Platoon (film)
Platoon is in Amerikaanske oarlochsfilm út 1986 ûnder rezjy fan Oliver Stone, mei yn 'e haadrollen Charlie Sheen, Tom Berenger en Willem Dafoe. Stone skreau ek it senario foar de film, dat er basearre op syn eigen ûnderfinings as ynfanterist yn 'e Fjetnamoarloch. De titel betsjut "Peloton". It ferhaal folget Chris Taylor, in jonge rekrút fan it Amerikaanske Leger, dy't yn 1967 nei Fjetnam stjoerd wurdt. Hy bedarret dêr yn in peloton mei in luitenant dy't like grien is as hysels, en dy't it befel oan syn ûnderofsieren oerlit. As der ûnder lieding fan 'e pelotonssersjant in oarlochsmisdie begien wurdt, en Taylor syn seksjesersjant him dêrtsjin oankantet, rekket it peloton ferdield yn twa fijannige groepen. Platoon krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid, en yn 'e bioskopen wie de film ek in kommersjeel súkses. Platoon waard nominearre foar acht Oscars en wûn dêrfan fjouwer, wêrûnder de Oscars foar Oscar foar Bêste Film en dy foar bêste regisseur. De film wûn ek de Golden Globe foar Bêste Film – Drama en twa oare Golden Globes, twa BAFTA's en ferskate oare prizen. Yn 2019 waard de film opnommen yn it National Film Registry.
Platoon | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Oliver Stone | |
produsint | Arnold Kopelson | |
senario | Oliver Stone | |
kamerarezjy | Robert Richardson | |
muzyk | Georges Delerue | |
filmstudio | Hemdale Film Corporation | |
distribúsje | Orion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Charlie Sheen Tom Berenger Willem Dafoe | |
voice-over | Charlie Sheen | |
byrollen | John C. McGinley Keith David Forest Whitaker Kevin Dillon Reggie Johnson | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 19 desimber 1986 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Fjetnameesk) | |
spyltiid | 120 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $6,5 miljoen | |
opbringst | $138,5 miljoen (Noard-Amearika) | |
prizen | 4 × Oscar 3 × Golden Globe 2 × BAFTA |
Plot
bewurkje seksjeYn 1967 wurdt Chris Taylor, dy't him as frijwilliger oanmeldt by it Amerikaanske Leger, nei Súd-Fjetnam stjoerd om mei te fjochtsjen yn 'e Fjetnamoarloch. Hy wurdt yndield by in peloton ynfantery fan Bravo Kompanjy fan 'e Amerikaanske 25e Ynfanterydifyzje, dy't deunby de grins mei Kambodja legere is. It peloton stiet yn namme ûnder lieding fan 'e jonge luitenant Wolfe, mar dy is suver like grien as Taylor, en yn wurklikheid fiert sersjant Barnes it befel, bystien troch oare ûnderofsieren, lykas de sersjants Elias, O'Neill en Rhah.
Fuort nei syn oankomst wurdt Taylor op patrûlje stjoerd mei Barnes, Elias en in kloft soldaten dy't al langer yn Fjetnam binne en gâns ûnderfining opdien hawwe. Der binne ynljochtings dat in ienheid fan it Noardfjetnameeske Leger dêrsanne omstipt, dat de Amerikanen sette in mûklaach op. Te neare nacht wurdt Taylor troch eamelders wekker biten, en ûntdekt er dat Junior, de soldaat oan wa't er de wacht oerdroegen hie, wer yn 'e sliep rekke is. It slagget de Noardfjetnamezen dêrtroch om deunby de liny fan 'e sliepende Amerikanen te kommen foar't Taylor alaarm slacht en der in koart fjoergefjocht plakfynt. In oare nije rekrút, Gardner, dy't tagelyk mei Taylor yn Fjetnam oankommen wie, sneuvelet dêrby, wylst Taylor sels licht ferwûne rekket as in kûgel de sydkant fan syn hals skampt. Junior besiket de skuld foar syn hast fatale flater Taylor op 'e lea te skowen troch te sizzen dat it Taylor syn wacht wie en dat hy yn 'e sliep fallen wie.
As Taylor nei in koart ferbliuw yn in fjildhospitaal by it peloton weromkeart, slút er freonskip mei Elias, dy't him yntrodusearret by Rhah en in stikmannich maten. Dy groep bringt suver alle frije tiid troch mei it smoken fan marihûana. De strikte Barnes hat Taylor wol ûntsach foar, mar Barnes syn stege persoanlikheid nûget net út ta sluten fan freonskip.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
By in lettere patrûlje, op Nijjiersdei 1968, komme twa soldaten fan it peloton om troch in falstrikbom, wylst in oaren ûngemurken ûntfierd wurdt troch ûnsjoene fijannen en letter fermoarde weromfûn wurdt. As it peloton, dat dochs al ûnder heechspanning stiet, yn in doarpke dêr fuortby wapens oantreft, slacht ien fan 'e soldaten, de psychopatyske "Bunny", in lichaamlik beheinde Fjetnamees dea mei de kolf fan syn mitrailleur, wêrnei't er ek de mem fan 'e jongeman deasjit. Dat bart foar de eagen fan in feralterearre Taylor.
Underwilens befreget Barnes de haadman fan it doarp, troch de tsjinsten fan Lerner, in soldaat dy't Fjetnameesk sprekt, oer de wapens. De man seit dat er troch it Noardfjetnameeske Leger twongen is om 'e wapens op te slaan. Dat is net it antwurd dat Barnes hearre wol, en as de man by de eskalearjende ûnderfreging folhâldt dat it de wierheid is, sjit Barnes syn frou dea en set dan syn jonge dochterke in pistoal tsjin 'e holle oan. Op dat stuit arrivearret Elias, dy't mei inkele mannen de efterhoede fan it peloton diek, en rekket slaande deilis mei Barnes oer de behanneling fan 'e doarpelingen.
Dêrtroch wurdt luitenant Wolfe twongen om einlings en te'n lêsten yn te gripen en de beide mannen útinoar helje te litten. Hy ûntstriidt lykwols dat er Barnes wat dwaan sjoen hat dat ferkeard is. Dêrop swart Elias dat er derfoar soargje sil dat Barnes foar syn dwaan, dat dúdlik in oarlochsmisdie is, foar de kriichsrie brocht wurdt. Wolfe jout befel om it doarp plat te baarnen. Wylst dy oarder útfierd wurdt, ûntdekt Taylor dat in stik as seis soldaten, freonen fan Barnes, op in sideplak dwaande binne mei in pear jonge Fjetnameeske famkes. Hy grypt daliks yn en makket in ein oan 'e groepsferkrêfting. As er mei de famkes by de oare soldaten wei rint, sjocht er dat Elias, dy't in ein fierderop stiet, him beächtet. Harren mienskiplike yngripen by dingen dy't net troch de bûgel kinne, makket dat se neitiid noch nauwer befreone reitsje.
As it peloton weromkomt op 'e basis, leit Elias de kwestje fan Barnes syn hâlden en dragen foar oan 'e kommandant fan 'e kompanjy, kaptein Harris. Dyselde ûnthjit dat der ûndersyk nei de saak dwaan sil sadree't de hjoeddeistige misje foarby is, en as er útfynt dat Barnes yndie dingen útheefd hat dy't misdiedich binne, sil er him persoanlik foar de kriichsrie bringe. Neitiid wrokket Barnes tsjin Elias, mei't er wit dat dyselde perfoarst tsjin him tsjûgje sil. It peloton rekket ferdield yn twa kampen: Barnes en syn oanhingers, en Elias en syn freonen. It ûnderling fertrouwen kriget in flinken knau en it brekme oan gearhing yn 'e ienheid boazet stadichwei oan.
Op 'e folgjende patrûlje rint it peloton yn in mûklaach fan it Noardfjetnameeske Leger en wurdt fêstset troch fijannich fjoer. Yn 'e sjitpartij reitsje ferskate Amerikanen ferwûne, wylst luitenant Wolfe de sitewaasje noch minder makket troch him yn 'e geografyske koördinaten te fersinnen en in artillerybesjitting op harren eigen posysje oan te freegjen. Barnes, dy't derfoar soarget dat de besjitting stillein wurdt, feecht him dêr de mantel foar út. Taylor lit heldemoed sjen troch ien fan 'e ferwûnen, Warren, dy't hielendal foaroan rûn, werom te skuorren nei de eigen linys en him sa it libben te rêden. Elias nimt Taylor en twa oaren mei fansiden om in flankearjende beweging fan 'e fijân tsjin te kearen. Barnes oarderet de rest fan it peloton om werom te lûken, en giet dan sels efter Elias-en-dy oan, sabeare om harren itselde befel te jaan. Barnes treft Elias allinne yn it oerwâld oan, hevet syn mitrailleur en sjit him trije kear yn it boarst. Dêrnei giet er werom en fertelt Taylor dat Elias troch de fijân deasketten is. Wylst it peloton yn Bell UH-1 Iroquois "Huey"-helikopters evakuëarre wurdt, sjogge se de swierferwûne Elias draven, dy't efterfolge wurdt troch in kloft Noardfjetnameeske soldaten. Fjoer út 'e masinegewearen fan 'e helikopter is net genôch om him te rêden, en hy wurdt troch de fijân trochsingele mei kûgels.
Taylor konkludearret dat Barnes him foarliigd hat, wat betsjutte moat dat Elias syn ferwûnings troch Barnes sels feroarsake wêze moatte. Werom op 'e basis besiket Taylor om Rhah, King en de oare freonen fan Elias oer te heljen om Barnes te fermoardzjen út wraak foar de dea fan Elias, mar dêr binne de oaren net botte hjit op. Dan docht bliken dat Barnes harren ôflústere hat, en hy daget harren út om it te prebearjen. Inkeld Taylor is sa dryst en fal him oan, mar Barnes is kundich yn man-tsjin-mangefjochten en kin him maklik oer. Hy hellet in mês foar 't ljocht en liket op it punt te stean om Taylor dea te stekken, mar Rhah flústeret him yn it ear dat er dêr teminsten tsien jier finzenisstraf foar krije sil. Dat Barnes snijt Taylor inkeld yn it wang ûnder syn each, sadat er dêr de rest fan syn libben in groede hawwe sil, en lit him dan gean.
It peloton wurdt weromstjoerd nei it front om in ferdigeningsliny op te setten. Wylst se risselwearje foar de striid kriget King, dy't syn jier yn Fjetnam mei koarten úttsjinne hat, tastimming om fuort. Taylor bemannet sadwaande in skuttersputsje mei in oare soldaat, dy't Francis hjit. Dy nachts fiere de Noardfjetnamezen in swiere oanfal op 'e posysjes fan 'e Amerikaanske 25e Ynfanterydifyzje út, en dêrby brekke se troch de ferdigening hinne. Yn fjoergefjochten op koarte ôfstân komt it meastepart fan it peloton om. Under de sneuvelen binne ek Junior, Bunny, luitenant Wolfe en de measte oanhingers fan sersjant Barnes. Sersjant O'Neill, dy't derom bekend stiet dat er oaren it leafst it smoarge wurke opknappe lit wylst hy himsels drukt, oerlibbet it gefjocht troch it lyk fan in oare Amerikaanske militêr oer him hinne te lûken, sadat de Noardfjetnamezen him foarby traapje. Taylor rekket breinroer en fiert in tsjinoanfal út, wêrby't er raar húshâldt ûnder de fijân, en Francis, dy't eins leaver útnaaie wol, fynt troch dat foarbyld genôch moed ek troch te fjochtsjen. Underwilens kringt in Noardfjetnameeske soldaat yn in selsmoardoanfal it haadkertier fan it bataljon binnen en blaast dat fan binnenút op. Kaptein Harris, dy't dêrnei it befel oernimt, oarderet de loftmacht om alle noch oerbleaune bommen op syn eigen posysje te smiten. Yn 'e gaos fan it gefjocht komme Taylor en Barnes inoar tsjin. Barnes is net mear foar rede fetber en besiket Taylor te fermoardzjen, mar krekt foar't er dat dwaan kin, falle de bommen op it kamp en reitsje beide mannen bewusteleas troch de skokweach.
De oare moarns komt Taylor wer by sûpe en stút. Hy is ferwûne rekke, mar pakt in gewear fan 'e fijân op en siket oant er Barnes fynt. Dyselde is ek ferwûne en jout him befel om in hospik foar him te heljen. Mar Taylor hat folslein syn nocht fan Barnes en sjit him ynstee dea. Francis, dy't de fjildslach ûnskansearre oerlibbe hat, stekt himsels mei opsetsin yn 'e boppeskonk. As er letter op in brankaar njonken Taylor leit, bringt er dy yn 't sin dat se allebeide nei hûs geane, mei't se no twaris ferwûne rekke binne. Kaptein Harris jout sersjant O'Neill, as heechste noch libbene ûnderofsier, it befel oer de restanten fan it peloton. Taylor en Francis wurde yn in helikopter laden en útswaaid troch harren maten wylst se fuortfleane. As Taylor de kraters fol mei liken sjocht, wurdt it him allegearre tefolle en begjint er te gûlen. Yn in voice-over fertelt er dat, hoewol't de oarloch foar him no foarby is, syn ûnderfinings him de rest fan syn libben bybliuwe sille, krekt as de oantins oan Elias en Barnes, wa har deilisskip yn syn tinzen komt te stean foar de striid tusken goed en kwea yn 'e minske.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
soldaat Chris Taylor / voice-over | Charlie Sheen |
sersjant Barnes | Tom Berenger |
sersjant Elias | Willem Dafoe |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
sersjant O'Neill | John C. McGinley |
King | Keith David |
Big Harold | Forest Whitaker |
Bunny | Kevin Dillon |
Junior | Reggie Johnson |
sersjant Rhah | Francesco Quinn |
luitenant Wolfe | Mark Moses |
kaptein Harris | Dale Dye |
Francis | Corey Glover |
Lerner | Johnny Depp |
Crawford | Chris Pedersen |
Gardner | Bob Orwig |
Manny | Corkey Ford |
Tex | David Neidorf |
Sal | Richard Edson |
Warren | Tony Todd |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeFoarskiednis
bewurkje seksjePlatoon is basearre op 'e ûnderfinings fan Oliver Wood ûnder de Fjetnamoarloch yn Súd-Fjetnam. Nei't er dêrwei weromkeard wie, skreau er yn 1968 in senario dat er Break neamde; dat wie in semy-autobiografysk ferslach fan wat er meimakke hie en ek fan 'e relaasje mei syn âldelju. Hoewol't Break nea ferfilme waard, foarme it de grûnslach foar it lettere Platoon. Yn 'e iere 1970-er jierren wurke Stone mei Robert Bolt, in âldere senarioskriuwer mei mear wurkûnderfining, oan it skript foar in film dy't The Cover-up komme moatte soe te hjitten, mar dy't nea makke waard. Stone learde lykwols gâns by troch syn gearwurking mei Bolt. Neitiid skreau er in nij senario, Platoon, dêr't er de wichtichste personaazjes út Break foar brûkte.
Stone gie mei Platoon by de filmstudio's yn Hollywood del te suteljen, en nei oanlieding fan it yndrukwekkende skript waard er oannommen om it senario te skriuwen foar Midnight Express (1978). Hy krige lykwols gjin hannen opinoar foar it ferfilmjen fan Platoon. Earst wiene de studio's datoangeande skruten om't de Fjetnamoarloch doedestiden yn 'e Feriene Steaten noch sa gefoelich lei, en doe't der oare films oer de oarloch makke waarden, lykas The Deer Hunter (1978) en Apocalypse Now (1979), waard it idee dat dy films it bêste wiene wat der ea oer de Fjetnamoarloch makke wurde koe, brûkt om it meitsjen fan nije films oer de oarloch te wegerjen.
Dêrop stimde Stone deryn ta om foar filmprodusint Dino De Laurentiis mei te skriuwen oan Year of the Dragon (1985) foar in salaris fan $200.000. Dat wie oansjenlik leger as wat er freegje kinnen hie, en syn betingst dêrfoar wie dat De Laurentiis nei Year of the Dragon ek Platoon meitsje soe. De Laurentiis wist de finansiering foar de film rûn te krijen, mar it slagge him net en fyn in filmdistributeur. Om't er al jild útjûn hie troch Stone nei de Filipinen te stjoeren om gaadlike lokaasjes foar de opnamen sykje te litten, besleat er om syn rjochten op it senario te behâlden oant er werombetelle waard. Doe kaam it senario foar wat Salvador (1986) wurde soe, ûnder eagen fan John Daly fan 'e Hemdale Film Corporation. Dat wie ek in skript dat it Stone oant doe ta net slagge wie om oan 'e man te bringen. Daly fûn it lykwols geweldich, en woe sawol Salvador as Platoon ferfilmje. Stone keas derfoar om earst Salvador te meitsjen en lei him fuort dêrnei ta op Platoon.
Produksje
bewurkje seksjePlatoon waard regissearre troch Oliver Stone sels. As produsint wie Arnold Kopelson by it projekt belutsen foar de filmstudio Hemdale Film Corporation. Foar de film wie in budget beskikber fan $6,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Richardson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Georges Delerue.
Casting
bewurkje seksjeDe rol fan Taylor waard earst oanbean oan Keanu Reeves, dy't lykwols wegere om't er de film te gewelddiedich fûn (wat wol in bytsje iroanysk is, syn lettere films yn acht nommen). De rol gie doe nei Charlie Sheen, dy't dêrmei yn 'e fuotleasten folge fan syn heit Martin Sheen, de haadrolspiler fan Apocalypse Now. James Woods, dy't foar syn rol yn Salvador it jiers tefoaren mei Oliver Stone gearwurke hie, waard ek in rol yn Platoon oanbean, mar hy betanke derfoar, om't er, nei eigen sizzen, "it net oankoe om nòch in kear mei [Stone] de jungle yn te moatten".
Denzel Washington hie belangstelling foar de rol fan sersjant Elias, dy't nei Willem Dafoe gie. Yn in fraachpetear út 2011 mei it tydskrift Entertainment Weekly befêstige Stone dat er Mickey Rourke, Emilio Estevez (de âldere broer fan Charlie Sheen) en Kevin Costner allegearre yn omtinken nommen hie foar de rol fan sersjant Barnes. Hy miende dat Costner foar de rol betanke hie om't syn broer yn Fjetnam west hie. As Barnes waard úteinlik Tom Berenger cast. Fjetnameeske boatflechtlingen yn 'e Filipinen waarden ynset om 'e Fjetnamezen yn 'e film te spyljen.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen fûnen fan begjin oant ein plak op lokaasje yn 'e Filipinen, en setten yn febrewaris 1986 útein. Dat koe hàst net trochgean omreden fan 'e Folksmachtrevolúsje fan dat jier, wêrby't de langjierrige diktator Ferdinand Marcos ôfset waard. Aldergeloks wie Marcos krekt twa dagen yn ballingskip doe't de opnamen beginne soene, dat dat trof alhiel. De sênes yn it oerwâld waarden filme by de berch de Makiling, yn 'e provinsje Laguna. De sênes yn it doarp en it legerkamp waarden opnommen yn Cavite. De iepeningssêne, wêryn't Taylor en Gardner yn Fjetnam arrivearje, waard filme op 'e Loftmachtbasis Villamor by de Filipynske haadstêd Manilla.
De Amerikaanske akteurs, Charlie Sheen en Willem Dafoe ynbegrepen, ûndergiene nei oankomst yn 'e Filipinen earst in grouwélige training yn militêre styl ûnder lieding fan Dale Dye, in feteraan út 'e Fjetnamoarloch. (Dyselde hie ek in lytse rol yn 'e film as kaptein Harris.) Se mochten mar in beheinde hoemannichte ite en drinke, waarden nachts út 'e sliep holden troch nepoanfallen op harren kamp en moasten oerdeis mei swiere bepakking mânske ôfstannen ôflizze, oant se folslein fertroud wiene mei harren fjoerwapens en like skjin ynein as echte soldaten yn Fjetnam west hiene.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Platoon waard fersoarge troch Orion Pictures. De film gie op 19 desimber 1986 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It wie de bedoeling dat Platoon yn oktober 1987 op VHS as keapfideo útbrocht wurde soe, mar troch in skeel oer de distribúsjerjochten tusken HBO Home Video en Vestron Video koe dat pas plakfine op 22 jannewaris 1988, nei't der in skikking berikt wie. Platoon waard yn 2001 foar it earst útbrocht op dvd en kaam yn 2011 foar it earst út op blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Platoon hast rûnom positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren en neamde it de bêste film fan it jier en de op acht nei bêste fan 'e 1980-er jierren. Ek Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune parte de film 4 fan 4 stjerren ta. Yn The New York Times omskreau Vincent Canby Platoon as "miskien wol it bêste wurk fan lykfol hokker soarte oer de Fjetnamoarloch sûnt it kloeke en hallusinante boek Dispatches fan Michael Herr." Pauline Kael fan it tydskrift The New Yorker fûn lykwols dat regisseur Oliver Stone "te folle melodramatyske stikjes ôfsnijt, en dat der tefolle filtere ljocht, tefolle dichterlike frijheid, en te ferdomd folle romantisearre dwylsin [yn sit]."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Platoon in heech goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 69 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Basearre op 'e persoanlike ûnderfinings fan regisseur Oliver Stone yn Fjetnam sjocht Platoon ôf fan gemaksuchtich preekjen om ynstee in oangripend útsjoch op 'e oarloch te bieden troch de eagen fan in sljochtwei soldaat, fuortsterke troch folút geande aktearprestaasjes fan Charlie Sheen en Willem Dafoe." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Platoon in goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 16 resinsjes. Yn 2019 waard Platoon troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske National Film Registry omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjePlatoon brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $138,5 miljoen op. Hoefolle oft de film yn oare lannen en territoaria yn 't laadsje brocht, is ûnbekend. As alline de Noardamerikaanske opbringst ôfset wurdt tsjin it budget fan $6,5 miljoen, betsjut dat in winst fan $132,0 miljoen, dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
bewurkje seksjeYn 1987 waard Platoon by de Oscars nominearre foar acht prizen yn sân kategoryen, wêrûnder twa kear bêste akteur (Tom Berenger en Willem Dafoe), bêste orizjinele senario en bêste kamerarezjy. De film wûn fjouwer Oscars, foar bêste film, bêste regisseur (Oliver Stone), bêste filmmontaazje (Claire Simpson) en bêste lûd (John Wilkinson, Richard Rogers, Charles Grenzbach en Simon Kaye).
By de Golden Globes waard Platoon nominearre yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste senario. De film wûn trije Golden Globes: foar bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste byrol fan in akteur (Tom Berenger). Om utens wûn Platoon twa BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, foar bêste regisseur en bêste filmmontaazje, en teffens de Sulveren Bear foar bêste regisseur op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. Fierders wûn Platoon fjouwer Independent Spirit Awards, foar bêste film, bêste regisseur, bêste senario en bêste kamerarezjy.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |