Newton Knight
Newton Knight (Jones County (Mississippy), 10 novimber 1829 – Jasper County (Mississippy), 16 febrewaris 1922) wie in Amerikaansk boer, soldaat en Súdlik unionist, dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch yn it súdeasten fan 'e steat Mississippy in opstân begûn tsjin 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. Hy en syn oanhingers soene yn 1864 ferskate countys ferovere hawwe en dêr de Frijsteat Jones útroppen hawwe, hoewol't dat troch party histoarisy ûntstriden wurdt.
Newton Knight | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Newton Knight | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 novimber 1829 | |
berteplak | Jones County (Mississippy) | |
stoarn | 16 febrewaris 1922 | |
stjerplak | Jasper County (Mississippy) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | boer | |
aktyf as | opstannelingelieder tsjin 'e Konfederaasje | |
jierren aktyf | 1863 – 1865 | |
offisjele webside | ||
newtknightsfreestate.com |
Nei ôfrin fan 'e boargeroarloch joech Knight him by de Republikeinske Partij, troude mei in eardere negerslavinne en tsjinne yn it Tiidrek fan 'e Weropbou as plakferfangend U.S. marshal. Knight is yn Mississippy oant hjoed de dei ta in tige kontroversjeel figuer, waans motiven en dieden de befolking ferdiele. Guon sjogge him as in held, wylst er foar oaren in ferdjerlike smjunt wie. Benammen syn opfettings oer en dieden oangeande rasiale gelikensens wiene har tiid mear as 150 jier foarút. Der binne twa films oer Knight makke: Tap Roots, út 1948, en Free State of Jones, út 2016.
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeNewton Knight waard wierskynlik yn 1829 berne yn 'e neite fan 'e rivier de Leaf, yn Jones County yn 'e Amerikaanske steat Mississippy, as de soan fan 'e pleatslike boer Albert Knight en dy syn frou. Syn soan, Tom Knight, skreau letter yn in biografy dat er berne wie yn 1830, mar syn âldomkesizzer Ethel Knight skreau yn in oare biografy dat syn bertejier 1829 wie. Op syn grêfsark wurdt syn berte oanjûn as 10 novimber 1829. Yn 'e gegevens fan 'e folkstelling fan 1900 wurdt steld dat Knight berne wie yn novimber 1837, in datum dy't er nei alle gedachten sels opjûn hie. Dy datum komt oerien mei gegevens fan folkstellings út oare jierren, mar it tinken is dat Knight mei sin it ferkearde jier opjûn hat oan 'e folkstellingsamtners om 'e oarsprong fan syn famylje te ferbergjen.
Knight wie de pakesizzer fan John "Jackie" Knight (1773-1861), dy't ien fan 'e grutste oantallen slaven yn besit hie fan hiel Jones County. Knight syn heit Albert (1799-1862) besiet lykwols gjin slaven, en urf se ek net doe't syn heit kaam te ferstjerren. Newton Knight koe lêze en skriuwe, wat er nei alle gedachten fan syn mem leard hie, mei't der yn Jones County gjin skoallen foar de bern fan earme blanken wiene. Hy wie in saneamde primitive baptist, en oars as syn heit en pake wied er dêrom út leauwensoertsjûging hielûnthâlder. Hy hie ek nea in slaaf yn besit, om't dat krektlyk tsjin 'e lear fan 'e primitive baptisten wie. Hy troude yn 1858 mei in Serena Turner, mei wa't er him nei wenjen sette op in lytse boerespultsje dat krekt bûten Jones County lei, oare kant de grins mei Jasper County.
Amerikaanske Boargeroarloch
bewurkje seksjeJones County wie in gebiet dat net botte gaadlik wie foar de bou fan katoen, en sadwaande wiene der net folle plantaazjes of slaven. De ôfskieding fan 'e Súdlike steaten fan 'e Amerikaanske Uny, dy't dreaun waard troch de maatskiplike klasse fan 'e rike slavehâlders, hie sadwaande yn Jones County net folle oanhing. De county keas yn jannewaris 1861 John Hawthorne Powell jr. om as fertsjintwurdiger nei de ôfskiedingskonvinsje fan Mississippy te stjoeren. Dyselde wie fûleindich op ôfskieding tsjin. Neffens it ferhaal soed er syn efterban lykwols ferret hawwe troch op 'e konvinsje fan stânpunt te feroarjen en foar ôfskieding te stimmen. Yn wurklikheid wiene der mar twa mooglikheden om op te stimmen: direkte ôfskieding en in stadiger foarm fan ôfskieding yn oerlis mei de oare steaten fan it Amerikaanske Suden. Powell stimde foar de twadde opsje as de minst kweade kar fan twa kweaden. De befolking fan Jones County, dy't net foar it ferstân hie hoe beheind syn mooglikheden wiene, fielde him troch Powell syn dwaan lykwols ferret.
Nei't de ôfskieding in feit wie en Mississippy mei de oare ôfskate Súdlike steaten de nije Konfederearre Steaten fan Amearika foarme hie, naam Knight yn july 1861 tsjinst yn it 8e Missisippiaanske Ynfanteryrezjimint. In healjier letter krige er ferlof om thús syn heit te fersoargjen, dy't slim yn 'e minnichte rekke wie. Yn maaie 1862 joech Knight him mei in stikmannich freonen en buorlju by Kompanjy F fan it 7e Mississippiaanske Ynfanterybataljon. Hja joegen der de foarkar oan om mei bekenden te tsjinjen ynstee fan mei frjemden.
De hiele simmer en hjerst fan 1862 troch boaze de desersje út it Konfederearre leger oan. Dêrby spilen ferskate faktoaren in rol. Sa wie der gebrek oan iten en oare foarrieden foar de soldaten nei de Twadde Slach by Corinth. Fierders sieten de mannen út Jones County yn noed oer de sitewaasje fan harren húshâldings, mei't der har berjochten berikten dat harren froulju it boerewurk net oankoene en sadwaande yn minne omstannichheden libben. Knight sels rekke poerrazen doe't er hearde dat de Konfederearre autoriteiten al syn hynders opfoardere hiene. De drip dêr't de amer fan oerrûn, wie lykwols de ynfiering troch it Konfederearre regear fan 'e saneamde Tweintich-Negerswet. Under dy wet waard in slavehâlder of syn âldste soan frijsteld fan 'e tsjinstplicht as er tweintich negerslaven yn besit hie. As er fjirtich slaven hie, waard de twadde soan frijsteld fan 'e tsjinstplicht, mei sechstich slaven de trêde, en sa fierder. It befêstige Knight yn syn gefoel dat er brûkt waard yn in oarloch fan 'e riken. Dêropta krige er berjocht dat syn sweager Morgan, dy't ûnder Knight syn ôfwêzigens famyljehaad wurden wie, Knight syn bern mishannele. De identiteit fan dy Morgan is ferlern gien, mar histoarisy tinke dat er wierskynlik Morgan Lines wie, in deihierarbeider en feroardiele moardner.
Yn oktober 1862 waard Knight troch syn oerhearrrigen yn it Konfederearre leger rapportearre as absint sûnder ferlof. Jierren letter soed er syn desersje ferdigenje troch te sizzen: "As sy it rjocht hiene om my op te roppen foar de tsjinstplicht wylst ik net tsjin 'e Uny fjochtsje woe, hie ik it rjocht om nei hûs te gean doe't ik myn nocht hie." Hy waard stil wei yn 'e gaos dy't útbriek nei de Konfederearre nederlaach by Corinth en de dêropfolgjende weromtocht. Nei't er goed 320 km nei hûs ta rûn hie, skeat er dêr, neffens it lettere tsjûgenis fan ferskaten fan syn famyljeleden, fuortendaliks Morgan dea. Begjin 1863 waard Knight oppakt en in skoft finzen set foar desersje, en der binne oanwizings dat er doe martele waard troch syn bewekkers. It Konfederearre leger baarnde syn pleats oan 'e grûn ta ôf om in foarbyld foar oaren te stellen, sadat syn frou en bern yn folsleine earmoede efterbleaune.
Nei de Konfederearre nederlaach yn 'e Slach by Vicksburg, yn july 1863, doe't it tal deserteurs út it Konfederearre leger sterk oprûn, begûnen de Konfederearre autoriteiten op in stuit berjochten te ûntfangen dat yn Jones County in binde deserteurs oan it plonderjen slein wie en de wenten fan rjochtskepen boargers platbaarnde. Dêrby gie it om 'e folgelingen fan Knight. Dyselde hie nammentlik beskûl socht yn 'e ûnherberchsume sompen by de rivier de Leaf lâns, en dêr hied er op 13 oktober 1863 út oare deserteurs en útnaaide negerslaven in eigen legerke gearstald, dat de Knight Kompanjy neamd waard.
Yn 2016 waard troch in histoarikus yn 'e Amerikaanske Nasjonale Argiven in brief ûntdutsen dat datearre is op 13 febrewaris 1864. It wie skreaun troch in James Lamon, in ferkenner foar it Noardlike leger, oan generaal-majoar John M. Palmer, wêryn't er ferslach die fan 'e ferklearring fan in Súdlike soldaat dy't koartby oerrûn wie. Dyselde hie him ferteld dat der yn 'e sompen yn Jones County wol seishûndert Súdlike deserteurs gearkommen wiene, dy't harren kâns ôfwachten om har by de Noardlike troepen te jaan. Hoe grut oft de Knight Kompanjy echt wie, is ûnder skiedkundigen noch altyd ûnderwerp fan debat, mar nei de boargeroarloch sei Knight sels yn in fraachpetear: "We wiene mei likernôch 125 man, nea mear as dat."
De Knight Kompanjy paste guerriljataktiken ta om 'e boerespultsjes mei froulju en bern te beskermjen tsjin wat se seagen as de plondertochten fan 'e belestingynders en opfoarderers fan it Konfederearre leger. Knight-en-dy wiene net inkeld aktyf yn Jones County, mar ek yn 'e oangrinzgjende countys Jasper, Covington, Perry en Smith. Knight sels waard troch syn oanhingers keazen ta kaptein fan 'e kompanjy, dêr't in protte fan syn freonen, famyljeleden en buorlju ta hearden. It wichtichste skûlplak fan 'e Knight Kompanjy stie bekend as 'Devil's Den' ("Duvelshoale"), en lei oan 'e rivier de Leaf op 'e grins fan 'e countys Jones en Covington. Pleatslike froulju en slaven befoarrieden de leden fan 'e kompanjy mei iten en oare help. Froulju bliezen op kowehoarnen om it neieroankommen fan Konfederearre opfoarderders en belestingynders oan te jaan.
In pleatslike kertiermaster, kaptein W.J. Bryant, rapportearre oan 'e Konfederearre autoriteiten dat "de deserteurs de hiele krite ûnder de foet rûn en yn besit nommen hawwe, wêrby't se yn in protte gefallen de goede en trouwe boargers ferbalje of harren koelbloedich yn har eigen doarsgat deasjitte." Generaal Braxton Bragg stjoerde majoar Amos McLemore nei Jones County ta om te sjen wat der fan 'e berjochten oan wie, en om sa nedich regaad te meitsjen. Op 5 oktober 1863 waard McLemore deasketten yn it hûs fan in Amos Deason yn Ellisville, it haadplak fan Jones County. It tinken is dat Knight him eigenhandich ombrocht hat.
Fan it neijier fan 1863 oant de ein fan 'e Boargeroarloch yn april 1865 focht de Knight Kompanjy fjirtjin dokumintearre skermutselings út mei Konfederearre troepen. Ien fan dy skermutselings fûn plak op 23 desimber 1863, by it hûs fan in Sally Parker, dy't in sympatisante fan Knight-en-dy wie. Dêrby fûn ien Konfederearre soldaat de dea en rekken twa oaren slim ferwûne. Yn deselde snuorje joech Knight lieding oan in oerfal op Paulding, dêr't hy en syn mammen fiif weinfollen stynske weet bútmakken, dy't se neitiid ferdielden ûnder de pleatslike befolking. De Knight Kompanjy dwerseide oanhâldend Konfederearre funksjonarissen, en in grut tal belestingynders, rekrutearringsofsieren foar de tsjinstplicht en oare beämten waarden begjin 1864 yn Jones County en omlizzende countys deasketten.
De Konfederearre luitenant-generaal Leonidas Polk reägearre dêrop troch yn febrewaris 1864 in ôfdieling troepen nei it gebiet te stjoeren ûnder lieding fan kolonel Henry Maury. Dyselde kaam neitiid werom mei it nijs dat er it hiele gebiet skjinfage hie fan deserteurs, mar dêr heakke er oan ta dat de deserteurs drige hiene om mei Noardlike stipe werom te kearen. De griffier fan it gerjochtsgebou fan Jones County skreau begjin maart 1864 oan Charles Clark, de gûverneur fan Mississippy, dat Knight-en-dy it ynjen fan belesting yn 'e county ûnmooglik makke hiene. Luitenant-generaal Polk skreau op 21 maart oan 'e Konfederearre presidint Jefferson Davis dat de bindes deserteurs yn Jones County "yn iepen opstân" wiene en dat se fan harrensels seine dat se "Súdlike Yankees" wiene.
Tsjin ein maart 1864 hie de Knight Kompanjy it regear fan 'e county effektyf oernommen fan 'e Konfederaasje. Neffens in brief fan 'e Konfederearre kaptein Wirt Thompson oan James Seddon, de minister fan Oarloch fan 'e Konfederaasje, datearre op 29 maart, hiene Knight-en-dy Ellisville ferovere en dêr de Amerikaanske flagge hyst by it gerjochtsgebou. Knight besocht help te krijen fan 'e nei it suden ta opmarsjearjende Noardlike generaal William T. Sherman, en stjoerde him in brief wêryn't er úthold dat Jones County gjin ûnderdiel mear útmakke fan 'e Konfederaasje.
Yn july 1864 skreau de Natchez Courier, in krante út Natchez (Mississippy), dat de 'Frijsteat Jones' him ôfskaat hie fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. Op syn hichtepunt behearske de frijsteat net inkeld Jones County, mar de hiele krite fan Jones oant de grins mei Alabama, dy't dielen fan 'e countys Jasper, Covington, Perry en Smith omfette. Tsjin 'e ein fan 'e simmer fan 1864 stjoerde generaal Polk in nij kontingint Konfederearre troepen nei Jones County ta. Dy stiene diskear ûnder lieding fan kolonel Robert Lowry, dy't it nei de oarloch noch ta gûverneur bringe soe, en troch wa't Knight jierren letter omskreaun wurde soe as "in domme en ûngeletterde man." Knight en syn oanhingers, dy't tsjin 'e oermacht fan Lowry syn troepen net opkoene, loeken harren dêrop fannijs werom yn 'e sompen.
Troch de ynset fan bloedhûnen wist Lowry tsien leden fan 'e Knight Kompanjy op te spoaren, dy't dêrnei stânrjochtlik eksekutearre waarden. Under harren wiene ek Knight syn neven Benjamin Franklin Knight en Sil Coleman. Knight sels krige Lowry lykwols net te pakken. Knight soe nei de oarloch fertelle dat de Knight Kompanjy op dit punt yn 'e oarloch om 'e nocht besocht hie en brek troch de Konfederearre linys hinne sadat se harren oanslute koene by it opmarsjearjende Noardlike leger. Ynstee begûnen se neitiid op 'e nij in guerriljastriid tsjin 'e Konfederearre besettingsmacht, dy't oanhold oant de ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch yn april 1865.
Weropbou en lettere jierren
bewurkje seksjeNei de ein fan 'e boargeroarloch kearde Knight werom nei syn boerespultsje yn Jasper County, dat er op 'e nij opboude. Hy waard troch de Noardlike militêre besettingsautoriteiten oansteld om 'e distribúsje fan iten oan 'e suver ferhongerjende húshâldings yn Jones County te bewurkmasterjen. Hy joech ek lieding oan in oerfal wêrby't ferskate bern befrijd waarden dy't yn it oanbuorjende Smith County noch as slaven holden waarden. Krekt as de measte Súdlike unionisten sleat er him oan by de Republikeinske Partij.
Yn 1870 tsjinne Knight in oanfraach yn by de Amerikaanske federale oerheid foar finansjele kompinsaasje foar de djipdrôven fan ferskate leden fan 'e Knight Kompanjy, wêrûnder de tsien dy't yn 1864 troch Lowry eksekutearre wiene. Hy levere beëdige ferklearrings oan fan ferskate persoanen (ûnder wa in rjochter en in kandidaat foar de steatssenaat) om syn eigen trou oan 'e Uny en dy fan syn deade mannen oan te toanen. Mar it federale Hof fan Oanspraak besleat dat "it bewiis net de bewearing fan 'e oanfraach ûnderstipet dat de Jones County-ferkenners organisearre wiene foar militêre tsjinst foar de Feriene Steaten of dat se yn emoasje en gefoel de hiele oarloch troch trou wiene oan 'e Feriene Steaten."
Knight stipe yn it Tiidrek fan 'e Weropbou it regear fan 'e Republikeinske gûverneur fan Mississippy Adelbert Ames. Yn 1872 waard er oansteld as plakferfangend U.S. marshal foar it Súdlike Distrikt fan 'e steat. Doe't it konflikt tusken it regear fan Ames en blanke paramilitêre oanhingers fan 'e Konfederaasje oanboaze, stelde de gûverneur Knight yn 1875 oant as kolonel fan it 1e Ynfanteryrezjimint fan Jasper County, in fierders folslein swart rezjimint fan reservisten, dat de pleatslike befolking tsjin 'e aktiviteiten fan 'e paramilitêren (lykas leden fan 'e Ku Klux Klan) beskermje moast. Datselde jiers wûn de Demokratyske Partij de mearderheid yn it Steatskongres fan Mississippy werom. Dêrnei waard Ames twongen ta ôftreden, en Knight waard út al syn funksjes ûntslein. Doe't yn 1877 it Tiidrek fan 'e Weropbou formeel beëinige waard, loek Knight him werom út 'e polityk.
Tsjin 1875 wie Knight by syn frou Serena weirekke. Hy wertroude mei Rachel, in swarte frou dy't as bern noch slavinne fan syn pake west hie. Yn deselde snuorje troude Mat, Knight syn folwoeksen soan út syn earste houlik, mei Fannie, de folwoeksen dochter fan Rachel. En Knight syn dochter Molly troude mei Rachel har soan Jeff, sadat der trije ynterrasiale houliken yn deselde mienskip wiene. Dy waarden lykwols formeel as neatich beskôge, mei't ynterrasiale houliken yn Mississippy foar en nei de boargeroarloch yllegaal wiene, útsein in koart skoftke yn it Tiidrek fan 'e Weropbou. Knight en syn twadde frou Rachel krigen noch ferskate bern foar har ferstjerren yn 1889. Sels stoar Newton Knight yn 1922, yn 'e hege âlderdom fan 92 jier. Nettsjinsteande it feit dat yn Mississippy in wet fan krêft wie dy't it ferbea dat blanken en swarten op itselde begraafplak har lêste rêstplak krigen, waard er op eigen fersyk begroeven njonken Rachel op wat no it Knight Family Cemetery hjit, op in heuvel yn Jones County dy't útsjocht oer Knight syn pleats. Op syn grêfstien waard de tekst útbeitele: He lived for others. ("Hy libbe foar oaren.")
Yn 1964 hiene de betoerpakesizzers fan Newton en Rachel Knight, de njoggenjierrige Edgar en de achtjierrige Randy Williamson, noch nea in dei nei skoalle west om't de pleatslike ûnderwiisautoriteiten, dy't wjerstân en sels geweld fan 'e âlden fan blanke klasgenoaten frezen, harren wegeren ta te litten ta de legere skoalle foar blanken. Om't se 1/16 of 1/32 swart wiene, waarden se lykwols foar de wet as blanken beskôge, en mochten se dêrom net nei in legere skoalle foar swarte bern.
Neilittenskip
bewurkje seksjeHistoaryske ferslaggen
bewurkje seksjeIere ferslaggen fan Knight en syn libben en dieden waarden publisearre troch syn eigen ôfstammelingen en oare persoanen út Jones County en omkriten. Sa skreau Knight syn soan Thomas Jefferson "Tom" Knight yn 1935 de biografy The Life and Activities of Captain Newton Knight. Tom sette syn heit del as in soarte fan Robin Hood út 'e tiid fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, dy't wegere en fjochtsje foar in saak dêr't er net yn leaude. It boek lit lykwols opfallend genôch eltse fermelding fuort fan Knight syn nei-oarlochske houlik mei Rachel. In âldomkesizzer, Ethel Knight, skreau yn 1951 it boek Echo of the Black Horn: An Authentic Tale of "The Governor" of the "Free State of Jones". Dêryn portrettearre se Knight as in ferrieder fan 'e Konfederaasje en omreden fan syn houlik mei Rachel ek fan syn eigen ras. Se sette him wei as in domme, boerske, moardsuchtige krimineel en oppenearre dat de measte leden fan 'e Knight Kompanjy gjin wiere unionisten wiene, mar harrensels troch Knight manipulearje litten hiene foar syn eigen snoade doelen.
Yn 1984 skreau de histoarikus Rudy H. Leverett de earste tweintichste-iuwske wittenskiplike stúdzje fan boeklingte oer de foarfallen yn Jones County ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch, mei as titel The Legend of the Free State of Jones. Leverett, de oerpakesizzer fan majoar Amos McLemore, dy't troch Knight fermoarde wêze soe, riddenearre dat de dieden fan 'e Knight Kompanjy net represintatyf wiene foar de miening oer de Konfederaasje fan it meastepart fan 'e ynwenners fan Jones County. Hoewol't de ynwenners fan 'e county gjin foarstanners fan 'e ôfskieding wiene, soene se neffens him neitiid troch de driging fan 'e oerhearsking troch it Noarden dochs har loyaliteit oan 'e Konfederaasje skonken hawwe. Yn syn boek droech er bewiismateriaal oan foar syn stelling dat de mearderheid fan 'e befolking fan 'e county eins oan 'e ein ta trou bleau oan 'e Konfederaasje, en dat de ôfskieding fan Jones County nea plakfûn hat.
In oare skiedkundige, Victoria E. Bynum, skreau yn 2003 The Free State of Jones: Mississippi's Longest War, wêryn't se de ekonomyske, religieuze en familiale faktoaren ûndersocht dy't fan ynfloed wiene op 'e opfettings fan 'e ynwenners fan Jones County yn 'e Boargeroarloch. Bynum kaam dêrby ek ta de konklúzje dat de county him nea echt fan 'e Konfederaasje ôfskaat hie. Se neamde dat in "myte", dy't neffens har Newton Knight sels, syn ûnderbefelhawwer Jasper J. Collins, en Collins syn soan Loren allegear by harren libben ûntkend hawwe soene. Ynstee soene se útholden hawwe dat Jones County him net fan 'e Konfederaasje ôf hoegde te skieden, om't de Konfederaasje in yllegale konstruksje wie en Jones County dêrom yn harren eagen altyd ûnderdiel bleaun wie fan 'e Feriene Steaten.
Bynum gie yn har boek ek yn op 'e skiednis fan Jones County yn it Tiidrek fan 'e Weropbou nei de oarloch. Dêrby bestege se yn 't bysûnder oandacht oan 'e trije ynterrasiale houliken yn 'e famylje Knight, en folge se de line fan 'e neiteam fan Knight oant yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw, doe't út 'e ynterrasiale ôfstamming in rjochtsaak fuortkaam dy't oant foar it Heechgerjochtshôf fan Mississippy útfochten waard. Dêrby gie it om in oerpakesizzer fan Knight, dy't troch syn ôfstamming fan Rachel foar 1/8 part swart wie. Doe't er yn 1948 troude mei in blanke frou, wie dat reden foar syn arrestaasje en berjochting, mei't er troch syn ôfstamming yn dy tiid foar de wet fan Mississippy foar in swartenien holden waard, en swarten út noch yn net trouwe mochten mei blanken. Hy waard feroardiele ta fiif jier finzenisstraf, mar in jier letter waard dat fûnis yn heger berop weromdraaid troch it Heechgerjochtshôf fan Mississippy, om't oars it Heechgerjochtshôf fan 'e Feriene Steaten yn it bestjoer fan Mississippy yngrepen hawwe soe troch de wet tsjin mingde houliken ûngrûnwettich te ferklearjen.
Yn harren sûnder fuotnoaten útjûne, populêr-wittenskiplike boek The State of Jones, út 2009, wreiden Sally Jenkins en John Stauffer marzjinaal út oer de ûnderwerpsstof yn ferhâlding ta it wurk fan Leverett en Bynum. De auteurs leine dêrby de klam op 'e mjitte wêryn't Knight in ein makke oan 'e behearsking troch de Konfederearre autoriteiten fan Jones County. Yn 'e nei-oarlochske perioade tsjutten se benammen syn anty-rasistyske en pro-unionistyske sympatyen oan.
Films
bewurkje seksjeIt ferhaal fan Newton Knight en de Frijsteat Jones is twa kear ferfilme. Yn 1948 makke regisseur George Marshall de film Tap Roots op basis fan 'e roman mei deselde namme út 1942, fan James H. Street. Dat boek wie loskes basearre op 'e dieden fan 'e Knight Kompanjy, en hie as haadpersoan in Hoab Dabney, dy't ynspirearre is troch Newton Knight. Yn 'e film waard dy rol spile troch Van Heflin, mei Susan Hayward as syn tsjinspylster.
Yn 2016 makke regisseur Gary Ross de film Free State of Jones, dy't it ferhaal fan Newton Knight en syn dieden yn sawol de Amerikaanske Boargeroarloch as it Tiidrek fan 'e Weropbou frij sekuer folget. De rol fan Newton Knight waard spile troch Matthew McConaughey, dy fan Rachel Knight troch Gugu Mbatha-Raw en dy fan Serena Knight troch Keri Russell.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side. |