Road Trip (film út 2000)

film út 2000 fan Todd Phillips

Road Trip is in Amerikaanske gross-outkomeedzje en roadmovie út 2000 ûnder rezjy fan Todd Phillips, mei yn 'e haadrollen Breckin Meyer, Seann William Scott, Paulo Costanzo en D.J. Qualls. De titel is it Ingelske wurd foar in langere reis mei de auto, ornaris mei in rekreätyf doel. It ferhaal giet oer fjouwer studinten út Ithaca (New York), dy't mei de auto yn Austin (Teksas) besykje te kommen, foar't de post dêr in fideobân besoarget dy't ien fan harren syn yn Austin studearjende faam tastjoerd hat. By fersin is nammentlik net it fideoboadskip oan 'e faam opstjoerd, mar in opname fan syn seksuele eskapade mei in oar famke. Road Trip ûntfong fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. Yn 2009 waard ûnder de titel Road Trip: Beer Pong in ferfolchfilm direkt-op-fideo útbrocht.

Road Trip
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Todd Phillips
produsint Daniel Goldberg
Joe Medjuck
útfierend
   produsint
Ivan Reitman
Tom Pollock
senario Todd Phillips
Scot Armstrong
kamerarezjy Mark Irwin
muzyk Mike Simpson
filmstudio The Montecito Picture Company
distribúsje DreamWorks Pictures
The Montecito Picture Company
spilers
haadrollen Breckin Meyer
Seann William Scott
Paulo Costanzo
D.J. Qualls
byrollen Amy Smart
Tom Green
Anthony Rapp
Fred Ward
Rachel Blanchard
Mia Amber Davis
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 maaie 2000
foarm langspylfilm
sjenre gross-outkomeedzje, roadmovie
taal Ingelsk
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
budget $16 miljoen
opbringst $119,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Road Trip
● folgjend diel Road Trip: Beer Pong

Yn it ramtferhaal fan 'e film kriget in groep mooglike nije studinten en harren âldelju op in iepen dei in rûnlieding op 'e kampus fan 'e (fiktive) Universiteit fan Ithaca yn Ithaca, yn 'e Amerikaanske steat New York. De toer wurdt fersoarge troch Barry, dy't al acht jier oan 'e universiteit trochbrocht hat en gjin risselwaasje makket om ôf te studearjen. Hy beskôget it as it moaiste plak op 'e wrâld, mar bringt syn tiid benammen troch mei blowen ynstee fan mei studearjen. Nei acht jier wit er noch net folle oer de universiteit, dat op 'e rûnlieding lult er mar wat út syn nekke. De leden fan 'e toergroep krije dêr op 't langelêst har nocht fan en driigje fuort te rinnen. Dêrop besiket Barry harren oandacht fêst te hâlden mei in wierbard ferhaal dat ien fan syn maten oerkommen is, dy't ek oan 'e Universiteit fan Ithaca studearre.

Josh Parker en syn buorfamke Tiffany Henderson groeiden fan bern ôf oan tegearre op, en doe't se yn 'e puberteit kamen, krigen se ferkearing. Nei de middelbere skoalle giene se lykwols nei ferskillende universiteiten. Josh kaam oan 'e geweldige Universiteit fan Ithaca te studearjen, wylst Tiffany foar bistedokter learde oan 'e Universiteit fan Austin, yn Austin (Teksas). Wannear't dat syn beslach kriget, beswarre Josh en Tiffany inoar dat se inoar trou bliuwe sille, en se skilje inoar eltse dei op. Josh stjoert Tiffany boppedat geregeldwei fideoboadskippen dy't er mei syn fideokamera opnimt op VHS-fideobannen. It falt lykwols net ta om in relaasje geande te hâlden oer de lange ôfstân, dat sa njonkelytsen begjint it mei de ferkearing yn it neigean te reitsjen. Op in stuit, as Josh Tiffany al in dei as trije net tillefoanysk berikke kinnen hat en neat fan har heart, begjint er nachtmerjes te krijen wêryn't se mei in oare jonge omslacht.

As er hast te let is foar in kolleezje Aldgrykske filosofy, freget Josh syn maat en keamergenoat Rubin om it jongste fideoboadskip foar him op 'e post te dwaan. Rubin seit ta dat it goedkomme sil. Underweis nei it kolleezje wurdt Josh oansprutsen troch Beth, in tsjeppe studinte dy't in eachje op him hat, mar net wit dat er al in faam hat. Beth wurdt stalkt troch Jacob, de klasse-assistint by Aldgrykske filosofy, dy't smoarfereale op har is, mar syn gefoelens troch har net beäntwurde sjocht. Ynstee dat er it euvel by himsels siket, beskôget er Josh as it probleem: as dy der net wêze soe, wie Beth perfoarst daliks foar him fallen. Professor Anderson, dy't Aldgrykske filosofy jout, warskôget Josh dat er, omreden fan in hiele rige ûnfoldwaandes, op syn folgjende tentamen in 8+ helje moat, oars wurdt er fanwegen wanprestaasjes fan 'e universiteit ferwidere. Mei't it tentamen al oer fiif dagen is, moat Josh sjen dat er oan it learen komt.

Dyselde deis wurdt dat lykwols neat mear. E.L., syn bêste freon, bepraat Josh nammentlik om net sa oer Tiffany en syn stúdzje yn te sitten, mar in bytsje fan it libben te genietsjen. As Tiffany net mear nei him omsjocht, hoecht hy him dochs ek net om har te bekroadzjen? E.L. troait Josh dy jûns mei nei in feestje, dêr't ferskate studintes harrensels by opbod ferkeapje litte foar in ôfspraakje, om jild yn te sammeljen foar in goed doel. Beth freget Josh om har te 'keapjen', om foar te kommen dat Jacob it docht. No sit Josh wat krap by kas, mar om't E.L. de feilingmaster is, dy't Jacob syn bod negearret, wit Josh dochs Beth foar $26 te 'keapjen'. Se ferlitte it feest tegearre en op Josh syn keamer reitsje se op inisjatyf fan Beth mei-inoar op bêd om seksuele omgong te hawwen foar de fideokamera dy't troch Beth oanset is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare moarns, as Josh it mei syn maten E.L., Rubin en Barry oer de jûns tefoaren hat, komt te praat dat hy mei Beth op bêd west hat. As syn maten him net leauwe, ferriedt Josh by fersin dat der in opname fan it barren bestiet. Syn maten ûntfytmanje him de fideobân en stopje dy yn 'e fideorecorder, mar it iennichste dat derop stiet, is Josh syn fideoboadskip oan Tiffany dat Rubin foar him op 'e post dien hawwe soe. As Josh him freget wêrom't er dat net dien hat, en Rubin antwurdet dat er it wol deeglik dien hat, dyselde moarns ier, begjint by Josh it aaklik besef te daagjen dat der in ferskriklik fersin plakfûn hat, en dat de sekstape fan him en Beth opstjoerd is nei Tiffany.

Krekt op dat stuit skillet Tiffany. Mei't Josh sa oerstjoer is dat er net mei har prate kin, lit er it antwurdapparaat oannimme. Tiffany seit dat har pake stoarn is en dat se thús is, by har mem, dy't der raar ta sit. Se hat it de ôfrûne dagen sa drok hân mei de tariedings foar de begraffenis, dat se der net oan ta kommen is om Josh te skiljen. Moandei sil se wer yn har studintehûs yn Austin wêze, dat dan kinne se wol fierder prate. Mei't it no freed is, betinkt Josh dat er trije dagen de tiid hat om yn Austin te kommen en de fideobân te ûnderskeppen foar't Tiffany sjocht wat derop stiet. Mei't er gjin jild foar in fleanticket hat, beslút er de 2.900 km fan Ithaca nei Austin yn 'e auto ôf te lizzen. Om't er sels ek gjin auto hat, spant er mei-studint Kyle Edwards foar syn karke, in wat sneue en tige bleue jonge sûnder freonen dy't maklik te beynfloedzjen is en benaud is foar syn oerstrange heit Earl. Behalven Josh en Kyle geane ek E.L. en Rubin mei. Barry, dy't obsedearre is troch it fuorjen fan mûzen oan Rubin syn húsdier Mitch, in mânske wjirchslange, bliuwt efter yn Ithaca.

De fjouwer jonges sette koers nei Teksas, mar yn Pennsylvania, de buorsteat fan New York, komme se al yn 'e swierrichheden. De eigenwize E.L. beslút de autosnelwei te ferlitten foar in slûprûte oer efterôfdykjes, dêr't se lykwols troch strâne reitsje foar in ynstoarte brêge. Rubin, dy't natuerkunde studearret, berekkenet dat de auto mei genôch faasje maklik oer it gat middenyn 'e brêge hinne springe kin. As E.L. dat besiket, tsjin Kyle syn ynmoedich freegjen om dat net dwaan yn, blykt Rubin gelyk te hawwen: de auto springt moai oer de stikkene brêge hinne. Mar by it delkommen rekket er total loss. It kwartet set de reis dêrom fan needs geandefoets fierder en bringt de nacht troch yn in suterich motel dêr't Rubin om 'e nocht marihûana besiket te keapjen fan 'e ûnfatsoenlike resepsjonist.

Josh skillet út it motel wei it kantoar fan professor Anderson oan 'e Universiteit fan Ithaca op en freget oft er ek trije dagen útstel foar it tentamen Aldgrykske filosofy krije kin, om't syn boeken en oantekenings ferlern gien binne. Kyle syn auto is nei de sprong oer de brêge nammentlik net inkeld troch de assen sakke en mar ek yn 'e brân rekke en folslein útbaarnd. Josh mient dat er mei Anderson sels praat, mar it blykt Jacob Schultz te wêzen, dy't de stim fan 'e professor neibeart. Hy seit de trije dagen útstel ta om derfoar te soargjen dat Josh it tentamen misse sil. Josh sil dan net mear trochstudearje kinne, wat Jacob (yn syn eigen fantasij) rom baan jout om Beth foar him te winnen.

Mei't de fjouwer reizgers de creditcard fan Kyle syn heit, dy't Kyle foar needgefallen krigen hie, al leechplondere hiene noch foar't se syn auto fernielden, sitte se no wer sûnder jild. E.L. lost dat op, troch de bline resepsjoniste fan in blineskoalle te bedragen, sadat se him ien fan 'e skoalbussen fan it ynstitút meinimme lit om "reparearre" te wurden.

Underwilens komt Beth del yn 'e studintekeamer fan Josh en Rubin, op 'e siik nei Josh. Barry is de iennichste oanwêzige en hat inkeld belangstelling foar Mitch de slange. As Beth freget wêr't Josh is, antwurdet Barry, dy't neat fan topografy ôfwit, dizenich dat er nei syn freondinne is yn Austin, dat neffens him yn 'e steat Massachusetts of sa leit. Beth is poerlulk as se heart dat Josh al in faam hat, en se beslút om wraak op him te nimmen troch dy Tiffany Henderson te fertellen dat har feint efter har rêch om mei oare famkes omslacht. No hat se noch nea fan Austin, Massachusetts heard, dat se freget Barry oft er net Boston, Massachusetts bedoelt. Dêrop antwurdet dy dizenich dat dat ek wol kin. Dat, Beth nimt de bus nei Boston. Wilens ûntdekt Earl Edwards, Kyle syn oerhearskjende heit, dat syn creditcard oan 'e limyt ta leechhelle is. As er koart dêrnei berjocht kriget dat syn auto total loss by Bedford (Pennsylvania) oantroffen is, nimt er oan dat Kyle ûntfierd is. Ynstee dat er de saak troch de plysje útsykje lit, pakt er syn revolver en giet er der sels efteroan.

De fjouwer reizgers hawwe yn 'e tuskentiid mei harren skoalbus Tennessee berikt, dêr't se foar de nacht ûnderdak sykje yn it studintehûs fan in studinteferiening dêr't Rubin de geheime manear fan fûstkjen fan wit. Hy besiket de leden fan 'e (lanlike) feriening wiis te meitsjen dat hy lid is fan harren ôfdieling oan 'e Universiteit fan Ithaca, mar ferliest dêrby út it each dat it giet om in Afro-Amerikaanske studinteferiening, wylst hysels en syn maten allegearre blank binne. De swarte studinten binne lykwols de minsten net, en nei't se wat wille makke hawwe yn it neidiel fan harren gasten, biede se har likegoed in sliepplak oan. De bleue Kyle wurdt yn it studintehûs fersierd troch de grouwe swarte studinte Rhonda (dy't in kop grutter is as hy en wol fiif kear sa breed) en ferliest dy nachts syn fammesteat. De oare deis lit er oan syn trije reismaten in frouljusûnderbroek ter grutte fan in badlekken sjen, dy't Rhonda him meijûn hat.

Om't se noch hieltyd gjin jild hawwe, hâldt it kwartet letter dy deis ho as se by in spermabank lâns komme. Se wolle in donaasje yn ruil foar jild jaan, mar inkeld Josh en E.L. meie dat dwaan; Rubin wurdt ôfwiisd foar gebrûk fan marihûana, en Kyle om't er yn 'e lêste 24 oeren seks hân hat. E.L. besiket it oan te lizzen mei de tsjeppe âldere ferpleechkundige, dy't er om "profesjonele assistinsje" freget by it produsearjen fan syn bydrage oan 'e spermabank. Hja reägearret troch mei in pear fingers anaal syn prostaat te stimulearjen wylst se him ôflûkt. Dêr wurdt E.L. earst al even kjel fan, mar dan blykt it foar him in iepenbiering te wêzen. Letter oernachtsje de fjouwer reizgers by de pake en beppe fan Barry, dêr't se derefter komme dat dy syn efternamme tafalligerwize Manilow is, krekt as de ferneamde sjonger.

Underwilens berikt Beth Boston, dêr't se oan 'e universiteit op 'e siik giet nei Tiffany Henderson, dy't dêr yndie blykt te studearjen. Se nimt har apart en fertelt har dat har feint mei har op bêd west hat. Letter is se der tsjûge fan dat Tiffany de auto fan in har ûnbekende jonge hielendal fernield mei in honkbalkneppel, wêrnei't se mei itselde wapen op 'e jonge sels losgiet en him it sikehûs yn slacht. As de ferbjustere Beth oan ien fan 'e oare omstanners freget wa't dy jonge is, kriget se it antwurd dat it Tiffany har feint is, dy't blykber efter har rêch om mei oare famkes omslacht. Beth liket it dan de baas om mar stil wei te wurden. Underweis werom nei Ithaca falt it har yn dat se miskien wol te ferheftich reägearre hat op Josh syn misstap.

Yn Ithaca pielt Barry noch altyd mei Mitch de slange om, dy't, ta syn oanboazjende argewaasje, mar gjin mûs opfrette wol. As Beth fannijs del komt om it misferstân op te klearjen dat it om Austin, Teksas gie en net om Boston, Massachusetts, ferskynt ek Jacob. Dyselde fertelt selsfoldien oer it nepútstel dat er Josh takend hat, sadat dy syn tentamen misse sil. Op dat stuit byt Mitch de slange ta, mar yn Barry syn hân ynstee fan yn 'e mûs. Barry skoddet de (net giftige, mar wol fûl bitende wjirchslange) fan him ôf, wêrnei't it bist Jacob by de strôt pakt en trochbyt oant er bewusteleas rekket.

As se einlings en te'n lêsten yn Austin arrivearje, wit Josh yn Tiffany har studinteflat mei in protte gedoch it pakketsje mei de fideobân te bemachtigjen foar't it by Tiffany ôflevere wurdt. Frijwol tagelyk komt Earl Edwards dêr oan, dy't it spoar fan 'e fjouwer jonges nei Teksas ta folge is. Hy is noch altyd ûnder de yndruk dat Kyle ûntfierd is, mar as dy him út 'e dream helpt, wurdt er poerrazen oer de misbrûkte creditcard en de fernielde auto. Hy wol Kyle mei nei hûs slepe, mar Kyle, dy't ûnderweis einlings wat syn eigen man wurden is, wegeret en seit syn heit it mannewaar op. Hy wol mei syn freonen werom nei Ithaca. It liedt allegear suver ta slaanderij, mar úteinlik jout Earl him ôf sûnder wat bedijd te hawwen.

Tiffany, dy't der op dat stuit yn komt en tsjûge is fan it sturtsje fan alle trelit, nimt Josh mei nei har keamer om te praten. Ear't dat syn beslach krije kin, wurdt Josh opskille troch Beth, dy't him warskôgje wol foar Jacob syn minne streek. Wylst Josh oan 'e tillefoan is, wurdt Tiffany it pakketsje gewaar mei har namme derop, dat Josh yn 'e hân hie, mar yn in domme set dellein hat doe't er de tillefoan oannaam. Se makket it iepen, en as se sjocht dat it in fideoboadskip fan Josh is, stoppet se de bân gau yn har fideorecorder. Josh beëiniget syn tillefoanpetear en hinget op, wêrnei't er de skrik fan syn libben kriget as er it (ûnskuldige) begjin fan syn frijpartij mei Beth op 'e tillefyzje sjocht. Hy hastiget him om yn te gripen, mar dan komt ynienen de grutte kop fan Barry yn byld, folge troch syn bleate efterwurk. Blykber hat Barry, doe't er stoned of dronken of beide wie, mei de fideokamera omprutst en oer de sekstape fan Josh en Beth hinne opnommen om te sjen oft er syn eigen kont op 'e tillefyzje krije koe. Efternei hie alle panyk en de hiele reis fan krapoan 3.000 km dus net iens nedich west.

Josh en Tiffany hawwe harren petear. Hoewol't Josh syn ûntrou foar har geheim hâldt, komt Tiffany mei it foarstel op 'e lapen om harren ferkearing mar te beëinigjen. De lange-ôfstânsrelaasje wurket net, seit se, en beheint har beiden yn it folslein belibjen fan it studintebestean. Josh kin dêr net folle tsjin ynbringe, dat se sette in punt efter de ferkearing, mar bliuwe freonen. Neitiid moat Josh sjen dat er fuortkomt, om't er oer 48 oeren it tentamen Aldgrykske filosofy hat. Mei't er syn boeken en oantekenings ferlern hat, sjocht er net yn hoe't er dêr de 8+ op helje kin dêr't er ferlet fan hat, mar ûnderweis werom kriget er byles fan Rubin, dy't sportanalogyen brûkt om Josh de ferbannen oan it ferstân te bringen, wylst E.L. en Kyle om bar de skoalbus bestjoere op 'e non-stopreis nei Ithaca.

 
Breckin Meyer.
 
Seann William Scott.
 
Paulo Costanzo.
 
D.J. Qualls.
 
Amy Smart.

Dêr arrivearje se 59 minuten te let foar it tentamen, mar it docht bliken dat der in bommelding wie, dat de kolleezjeseal dêr't it tentamen holden waard, moast ûntromme wurde. Tsjin 'e tiid dat Josh der is, hat de tahastige plysje fêststeld dat it in falske melding wie. Professor Anderson lit dêrnei it tentamen dochs noch trochgean, dat Josh is eins persiis op 'e tiid. As er klear is, hat Josh der alle fertrouwen yn dat er in heech genôch sifer helje sil. Beth sprekt him oan en fertelt him dat sy dejinge is dy't de falske bommelding dien hat, om't se net woe dat Josh troch Jacob syn rotstreek fan 'e universiteit moast.

Barry rûnet de rûnlieding oer de kampus ôf troch de no azemleas taharkjende toergroep te fertellen dat Josh yndie in 8+ helle op syn tentamen Aldgrykske filosofy en trochstudearje mocht. Josh en Beth krigen ferkearing en meitsje noch geregeldwei fideo's fan harren bêdaventoeren. Nei't Jacob opbettere wie fan 'e byt fan Mitch de slange, ferliet er de universiteit om yn Iowa in sekte te begjinnen. Hy woe syn folgelingen massaal selsmoard dwaan litte, mar makke de flater om it sels as earste te dwaan, wêrnei't syn folgelingen fan gedachten feroaren en fuortrûnen. Rubin kweekte in nij ras marihûana en waard in rike drugsdealer. E.L. besocht tenei al syn freondinnen te bepraten om syn prostaat anaal te stimulearjen. En Kyle gie mei de kryst nei hûs om it spul mei syn heit by te lizzen, en brocht doe mei-iens syn faam Rhonda mei.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje                        akteur/aktrise
Josh Parker Breckin Meyer
E.L. Faldt Seann William Scott
Rubin Carver Paulo Costanzo
Kyle Edwards D.J. Qualls


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Beth Wagner Amy Smart
Barry Manilow Tom Green
Jacob Schultz Anthony Rapp
Earl Edwards, Kyle syn heit Fred Ward
Tiffany Henderson Rachel Blanchard
Rhonda Mia Amber Davis
Heather, de freondinne fan Beth Jaclyn DeSantis
de ferkearde Tiffany Henderson Jessica Cauffiel
bline Brenda Mary Lynn Rajskub
ûnfatsoenlike motelresepsjonist Andy Dick
Carla, de keamergenoate fan Tiffany Rini Bell
pake Jack Manilow Edmund Lyndeck
beppe Manilow Ellen Albertini Dow
prof. Anderson Wendell B. Harris jr.
toergroepmem Rhoda Griffis
Ed Bradford Ethan Suplee
Mark Kohl Sudduth
tostykok Horatio Sanz
Corky de hûn Jimmy Kimmel (allinne stim)
Clayton Todd Phillips (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Road Trip waard regissearre troch Todd Phillips nei in senario fan himsels en Scot Armstrong. As produsinten wiene Daniel Goldberg en Joe Medjuck by it projekt belutsen foar de filmstudio The Montecito Picture Company. Ivan Reitman en Tom Pollock hiene as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar Road Trip wie in budget beskikber fan $16 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mark Irwin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Mike Simpson.

De opnamen foar Road Trip setten op 16 oktober 1999 útein en duorren oant en mei 27 desimber fan dat jier. Der waard filme op 'e kampussen fan 'e Woodward Akademy, Georgia Tech, de Emory Universiteit en de Universiteit fan Georgia, allegear yn of by Atlanta. De universiteit dêr't yn 'e earste bylden fan 'e film oerhinne flein wurdt, is lykwols de Universiteit fan Harvard, yn Cambridge (Massachusetts). De sêne yn it kafetaria dêr't Kyle de tosty foarset kriget dy't de kok yn syn ûnderbroek hân hat, waard filme yn 'e Gwinnett Diner yn Lawrenceville (Georgia). Ien fan 'e sênes mei de toergroep waard opnommen yn it sportstadion Founders Park fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje yn Los Angeles. De 'Universiteit fan Ithaca' bestiet net, mar de namme ferwiist sawol nei it Kolleezje fan Ithaca en de Cornell Universiteit, beide yn Ithaca (New York). Krektsa bestiet de 'Universiteit fan Austin' net, mar is der wol in Universiteit fan Teksas te Austin.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Road Trip waard fersoarge troch DreamWorks Pictures y.g.m. The Montecito Picture Company. De film gie op 19 maaie 2000 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 2000 by platemaatskippij DreamWorks Records. Road Trip kaam yn 2000 noch beskikber út op dvd en yn 2013 op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Road Trip oer it algemien tuskenbeiden resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 92 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In diel fan 'e humor kin mis of rekke wêze, ôfhinklik fan 'e smaak fan it publyk, mar oer it gehiel nommen is de film grappich. Der wiene mingde reäksjes op it aktearjen fan 'e cast, yn 't bysûnder wat MTV's Tom Green oanbelanget." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Road Trip in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 32 resinsjes.

Road Trip brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $68,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $51,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $119,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $16 miljoen betsjut dat in winst fan $103,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Ferfolchfilm

bewurkje seksje

It kommersjele súkses fan Road Trip soarge (úteinlik) foar de produksje fan in ferfolchfilm, Road Trip: Beer Pong, dy't op 11 augustus 2009 útkaam. De film waard net yn 'e bioskoop brocht, mar ferskynde direkt-op-fideo. It wie in produksje fan Paramount Famous Pictures, in ymprint fan filmstudio Paramount Pictures, dy't yn 2006 de fûnskatalogus fan DreamWorks Pictures bemachtige hie troch de (letter ûngedien makke) oername fan dat bedriuw. Fan 'e cast fan 'e oarspronklike film diene inkeld D.J. Qualls (Kyle Edwards) en Rhoda Griffis (de readhierrige mem út 'e toergroep) oan it ferfolch mei.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.