Paint Your Wagon (film)
Paint Your Wagon is in Amerikaanske Technicolor-western-musical-komeedzjefilm út 1969 ûnder rezjy fan Joshua Logan, mei yn 'e haadrollen Lee Marvin, Clint Eastwood en Jean Seberg. De titel betsjut "Fervje Jo Wein" (d.w.s. as risselwaasje om op 'en paad te gean). De film wie in adaptaasje troch Paddy Chayefsky fan 'e musical mei deselde namme út 1951 fan Lerner en Loewe. It ferhaal folget twa goudsikers ûnder de Kalifornyske Goudkoarts fan 1849, dy't omreden fan 'e krapte oan froulju beslute om mei ien en deselde frou te trouwen. De produksje fan Paint Your Wagon waard pleage troch fertragings en min waar, en koste úteinlik goed $20 miljoen, wat foar dy tiid ekstreem djoer wie. De film krige lauwe resinsjes fan 'e filmkritisy, en hoewol't er it yn 'e bioskopen yn prinsipe goed die, wie de opbringst net genôch om út 'e kosten te kommen.
Paint Your Wagon | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joshua Logan | |
produsint | Alan Jay Lerner | |
senario | Alan Jay Lerner Paddy Chayefsky | |
basearre op | musical fan Alan Jay Lerner en Frederick Loewe | |
kamerarezjy | William A. Fraker | |
muzyk | Alan Jay Lerner Frederick Loewe André Previn | |
filmstudio | Alan Jay Lerner Productions The Malpaso Company | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Lee Marvin Clint Eastwood Jean Seberg | |
byrollen | Harve Presnell Ray Walston Robert Easton William O'Connell Alan Dexter | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 15 oktober 1969 | |
foarm | langspylfilmmusical | |
sjenre | westernkomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 154 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $20 miljoen | |
opbringst | $31,7 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeGoudsiker Ben Rumson is der yn 'e bergen fan Kalifornje tsjûge fan hoe't in kapwein fan nije kolonisten út it Easten fan it paad rekket en by de berchskeante delrôlet om úteinlik op 'e rotsen stikken te slaan. As er him nei it plak fan it ûngemak hastiget, treft er dêr twa manlju oan, wêrfan't de iene dea en de oare bewusteleas is, mei in brutsen earm en in brutsen skonk. Ben en de oare kolonisten, dy't yn deselde karavaan reizgen, begrave de ferstoarne, dy't de jongere broer fan 'e ferwûne blykt te wêzen. De foarfallen nimme lykwols in ûnferwachtse kear as se yn 'e ierde út it grêf goud ûntdekke. Ben makket fuortendaliks oanspraak op 'e claim út namme fan himsels en de ferwûne man, dy't er oannimt as syn "Pardner" (in Amerikaansk-Ingelske útspraak fan it wurd "partner").
Pardner is in boer dy't yn 'e Kalifornyske Goudkoarts genôch goud hopet te finen om lân te keapjen en in pleats te bouwen. Hy is in romantikus, dy't bygelyks sjongt oer in faam, Elisa, dy't inkeld yn syn fantasij bestiet. Ben Rumson, dêrfoaroer, is in alkoholistyske liddichgonger dy't graach fjochtsje, stelle en by kaartspullen falskspylje mei, mar foar wa't de bân mei jins partner hillich is. Om't Pardner troch syn ferwûnings foarearst gjin swier wurk dwaan kin, biedt Ben oan om him syn diel yn 'e goudclaim te jaan as Pardner him oerein helpt as er dronken yn 'e dridze leit, en him selskip hâldt as er ien fan syn riten fan melankelikens hat.
As de goudfynst buorkundich wurdt, ûntstiet der by dat plak al rillegau in tintekamp fan goudsikers dy't dêr ek har lok beproevje wolle. It plak kriget de namme No Name City, en der hâlde inkeld manlju ta, sadat de ynwenners meitiid begjinne te longerjen op froulik selskip. As de mormoan Jacob Woodling mei syn beide froulju it kamp op trochreis passearret, is de oanwêzigens fan froulju genôch om 'e hiele befolking útstreame te litten. It liket de goudsikers net earlik ta dat Woodling twa froulju hat wylst sy gjinien hawwe. Yntern is it yn 'e húshâlding fan Woodling ek bepaald gjin pais en free, mei't syn earste frou Sarah en syn twadde frou Elizabeth inoar haatsje. De goudsikers besykje Woodling te bepraten om ien fan syn froulju oan harren te ferkeapjen, en as de rebelske Elizabeth stelt dat it der foar har allinne mar better op wurde kin, stimt Woodling dêrmei yn.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Der wurdt in feiling holden dêr't Elizabeth by opbod ferkocht wurdt. In stomdronken Ben Rumson biedt it heechste bedrach en wurdt sa har eigner. Om't de iennichste wetten dy't yn 'e goudsikersmienskip jilde, de mynbouregels binne, wurdt Elizabeth behannele as in goudclaim, en by de op 'e feiling folgjende brulloft kriget Ben it eksklusive rjocht op al har "minerale rykdommen". Elizabeth wol lykwols net behannele wurdt as in stik grûn en bedriget Ben op harren houliksnacht mei in Derringer om him del te sjitten as er har net mei respekt behannelet. Nei't Ben tasein hat dat er har syn efternamme jaan en in hûs foar har bouwe sil, reitsje se úteinlik dochs op bêd. De oare deis sitte bûtendoar hûnderten goudsikers te wachtsjen, dy't yn guon gefallen oerenlang reizge hawwe om in glimp fan in frou op te fangen. De snoade Ben livet al dy lju yn om in blokhutte te bouwen. In protte hannen meitsje licht wurk en yn in pear dagen tiid hat er, ta har blydskip, syn ûnthjit oan Elizabeth ynlost om har in hûs te jaan.
As de iennichste frou yn in mienskip dy't fierders hielendal út manlju bestiet, lûkt Elizabeth fansels gâns besjoch. Dat driuwt Ben, dy't in jaloersk man blykt te wêzen, ta razernij en paranoia. As er (om 'e nocht) Horace Tabor besiket te fermoardzjen, is foar eltsenien dúdlik dat der wat barre moat, om't op dizze manear nimmen yn No Name City syn libben noch wis is. Op in gearkomste fan 'e hiele mienskip komt Pardner op 'e lapen mei it plan om seis Frânske huorren, dy't neffens in kranteberjocht yn in oar goudsikerskamp ferwachte wurde, ûnderweis dêrhinne te ûntfieren en se ynstee nei No Name City te bringen. De oare goudsikers wolle dêr yn 't earstoan net oan, mar as Pardner harren foarspegelet dat harren kamp mei de komst fan 'e huorren útgroeie kinne soe ta in wiere stêd, reitsje se entûsjast. Ben en guon oare goudsikers tsjogge der op út, sette ferklaaid yn militêre unifoarmen de koets fan 'e huorren it paad ticht, smite de koetsier fan 'e bok en kape it hiele reau om dermei nei No Name City te riden.
Underwilens moat Pardner derfoar soargje dat net ien fan 'e oare goudsikers Elizabeth lestich falt. Dat slagget, mar Pardner en Elizabeth reitsje fereale opinoar. As Ben weromkeard is, bychtet Pardner syn gefoelens oan him op, en risselwearret om ôf te setten. Dêrop seit Elizabeth tsjin Ben dat sy fereale is op Pardner. Ben wit wannear't er oer en tefolle is, dat no risselwearret hy om ôf te setten. Elizabeth seit lykwols dat se ek fan him hâldt. No witte de beide mannen net mear wat se moatte, mar Elizabeth bepraat harren dat as in man twa froulju hawwe kin, perfoarst in frou ek wol twa manlju hawwe kin. De oare goudsikers binne al lang bliid dat der twa man minder binne om yn 'e rige te stean by de huorren, dat it trijefâldich houlik wurdt troch de oare bewenners fan No Name City sûnder swierrichheden oanfurde.
Underwilens binne de tinten allegear ferfongen troch houtene gebouwen. It stedsje groeit almar ta, en in skoft lang hâldt de trijehoeksferhâlding goed stân, sûnder dat der in hoanne nei kraait. Meitiid begjint No Name City lykwols 'beskaafd' te reitsjen. Dat begjint mei de oankomst fan in predikant, dy't krewearret om 'e ynwenners ta it kristendom te bekearen en harren warskôget dat se "opslokt" wurde sille troch de hel as se harren sûndige manear fan libjen net opjouwe. De goudsikers hawwe dêr gjin boadskip oan. Minder is dat it goud begjint op te reitsjen. Ben en Mad Jack Duncan betinke dêr wat op as se sjogge hoefolle goudstof der yn 'e saloons, kasino's en bordelen net fergriemd wurdt en tusken de flierplanken troch rûgelet. Yn 'e mande mei Pardner en Mad Jack syn beide maten grave se neitiid tunnels ûnder it hiele stedsje troch om oeral it fergriemde goudstof op te fangen.
Underwilens arrivearret der in nije karafaan kolonisten yn No Name City, dy't yn 'e bergen rêden wurde moat fan 'e snie. It binne rjocht kristlike lju, en om't dy net ûnderbrocht wurde kinne yn hotels dy't tagelyk funksjonearje as bordelen, wurde se ynkertiere by de goudsikers. Yn Elizabeth har hûs wurdt de famylje Fenty ûnderbrocht. Elizabeth doar der foar harren oer net foar út te kommen dat se mei twa manlju troud is, en om't de Fentys oannimme dat Pardner har man is, stjoert Elizabeth Ben fuort oant de útfanhûzers wer ôfsette. Ben, dy't in protte argewaasje fan it hiele gedoch hat, nimt wraak troch de naïve jonge Horton Fenty, de âldste soan fan 'e húshâlding, yn 'e kunde te bringen mei de trije ferdivedaasjes fan drinken, smoken en prostitúsje yn it bordeel fan Rotten Luck Willie. Horton is wat dat oangiet in natoertalint, mar hy mist it ferstân om syn nije aktiviteiten foar syn âldelju geheim te hâlden. As de moard útkomt, set Elizabeth Ben foargoed út har hûs, en as Pardner foar him opkomt, wiist se dy ek de doar.
Net folle letter wurdt der yn No Name City in bloedsportevenemint organisearre, wêrby't in Texas longhorn-bolle it opnimme moat tsjin in Amerikaanske swarte bear. De predikant springt der lykwols tuskenyn om sok ûnbeskaafd fermaak tsjin te kearen. Hy warskôget de goudsikers op 'e nij dat de hel harren ferswolgje sil as se harren net bekeare. Troch it hinne en wer wâdzjen fan 'e bolle stoart op dat stuit ien fan 'e tunnels fan Ben-en-dy yn, en ferdwine sawol predikant as bolle ûnder de grûn. As de predikant troch de bolle yn 'e tunnels efternei sitten wurdt, rjochtet it bist dêr mei syn grutte, sydlings útstykjende hoarnen in ravaazje oan troch de stutten om te skuorren. It gefolch is dat it hiele tunnelstelsel ynstoart en No Name City yn 'e grûn ferdwynt en alhiel ferwoastge wurdt.
Neitiid sette Ben Rumson en alle oare goudsikers ôf, op 'e siik nei nije goudfjilden. Pardner, dy't by harren ôfskie einlings en te'n lêsten fertelt dat er eins Sylvester Newel hjit, fermoedsoenet him mei Elizabeth en bliuwt by har efter mei de bedoeling om op 'e útdiene goudclaim in boerespultsje te begjinnen.
Musicalnûmers
bewurkje seksje- I'm on My Way
- I Stil See Elisa
- The First Thing You Know
- Hand Me Down That Can o' Beans
- They Call the Wind Maria (útsprutsen as "murraaie")
- Whoop-Ti-Ay!
- A Million Miles Away Behind the Door
- I Talk to the Trees
- There's a Coach Comin' In
- The Gospel of No Name City
- Best Things
- Wand'rin' Star
- Gold Fever
- Finale (I'm on My Way)
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Ben Rumson | Lee Marvin |
"Pardner" (Sylvester Newel) | Clint Eastwood |
Elizabeth | Jean Seberg |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Rotten Luck Willie | Harve Presnell |
Mad Jack Duncan | Ray Walston |
Atwell | Robert Easton |
Horace Tabor | William O'Connell |
de predikant | Alan Dexter |
Horton Fenty | Tom Ligon |
Haywood Holbrook | Ben Baker |
Fenty | Alan Baxter |
frou Fenty | Paula Trueman |
Foster | Geoffrey Norman |
Steve Bull | H.B. Haggerty |
Joe Mooney | Terry Jenkins |
Schermerhorn | Karl Bruck |
Jacob Woodling | John Mitchum |
Sarah Woodling | Sue Casey |
Yndiaan | Eddie Little Sky |
Higgins | Harvey Parry |
Wong | H.W. Gim |
Hennessey | Roy Jenson |
Clendennon | Pat Hawley |
Produksje
bewurkje seksjePreproduksje
bewurkje seksjePaint Your Wagon waard regissearre troch Joshua Logan, dy't ek oare bekende filmmusicals makke hie, lykas Bus Stop en South Pacific. It senario waard skreaun troch Paddy Chayefsky, dy't it adaptearre fan it skript fan de teätermusical Paint Your Wagon, út 1951, fan Alan Jay Lerner en Frederick Loewe. Lerner wie ek de produsint fan 'e film, foar syn eigen filmstudio Alan Jay Lerner Productions en foar Clint Eastwood syn Malpaso Company. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan William A. Fraker.
Casting
bewurkje seksjeAkteur Lee Marvin naam yn Paint Your Wagon de haadrol fan Ben Rumson oan, hoewol't er dêrfoar in rol yn 'e westernfilm The Wild Bunch ôfslaan moast. Syn salaris bedroech $1 miljoen, wylst syn tsjinspiler Clint Eastwood $750.000 betelle krige. Foar de froulike haadrol fan Elizabeth waard Faye Dunaway frege, mar dy sloech it oanbod ôf. Diana Rigg en Julie Andrews waarden ek yn omtinken nommen, mar úteinlik gie de rol nei Jean Seberg. Har stim waard foar de sang neisyngronisearre mei it stimlûd fan in profesjonele sjongster, mar Eastwood en Marvin diene harren eigen sjongen, ek al omskreau Seberg de stim fan Marvin as "rein dy't troch in roastige wetterpiip omleech goarrelet."
Opnamen
bewurkje seksjePaint Your Wagon waard foar it meastepart opnommen op lokaasje yn 'e neite fan Baker City, yn 'e Amerikaanske steat Oregon. Oare filmlokaasjes wiene it stedsje Big Bear Lake en it Nasjonaal Wâld San Bernardino, beiden yn Kalifornje. Binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Paramount Studios yn Hollywood. De opnamen setten yn maaie 1968 útein en duorren oant oktober fan dat jier.
It oarspronklike budget foar Paint Your Wagon bedroech $10 miljoen, mar troch alle swierrichheden, fertragings en it minne waar koste de film úteinlik goed $20 miljoen. Om't it neiste hotel krapoan 97 km fan 'e wichtichste filmlokaasje ôf lei, koste allinnich it ferfier fan crew en cast nei de filmset eltse dei al $80.000. De bou fan it goudsikerskamp koste yn totaal nochris $2,4 miljoen. Neffens filmhistoarikus Robert Osborne wie in oansjenlik diel fan 'e fertraging te witen oan 'e dranksucht dy't Lee Marvin ûnder de opnamen oan 'en dei lei. Dat late nammentlik ta in soad ôflaste opnamen en retakes fan sênes. Clint Eastwood ergere him sa oan alle fertragings en oare problemen, dat er besleat om regisseur te wurden, sadat er tenei eigen baas wêze koe op 'e filmset.
Filmmuzyk
bewurkje seksjeDe filmmuzyk fan Paint Your Wagon wie makke troch Lerner en Loewe foar harren teätermusical. Guon fan 'e lieten út 'e musical waarden lykwols net yn 'e film opnommen, wylst oaren yn in hiel oare kontekst pleatst waarden en André Previn en Alan Jay Lerner inkele folslein nije lieten tafoegen. It orkest dat de lieten en de rest fan 'e soundtrack útfierde, stie ûnder lieding fan dirigint Nelson Riddle.
Ferskillen tusken de musical en de film
bewurkje seksjeIt senario dat Paddy Chayefsky foar Paint Your Wagon skreau, ferskilde sterk fan 'e oarspronklike musical. Yn 'e film hjit it nije goudsikersstedsje net 'Rumson City', mar 'No Name City'. Ben Rumson hat gjin dochter, en Elisa, dy't yn 'e teätermusical Ben syn ferstoarne frou is, komt yn 'e film inkeld foar as in optochte ferkearing fan Pardner. It personaazje Julio út 'e teätermusical wurdt yn 'e film ferfongen troch Pardner, dy't Ben syn partner yn 'e goudclaim is en in Angelsaksyske Amerikaan ynstee fan in Meksikaan. Fierders is it yn 'e film Pardner dy't fereale wurdt op Elizabeth, wylst it yn 'e teätermusical Edgar Crocker wie, in personaazje dat yn 'e film net foarkomt. De tydlike oplossing foar de trijehoeksferhâlding tusken Ben, Pardner en Elizabeth komt ek inkeld yn 'e film foar. Oan 'e ein fan 'e teäterferzje komt Ben Rumson te ferstjerren, mar yn 'e film set er libben en wol ôf op 'e siik nei in nije goudclaim.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe filmdistribúsje fan Paint Your Wagon waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 15 oktober 1969 yn Loew's State Theatre yn New York yn premiêre, en iepene in wike letter yn 'e bioskopen yn Los Angeles en tolve oare Amerikaanske stêden.
Untfangst
bewurkje seksjePaint Your Wagon waard makke yn in tiid doe't de grutte filmmusicals út 'e moade rekken, benammen by it jongere bioskooppublyk. It healwiis hege budget en de lingte fan hast trije oeren makken de film berucht. Fan 'e filmkritisy krige Paint Your Wagon op syn bêst lauwe resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in leech goedkarringspersintaazje fan 27%, basearre op 15 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Paint Your Wagon in goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 7 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeNettsjinsteande de ôffallende reäksjes fan 'e filmkritisy die Paint Your Wagon it yn 'e bioskopen hiel aardich. Yn it Feriene Keninkryk draaide de film bygelyks 79 wiken efterinoar foar folle sealen yn it Astoria Theatre yn Londen, en ûntjoech de leechtoanige ferzje fan it liet Wand'rin' Star, songen troch Lee Marvin mei it koar fan 'e film, him ta in nûmer 1-hit. Yn in fraachpetear op 'e NPR sei Marvin neitiid dat it liet ek in hit wie yn Austraalje, dêr't immen it omskreaun hawwe soe as "de earste 331/3-toereplaat dy't op 45 toeren opnommen wie."
Yn totaal swile Paint Your Wagon wrâldwiid in opbringst binnen fan $31,7 miljoen. Dêrmei wie it de op fiif nei meast opbringende film fan 1969 en ek wie it de op fiif nei heechste opbringst dy't in film fan Paramount Pictures ea behelle hie. It probleem wie lykwols dat Paint Your Wagon troch it foar dy tiid astronomyske budget fan $20 miljoen, dêr't de marketingkampanje nochris by kaam, sels mei dy opbringst net út 'e kosten kaam. Paint Your Wagon waard yn jannewaris 1970 nonimearre foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste spylfilm (musical of komeedzje).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |