De PC fan 2008 waard op woansdei 30 july ferkeatst. It wie de 155ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier.

iepening fan de PC troch de foarsitter Minne Dijkstra
de winners fan de PC, Jochum Bouma, Auke van der Graaf en Douwe Groenendijk

Oer it lotsjen wiene de measte minsken wol tefreden. De haadklasse partoeren wiene aardich oer de list ferdield, allinne de wedstriid tusken partoer 5 en 6 (de finale fan it foargeande jier) wie wol wat spitich. Dit waard ek in tige spannende partij. Lang om let kaam alles oan de hang en doe wie it Klaas Berkepas dy't it perk miste, wat ek wol spitich wie om't hy foar it lêst oan de PC meidie.
Ek yn de wedstriid fan it jeugdige partoer fan Jelte Pieter Dijkstra kaam alles oan de hang mar hjir wie it it partoer fan Abma dy't trochgie.

Heale Finale

bewurkje seksje

Yn de heale finale's wiene it twa ûnferwachtse winners. Earst wiene it Jochum Bouma dy't wûnen fan it partoer fan Johan van der Meulen dy't allegear net yn harren bêste dwaan wiene.
De twadde ferrassing wie de útskeakeling fan it de bruorren Wassenaar. Dy wiene de earste twa listen frij maklik trochkaam mar tsjin it partoer fan Gert-Anne van der Bos wie it foaral troch it bêst opslachwurk fan Gert-Anne van der Bos eins wol gau dúdlik dat it partoer fan Rutmer van der Meer de finale net helje soe.

De finale waard begûn om in oere as seis. Om't de perken dit jier oan de stêdkant leine, oars lizze se meast oan de bolwurkkant, hie it perk mei de finale bot lêst fan de sinne dy't krekt oer de beammen fan it bolwurk skynde. It wie sels sa slim dat Douwe Groenendijk in hege bal fan Gert-Anne van der Bos hielendal kwyt wie sadat de bal krekt foar syn fuotten delkaam sûnder dat hy wat dwaan koe.
Dochs wie it it perk fan Douwe Groenendijk en Auke van der Graaf dy't hjir it bêste mei om giene. Foaral Folkert van der Wei dy't de hiele dei hiel goed stie te keatsen wie in de finale folle minder. Ek om't Gert-Anne van der Bos yn de finale neist in tal sitballen in protte opslachmissers hie wie it partoer fan Jochum Bouma de logyske winner. Douwe Groenendijk, dy't op wichtige mominten de foarbêst oernaam en dêr ek suksesfol mei wie waard keazen ta kening.

List fan dielnimmers oan de PC fan 2008

bewurkje seksje
1 Simon Minnesma  Dronryp
Hylke Bruinsma Minnertsgea
Marten Feenstra Berltsum
2 Pieter Bakker Ljouwert
Tjerck Karsten Hartwert
Tjibbe Hansma Mûnein
3 Jochum Bouma Easterlittens
Auke van der Graaf Berltsum
Douwe Groenendijk It Hearrenfean
4 Hendrik Tolsma Goutum
Michel van der Veen Frjentsjer
Johannes Boersma< Winsum
5 Johan van der Meulen Broeksterwâld
Herman Sprik Wytmarsum
Taeke Triemstra Sint Jabik
6 Klaas Berkepas Hoarnstersweach
Jan Willem van Beem Dronryp
Daniël Iseger Ljouwert
7 Jelte Pieter Dijkstra Easterein
Hans Wassenaar Tsjummearum
Site Ferwerda Stiens
8 Johan Abma Gau
Jacob Klaas Haitsma Wommels
Gerrit Flisijn Easterein
9 Martijn Olijnsma Hijum
Erik Haitsma Wommels
Pier Piersma Ljouwert
10 Jan Dirk de Groot Bûtenpost
Renze Pieter Hiemstra Sint Jabik
Alle Jan Anema Reduzum
11 Rutmer van der Meer Sint Jabik
Jacob Wassenaar Sint Anne
Chris Wassenaar Minnertsgea
12 Wilco Rinia Makkum
Karel Nijman Ljouwert
Gert Jan Meekma Wytmarsum
13 Sibbele Lootsma Snits
Marten Hiemstra Rie
Lennart Adema Makkum
14 Gerben-Hein Wijtsma Ljussens
Jacob Zaagemans Wytmarsum
Peter de Boer Frjentsjer
15 Gert-Anne van der Bos Holwert
Tjitte Bonnema Tsjummearum
Folkert van der Wei Wytmarsum
16 Marten van der Leest Dronryp
Pieter Jan Plat Sint Anne
Feiko Broersma Easterlittens
1e list
1 Simon Minnesma c.s. - 2 Pieter Bakker c.s. 5-2 (6-4)
3 Jochum Bouma c.s. - 4 Hendrik Tolsma c.s. 5-4 (6-0)
5 Johan van der Meulen c.s. - 6 Klaas Berkepas c.s. 5-5 (6-6), partoer 5 wint.
7 Jelte Pieter Dijkstra c.s. - 8 Johan Abma c.s. 5-5 (6-6), partoer 8 wint.
9 Martijn Olijnsma c.s. - 10 Jan Dirk de Groot c.s. 5-3 (6-6)
11 Rutmer van der Meer c.s. - 12 Wilco Rinia c.s. 5-0 (6-0)
13 Sibbele Lootsma c.s. - 14 Gerben-Hein Wijtsma c.s. 3-5 (4-6)
15 Gert-Anne van der Bos c.s. - 16 Marten van der Leest c.s. 5-1 (6-4)
2e list
1 Simon Minnesma c.s. - 3 Jochum Bouma c.s. 3-5 (2-6)
5 Johan van der Meulen c.s. - 8 Johan Abma c.s. 5-1 (6-2)
9 Martijn Olijnsma c.s. - 11 Rutmer van der Meer c.s. 3-5 (4-6)
14 Gerben-Hein Wijtsma c.s. - 15 Gert-Anne van der Bos c.s. 1-5 (4-6)
3e list
3 Jochum Bouma c.s. - 5 Johan van der Meulen c.s. 5-3 (6-6)
11 Rutmer van der Meer c.s. - 15 Gert-Anne van der Bos c.s. 3-5 (4-6)
finale
3 Jochum Bouma c.s. - 15 Gert-Anne van der Bos c.s. 5-4 (6-4)

Kening PC 2008

bewurkje seksje
  • Douwe Groenendijk