De Northern Neck (letterlik: "Noardlike Hals", frij fertaald: "Noardlike Lâningte") is in skiereilân oan 'e Atlantyske kust fan 'e Amerikaanske steat Firginia. It sit yn it noardwesten fêst oan it fêstelân fan Firginia, en stiket nei it súdeasten ta út yn 'e Chesapeakebaai, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan. It is eins it noardlikste fan in rige fan trije skiereilannen ûnderinoar dy't de deselde rjochting út wize; de oare beide binne it Middelskiereilân en it Firginia-skiereilân. De Northern Neck is in lanlik gebiet mei lytse stedsjes en doarpen, boerespultsjes op 'e romte, wyngerds, strannen en jachthavens. Teffens lizze der fiif steatsparken en oare beskerme natoergebieten, lykas (in grut diel fan) it Nasjonaal Wyldreservaat Rivierdelling fan de Rappahannock. Sûnt de 1970-er jierren is de wynbou fan grut belang foar de Northern Neck. Dêrnjonken nimt it toerisme in wichtich plak yn, fral fan wettersporters.

De Northern Neck (read) yn 'e Amerikaanske steat Firginia. Op dizze kaart binne 5 countys ta it skiereilân rekkene.

Geografy en demografy

bewurkje seksje

De Northern Neck wurdt yn it easten begrinzge troch de Chesapeakebaai, yn it noarden troch de rivier de Potomac en yn it suden troch de rivier de Rappahannock. De krite omfiemet fjouwer countys, te witten: Lancaster, Northumberland, Richmond en Westmoreland, mei in mienskiplik oerflak fan 1.931 km² en in kustline fan 1.770 km. Soms wurdt ek King George County ta it skiereilân rekkene, wat it oerflak op 2.397 km² bringt. Hoewol't King George County histoarysk yndie ta de Northern Neck hearde, binne de grinzen sûnt dy tiid opskood, sadat in grut diel fan it histoaryske King George County no ta Westmoreland County heart. De Northern Neck hie yn 2007 in befolking fan goed 49.000 minsken (of goed 66.000 minsken as men ek King George County meirekkenet). De befolkingstichtens bedroech 25,6 minsken de km² (King George County ynbegrepen 27,6 de km²).

 
It bertehûs fan 'e Amerikaanske presidint George Washington, yn Westmoreland County.

De earste Jeropeaan dy't de Northern Neck oandie, wie de Ingelske ûntdekkingsreizger John Smith, dy't yn 'e winter fan 1607 op 1608 as finzene fan 'e Pouhattan troch it gebiet fierd waard (en letter neffens it ferhaal fan 'e dea rêden wurde soe troch Pocahontas). Yn 1661 waard de Northern Neck yn lien jûn troch kening Karel II fan Ingelân, en sadwaande behold de krite oant de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch in beskate foarm fan autonomy foar it koloniale regear fan Firginia oer. Yn 'e koloniale tiid waarden op it skiereilân in protte lukrative tabaksplantaazjes fêstige, dy't draaiende holden waarden troch de ynset fan slaven út Afrika wei. Yn 1687 en jitris yn 1688 waarden op 'e Northern Neck gearspannings mank de negerslaven ûntdutsen om yn opstân te kommen en harren blanke masters dea te dwaan. Geande wei de njoggentjinde iuw gie in grut part fan 'e Northern Neck oer op 'e bou fan grienten en nôt, wylst de kustplakjes har dwaande holden mei fiskerij.

Yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw waarden George Washington, James Madison en James Monroe, dy't alletrije letter presidint fan 'e Feriene Steaten wurde soene, berne op 'e Northern Neck. Ek Robert E. Lee, de ferneamde Súdlike legerkommandant út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, wie op it skiereilân te wrâld kommen. Under de Boargeroarloch (1861-1865) leine de Northern Neck en benammen King George County oan 'e frontliny tusken it Noarden en it Suden. Noardlike troepen behearsken it meastepart fan 'e oarloch de rivier de Potomac en de noardigge fan 'e bopperin fan 'e rivier de Rappahannock. Nei ôfrin fan 'e oarloch besochten John Wilkes Booth, de moardner fan presidint Abraham Lincoln, en syn helper David Herold om fia de Northern Neck oan 'e plysje te ûntkommen. Te Garrett's Farm, yn Caroline County, krekt oare kant de Rappahannock, waarden se lykwols ynsletten, wêrby't Booth deasketten en Herrold finzen nommen waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.