Ready Player One (film)
Ready Player One is in Amerikaanske science fiction-aksje-aventoerefilm út 2018 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Tye Sheridan en Olivia Cooke. De titel betsjut "Klear [foar de start], Spiler Ien". De film, dy't in dúdlike ynfloed fan it subsjenre cyberpunk sjen lit, is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Ernest Cline út 2011, en bestiet foar in diel út live action en foar in diel út animaasje. It ferhaal spilet yn 2045, as yn in dystopyske wrâld in grut part fan 'e minskheid syn taflecht siket ta in reuseftige firtuele realiteitssimulaasje, de OASIS, om oan it aaklike deistige bestean te ûntsnappen. De jonge Wade Watts nimt dêr diel oan in syktocht wêrfan't de winner eigner fan 'e OASIS wurde sil. Mei fjouwer bûnsmaten besiket er dêrby de ûnmeilydsume sakeman Nolan Sorrento foar te bliuwen, dy't it ek op it eignerskip fan 'e OASIS foarsjoen hat, sadat er dat taflechtsoard brûke kin om 'e besikers út te rûpeljen. Ready Player One waard foar it earst fertoand op it filmfestival South by Southwest en krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Ek yn 'e bioskopen wie de film súksesfol. Ready Player One wûn in Saturn Award en waard nominearre foar in Oscar, in BAFTA en in Satellite Award.
Ready Player One | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Steven Spielberg | |
produsint | Donald De Line Kristie Macosko Krieger Steven Spielberg Dan Farah | |
senario | Zak Penn Ernest Cline | |
basearre op | de roman fan Ernest Cline | |
kamerarezjy | Janusz Kamiński | |
muzyk | Alan Silvestri | |
filmstudio | Warner Bros. Amblin Partners Amblin Entertainment Village Roadshow Pictures De Line Pictures Farah Films & Management | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Tye Sheridan Olivia Cooke | |
voice-over | Tye Sheridan | |
byrollen | Ben Mendelsohn Lena Waithe Mark Rylance Simon Pegg T.J. Miller | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 maart 2018 | |
foarm | langspylfilm (live action/animaasje) | |
sjenre | science fiction-aksje- aventoerefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 140 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $155–175 miljoen | |
opbringst | $582,9 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award |
Plot
bewurkje seksjeYn 2045 is de echte wrâld sa'n somber, útsichtleas plak wurden, dat in grut diel fan 'e minskheid op deistige basis syn taflecht siket ta de OASIS (Ingelsk foar "oäze"), in backronym fan Ontologically Anthropocentric Sensory Immersive Simulation. Dat is in reuseftige firtuele realiteitssimulaasje dy't winliken funksjonearret as in parallelle wrâld. Dy is yn 2025 skepen troch James Halliday en Ogden Morrow fan it fideospultsjesproduksjebedriuw Gregarious Games. Morrow rekke al rillegau op 'e eftergrûn en Halliday kaam yn 2040 te ferstjerren.
Nei syn dea waard in yn 't foar opnommen boadskip fan him iepenbier makke fia Anorak de Alwittende, syn avatar (oannommen personaazje yn 'e OASIS). Dêryn makke Halliday bekend dat er earne yn 'e OASIS in peaske-aai oanmakke hie (in ferburgen objekt yn in fideospultsje dat spesjale krêften oan 'e ûntdekker jout). It peaske-aai sil de ûntdekker bejeftigje mei Halliday syn oandielen yn Gregarious Games ter wearde fan $500 miljard en folsleine sizzenskip oer de OASIS. It peaske-aai befynt him efter in ôfskoattele poarte, dêr't trije kaaien foar nedich binne om iepen te meitsjen. Dy kaaien kinne wûn wurde troch it (as earste) folbringen fan trije útdagings.
No't der nei fiif jier noch gjin manear ûntdutsen is om 'e earste útdaging súksesfol te folbringen, is de measte belangstelling foar de syktocht nei it peaske-aai fuortêbe. Inkeld de saneamde gunters (fan egg hunters), fanatikelingen dy't net opjaan wolle, geane der noch altyd mei troch, en datselde jildt foar de sixers, wurknimmers fan Innovative Online Industries (IOI), mei't Nolan Sorrento, de algemien direkteur fan dat bedriuw, syn sinnen set hat op it oernimmen fan 'e OASIS. Syn bedoeling is om 'e OASIS fol te stopjen mei reklame en te brûken om 'e dielnimmers út te rûpeljen. Behalven de sixers set IOI foar de syktocht ek twangarbeiders yn, dy't it bedriuw fêsthâldt yn saneamde "loyaliteitssintra" oant harren skulden ôfbetelle binne.
Wade Watts, dy't yn in sloppewyk fan opsteapele steankaravans (The Stacks) yn Columbus (Ohio) wennet, is fia syn avatar Parzival in fanatyk gunter, dy't noch altyd eltse kear meidocht oan 'e earste fan 'e trije útdagings, yn 'e mande mei syn bêste freon Aech (dy't er inkeld ken út 'e OASIS). Dy earste útdaging is in race dy't net te winnen is om't krekt foar de finish de reuseftige gorilla King Kong wachtet, dy't eltsenien dy't safier kommen is, ofwol plet ofwol ferslynt. Op in dei, as er wer op in hier nei de finish hellet, rêdt Wade it 'libben' fan Art3mis, in froulike avatar dêr't er fereale op rekke is. Hy bringt har neitiid yn 'e kunde mei Aech, dy't de troch King Kong stikkenbiten motorfyts fan Art3mis reparearret.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Halliday hat suver syn hiele libben digitalisearre as Halliday's Journals, in simulearre argyf ûnder behear fan in non-player character (in personaazje dat net in avatar fan in libbene persoan is) dy't 'de Konservator' neamd wurdt. Doe't Halliday krekt it bestean fan syn peaske-aai bekendmakke hie, tilde it dêr eltse dei op fan 'e avatars, mar tsjintwurdich komme inkeld de alderfêsthâldendste gunters der noch út en troch, lykas Wade. By it besjen fan in petear tusken Halliday en Morrow dy't it hawwe oer de feroarings dy't ynherint binne oan foarútgong, seit Halliday dat er wol woe dat er ynstee fan almar foarút te gean ris hiel hurd efterút gean koe. Hoewol't Wade itselde petear al withoefaak folge hat, kriget er diskear ynienen in helder idee.
By de folgjende race giet er mei syn auto (feitliks de DeLorean-tiidmasine út Back to the Future) hielendal efteroan stean, en as de race fan start giet, riidt er net foarút, mar ynstee efterút. Der iepenet him dan in leger nivo fan it spul, dat him ûnder alle gefaren troch liedt, ûnberikber foar alles, King Kong ynbegrepen. Sa is Wade yn 'e foarm fan Parzival de earste dy't de earste útdaging folbringt. Hy ûntfangt fan Anorak de Alwittende de Koperne Kaai. Art3mis hat sjoen wat er dien hat en Wade fertelt it geheim fan it winnen fan 'e race troch oan Aech, dy't it trochfertelt oan harren freonen Daito en Sho, sadat dy fjouwer neitiid de race ek winne en boppe-oan op it skoareboerd kommte te stean ûnder harren nije bynamme fan 'e High-5.
Nolan Sorrento is net wiis mei dy ûntwikkeling. Hy freget i-R0k, in preemjejager yn 'e OASIS, om Parzival syn identiteit yn 'e echte wrâld te ûntdekken, sadat er him omkeapje kin om 'e syktocht yn opdracht fan IOI te winnen. Underwilens ûntdekke Wade en Art3mis yn Halliday's Journals dat Halliday ris in ôfspraakje hân hat mei deselde Karen "Kira" Underwood, dy't jierren letter mei syn kompanjon Morrow trouwe soe. Wade stelt fêst dat de namme 'Kira' mar ien kear yn al Halliday's Journals foarkomt en slút dêroer in lytse weddenskip ôf mei de Konservator as dy him net leauwe wol. Wade blykt lykwols gelyk te hawwen en de Konservator langet him sadwaande in kwartsje oer.
Mei Art3mis bejout Wade him nei in nachtklub yn 'e OASIS, dêr't er syn leafde foar har útsprekt en har ta har ûntsteltenis syn wiere namme fertelt, wat not done is ûnder besikers fan 'e OASIS. iR0k is ek yn 'e nachtklub en harket harren ôf. Sorrento syn sixers fiere, ta i-R0k syn argewaasje, in ferrassingsoanfal út op it pear, mar Wade en Art3mis witte te 'oerlibjen' en te ûntkommen. Neitiid wol Art3mis neat mear mei Wade te krijen hawwe. It is har nammentlik dúdlik wurden dat it foar him allegear mar in spultsje is. Foar har is it lykwols deadlike earnst om te besykjen de OASIS út 'e kloeren fan IOI te hâlden, mei't har heit omkommen is yn in 'loyaliteitssintrum'.
Nei't i-R0k Sorrento op 'e hichte brocht hat fan 'e wiere identiteit fan Parzival, nimt Sorrento kontakt op mei Wade en besiket him om te keapjen, in oanbod dat Wade ôfstegeret. Dêrop besiket Sorrento en romje Wade út 'e wei troch it diel fan The Stacks op te blazen dêr't Wade, dy't wees is, ynwennet by syn muoike Alice en har frijer Rick. Wade is dêr lykwols net en syn besykjen om syn muoike te warskôgjen mislearret. De ûntploffing fynt plak, wêrby't net inkeld Alice en Rick, mar ek in grut tal fan harren buorlju omkomme. As Wade, om syn freonen te warskôgjen, weromkeart nei it skûlplak dêr't er syn lichem 'efterlit' as er de OASIS binnengiet, wurdt er dêr troch ûnbekende man oermastere.
It docht bliken dat de man foar Art3mis wurket, mei er Wade by har bringt. Hja hjit yn it echt Samantha Cook en jout lieding oan in groep 'rebellen' dy't yn 'e OASIS op alle mooglike manearen IOI besykje te dwerseidzjen. Under in petear riddenearje Wade en Samantha út dat de twadde útdaging te krijen hat mei Halliday syn spyt dat er te bleu wie om te besykjen in relaasje mei Kira te krijen, op wa't er smoarfereale wie. Mei Aech, Daito en Sho bringe se as Parzival en Art3mis in besyk oan in werskepping fan it Overlook Hotel út Stanley Kubrick syn horrorfilm The Shining, dêr't se nei gâns aventoeren de Jadene Kaai winne. Underwilens bestoarmet F'Nale Zandor, dy't binne IOI oan it haad fan 'e loyaliteitssintra stiet, mei har ûnderhearrigen it geheime haadkertier fan Samantha, dêr't se alle oanwêzigen oppakt. Samantha wurdt fêstset yn in loyaliteitssintrum om har heite skulden mei rinte ôf te beteljen, mar Wade ûntkomt mei help fan 'e oare leden fan 'e High-5: Helen Harris (Aech), Toshiro (Daito) en Zhou (Sho).
De trêde útdaging fynt plak yn Kastiel Anorak op 'e planeet Doem, dêr't de spilers riede moatte wat Halliday syn favorite Atari 2600-spultsje wie om troch dat te spyljen de Kristallene Kaai te besetten. iR0k aktivearret it enerzjyskyld fan 'e Bol fan Osuvox, in foarwerp dat er foar Sorrento ferovere hat, en pleatst dat oer Kastiel Anorak hinne, sadat gjin inkele oare spiler dêr binnenkomme kin. Wade-en-dy witte digitaal yn te breken yn it haadkertier fan IOI en Samantha te helpen út har sel te ûntkommen. Ynstee dat se fuortendaliks útpykt, giet se djipper it gebou binnen, dêr't se Sorrento syn firtuele-realiteitsgereid aktivearret. Dat kin se dwaan om't Wade by syn eardere digitale moeting mei Sorrento dy syn wachtwurd lêzen hat op in bryfke dat Sorrento soargeleas omtommelje litten hie. Dêrtroch ûntdekt Samantha de magyske spreuk dy't de Bol fan Osuvox deäktivearret. Samantha bejout har neitiid tusken de sixers fan IOI, dêr't se weiwurdt yn 'e kliber.
Wade sprekt alle brûkers fan 'e OASIS ta en ropt harren op om 'e High-5 te helpen by de bestoarming fan Kastiel Anorak, wêrnei't de meidoggers ta skrik fan Sorrento mei man en macht opsetten komme. Der folget in fjildslach tusken de High-5 en harren legermacht en de sixer-troepen fan IOI. As Sorrento foar it ferstân kriget dat Samantha har noch yn it haadkertier fan it bedriuw befine moat, rint er alle froulike sixers nei om har te finen, mar Wade, as Parzival, sjit har, as Art3mis, yn 'e OASIS 'dea' foar't se ûntdutsen wurde kin. Dêrnei kuieret se simpelwei it haadkertier fan IOI út om oppikt te wurden troch de rest fan 'e High-5 yn it bestelbuske fan Helen, dy't krekt as Toshiro by de bestoarming fan Kastiel Anorak 'omkommen' is.
Underwilens hat Wade it kastiel berikt, dêr't lykwols Sorrento de Kataklyst ta ûntploffing bringt, in bom dy't sa krêftich is dat er alle libben op 'e planeet Doem útrûget. Dêrûnder binne net inkeld alle brûkers dy't meidien hawwe oan 'e bestoarming en alle sixers dy't it kastiel ferdigenen, mar ek Sorrento sels en iR0k. De iennichste dy't oerbliuwt, is Wade (Parzival), om't it kwartsje dat er by syn weddenskip fan 'e Konservator wûn hat, him ûnferwachts rjocht jout op in ekstra libben. No't nimmen him yn 'e OASIS mear tsjinhâlde kin, spilet Wade dêr Adventure, dat Halliday syn favorite Atari 2600-spultsje wie. Oars as de sixer dy't dat fideospultsje foar IOI spile, besiket Wade lykwols net om te winnen, mar om it peaske-aai te finen dat yn it spul ferburgen sit. As dat slagget, wint er de Kristallene Kaai.
Yn 'e echte wrâld wurdt it buske fan 'e High-5 ûnderwilens efterfolge troch Sorrento en Zandor, mei as gefolch dat 'Parzival' der troch alle ûnferwachtse bewegings klauwen oan hat om 'e trije kaaien yn 'e juste kaaisgatten te stekken. As er de poarte iepenet, komt er yn in seal út dy't suver wol fan goud makke liket te wêzen. Dêr biedt Anorak de Alwittende him in kontrakt oan dat er ûndertekenje moat. Wade ken dat wer as itselde kontrakt dat Morrow foarlein waard doe't Halliday him út it bestjoer fan Gregarious Games wurke, en wegeret it te ûndertekenjen. Nei't er dy lêste test trochstien hat, feroaret Anorak yn Halliday sels, dy't tajout dat er fan dat barren noch it measte spyt hat fan alle dingen yn syn libben, mei't er dêrtroch syn iennichste freon kwytrekke is. De moeting einiget as Halliday it peaske-aai oan Wade oerlanget.
Tsjin dy tiid is de efterfolging einige. Sorrento en Zandor wurde arrestearre troch de plysje, nei't Aech in petear wêryn't Sorrento de moard op Wade syn muoike en buorlju tajoech, nei de autoriteiten trochstjoerd hat. Ogden Morrow ferskynt op it toaniel, en jout ta dat de Konservator dochs gjin non-player character is, mar eins syn avatar. Wade kriget ferkearing mei Samantha en beslút de OASIS mei syn fjouwer freonen te runnen. Morrow nimme se oan as consultant. De High-5 ferbiedt de loyaliteitssintra fan IOI om 'e OASIS noch te brûken, wat IOI twingt om dy ferkapte finzenissen op te heffen. Se beslute ek de OASIS op tiisdei en tongersdei te sluten (ta teloarstelling fan in protte brûkers), om't se fine dat de minsken mear tiid yn 'e echte wrâld trochbringe moatte.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Wade Watts / Parzival / voice-over | Tye Sheridan |
Samantha Cook / Art3mis | Olivia Cooke |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Nolan Sorrento / IOI-655321 | Ben Mendelsohn |
Helen Harris / Aech | Lena Waithe |
James Halliday / Anorak de Alwittende | Mark Rylance |
Ogden Morrow / de Konservator | Simon Pegg |
i-R0k | T.J. Miller |
Toshiro / Daito | Win Morisaki |
Zhou / Sho | Philip Zhao |
F'Nale Zandor | Hannah John-Kamen |
Alice | Susan Lynch |
Rick | Ralph Ineson |
Karen Underwood / Kira | Perdita Weeks |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeFilmstudio Warner Bros. kocht út namme fan filmprodusinten Donald De Line en Dan Farah de filmrjochten op 'e roman Ready Player One fan skriuwer Ernest Cline yn juny 2020, in jier foar't it boek útkaam. It senario waard yn earste ynstânsje skreaun troch Cline sels, en letter bewurke troch Zak Penn en Eric Eason (dy't dêrfoar net op 'e ôftiteling fermelden waard). De film waard regissearre troch Steven Spielberg, dy't yn 'e mande mei De Line, Farah en Kristie Macosko Krieger ek as produsint by it projekt belutsen wie. Ready Player One wie in produksje fan 'e filmstudio's Warner Bros, Amblin Partners, Amblin Entertainment, Village Roadshow Pictures, De Line Pictures en Farah Films & Management. Foar de film wie in budget beskikber fan nei skatting $155 oant 175 miljoen.
De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Janusz Kamiński. De opnamen hiene begjin july 2016 úteinsette sillen, mar op 1 july befêstige senarioskriuwer Zak Penn dat se al in wike ûnderweis wiene. Yn augustus en septimber fan dat jier waard der filme yn it Ingelske Birmingham, dat yn Ready Player One trochgiet foar Columbus (Ohio). Dêrnjonken fûnen der ek opnamen plak yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden yn Hertfordshire en yn Solaris House, it eardere haadkantoar fan Sun Microsystems, yn Surrey. De lêste filmdei foel op 27 septimber. Yn 'e postproduksje waard de filmmuzyk fersoarge troch Alan Silvestri, wylst de special effects tafoege waarden troch Industrial Light & Magic (ILM), Digital Domain en Territory Studio.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Ready Player One waard fersoarge troch Warner Bros. De earste fertoaning fan 'e film fûn plak op 11 maart 2018 op it filmfestival fan South by Southwest yn Austin (Teksas). Op 29 maart 2018 iepene Ready Player One yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 30 maart 2018 by platemaatskippij WaterTower Music. Ready Player One kaam op 3 july 2018 beskikber as digitale download en waard op 24 july fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Ready Player One oer it algemien positive resinsjes. Ferskate resinsinten murken op hoe oerweldigjend de film is kwa rykdom oan bylden, benammen yn 'e kompjûteranimearre dielen. Sa omskreau Owen Gleiberman yn it tydskrift Variety de film as "in skitterjende eksploazje fan popkultuerreferinsjes dy't as snobbersguod foar de eagen is". Fral de sênes basearre op 'e horrorfilm The Shining, fan Stanley Kubrick, waarden wat dat oanbelange rûnom priizge. Matt Zoller Seitz wiisde fierders op 'e ûnderstreaming fan drôvens yn Ready Player One, en murk op: "Ik fyn dat Spielberg net genôch priizge wurdt foar it meitsjen fan drôve films dy't de measte lju ynterpretearje as gelokkich, of foar yngewikkelde films dy't fuortendaliks weiset wurde as ienfâldich of betize." Hy konkludearre dat Ready Player One "in rommeltsje" wie, "mar in fassinearjend en yngewikkeld rommeltsje."
Alissa Wilkinson, dy't foar Vox Media skreau, priizge sawol de kwantiteit as de kwaliteit fan it wrâldbouwen yn Ready Player One, mar it griisde har oan hoe dystopysk de echte wrâld yn 'e film is en se sette der fraachtekens by dat de haadpersoanen út alle macht besykje de OASIS te rêden, wylst se gjin inkeld omtinken foar de echte wrâld lykje te hawwen. Yn 'e Britske krante The Guardian wie Monica Castillo noch in stik kritysker. Hja steurde har yn Ready Player One oan it gebrek oan karakterûntwikkeling, it gebrek oan oplossings foar de gatten yn 'e plot dy't blykber klakkeleas út 'e roman oernommen binne en it ta blastigens úttynjen fan sênes troch tafoeging fan triviale dingen. Alonso Duralde fan TheWrap hie it net stean op it "bombardemint mei ferwizings nei de popkultuer" en miste in ynteressant ferhaal. Hy skreau: "Ik haw neat net folle in fideospultsjespiler west, mar tsjin 'e ein fan 'e film wie ik ree om my in paad út 'e bioskoop wei te sjitten."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Ready Player One in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 437 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in leafdefol nostalgyske achtbaanrit, dy't kreas Spielberg syn sterkste punten [as regisseur] omfiemet, en in nij knaphandich makke spannend aventoer oan syn filmografy tafoeget." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Ready Player One in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 56 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeReady Player One brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $137,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $445,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $582,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $155 oant 175 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $407,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst op $142,9 miljoen.
Prizen
bewurkje seksjeYn 2019 waard Ready Player One by de Oscars nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste special effects. Ek by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, by de Satellite Awards en by de Critics' Choice Movie Awards waard de film yn dyselde kategory nominearre. By de Saturn Awards waard Ready Player One nominearre yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste filmmuzyk en bêste special effects. De film wûn de Saturn Award foar bêste science fiction-film. Fierders waard Ready Player One ek nominearre foar fjouwer Teen Choice Awards.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Ready Player One
- (in) Ynformaasje oer Ready Player One yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |