Haadmenu iepenje

Michelle Trachtenberg

Michelle Trachtenberg (folút: Michelle Christine Trachtenberg; New York, 11 oktober 1985) is in Amerikaansk aktrise en presintatrise fan etnysk Joadske komôf. Hja waard ynternasjonaal it bekendst mei har rol as Dawn Summers (de jongere suster fan) yn 'e fantasytillefyzjesearje Buffy the Vampire Slayer. Fierders spile se ek yn films as EuroTrip, Ice Princess, Black Christmas en 17 Again.

Michelle Trachtenberg
Filmklapper.png akteur
Trachtenberg (crop).jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michelle Christine Trachtenberg
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 11 oktober 1985
berteplak New York (New York)
etnisiteit Flag of Israel.svg Joadsk
jierren aktyf 1988 – no
prizen Young Artist Award
offisjele webside
Michelle Michelle Trachtenberg op Twitter

Ynhâld

Libben en karriêreBewurkje

Jonkheid en opliedingBewurkje

Trachtenberg waard yn 1985 berne yn 'e stêd New York, as de jongste fan 'e beide dochters fan Michael en Lana Trachtenberg. Har heit is in glêsfezelspesjalist dy't út Dútslân komt, wylst har mem, dy't út Ruslân komt, in liedingjaande funksje by in bank beklaait. Beide âlden binne Joaden, en Trachtenberg har pakes en beppes wenje yn Israel. Trachtenberg sprekt floeiend Russysk en fiert sawol kristlike krystfeest as it joadske chanûka.

Hja waard, tegearre mei har âldere suster Irene, grutbrocht yn Sheepshead Bay, in buert fan 'e New Yorkske wyk Brooklyn, dêr't se basisûnderwiis folge oan 'e Public School 99 Elementary School en aktearlessen oan The Bay Academy for the Arts and Sciences. Letter ferfear se mei har âlden en suster nei Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't se fuortset ûnderwiis folge oan 'e Notre Dame High School yn 'e wyk Sherman Oaks.

AktearkarriêreBewurkje

Trachtenberg wie foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen yn 1988, doe't se trije jier wie, yn in reklamespotsje foar it skjinmakmiddel Wisk. Neitiid spile se yn mear as hûndert oare reklamespotsjes. Har earste rol yn in tillefyzjesearje hie se yn 1991 yn in ôflevering fan 'e plysjesearje Law & Order. Fan 1993 oant 1996 wie se te sjen as Lily Montgomery yn 'e soapsearje All My Children, wêryn't se foar it earst gearwurke mei Sarah Michelle Gellar. Yn dyselde snuorje wie Trachtenberg fan 1994 oant 1996 te sjen as Nona F. Mecklenberg yn 'e bernerige The Adventures of Pete & Pete, dy't útstjoerd waard troch Nickelodeon.

 
Michelle Trachtenberg jout in ynterview yn 2008.

Op it wite doek makke Trachtenberg yn 1995 har debút mei in figuranteroltsje yn 'e film Melissa. Dêrnei hie se yn 1996 de titelrol yn 'e bernefilm Harriet the Spy, dêr't se in Young Artist Award foar wûn yn 'e kategory bêste froulike haadrol yn in spylfilm. Oare films dêr't se ier yn har karriêre yn spile, wiene û.m. Richie Rich's Christmas Wish (1998), Inspector Gadget (1999) en Can't Be Heaven (2000). Op 'e tillefyzje hie se in fêste rol yn 'e searje Meego, dy't mar in koart libben beskern wie, mar dêr't se in twadde Young Artist Award mei binnenhelle, diskear yn 'e kategory bêste froulike byrol yn in komeedzjesearje. Fierders fertolke se gastrollen yn searjes as Dave's World, Space Cases, Blue's Clues en Guys Like Us. Yn 1998 en 1999 siet se yn it panel fan seizoen 2 en 3 fan 'e tillefyzjekwis Figure It Out.

Yn 'e simmer fan 2000 krige Trachtenberg in fêste rol taskikt yn 'e populêre fantasytillefyzjesearje Buffy the Vampire Slayer. Hja spile dêryn Dawn Summers, de yn seizoen 5 op mirakuleuze wize ûntstiene jongere suster fan Buffy, dy't sels spile waard troch Sarah Michelle Gellar. Mei de rol fan Dawn Summers briek Trachtenberg net allinnich troch yn 'e Feriene Steaten, mar ek ynternasjonaal. Teffens wûn se der in trêde Young Artist Award mei, yn 'e kategory bêste froulike byrol yn in dramasearje, en waard se der trije kear, yn 2001, 2002 en 2003, foar nominearre foar in Saturn Award. Trachtenberg bleau by Buffy oant dy searje yn 2003 stopset waard. Yn deselde snuorje presintearre se fan 2001 oant 2003 ek de jeugdkwis Truth or Scare op it tillefyzjekanaal Discovery Kids.

Nei Buffy the Vampire Slayer hie Trachtenberg yn 2003 ien fan 'e haadrollen yn gross-outfilm EuroTrip, as de tiner Jenny dy't yn 'e simmerfakânsje mei har broer en in pear freonen op wûnderlike wize troch Jeropa reizget. En yn 2004 hie se in weromkearende rol yn 'e HBO-searje Six Feet Under, as de bedoarne popstjer Celeste, foar wa't haadpersoan Keith Charles as liifwacht fungearret. Yn 2005 fertolke Trachtenberg fierders yn Ice Princess, in famyljefilm fan Walt Disney Pictures, de titelrol fan Casey Carlyle, dy't ferskuord wurdt tusken har beide grutte leafden: in takomst as wittenskipster en in nij ûntdutsen dream om in profesjoneel keunstrydster te wurden. Yn Ice Princess wiene Trachtenberg har tsjinspylsters Kim Cattrall, Joan Cusack en Hayden Panettiere.

Oare films dêr't Trachtenberg yn spile wiene û.m. Beautiful Ohio (2006), Black Christmas (2006), 17 Again (2009), Cop Out (2010) en Take Me Home Tonight (2011) Yn 2008 wie se as stimaktrise belutsen by de tekenfilm Dragonlance: Dragons of the Autumn Twilight, en yn 2013 hie se yn 'e film Killing Kennedy de rol fan Marina Oswald, de frou fan Lee Harvey Oswald, de moardner fan presidint John F. Kennedy. Yn The Scribbler (2014) spile Trachtenberg mei û.o. har eardere kollega út Buffy the Vampire Slayer Eliza Dushku.

 
Michelle Trachtenberg yn 2008.

Op 'e tillefyzje hie Trachtenberg yn 2006 gastrollen yn 'e sikehûssearje House en yn plysjesearjes as Law & Order: Criminal Intent en Criminal Minds. Yn it praatprogramma Late Night with Conan O'Brien fertelde se op 22 desimber 2006 dat House har favorite tillefyzjeprogramma wie, en dat se ien fan 'e produsinten fan 'e rige, oan wa't se kunde hie, sels frege hie om in gastrol.

Ek spile Trachtenberg yn 'e tillefyzjefilms The Dive from Clausen's Pier (2005) en The Circuit (2008), en fierders liende se har stim fan 2006 oant 2012 oan ferskate personaazjes yn ôfleverings fan 'e animaasjerige Robot Chicken, en spriek se yn 2009 yn The Super Hero Squad Show de teksten fan it personaazje Valkyrie yn. Fan 2008 oant 2012 spile Trachtenberg de rol fan antagoniste Georgina Sparks yn 28 ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje Gossip Girl (dêr't se foar nominearre waard foar in Teen Choice Award). En yn 2009 en 2010 hie se in fêste rol yn 'e searje Mercy. Fieders hie se yn 2011 weromkearende rollen yn 'e searjes Love Bites en Weeds.

Trachtenberg wurke ek mei oan ferskate fideoklips. Sa wie se mei har eardere tsjinspiler út Buffy the Vampire Slayer Seth Green te sjen yn 'e klip fan it nûmer This Ain't a Scene, It's an Arms Race, fan 'e band Fall Out Boy. Ek spile se yn 'e klips fan it nûmer Tired of Being Sorry fan Ringside en fan it nûmer Echo fan Trapt. Yn maart 2011 stie se op 'e omslach fan 'e Amerikaanske edysje fan it manljusblêd Maxim

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.