Ramsay MacDonald
Ramsay MacDonald (folút: James Ramsay MacDonald; Lossiemouth (Skotlân), 12 oktober 1866 – ûnderweis op 'e Atlantyske Oseaan, 9 novimber 1937) wie in Britsk politikus fan Skotsk komôf. Hy wurdt yn 'e mande mei Keir Hardie en Arthur Henderson beskôge as ien fan 'e oprjochters fan 'e Britske Labourpartij, hoewol't dy partij him lange tiid as in ferrieder beskôge hat fanwegen syn gearwurking mei de Konservativen ûnder de Grutte Depresje. MacDonald waard yn 1906 lid fan it Britske Legerhûs en soe dêr oant syn dea yn 1937 lid fan bliuwe, útsein de perioade fan fjouwer jier tusken 1918 en 1922. Yn 1924 waard er de alderearste sosjalistyske premier fan it Feriene Keninkryk, en hy late trije ûnderskate regearings, wêrûnder in regear fan nasjonale ienheid fan 1931 oant 1935. Yn 'e Nederlânske kontekst kin Ramsay MacDonald as de Britske wjergader fan Piter Jelles Troelstra beskôge wurde.
Ramsay MacDonald | ||
politikus | ||
echte namme | James Ramsay MacDonald | |
nasjonaliteit | Britsk | |
bertedatum | 12 oktober 1866 | |
berteplak | Lossiemouth (Skotlân) | |
stjerdatum | 9 novimber 1937 | |
stjerplak | op 'e Atlantyske Oseaan | |
etnisiteit | Skotsk | |
partij | Labourpartij | |
premier fan it Feriene Keninkryk | ||
amtsperioade | 1929 – 1935 | |
foargonger | Stanley Baldwin | |
opfolger | Stanley Baldwin | |
lieder fan de Britske Labourpartij | ||
amtsperioade | 1922 – 1931 | |
foargonger | John Robert Clynes | |
opfolger | Arthur Henderson | |
premier fan it Feriene Keninkryk | ||
amtsperioade | jannewaris – novimber 1924 | |
foargonger | Stanley Baldwin | |
opfolger | Stanley Baldwin | |
Britsk minister fan Bûtenlânske Saken | ||
amtsperioade | jannewaris – novimber 1924 | |
foargonger | markys Curzon | |
opfolger | Austen Chamberlain | |
lieder fan de Britske Labourpartij | ||
amtsperioade | 1911 – 1914 | |
foargonger | George Nicoll Barnes | |
opfolger | Arthur Henderson | |
lid fan it Britske Legerhûs | ||
amtsperioade | 1906 – 1918 1922 – 1937 | |
lid fan 'e County Council fan Londen | ||
amtsperioade | 1901 – 1905 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeMacDonald waard yn 1866 berne yn Lossiemouth, yn it noarden fan Skotlân, as de oerwûne soan fan 'e boere-arbeider John MacDonald en de faam Anne Ramsay. Hoewol't syn namme by syn berte fêstlein waard as James McDonald Ramsay, dus mei de efternamme fan syn mem en syn heite efternamme as (misstavere) middelnamme, stied er yn syn jonkheid gewoan bekend as Jamie MacDonald. Dat er bûten it houlik berne wie, koe doedestiden in slimme negative ynfloed op jins hiele libben hawwe, mar it wie minder beswierlik yn 'e boeremienskippen fan noardeastlik Skotlân, dêr't neffens in oerheidsrapport út 1868 doe 15% fan alle bern oerwûn wie.
Fan 1872 oant 1875 gie MacDonald nei de kristlike legere skoalle yn Lossiemouth, en dêrnei learde er troch oan 'e parochyskoalle yn Drainie. Yn 1881, doe't er fyftjin jier wie, gied er fan skoalle om op in pleats yn 'e omkriten as arbeider te wurkjen. Lykwols waard er yn desimber fan datselde jier oansteld as learling-ûnderwizer oan 'e skoalle te Drainie, dêr't er oant 1885 yn 'e tsjinst bleau. Oanslutend ferfear er nei it Ingelske Bristol, dêr't er assistint waard fan 'e predikant Mordaunt Crofton. Yn Bristol waard MacDonald lid fan 'e radikale Demokratyske Federaasje, dy't syn namme in pear moanne letter feroare yn Sosjaal-Demokratyske Federaasje (SDF). Letter joech er him ek by it Sosjalistysk Genoatskip fan Bristol.
Karriêre foarôfgeande oan 'e polityk
bewurkje seksjeYn 1886 sette MacDonald him yn 'e Britske haadstêd Londen nei wenjen, om't in freon him skreaun hie dat dêr wurk foar sa'nent as him te finen wie. Hoewol't dat ôffoel en hy in hoart fan syn sparjild libje moast, fûn er úteinlik wurk as klerk yn in pakhús yn 'e binnenstêd. Underwilens hied er him by de Sosjalistyske Uny jûn, dy't oars as de SDF krewearre om 'e sosjalistyske ideälen fia de parlemintêre demokrasy yn 'e praktyk te bringen. MacDonald wie yn Londen tsjûge fan 'e saneamde Bloedige Snein fan 1887, wêrby't in demonstraasje fan arbeiders op Trafalgar Square troch de plysje en it leger yn opdracht fan it Konservative regear mei grou geweld útinoar slein waard. As reäksje publisearre er it pamflet Remember Trafalgar Square: Tory Terrorism in 1887.
Om utens behold MacDonald ek in libbene belangstelling foar de polityk fan syn heitelân Skotlân. Doe't ûnder Gladstone de earste autonomywet foar Ierlân oannommen waard, late dat yn Edinburch ta de oprjochting fan in feriening dy't stribbe nei Skotske autonomy. Yn 1888 waard op inisjatyf fan MacDonald fan dy feriening in Londenske ôfdieling oprjochte, en al blette dy organisaasje úteinlik geandewei de 1890-er jierren dea fanwegen in brekme oan ynteresse fan Skotten om utens, dochs hold MacDonald oan mei it stypjen fan autonomy foar Skotlân. Yn 1921 skreau er yn syn pamflet Socialism: Critical and Constructive: "De feringelsking fan Skotlân giet ûnophâldlik troch, ta skea fan Skotlâns ûnderwiis, muzyk, literatuer, yntelliginsje en de generaasje dy't no ûntwoartele fan it ferline opgroeit."
Yn 'e 1880-er jierren folge MacDonald jûnsûnderwiis yn plantkunde, lânboukunde, natuerkunde en wiskunde oan it Birkbeck Literêr en Wittenskiplik Ynstitút, mar in wike foar de eksamens dêre stoarte er lichaamlik yn troch útputting. Yn 1888 fûn er wurk as priveesiktaris fan Thomas Lough, in teekeapman mei radikale politike tinkbylden, dy't yn 1892 foar de Liberale Partij yn it Britske Legerhûs keazen waard. Dêrmei giene ynienen withoefolle doarren foar MacDonald iepen.
Politike karriêre
bewurkje seksjeAktivisme
bewurkje seksjeYn 1886 wie troch it fakbûn TUC de saneamde Arbeiderskiesferiening (LEA) oprjochte, dy't in ûnbefredigjende politike alliânsje mei de Liberale Partij oangien wie. MacDonald stipe by de ferkiezings fan 1892 de LEA-kandidaat yn Dover, en hoewol't dy mei in romme marzje ferslein waard, makke MacDonald grutte yndruk as sprekker. Yn 1893 rjochte Keir Hardie de Unôfhinklike Arbeiderspartij (ILP) op, en MacDonald waard dêr lid fan.
Yn 1895 died er foar it earst as kandidaat mei oan 'e ferkiezings, wêrby't er him ferkiesber stelde foar in sit dy't in kiesdistrikt yn Southampton fertsjintwurdige. Hoewol't er de ferkiezings felear, makke er op 'e nij yndruk, en yn 1900 wied fannijs kandidaat, no foar in kiesdistrikt yn Leicester, wêrby't er wer ferlear. Datselde jiers waard er siktaris fan it Arbeidersfertsjintwurdigingskomitee (LRC), de direkte foarrinner fan 'e Labourpartij, wylst er dêrnjonken ek syn lidmaatskip fan 'e linksere ILP behold. As partijsiktaris kaam MacDonald ta in oerienkomst mei Herbert Gladstone, de soan fan 'e eardere premier en in lieder fan 'e Britske liberalen, dat de Liberale Partij yn beskate kiesdistrikten wêrfan't de ynwenners ta de arbeidersklasse hearden, gjin eigen kandidaat yn it fjild bringe soe. Op dy manear krigen de sosjalisten dêre alle anty-konservative stimmen, wat late ta in trochbraak wêrby't foar it earst sosjalisten yn it Britske Legerhûs kamen.
Underwilens wie MacDonald yn 1896 troud mei Margaret Ethel Gladstone (gjin famylje fan 'e liberale foaroanmannen), dy't dan wol net ryk, mar grif frij begoedige wie. Har jild stelde him by steat om yn it bûtenlân te reizgjen en dêrmei syn hoarizon te ferbreedzjen. Sa besochten MacDonald en de frou yn 1897 Kanada en de Feriene Steaten, yn 1902 Súd-Afrika en yn 1906 Austraalje en Nij-Seelân. Yn dyselde snuorje begûn MacDonald in lange freonskip mei de amtneresse en maatskiplik herfoarmster Clara Collet, dy't in tige grutte ynfloed hie op MacDonald syn byld fan en polityk oangeande froulju.
Yn 1901 waard MacDonald foar in gearwurkingsferbân tusken sosjalisten en progressiven yn 'e County Council ("greefskipsried") fan Londen keazen, mar yn 1904 waard er behindere om him te registrearjen foar de ferkiezings fan it jiers dêrop om't er yn 'e ôfrinnende termyn tefolle ôfwêzich (om utens) west hie. It LRC feroare yn 1906 syn namme yn 'e Labourpartij ("Arbeiderspartij") en absorbearre mei-iens ek de ILP, hoewol't der nea in formele fúzje plakfûn. Datselde jiers waard MacDonald as ien fan 29 Labourleden yn it Legerhûs keazen. Dêr ûntjoech er him ta lieder fan 'e lofterfleugel fan 'e partij, mei te sizzen dat Labour no de alliânsje mei de Liberale Partij opsizze moast. Nei syn miening moast Labour besykje om it plak fan 'e Liberale Partij as wichtichste tsjinstanner fan 'e Konservativen yn 'e Britske polityk oer te nimmen.
Partijliederskip
bewurkje seksjeYn 1911 waard MacDonald lieder fan 'e Labourpartij, mar by it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, yn 1914, doe't de Labourpartij besleat om 'e oarlochspolitiek fan it Konservative Britske regear te stypjen, trede er ôf en waard er opfolge troch Arthur Henderson. MacDonald hie yn Súd-Afrika, dat er koart nei de ein fan 'e Twadde Boere-oarloch besocht hie, sjoen wat in wapene konflikt mei in lân dwaan kin, en sadwaande koed er it stypjen fan in oarloch persoanlik net goedkrije. Under de Earste Wrâldoarloch ferfolle er dêrom de post fan skathâlder fan 'e partij. Dy kar kaam him op in protte fûleindige krityk te stean, dy't soms oer de grinzen fan it ûnfoege hinne gie.
Sa skreau de kranteman Horatio Bottomley yn in stik yn it tydskrift John Bull dat MacDonald, troch in "pseudonym" te brûken en syn "wiere" efternamme (Ramsay) geheim te hâlden it hiele Britske folk bedragen hie. Bottomley hold út dat MacDonald, troch in "falske namme" te brûken op in falske wize tagong ta it Legerhûs socht hie, en dat er foar dy "fraude" swier beboete wurde moatte soe en dat syn ferkiezing neatich ferklearre wurde moast. Hoewol't er op dy oanfal in protte betsjûgings fan stipe krige, die it MacDonald (sa't er yn syn deiboek skreau) slim sear, temear om't er der nea in geheim fan makke hie dat er in oerwûn bern wie en om't er nea witten hie dat er by syn berte ynskreaun wie ûnder de efternamme 'Ramsay'.
Yn desimber 1914 besocht MacDonald it Westfront yn Belgje, dêr't er daliks arrestearre en weromstjoerd waard nei Ingelân. Nei in besyk oan minister fan Oarloch Kitchener, dy't net oer it ynsidint te sprekken wie, kearde er nei Belgje werom, dêr't er diskear mei alle égards ûntfongen waard en in persoanlike rûnlieding krige fan generaal J.E.B. Seely. By Iper kamen se ûnder Dútsk fjoer te lizzen, dat se beide nei't it skynt stoïsynsk ûndergiene. Nei syn weromkomst yn Londen priizge MacDonald de moed fan 'e Alliëarde troepen, mar prate er der mei gjin wurd oer dat er sels besketten wie.
Yn 1918 ferlear MacDonald syn parlemintssit doe't de liberalen fan David Lloyd George in grutte ferkiezingsoerwinning boekten, en yn 1921 ferlear er in tuskentiidske ferkiezing foar it distrikt Woolwich-East fan 'e oarlochsfeteraan Robert Gee. By de nasjonale ferkiezings fan 1922 kaam er lykwols wer yn it parlemint foar it Welske kiesdistrikt Aberavon. Datselde jiers naam er ek syn âlde post fan partijlieder wer oer, en dêrmei wie syn rehabilitaasje kompleet.
By de ferkiezings fan 1922 ferfong de Labourpartij fierders ek de liberalen as wichtichtse opposysjepartij. Tsjin dy tiid wie MacDonald in hiel ein nei rjochts ta opskood, by it radikalisme fan syn jonkheid wei. Hy toande him in grut tsjinstanner fan 'e weach fan sympaty dy't troch de Jeropeeske sosjalistyske partijen hinne gie nei de Oktoberrevolúsje fan 1917, dy't yn Ruslân de bolsjewiken oan 'e macht brocht, en waard in wisberet fijân fan it kommunisme. Oars as dat by de Parti Socialiste yn Frankryk, of de SPD, yn Dútslân it gefal wie, bleau ûnder syn lieding de ienheid fan 'e Britske Labourpartij beholden.
Earste regear
bewurkje seksjeDoe't by de ferkiezings fan 1923 de Konservativen harren mearderheid yn it Legerhûs kwytrekken, en it Konservative minderheidsregear yn 1924 by in moasje fan wantrouwen kaam te fallen, frege kening George V oan 'e Labourpartij om in minderheidsregear te foarmjen mei stipe fan 'e Liberale Partij fan H.H. Asquith. Dêrmei waard MacDonald de earste sosjalistyske Britske premier en trouwens ek de earste Britske premier út 'e arbeidersklasse. Hoewol't er noch nea in regearingspost hân hie, toande MacDonald enerzjy, beslissingskrêft en politike fluchfuottigens by it útoefenjen fan syn nije funksje. Behalven it minister-presidintskip naam er sels ek it ministerskip fan Bûtenlânske Saken foar syn rekken. Njonken himsels beneamde er tsien oare kabinetsleden út 'e arbeidersklasse, in abslute trochbraak yn 'e Britske polityk. De kening notearre yn syn deiboek: "Hy wol dwaan wat rjochtfeardich is... Hjoed 23 jier ferlyn stoar ús leave Beppe. Ik freegje my ôf wat dy tocht hawwe soe fan in Labour-regear."
Hoewol't it earste sosjalistyske Britske regear mar njoggen moannen stânhold en net iens oer in mearderheid yn it Legerhûs beskikte, waard der yn dy tiid dúdlike foarútgong boekt. Sa waard de Fersekeringswet oanpast om 'e wurkleazen te ûnderstypjen en waard der in Húsfêstingswet troch it parlemint loadst dy't late ta in grutte taname fan it oantal wenningwetwenten foar leechbetelle arbeiders. Op ynternasjonaal mêd organisearre MacDonald yn Londen in konferinsje fan 'e Alliëarden út 'e Earste Wrâldoarloch om 'e healwiis hege reparaasjebetellings en oare strafmaatregels dy't Dútslân by it Ferdrach fan Versailles oplein wiene, fan tafel te krijen. Dêrby sette er de Frânske premier Édouard Herriot ûnder druk om ien foar ien alle troch Frankryk sa beminde besittings op te jaan: de hichte fan 'e reparaasjebetellings, it rjocht om sanksjes op te lizzen as oan 'e reparaasjebetellings net foldien waard, de ekonomyske besetting fan it Ruhrgebiet, de Frânsk-Belgyske sizzenskip oer it Dútske spoar en de militêre besetting fan it Rynlân.
In oare wichtige feroaring yn 'e Britske ynternasjonale polityk ûnder it regear-MacDonald wie de erkenning fan 'e Sovjet-Uny, dêr't yn febrewaris 1924 ûnderhannelings oer úteinsetten. Hoewol't noch de Konservativen, noch de Liberalen dêr bliid mei wiene, kaam it regear úteinlik te fallen oer de saak-Campbell. Dy omfieme de ferfolging fan 'e loftse krante Workers' Weekly foar oansetten ta rebûlje. MacDonald woe neat witte fan sinsuer en woe de saak stopsette litte, mar de Konservativen wiene dêr fûleindich op tsjin, en de Liberale Partij tsjinne der in eigen amendemint oer yn. MacDonald besleat om 'e stimming dêroer as in moasje fan wantrouwen te beskôgjen, en doe't in mearderheid fan 'e Legerhûsleden derfoar stimde, tsjinne er it ûntslach fan syn regear yn.
By de ferkiezings dy't dêrnei ein oktober 1924 holden waarden, spile it saneamde Zinovjev-brief in grutte rol. Dat wie in brief mei ophisende taal, dy't skreaun wêze soe troch Grigory Zinovjev, de foarsitter fan 'e Kommunistyske Ynternasjonale, oan 'e Britske fertsjintwurdigers yn dy organisaasje. (De measte hjoeddeiske histoarisy binne it der lykwols oer iens dat it hjirby om in ferfalsking gie, dy't bedoeld wie om it Labour-regear safolle mooglik skea ta te bringen.) Hoewol't it regear dit brief ûnder eagen krige foar't de media der lucht fan krigen, reägearre men te stadich, mei as gefolch dat it nijs út oare boarnen nei bûten ta kaam (sadat it liek as hie it regear it geheim hâlde wollen). Desennialang wiet de Labourpartij de nederlaach by de ferkiezings fan 1924 oan dit brief, mar skiedkundigen hawwe fêststeld dat it eins gjin effekt hie op it absolute oantal Labour-stimmers, dat just omheech gie. Dat der fjirtich parlemintssitten ferlern giene, lei oan it Britske kiesdistriktestelsel (troch in ûngeunstige ferdieling fan 'e Labour-stimmers oer de distrikten). De wiere ferliezer wie de Liberale Partij, dy't sawol stimmers as sitten ferlear en dat ferlies nea wer te boppe kaam.
Twadde regear
bewurkje seksjeNei fiif jier fan regear troch de Konservativen wûn de Labourpartij by de ferkiezings fan maaie 1929 288 sitten. Lykwols wiene de Konservativen (mei 260 sitten) en de Liberale Partij (mei 59 sitten) mei-inoar noch altyd grutter as Labour allinnich. Der kaam sadwaande in nij minderheidsregear fan Labour mei de stipe fan 'e Liberale Partij, mei MacDonald, dy't werkeazen wie foar it distrikt Seaham Harbour, yn noardlik Ingelân, as premier. Om't er him no talizze woe op binnenlânske oangelegenheden, kombinearre er net op 'e nij it ministerskip fan Bûtenlânske Saken mei it premierskip. Hy die de wurkleasheidsútkearings omheech, loadste in wet troch it parlemint om it lean en de wurkomstannichheden yn 'e koaleminen te ferbetterjen en liet in húsfêstingswet oannimme om sloppewiken plat te goaien en der ienfâldige mar goede wenten foar yn 't plak te bouwen. MacDonald ûnderhannele ek mei de lieders fan Britsk-Ynje, dy't er selsbestjoer oanbea, mar gjin ûnôfhinklikheid.
It die lykwols bliken dat it regear-MacDonald gjin effektyf antwurd hie op 'e ekonomyske krisis dy't ûntstie nei de Beurskrach fan 1929 en dy't him geandewei 1930 ferdjippe ta de Grutte Depresje. De Labour-minister fan Finânsjes, Philip Snowden, wie in rigide oanhinger fan 'e otterdokse ekonomyske lear, en stie gjin ekstra oerheidsbestegings ta om 'e ekonomy der boppe-op te helpen, nettsjinsteande de oproppen dêrta fan Labourlid Oswald Mosley, de lieder fan 'e Liberale Partij David Lloyd George en ekonoom John Maynard Keynes. Doe't syn foarstellen kear op kear ôfwiisd waarden, betanke Mosley yn 1931 foar it lidmaatskip fan Labour en foarme er syn eigen partij, dy't neitiid it faksisme as ideology oannaam.
Tsjin 'e simmer fan 1931 wie it mei de ekonomyske sitewaasje sa yn it ûnleech rekke, dat MacDonald syn regear yn 'e swierrichheden kaam. Oan 'e iene kant stiene lju dy't beslist fêsthâlde woene oan in balansearre regearingsbudget en dêrta massive besunigings op 'e oerheidútjeften (lês: de wurkleasheidsútkearings) trochfiere woene. Oan 'e oare kant wiene der de oanhingers fan Keynes dy't fan 'e polityk fan it balansearre oerheidsbudget ôfstappe woene en dêropta it Britske pûn 25% yn wearde devaluëarje litte woene. De foarstelde besunigings drigen it kabinet midstwa te spjalten en de nau mei de Labourpartij ferbûne fakbûnen fersetten har der út alle macht tsjin. Uteinlik wie MacDonald op 24 augustus 1931 twongen en biedt syn ûntslach oan 'e kening oan.
Trêde regear
bewurkje seksjeOp oanrieden fan George V gie MacDonald doe in regear fan nasjonale ienheid oan mei de Konservativen en de Liberalen. De Labourpartij beskôge dat as ferrie, en MacDonald en syn meistanners, Philip Snowden en James Henry Thomas, waarden frijwol daliks út 'e partij set. Hja foarmen dêrnei in eigen Nasjonale Arbeidersorganisaasje (NLO of National Labour), dy't lykwols nea in soad oanhing ûnder de Britske befolking krige. Hoewol't MacDonald no eins net daliks ferkiezings brûke koe, waard er troch de Konservativen twongen om dy dochs út te skriuwen. Dêrby, yn oktober 1931, wûn it regear fan nasjonale ienheid 554 sitten, wêrfan 473 fan 'e Konservativen, 13 fan National Labour en 68 fan 'e Liberale Partij en ferskate lytsere partijkes, wylst de Labourpartij mar 52 sitten wûn. Troch dy freeslike nederlaach (de slimste út 'e skiednis fan 'e Britske Labourpartij) boaze de ferbittering ûnder syn âlde partijgenoaten tsjin MacDonald ta grutte hichte oan.
Hoewol't syn eigen National Labour-groep amper meitelde, behold MacDonald it minister-presidintskip. Hy krige lykwols de Konservative swiergewichten Stanley Baldwin en Neville Chamberlain en de Liberale partijlieder Walter Runciman ûnder him. Yn 'e mande mei Chamberlain en Runciman betocht MacDonald yn 1932 in nij proteksjonistysk ekonomysk belied foar it Britske Gemienebêst. Op it mêd fan 'e bûtenlânske polityk sette MacDonald swier yn op wjersidige ûntwapening. Yn juny 1933 siet er yn Londen in ekonomyske wrâldkonferinsje foar, dy't lykwols torpedearre waard troch de Amerikanen doe't dy bekendmakken dat se net fan doel wiene en stabilisearje de dollar.
Geandewei 1933 en 1934 rekke MacDonald fysyk en mentaal hieltyd fierder yn 'e minnichte, en waard er as regearingslieder almar minder effektyf, wylst de earnst fan 'e ynternasjonale sitewaasje krekt oanboaze. Syn taspraken yn it Legerhûs degenerearren ta ynkoherinsje, oant úteinlik nimmen mear wist wat er no wer sizze soe en nimmen him begriep as er it sei. MacDonald syn pasifisme, dat yn 'e jierren tweintich noch troch in protte minsken bewûndere wie, begûn no syn swakke plak te wurden, en Winston Churchill en lyksinnigen beskuldigen him derfan dat er him troch Hitler ynpakke liet. MacDonald wie him lykwols net ûnbewust fan syn ôfnimmende geastlike krêften, en yn it foarjier fan 1935 kaam er mei Baldwin oerien dat er as premier ôftrede soe nei it sulveren regearingsjubileum fan kening George V, dat yn maaie fan dat jier fierd waard. Sadwaande droech er syn funksjes op 7 juny oer oan Baldwin, al bleau er formeel lid fan it kabinet yn 'e earepost fan foarsitter fan 'e regearingsried.
Priveelibben
bewurkje seksjeRamsay MacDonald troude yn 1896 mei Margaret Ethel Gladstone (gjin famylje fan 'e njoggentjinde-iuwske Britske premier William Gladstone). Harres wie in tige lokkich houlik, en se krigen seis bern, wêrûnder Alister Gladstone MacDonald (1898-1993), in foaroansteand arsjitekt, Malcolm MacDonald (1901-1981), dy't in karriêre as diplomaat, politikus en koloniaal gûverneur hie, en Ishbel MacDonald (1903-1982), dy't har heite eachapel wie. MacDonald wie der stikken fan doe't syn frou yn 1911 stoar oan in gefal fan bloedfergiftiging.
Neitiid hie MacDonald net folle relaasjes mear mei froulju, útsein ien mei lady Margaret Sackville en fansels mei Ishbel, dy't him fersoarge doe't it minder mei him begûn te gean. Yn 'e jierren tweintich en tritich wie MacDonald gauris te finen op 'e soirées dy't holden waarden troch de markizinne fan Londonderry. Dat wie eins tsjin 'e seare skonk fan 'e Labourpartij oan, mei de markizinne troud wie mei in Konservative minister.
Fanwegen syn pasifistyske hâlding waard MacDonald yn 1916 royearre as lid fan 'e Moray Golf Club yn syn berteplak Lossiemouth, om't er dy feriening te skande makke hawwe soe mei syn ferset tsjin 'e oarloch. Guon oare leden betreuren dizze gong fan saken en besochten syn royemint neitiid ûngedien te meitsjen, mar ferlearen in stimming dêrta op in ledegearkomste yn 1924. By in bysûndere ledegearkomste yn 1929 wiene der einlings en te'n lêsten genôch stimmen om MacDonald wer op 'e nij as lid ta litten, mar tsjin dy tiid hied er dêr gjin boadskip mear oan en wegere er noch wat mei de klub fan dwaan te hawwen.
Lêste jierren en dea
bewurkje seksjeEin 1935 waard MacDonald by de nasjonale ferkiezings yn syn kiesdistrikt Seaham ferslein en ferlear er syn Legerhûssit, mar yn jannewaris 1936 waard er op 'e nij yn it parlemint keazen foar it kiesdistrikt fan 'e Mienskiplike Skotske Universiteiten. Letter dat jier sei er yn reäksje op Hitler syn remilitarisaasje fan it Rynlân bliid te wêzen dat it Ferdrach fan Versailles einlik hielendal nei de foddekoer ferwiisd wie, en foege er dêroan ta dat er hope dat de Frânsen no in flinke les leard hiene.
Yn 'e rin fan dat jier stoarte MacDonald syn lichaamlike en geastlike sûnens hielendal yn, en doe't syn dokters him yn 1937 in seereis oanretten, sette er ôf oer de Atlantyske Oseaan nei Amearika. Op 9 novimber 1937 kaam er sadwaande ûnderweis, oan board fan 'e Reina del Pacifico, yn 'e âlderdom fan 71 jier te ferstjerren, yn it bywêzen fan syn jongste dochter Sheila. Syn tinktsjinst waard holden yn 'e Londenske Westminster Abbey, wêrnei't er kremearre waard en syn jiske by dy fan syn frou Margaret yn Spynie begroeven waard, yn noardeastlik Skotlân.
Reputaasje
bewurkje seksjeIn heale iuw lang waard MacDonald troch de Britske Labourpartij demonisearre as de ferrieder dy't mei de fijân omslein hie en de partij ta syn alderslimste ferkiezingsnederlaach brocht hie. In oare kwestje dy't tsjin MacDonald brûkt waard, wie syn pasifisme en syn dêrmei ferbûne mylde opstelling foar Dútslân oer. Doe't de Twadde Wrâldoarloch yn 1939 útbriek en Ingelân yn 1940 suchte ûnder bombardeminten fan 'e Luftwaffe, ûntstie der in syktocht nei de lju dy't oan Hitler tajûn hiene en it dêrmei safier komme litten hiene. MacDonald waard doe ûnder de 'Skuldigen' skaard. Fierders waard MacDonald, troch syn 'ferrie' en syn dêr al rillegau op folgjende mentale ôftakeling troch de wittenskip lange tiid beskôge as ûnynteressant en net ta de saak dwaand.
Pas yn 1977 ferskynde der in earste objektive biografy fan de man, skreaun troch it eardere Labour-parlemintslid David Marquand. Doe't neitiid oare histoarisy har yn MacDonald begûnen te ferdjipjen, brocht objektyf ûndersyk oan it ljocht dat er krekt ien fan 'e oprjochters fan Labour wie, dy't de partij foar it earst oan 'e macht brocht en it Feriene Keninkryk byinoar hold yn it slimst fan 'e Krisisjierren. En de beskuldiging dat MacDonald mei syn polityk foar Dútslân oer de Twadde Wrâldoarloch mooglik makke, is fansels falsk, mei't yn 'e perioade 1930-1935, lit stean yn 'e tweintiger jierren, nimmen foarsjen koe wat Hitler yn 't sin hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|