Nakota

(Trochferwiisd fan Nakota (folk))

De term Nakota of Nakoda (of inkeld ek wol Nokota of Nakona) is in folksnamme dy't foarhinne yn gebrûk wie foar de Westlike Dakota, ien fan 'e trije folksdielen fan 'e , in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Mei de Eastlike Dakota (foarhinne: Dakota) en de Lakota waarden de Sû dan wol de "Dakota, Lakota en Nakota" neamd. De namme soe yn alle trije -taalfoarmen "freon" (of om sekuerder te wêzen "bûnsmaat") betsjutte. Lange tiid wie it gebrûk fan 'e term "Nakota" yn dizzen ûnomstriden.

Lykwols, yn 1978 die út in yngeand ûndersyk troch de taalkundigen Douglas R. Parks, A. Wesley Jones, David S. Rood en Raymond J. DeMallie nei de dialektology fan 'e Sû bliken dat de "Nakota" harsels hielendal net sa oantsjutten, mar ynstee mei it autonym "Dakota". Hoewol't lettere wittenskiplike literatuer fierhinne oan 'e konklúzjes fan Parks, Rood en DeMallie foarbygie, waarden dy folslein befêstige troch it 23-jierrich ûndersyk fan taalkundige Jan Ullrich, dêr't dy yn 2008 syn gesachhawwende Lakota-wurdboek út gearstalde. Neffens Ullrich sette it misneamen fan 'e Westlike Dakota "yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw [úteinset] mei misjonarissen mank de [Eastlike Dakota] dy't in regel fan fonetyske distribúsje te rigoereus tapasten. Om't it dialekt fan 'e Westlike Dakota it efterheaksel -na brûkt op plakken dêr't it Eastlik Dakota -da hat en it Lakota -la, mienden de misjonarissen mar dat dy l-d-n-distribúsje op alle wurdposysjes fan tapassing wie. Alsa tochten se dat de Westlike Dakota harsels Nakota neamden ynstee fan Dakota. Ungelokkigerwize is dy misse oanname sûnt yn hast eltse publikaasje bestindige."

Dêrby krige de flater sa'n ynfloed dat sels de Lakota en Dakota der ta ein beslút troch beynfloede waarden. Dat de misjonarissen (sa't wol oppenearre is) it àl by de rjochte ein hiene, mar dat der sûnt in ferskowing fan terminology plakfûn hat, is ûnmooglik, mei't de oantsjutting "Nakota" yn 'e âldst oerlevere teksten yn 'e Sû-taal alhiel net foarkomt. Ullrich ferwiisd bgl. mei namme nei it English-Dakota Dictionary fan John P. Williamson, út 1902, wêryn't konsekwint sprutsen wurdt oer "Dakota" ynstee fan "Nakota". Fierders tsjut er oan dat de Westlike Dakota-wittenskipster Ella Cara Deloria (b. 1888) ien fan 'e earsten wie dy't de "Nakota"-flater út 'e wrâld besocht te helpen.

Pas sûnt Ullrich de resultaten fan syn langjierrige ûndersyk yn 2008 nei bûten ta brocht, is der omtinken skonken oan dizze taaie flater. Yn wittenskiplike literatuer wurdt sûnt sprutsen fan "Westlike en Eastlike Dakota" ynstee fan "Nakota en Dakota". De term "Nakota"/"Nakoda" is no foarbeholden oan 'e Assiniboin en de Stony, folken dy't fan âlds út 'e Sû wei ûntstien binne, mar der net mear ta rekkene wurde. Hjirûnder in lyts oersjoch fan 'e eigen nammen fan 'e ferskillende Sû- en oanbesibbe folken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota