Her Majesty, Mrs Brown

film út 1997 fan John Madden
(Trochferwiisd fan Mrs Brown)

Her Majesty, Mrs Brown, ek bekend as koartwei Mrs Brown, is in Britsk-Iersk histoarysk biografysk kostúmdrama út 1997 ûnder rezjy fan John Madden, mei yn 'e haadrollen Judi Dench en Billy Connolly. De titel betsjut "Har Majesteit Frou Brown". It ferhaal beljochtet in histoaryske perioade yn it regear fan 'e Britske keninginne Fiktoaria, doe't se nei it ferstjerren fan har dierbere man prins Albert de Skotske stâlfeint John Brown as har geunsteling oannaam. De ynfloed dy't Brown dêrtroch oan it Keninklik Hof krige, makke er gjin freonen mei, en de neite tusken him en de keninginne soarge foar spekulaasjes oer in seksuele relaasje tusken harren. Dat gie safier, dat foar keninginne Fiktoaria de flústere skelnamme "frou Brown" yn gebrûk kaam, as wiene sy en Brown troud. Her Majesty, Mrs Brown waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Fan 'e filmkritisy krige de film rûnom loovjende resinsjes, en yn 'e bioskopen wie it ûnferwachts in kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar twa Oscars en wûn in Golden Globe, twa BAFTA's en in Satellite Award.

Her Majesty, Mrs Brown
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Madden
produsint Sarah Curtis
senario Jeremy Brock
basearre op wiere foarfallen
kamerarezjy Richard Greatrex
muzyk Stephen Warbeck
filmstudio BBC Film
Bord Scannán na hÉireann
Ecosse Films
distribúsje Miramax Films
Buena Vista International
spilers
haadrollen Judi Dench
Billy Connolly
byrollen Geoffrey Palmer
Antony Sher
Gerard Butler
Richard Pasco
David Westhead
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Ierlân
premiêre 18 july 1997
foarm langspylfilm
sjenre histoarysk biografysk
   kostúmdrama
taal Ingelsk
spyltiid 103 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $9,2 miljoen
prizen 1 × Golden Globe
2 × BAFTA
1 × Satellite Award

Yn 1863, twa en in heal jier nei it ûntidich ferstjerren fan Albert fan Saksen-Coburg en Gotha, de Britske prins-gemaal, is syn widdo, keninginne Fiktoaria, noch altyd yn djippe en formele rou. Hja hat har weromlutsen yn it paleis Osborne House op it eilân Wight, foar de súdkust fan Ingelân, dêr't se libbet as in soarte fan klúzneresse, wylst se al har offisjele ferplichtings sloere lit. Har bern, mei kroanprins Edwert, dy't "Bertie" neamd wurdt, foarop, binne fan betinken dat mem no mar ris út 'e rou komme moat om fierder mei har libben. Fiktoaria har neiste tsjinners, ûnder wa har persoanlike sekretaris sir Henry Ponsonby en har liifdokter William Jenner, sitte krekt-en-gelyk mei de hannen yn it hier oer wat se mei har oan moatte. Lang om let wurdt der in slûchslim plan smeid: se sille John Brown út Skotlân oerkomme litte. Dat is in stâlfeint mei wa't prins Albert o sa goed koe. De hope is dat de ferskining fan Brown de keninginne ferliede kin om ris út te riden te gean, wat in earste stap wêze kinne soe om har der wer by te skuorren.

John Brown is in grutske en stiifkoppige Skot, dy't altyd yn Skotske dracht omrint mei kilt, sporran en al. Oan it Keninklik Hof jildt in strange etikette, mar Brown seit wat er tinkt, ek as er it tsjin Har Majesteit hat, dy't er oansprekt as "frommes". Dêrmei skandalisearret er fuortendaliks de earste deis al Ponsonby en de hiele hofhâlding. Brown fynt lykwols dat de sitewaasje dy't er yn Osborne House oantreft, feroarsake is troch it feit dat nimmen Fiktoaria ris goed de wierheid doar te sizzen. Dy taak nimt hy dan mar op him. Hoewol't de keninginne dêr flink oan wenne moat, wurdearret se it wol. Dat, al rillegau giet se eltse middeis mei Brown út te hynsteriden. Hy bepraat har derfan dat se de stive formaliteit fan Osborne House efter har litte moat om har in skoft op Kastiel Balmoral te fêstigjen, yn Skotlân, dêr't se sokke goede oantinkens oan hat fan 'e tiden dat se dêr mei prins Albert trochbrocht hat. Dat sadwaande ferhuzet de hiele hofhâlding fan Wight nei de Skotske Heechlannen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It plan fan Ponsonby-en-dy om in ein te meitsjen oan it klúznersbestean fan 'e keninginne op Wight slagget sadwaande wûnderwol, mar wêr't se gjin rekken mei holden hiene, is dat Brown ambysjes hat. As geunsteling fan 'e keninginne makket er him baas oer al it tsjinstfolk, en nimt dêrby letterlik it plak fan 'e haadbutler yn (dy't mei itenstiid in oare sitplak sykje moat). Nei't er himsels sizzenskip oer it tsjinstfolk ta-eigene hat, begjint Brown ek te bepalen wa't tagong ta de keninginne kriget. Dêrmei makket er fijannen fan Ponsonby en Jenner. Hy skrikt der sels net foar tebek om kroanprins Bertie tsjin te kearen en, wannear't dy net om sizzen jout, him by de kraach te pakken, tsjin 'e muorre oan te triuwen en him driigjend ta te sprekken. Net folle letter wurdt Brown yn 'e stâlen oerfallen troch in fjouwertal bruiers dy't him in bêst pak op 'e hûd jouwe, wêrby't er trije ribben brekt. As er úteinlik bewusteleas rekket, oerjitte se him mei sterke drank om it foarkomme te litten dat er in sûplap is dy't yn dronken steat yn slaanderij behelle rekke is. Brown syn goenamme kriget dêrtroch in flinken knau, en Bertie en de oare bern fan Fiktoaria easkje dat mem Brown dien jout. Fiktoaria stegeret harren lykwols ôf. Brown hat troch dizze kwestje foar it ferstân krigen dat er net sa ûnoantaastber is as er tocht, dat hy besiket sels ûntslach te nimmen om 'e keninginne te beskermjen tsjin syn eigen skeinde reputaasje. Fiktoaria wegeret lykwols op 'e nij en fertelt him yn fertrouwen dat se net mear sûnder him kin.

Underwilens liedt de nauwe bân tusken de keninginne en de tsjinstfeint ta spekulaasjes. Wannear't Fiktoaria mei inkeld Brown by har op besite giet by de Grants, in sljochtwei Skotske húshâlding dêr't sy en Albert jierren earder mei yn 'e kunde kommen binne, keare se oeren letter as ferwachte werom op Balmoral. Fiktoaria seit dat se langer bleaun binne om't it sa gesellich wie, mar Ponsonby en Jenner freegje harrensels ôf oft der tusken de keninginne en Brown ûnderweis net wat ûntalitbers foarfallen is. As it sljochtwei folk út 'e kranten oer Fiktoaria en Brown oan 'e weet komt, wurdt der iepentlik spekulearre oer in mooglik seksuele relaasje tusken harren. De keninginne kriget sadwaande de bynamme "frou Brown", as soe se mei Brown troud wêze, in skelnamme dy't yn 'e hegere maatskiplike fermiddens inkeld flústere wurdt.

Fiktoaria is boppedat noch altyd formeel yn rou en har weromlûking yn Skotlân (yn in spotprint symbolisearre troch in lege troan) liedt ta it oanwaaksen fan republikeinske gefoelens ûnder de Ingelske befolking. De konservative premier Benjamin Disraeli, dy't it earst wol noflik fûn dat Fiktoaria by syn regearjen net oer syn skouder hinne meiseach, begjint te eangjen dat er by de folgjende ferkiezings de mearderheid yn it Legerhûs wolris ferlieze kin oan syn liberale rivaal William Ewart Gladstone. It soe him wol tige goed útkomme as Fiktoaria har rou beëinige en har einlings en te'n lêsten wer yn Londen fertoande. Dêrom reizget er alhiel nei Kastiel Balmoral, ek al hat er in grouwéligen hekel oan Skotlân.

Disraeli is in earsten politikus, en hy sjocht fuortendaliks hoe't er lân derhinne leit oan it Keninklik Hof. Oars as Ponsonby en de kroanprins, dy't al ferskate kearen om 'e nocht in frontale oanfal op Brown en syn ynfloed op 'e keninginne ûndernommen hawwe, begrypt Disraeli dat er Brown, en net Fiktoaria sels, sjen moat te oertsjûgjen as er wat fan 'e keninginne wol. Dêrom giet er mei Brown út te jeien, hoewol't er dy aktiviteit hatet, en praat er op syn selskipsman yn as se tegearre allinnich yn 'e Skotske wyldernis binne. Hy leit út dat it yn Fiktoaria har eigen belang is dat se weromkeart nei Londen, dus as Brown har dêrfan wit te bepraten, beskermet er har sa't er hieltyd dien hat, mar no tsjin harsels. Brown is der net botte happich op om te dwaan wat Disraeli him frege hat, mei't er bang is dat Fiktoaria it as ferrie beskôgje sil. Mar de premier hat him derfan oertsjûge dat it syn plicht is, dat Brown docht it dochs. Foar it each fan Ponsonby en de oare haadtsjinners krije Brown en Fiktoaria in heechoprinnende rûzje. Brown brûkt alle kredyt op, dat er by de keninginne opboud hat, om har te bepraten fan syn gelyk, en dat slagget. Mar as er har op 't lêst wer "frommes" neamt, freget Fiktoaria him kâldwei om har net wer sa oan te sprekken. Dêrop rint se ta de keamer út en hjit Ponsonby en Jenner om har te betsjinjen, wylst se Brown stean lit. Sa wurdt er sichtber tebekset nei in leger plak.

De relaasje tusken Brown en Fiktoaria betteret fan dy slach nea wer op. De hofhâlding keart werom nei Londen, dêr't de oankomst fan 'e keninginne liedt ta in oplibbing fan har populariteit en fan 'e monargistyske gefoelens mank de befolking yn it algemien. Brown bliuwt yn 'e tsjinst fan 'e keninginne. Hy wurdt net wer stâlfeint, mar kriget de funksje fan in soarte fan liifwacht. Dêrby kriget er inkeld mei tsjinnichheid de meiwurking fan 'e rest fan it tsjinstfolk, dat de gek mei him hat en syn noed oer in mooglike moardoanslach op Fiktoaria ôfdocht as paranoïde waantinkbylden. Wannear't by in publyk barren in mei in fjoerwapen tariste anargist út 'e minskemannichte springt en op Fiktoaria en de rest fan 'e keninklike famylje ta draaft, is Brown lykwols dejinge dy't de man tsjinkeart en oermasteret. De oare jûns ferhellet kroanprins Bertie dêroer tsjin 'e keninklike gasten, wêrby't er harren wiismakket dat hy dejinge wie dy't de oanslachdogger it earst seach en Brown op 'e man opmerksum makke. Fiktoaria, dy't walget fan 'e ligerige opskepperij fan har soan, kundiget ympulsyf oan dat se in nije keninklike ûnderskieding yn it libben roppe sil foar Brown: de Devoted Service Medal ("Medalje foar Tawijde Tsjinst").

Jierren letter, yn 1883, kriget Brown de warskôging dat der ynkringers yn 'e bosk by it keninklik paleis sjoen binne. Yn te tinne klean giet er by nacht en min waar op eigen manneboet mei in revolver op ûndersyk út, en skipet sa longûntstekking. As se dagen letter te hearren kriget dat Brown slim siik is en dat men net ferwachtet dat er it oerlibje sil, besiket keninginne Fiktoaria him yn syn keamer. Hja is sichtber oandien troch de steat fan har trouwe tsjinstfeint en bekent oan him dat se de lêste jierren net sa'n goede freon foar him west hat as se wêze moatten hie. Fiktoaria wol him op 'e foarholle tútsje, mar Brown hâldt har tsjin, út eangst dat er wat hat dat besmetlik wêze kin. Sa beskermet er har oan 'e ein ta. Nei syn dea wurdt it deiboek fan Brown yn beslach nommen troch Ponsonby, dy't it oan Jenner lêze lit. Beide mannen binne it deroer iens dat nimmen oars it boek ea lêze moat. Foar't de ôftiteling úteinset, komt in tekst yn byld dy't fertelt dat it deiboek fan John Brown nea weromfûn is.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Judi Dench (yn 2007).
 
Billy Connolly (yn 2016).
haadrollen
personaazje               akteur/aktrise
keninginne Fiktoaria Judi Dench
John Brown Billy Connolly


byrollen
personaazje akteur/aktrise
sir Henry Ponsonby Geoffrey Palmer
premier Benjamin Disraeli Antony Sher
Archie Brown Gerard Butler
dokter William Jenner Richard Pasco
kroanprins Edwert ("Bertie") David Westhead
lord Stanley Jason Morell
lady Ely Bridget McConnell
lady Churchill Georgie Glen
Grant Jimmy Chisolm
frou Grant Elaine Collins
deken fan Windsor Oliver Ford Davies
liiffeint fan kroanprins Edwert Rupert Farley
kroanprinsesse Aleksandra Saran Stewart
prinsesse Helena Finty Williams
prinsesse Louise Claire Nicolson
prinsesse Alice Hattie Ladbury
prins Alfred Oliver Kent
prins Arthur Alex Menzies
prins Leopold Simon McKerrell
hofdame #3 Catherine O'Donnell

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Her Majesty, Mrs Brown waard regissearre troch John Madden nei in senario fan Jeremy Brock. As produsinte wie Sarah Curtis by it projekt belutsen foar de filmstudio's BBC Film, Ecosse Films en Bord Scannán na hÉireann/The Irish Film Board. De film wie dêrmei in Britsk-Ierske ko-produksje. It is ûnbekend hoe grut it budget foar Her Majesty, Mrs Brown wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Richard Greatrex, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Stephen Warbeck.

 
Osborne House, op it eilân Wight, wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Her Majesty, Mrs Brown.

Judi Dench spile yn Her Majesty, Mrs Brown keninginne Fiktoaria. Foar har fertolking fan dy rol krige se rûnom lof taswaaid en waard se nominearre foar of wûn se ferskate wichtige prizen. Sa sleepte se in nominaasje foar de Oscar foar bêste aktrise yn 'e wacht, en teffens wûn se de Golden Globe yn deselde kategory. Dench soe yn 2017 jitris keninginne Fiktoaria spylje, yn 'e film Victoria and Abdul, oer de krektlyk histoaryske relaasje tusken Fiktoaria en in Britsk-Yndyske tsjinstfeint. Yn 'e rol fan John Brown waard de Skotske komyk Billy Connolly cast. It wie syn earste grutte filmrol en foarme syn trochbraak as akteur.

De opnamen foar Her Majesty, Mrs Brown fûnen plak yn 1996 en waarden fierhinne op lokaasje draait. Yn Ingelân waard filme yn Osborne House op it eilân Wight, Osterley Park House yn Middlesex, Wilton House yn Wiltshire en Luton Hoo Estate yn Bedfordshire. Yn Skotlân waard û.m. filme yn it Kastiel fan Duns yn 'e Skotske Grinsstreek. It Kastiel fan Taymouth, de sit fan Clan Campbell fan Breadalbane, giet yn 'e film troch foar it ynterieur fan it Kastiel fan Balmoral (dêr't net filme wurde koe). De bûtendoarsênes yn 'e neite fan Balmoral waarden opnommen yn it distrikt Perth en Kinross.

 
It Kastiel fan Taymouth waard yn Her Majesty, Mrs Brown brûkt foar sênes dy't eins yn it Kastiel fan Balmoral spylje.

Distribúsje

bewurkje seksje

Her Majesty, Mrs Brown waard eins produsearre as in tillefyzjefilm foar de BBC, mar doe't de Amerikaanske filmstudio Miramax Films de distribúsjerjochten yn 'e hannen krige, besleat dy de film yn 'e bioskopen út te bringen fia Disney-dochter Buena Vista International. De film waard foar it earst fertoand yn maaie 1997 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Her Majesty, Mrs Brown gie dêrnei op 18 july yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre, op 5 septimber folge troch dy yn it Feriene Keninkryk.

Fan 'e filmkritisy krige Her Majesty, Mrs Brown oer it algemien tige positive resinsjes. Sa skreau de foaroansteande Amerikaanske resinsint Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times: "It giet net oer seksuele leafde, noch sels mar oer romantyske leafde, eins, mar oer dat soarte leafde dat fûndearre is op útdaging en fassinaasje." Hy neamde Judi Dench "geweldich". Oer Billy Connolly skreau er: "[Hy] hat de ôfhâldendheid en it selsfertrouwen dy't de measte komiken suver by definysje misse."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Her Majesty, Mrs Brown in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 50 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Tanksij in poarsje earsteklas aktearjen, de gemy tusken de stjerren en in ta neitinken oansettend skript mei humor, leveret [de film] in nuansearre en fermaaklik, hoewol net folslein feitlik, ferslach fan in histoaryske relaasje dy't mar komselden op 't aljemint komt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Her Majesty, Mrs Brown in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 22 resinsjes.

 
De bûtendoarsênes yn Skotlân waarden opnommen yn it distrikt Perth en Kinross.

Her Majesty, Mrs Brown brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $9,2 miljoen op. Foar oare lannen en territoaria binne gjin opbringstsifers bekend. Mei't ek it budget ûnbekend is, kin fierders inkeld sein wurde dat de film omskreaun waard as in ûnferwachte grut kommersjeel súkses, wat wiist op in oansjenlike winst.

By de Oscars waard Her Majesty, Mrs Brown yn 1998 nominearre foar prizen yn twa kategoryen: bêste aktrise (Judi Dench) en bêste fisazjy. By de Golden Globes wûn Judi Dench de priis foar bêste aktrise yn in dramafilm. Her Majesty, Mrs Brown waard by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, nominearre yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste Britske film, bêste akteur (Billy Connolly), bêste orizjinele senario, bêste fisazjy en hierstilearring en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn twa BAFTA's, foar bêste aktrise (Judi Dench) en bêste kostúmûntwerp.

By de Amerikaanske Satellite Awards waard Her Majesty, Mrs Brown nominearre foar 4 prizen, wêrûnder bêste byrol fan in akteur (Billy Connolly), bêste orizjinele senario en bêste kostúmûnwerp. De film wûn de Satellite Award foar bêste aktrise (Judi Dench). By de Screen Actors Guild Awards waarden Judi Dench en Billy Connolly nominearre foar de prizen foar bêste aktrise en bêste byrol fan in akteur. Dench waard dêr lykwols, krekt as by de Oscars, foarbyparte yn it foardiel fan Helen Hunt yn As Good as it Gets. Her Majesty, Mrs Brown wûn fierders ek de spesjale priis fan 'e sjuery op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Mar del Plata yn Argentynje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.