoard. In skoft letter heart Lou by tafal in rûzje tusken Will syn âldelju. Dêrút begrypt se dat Will syn âlden in healjier jûn hat foar't er himsels opnimme litte wol by Dignitas, yn Switserlân, om eutanasy dwaan te litten. Hy wegeret nammentlik om in libben te akseptearjen dat folsleine ôfhinklikheid fan oaren en oanhâldende pine en lijen omfiemet sûnder lykfol hokker hope om ea noch op te betterjen. As se dat heart, beslút Lou dat sý him fan gedachten feroarje litte sil.

Dêrta organisearret se ferskate útstapkes en aventoeren om Will sjen te litten dat syn libben nettsjinsteande alles dochs it libjen wurdich is. It earste útstapke, nei in hurddraverij, mislearret as Will syn rolstoel fêst komt te sitten yn 'e drek fan it ûnferhurde parkearterrein. Lou set lykwols troch, en stadichoan stelt Will him mear iepen foar har plannen. In besyk oan in klassyk konsert dêr't in stik fan Mozart útfierd wurdt, hat mear súkses. Neitiid beslút Will dat er tsjin alle ferwachtings yn dochs nei de trouwerij fan Rupert en Alicia ta wol, en dat Lou mei moat. As se dêr binne, helpt Lou Will om 'e konservative brulloftsgasten te shockearjen. Se rekket ek oan 'e praat mei Mary Rawlinson, de peetmuoike fan Alicia, dy't har tafertrout dat it houlik fan Alicia mei Rupert gjin lang libben beskern wêze sil, en dat Alicia folle better by Will paste as by Rupert.

As it Lou har jierdei is, komt Will ek by har thús op besite, dêr't er oan 'e weet komt dat har heit Bernard syn baan ferlern hat as gefolch fan 'e oername fan it bedriuw dêr't er wurke troch in oar bedriuw. Dy oername wie regele troch in jongere kollega fan Will by syn âlde bank. Koarte tiid letter fynt Bernard einlings en te'n lêsten wer wurk, no as haad ûnderhâld fan it Kastiel fan Stortfold, dat eigendom is fan Will syn famylje. Lou beseft dat Will besiket om har te helpen om frij te kommen fan 'e ferplichtings dy't se oan har famylje hat. Tsjin dy tiid is se al smoarfereale op him rekke, wylst Will, tsjin syn eigen betterwitten yn, ek sterke gefoelens foar har ûntwikkele hat. Harren neieroankommen makket Patrick jaloersk, sadat er him foar Will oer ûnfatsoenlik begjint te hâlden en dragen. Uteinlik liedt it derta dat Lou Patrick de wacht oanseit en har relaasje mei him útmakket.

Nei in nije rite fan longûntstekking betinkt Lou har meast ambisjeuze útstapke oan dan ta: in fakânsje op Mauritsius foar Will, Nathan en harsels, betelle troch Will syn âlden. Se hawwe in protte wille en Lou en Will reitsje yntimer as ea, mar op 'e lêste dei fertelt er har dat er net fan gedachten feroare is, en dat er noch altyd wisberet is om himsels eutanasearje te litten. Hy wol dat sy in fol libben liedt ynstee fan 'in heal libben' mei him. Hy fertelt har ek dat er fan har hâldt, mar dat er der net oan tinke moat om op dizze wize fierder te libjen. Hy freget har om him te beselskipjen nei Switserlân, om dêr yn syn lêste mominten by him te wêzen. Lou is ferplettere, en stegeret syn fersyk ôf. Yn izige stilte reizgje se werom nei Ingelân, dêr't Lou de útkomst oan Will syn âldelju fertelt en dan daliks de bus nei hûs nimt. Se hat dagenlang gjin kontakt mear mei Will, oant har heit en har suster Katrina har beprate om dochs nei Switserlân te gean. Mei syn âlden is se dêr by Will as dy stjert.

In pear wiken letter sit Lou op it terraske fan Will syn favorite kafee yn Parys, dêr't se it lêste brief werlêst dat Will oan har skreaun hat. It einiget mei de wurden "Libje gewoan mar." Hy hat har genôch jild neilitten om al har dreamen wier te meitsjen.

 
Emilia Clarke.
 
Jenna Coleman.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Lou Clark Emilia Clarke
Will Traynor Sam Claflin


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Katrina Clark Jenna Coleman
Steven Traynor Charles Dance
Camilla Traynor Janet McTeer
Patrick Matthew Lewis
Nathan Steve Peacocke
Bernard Clark Brendan Coyle
Alicia Dewares Vanessa Kirby
Rupert Collins Ben Lloyd-Hughes
Josie Clark Samantha Spiro
Mary Rawlinson Joanna Lumley
majoar Timothy Dewares Christopher Wilson

Me Before You wie it rezjydebút fan Thea Sharrock. De film waard produsearre troch Karen Rosenfelt en Alison Owen foar New Line Cinema, Metro-Goldwyn-Mayer en Sunswept Entertainment. It senario waard skreaun troch de Ingelske skriuwster Jojo Moyes, op basis fan har roman Me Before You, út 2012. De kamerarezjy wie yn hannen fan Remi Adefarasin, komponist Craig Armstrong makke de filmmuzyk, en de distribúsje waard fersoarge troch Warner Bros.

Foar Me Before You wie in budget fan $20 miljoen beskikber. Yn april 2015 waard begûn mei de opnamen, en de lêste opnamedei wie 26 juny 2015. De film spilet fierhinne yn Ingelân en waard dêr ek foar it meastepart opnommen. De binnendoarsênes waarden fierhinne filme yn 'e Pinewood Studios, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. De sênes yn it kastiel waarden lykwols opnommen yn en om it Kastiel fan Pembroke, yn Wales, wylst it Spaanske eilân Majorka trochgie foar it fakânsjeoard op Mauritsius. De brulloftssêne waard opnommen yn Chenies Manor House yn Buckinghamshire. De galapremiêre fan Me Before You waard op 23 maaie 2016 holden yn New York, wêrnei't de film op 3 juny iepene yn 'e Amerikaanske en Britske bioskopen.

 
It Kastiel fan Pembroke wie ien fan 'e opnamelokaasjes fan Me Before You.

Me Before You krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 58% op basis fan 151 ûnderskate resinsjes. De resinsjekonsinsus dy't dêrby jûn wurdt, seit: "De ynnimlike gemy tuske Emilia Clarke en Sam Claflin komt Me Before You te'n goede, mar dat is net genôch om 'e knoffelige behanneling fan it gefoelige ûnderwerp fan 'e film goed te meitsjen." Op soartgelikense webside Metacritic hat Me Before You in skoare fan 51% op basis fan 36 resinsjes. Opinypeilings ûnder bioskoopbesikers op CinemaScore joegen de film in A op in skaal fan A+ (it heechste) oant F (it leechste).

Nei de premiêre ûntstie der om Me Before You hinne in kontroverse doe't in diel fan 'e beweging foar de rjochten fan lichaamlik beheinden him tsjin 'e film kearde. Reden dêrfoar wie dat de film yn 'e eagen fan dy aktivisten it ûnderlizzend boadskip hie dat lichaamlik beheinde minsken in lêst binne foar harren famyljeleden en fersoargers, en ek dat it better is om dea te wêzen as lichaamlik beheind. Bekende aktivisten dy't harren ûnder de hashtag #MeBeforeEuthanasia ("#IkkeFoarEutanasy") tsjin 'e film kearden, wiene û.o. Liz Carr, Mik Scarlett en Cherylee Houston yn Grut-Brittanje en Dominick Evans en Emily Ladau yn 'e Feriene Steaten. Yn dat lêste lân waarden demonstraasjes tsjin Me Before You organisearre yn û.m. New York, Los Angeles, San Francisco, Atlanta, Baltimore, Boston en Denver.

Me Before You brocht yn Noard-Amearika $56,2 miljoen op (wêrfan $18,3 miljoen yn it premiêrewykein) en yn 'e rest fan 'e wrâld $152 miljoen. Yn totaal kaam dat del op $208,3 miljoen, wat tsjin in budget fan $20 miljoen in winst opsmiet fan $188,3 miljoen. Me Before You wûn yn 2017 de People's Choice Award yn 'e kategory favorite dramafilm, en waard fierders nominearre foar de Teen Choice Award foar bêste filmtút en de MTV Movie & TV Award foar bêste triennelûker.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.