The Sum of All Fears (film)

film út 2002 fan Phil Alden Robinson
(Trochferwiisd fan S.O.A.F. Productions)

The Sum of All Fears is in Amerikaanske spionaazjeskriller út 2002 ûnder rezjy fan Phil Alden Robinson, mei yn 'e haadrollen Ben Affleck en Morgan Freeman. De titel betsjut "De Optelsom fan Alles om Benaud foar te Wêzen". De film waard basearre op 'e roman mei deselde titel fan Tom Clancy, en is in reboot fan 'e Jack Ryan-filmsearje, mei in jongere Jack Ryan as haadpersoan as yn 'e foargeande films fan dy rige. It ferhaal folget Ryan, in spesjaal agint fan 'e CIA, as er in kearnoarloch tusken de Feriene Steaten en Ruslân sjen moat foar te kommen. Ynfloedrike neonazys besykje sa'n konflikt út te lokjen om in faksistyske supersteat yn Jeropa foarmje te kinnen. The Sum of All Fears krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

The Sum of All Fears
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Phil Alden Robinson
produsint Mace Neufeld
senario Paul Attanasio
Daniel Pyne
basearre op de roman fan Tom Clancy
kamerarezjy John Lindley
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio Mace Neufeld Productions
MFP Munich Film Partners
S.O.A.F. Productions
Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Ben Affleck
Morgan Freeman
byrollen James Cromwell
Ciarán Hinds
Bridget Moynahan
Liev Schreiber
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 29 maaie 2002
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk en Russysk
spyltiid 124 minuten
budget en resultaten
budget $68 miljoen
opbringst $193,9 miljoen
filmsearje
filmsearje Jack Ryan-filmsearje
● foarich diel Clear and Present Danger
● folgjend diel Jack Ryan: Shadow Recruit

Yn 1973, ûnder de Jom Kippoeroarloch, stjoert Israel in strieljager tarist mei de iennichste atoombom dêr't it lân oer beskikt, om 'e Syryske haadstêd Damaskus te bombardearjen. It fleantúch wurdt lykwols troch it Syryske loftdoelgeskut op 'e Golanhichte delsketten. De bom komt dêrby net ta ûntploffing, rekket bedobbe ûnder de grûn en wurdt fergetten. Yn 2002 stjit in Syryske skroatkeapman by tafal op 'e bom. Hy beseft net wat it is en ferkeapet it ding op 'e swarte merk oan Olson, in gewisseleaze Súdafrikaanske wapenhanneler. Olson, dy't persiis wit wat er yn 'e hannen hat, ferkeapet it ding troch oan 'e organisaasje fan 'e Eastenrykske miljardêr Richard Dreßler.

Dyselde hat in gearwurkingsferbân witten te smeien fan neonazygroepen út in grut tal Jeropeeske lannen. Yn ien fan syn taspraken seit Dreßler: "Der wurdt wol sein dat Hitler gek wie. Mar Hitler wie net gek, hy wie dom. Hy woe tagelyk de Feriene Steaten en Ruslân befjochtsje. De keunst is om 'e Feriene Steaten en Ruslân inoar befjochtsje – en ferneatigje – te litten." As dat ienris syn beslach krigen hat, binne Dreßler-en-dy fan doel om in faksistyske supersteat yn Jeropa op te rjochtsjen, dêr't se de hiele wrâld mei oerhearskje kinne.

Underwilens hâlde presidint fan 'e Feriene Steaten J. Robert Fowler, syn adviseurs, syn kabinet en de generale stêf fan 'e Amerikaanske Striidkrêften in oefening wêrby't neispile wurdt dat de Russyske presidint Zorkin by in steatsgreep ôfset wurdt en in lossleine Russyske generaal in nukleêre oanfal op 'e Feriene Steaten útfiert. Koarte tiid letter komt Zorkin te ferstjerren oan in hertoanfal, wêrnei't er opfolge wurdt troch Aleksander Nemerov, in politikus dy't him hâldt en draacht as in politike hauk. Jack Ryan, in analist fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, dy't Nemerov yngeand bestudearre hat, is fan miening dat Nemerov eins in herfoarmer is en dat er him inkeld foardocht as in hauk om 'e stipe fan 'e Russyske Striidkrêften te winnen.

Bill Cabot, de direkteur fan 'e CIA, nimt Ryan op yn 'e delegaasje wêrmei't er in Russyske fasiliteit ynspektearret dêr't yn neilibbing fan it START I-ferdrach in diel fan it Russyske nukleêre wapenarsenaal ferneatige wurdt. De reis omfiemet ek in besyk oan it Kremlin yn Moskou, dêr't Cabot en syn assistinten, ûnder wa, Ryan, in moeting hawwe mei Nemerov en dy syn persoanlike assistint, de âld-KGB-spion Anatoly Grûsjkov. De Russyske presidint freget Cabot om in boadskip fan him oan presidint Fowler oer te bringen: ynminging fan 'e Feriene Steaten yn 'e Twadde Tsjetsjeenske Oarloch sil net tolerearre wurde.

By it besyk oan 'e wapenfasiliteit merkt Ryan op dat trije fan 'e Russyske wittenskippers op it mêd fan nukleêr wapenreau dy't dêr oanwêzich wêze moatte soene, eins misse. Grûsjkov, dy't de Amerikaanske delegaasje begeliedt, seit dat de iene siik is, wylst de twadde mei fakânsje is en de trêde koartby dearekke is by in auto-ûngemak. Underweis nei hûs ûntfangt Cabot lykwols ynformaasje fan in ynformant fan sines yn it Kremlin, dy't de koadenamme "Spinnaker" hat. Dyselde wol hawwe, de trije wittenskippers binne net siik, op fakânsje en dea. Ynstee binne se útpykt en hawwe de Russen gjin idee wêr't se úthingje. By oankomst yn 'e Feriene Steaten stjoert Cabot ien fan syn bêste mannen, John Clark, nei Ruslân om ûndersyk nei de kwestje te dwaan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens sit Ryan by syn nije freondinne, sikehûsdokter Cathy Mueller, yn it ferdomhoekje om't er troch alle beslach dy't de CIA op syn frije tiid leit al ferskate kearen in ôfspraakje ôfsizze moatten hat. Hy hat har noch neat oer syn wurk ferteld om't er twifele oer de earnst fan harren relaasje. Cabot makket it noch minder mei in grap yn it neidiel fan Ryan, troch him oan te rieden har te fertellen dat er geheim agint by de CIA is en ûnderweis is foar in besyk oan presidint Nemerov yn it Kremlin, wat Cathy fansels opfettet as hat Ryan de gek mei har. Cabot makket it goed troch Ryan in pear tagongskaartsjes foar it jierlikse White House Correspondents' Dinner te jaan, dêr't de Amerikaanske presidint tradisjoneel ek by oanwêzich is. It slagget Ryan om 'e skea oan syn relaasje te behimmeljen, mar healwei de jûn moatte hy, de presidint en eltse CIA-man en regearingsfunksjonaris yn 'e seal de gearkomste ferlitte as de Russen in gifgasoanfal útfiere op Grozny, de haadstêd fan Tsjetsjeenje.

Ryan leaut der neat fan dat Nemerov dêrfoar ferantwurdlik is, en fermoedet dat ekstreem-rjochtse eleminten yn it Russyske Leger efter de oanfal sitte, dy't Nemerov foar in foldongen feit stelle wolle. Hy bringt dy teory op it aljemint, mar it flierkleed wurdt him ûnder de fuotten weilutsen as Nemerov in taspraak yn 'e Steatsdûma hâldt, it Russyske parlemint, wêrby't er mei safolle wurden seit dat hysels befel jûn hat ta de oanfal. Sadree't Nemerov bûten it sicht fan 'e kamera's is, docht lykwols bliken dat Ryan gelyk hie: ûntefreden generaals hawwe de gifgasoanfal op eigen manneboet bewurkmastere, mar Nemerov is fan miening dat er dat net tajaan kin sûnder swak te lykjen. Hy jout Grûsjkov opdracht om 'e beide ferantwurdlike generaals foargoed ferdwine te litten. Yn Washington, D.C. beslút Fowler om as reäksje op 'e gifgasoanfal de ûnôfhinklikheid fan Tsjetsjeenje te erkennen en in fredesmacht te stjoeren om 'e Tsjetsjenen en de Russen útinoar te hâlden. Wannear't Nemerov troch in adviseur frege wurdt wat er dêrtsjin dwaan sil, antwurdet er kâldwei: "Neat."

Yn 'e tuskentiid hat Clark it spoar fan 'e trije missende wittenskippers folge nei in âlde, ferlitten Sovjetbasis yn 'e Oekraïne. Cabot fermoedet dat se dêr wurkje oan 'e bou fan in nukleêr wapen dat troch Ruslân tsjin 'e Feriene Steaten ynset wurde kin sûnder dat Ruslân derfoar ferantwurdlik holden wurde kin. Hy stjoert Ryan nei de Oekraïne om Clark by te stean by in ynfiltraasje fan 'e basis, mar as de beide CIA-mannen dêr binnenkringe, docht bliken dat se te let binne. Se treffe der inkeld de stoflike omskotten fan 'e trije wittenskippers oan, dy't fermoarde binne, mar de bom dêr't se oan wurken is poater. In kiste mei in opskrift yn Hebriuwsk skrift liedt Clark nei Israel. Underwilens docht bliken dat de bom nei de Kanaryske Eilannen flein is, om dêrwei per frachtskip nei de haven fan Baltimore, yn 'e Feriene Steaten, ferfierd te wurden.

Tsjin 'e tiid dat dat oan it ljocht komt, is Ryan al werom yn 'e Feriene Steaten. Hy besiket wanhopich om kontakt op te nimmen mei Cabot, mar dy is mei presidint Fowler by in Amerikaansk fuotbalwedstryd oanwêzich, dêr't de lûde muzyk en it jûchhei fan it publyk kommunikaasje oer de mobile tillefoan suver ûnmooglik makket. Op 't langelêst kriget Ryan Cabot dochs oan it ferstân dat de bom nei Baltimore ta brocht is, en dat er sels no per helikopter ûnderweis is nei de haven fan dy stêd om dêr it spoar wer op te pikken. As Cabot dat heart, wurdt er rare kjel, want de wedstryd dêr't hy en Fowler by oanwêzich binne, blykt ek yn Baltimore spile te wurden. Cabot lit fuortendaliks de presidint evakuëarje troch de Secret Service, wêrnei't se ûnder plysjebegelieding yn in pânsere limûsine mei âljende de sirenes de stêd út jeie. Se binne amperoan Baltimore út as de bom ôfgiet en it hiele stedssintrum fan 'e kaart faget. It konfoai mei de presidint wurdt troch de skokweach fan 'e dyk blaast en de helikopter mei Ryan deryn stoart del.

Helikopters fan it Amerikaanske Marinierskorps spoare it presidinsjeel konfoai op en rêde Fowler, dy't wûnder boppe wûnder inkeld wat skrammen en blauwe plakken oprûn hat. Cabot wurdt lykwols swierferwûne ôffierd. Om't men derfan útgiet dat de bomoanslach it dwaan fan 'e Russen is, wurdt de presidint mei syn neiste ûnderhearrigen en adviseurs yn it presidinsjeel fleantúch Air Force One laden en de loft yn stjoerd om as mobyl doelwyt minder maklik te reitsjen te wêzen. Oan board fan 'e fleanmasine spilet him in werhelling ôf fan 'e oefening dy't Fowler-en-dy earder holden, mar dan yn it echt, mei folle mear betizing en emoasjes fan alle belutsenen. Fowler nimt serieus yn omtinken om Ruslân oan te fallen mei nukleêre wapens.

Underwilens besiket yn Moskou presidint Nemerov út alle macht de sitewaasje te ûntsenuwjen troch oer de hotline kontakt mei Fowler op te nimmen en eltse belutsenens fan Ruslân by de oanslach te ûntstriden. De Amerikanen leauwe him lykwols net, wylst syn eigen generaals Nemerov ûnder druk sette om as earste ta te slaan en sa it Amerikaanske fermogen om Ruslân te treffen sa folle mooglik út te skeakeljen. De boel boazet noch fierder oan as de korrupte Russyske generaal Dûbinin, dy't him omkeapje litten hat troch Dreßler-en-dy, de piloaten op syn loftmachtbasis befel jout om in Amerikaanske fleandekskip yn 'e Noardsee oan te fallen om't de Feriene Steaten Moskou bombardearre hawwe soene. De piloaten dogge wat harren sein wurdt en it fleandekskip feroaret troch de ferrassingsoanfal yn omdriuwkeljend wrak dat stadichoan útbrânt.

Ryan, dy't de helikoptercrash nauwerneed oerlibbe hat, jout him ûnderwilens yn Baltimore by in team fan it Amerikaanske Leger dat mei radiografysk bestjoerbere robots ûndersyk docht nei it aard fan 'e bom dy't dêr brûkt is. Oan 'e hân fan 'e isotopyske skaaimerken wurdt fêststeld dat it plutoanium út 'e bom ôfkomstich is út in Amerikaanske kearnsintrale, dêr't it yn 1968 stellen is. Dat liket Ruslân frij te pleitsjen fan ferantwurdlikheid, mar net as de KGB efter de dieverij fan it plutoanium siet, fansels. Ryan spoart Cabot op yn in fjildhospitaal yn Baltimore en is by him as er ferstjert. Neitiid nimt er fia tekstberjochten oer de mobile tillefoan fan Cabot kontakt op mei de ynformant "Spinnaker" yn Moskou, dy't er nei it plutoanium freget. "Spinnaker" antwurdet dat it plutoanium troch de CIA sels stellen is om it oan Israel te jaan.

Clark is ûnderwilens fia Israel op it Syryske diel fan 'e Golanhichte arrivearre, dêr't er de helper fan 'e skroathanneler opspoart, in man dy't no oan strielingssykte lijt. Dyselde fertelt him wêr't de bom weikaam en dat se dy oan in Súdafrikaanske wapenhanneler ferkocht hawwe dy't Olson hjit en yn Damaskus wennet. De kollega's fan Ryan yn it CIA-kantoar yn Langley (Firginia) hacke de persoanlike kompjûter fan Olson en downloade dokuminten dêr't út blykt dat Dreßler dejinge is dy't it plutoanium út 'e âlde bom kocht hat om der de oanslach yn Baltimore mei te begean.

Mei in protte gedoch slagget it Ryan om Air Force One op te skiljen om syn befinings oan Fowler-en-dy te rapportearjen. Hy kriget lykwols minister fan Definsje Becker oan 'e tillefoan, dy't daliks ophinget as er foar it ferstân kriget dat er praat ien dy't er as in apologist foar Nemerov beskôget. Ryan betinkt lykwols in plan B. Hy wit it Pentagon te berikken, dêr't er himsels mei de tagongskaart fan Cabot yllegaal tagong ferskaft ta it Nasjonaal Militêr Kommandosintrum. Dêr brûkt er de hotline om net Fowler, mar Nemerov op te skiljen. Gebrûk meitsjend fan 'e 'klik' dy't se hiene doe't Ryan mei Cabot it Kremlin besocht, fertelt er dat er wit dat Ruslân net efter de oanslach yn Baltimore sit en freget er Nemerov om 'e steat fan paraatheid fan syn troepen ôf te skaaljen. As Nemerov witte wol hokker garânsje oft er hat dat de Feriene Steaten dan itselde dwaan sille, antwurdet Ryan earlik: "Gjinien."

Underwilens hat Fowler, dy't yn 'e Air Foce One it petear tusken Ryan en Nemerov wol folgje, mar der net op ynbrekke kin, opdracht jûn om Ryan te arrestearjen. As de antwurden út it Pentagon ophâlde om't Ryan troch de militêre plysje yn 'e hechten nommen is, stiet Nemerov foar de kar om te foldwaan oan it fersyk fan Ryan yn it fertrouwen dat Fowler dan itselde dwaan sil, of it fersyk njonken him del te lizzen, wêrnei't de eskalearjende spannings sûnder mis ta in kearnoarloch liede sille. Hy kiest derfoar om 'e steat fan paraatheid fan 'e Russyske Striidkrêften werom te bringen. As Fowler dat sjocht, jout dy befel om itselde te dwaan mei de Amerikaanske Striidkrêften.

In ûnbeskate tiid letter ûndertekenje Nemerov en Fowler yn it Kremlin yn Moskou in nij ferdrach om nukleêre proliferaasje foar te kommen. Ryan is dêrby ien fan 'e útnûgen. Tuskentroch wurdt sjen litten hoe't Olson yn syn filla yn Damaskus wjirge wurdt troch John Clark, wylst generaal Dûbinin troch de snie yn Sibearje efternei sitten en deasketten wurdt troch Russyske geheim aginten. As Dreßler yn Wenen yn syn auto stapt, ûntploft it fiertúch ûnder it tasjend each fan Grûsjkov.

Noch wer letter is Nemerov te gast yn it Wite Hûs yn Washington, D.C., dêr't hy en Fowler taspraken hâlde oer harren nije inisjativen foar gearwurking tusken Ruslân en de Feriene Steaten. Ryan en Cathy, dy't har krekt dy moarn ferloofd hawwe, harkje dêrnei oer de radio, sittend yn it gers op 'e National Mall. Dêr wurde se opsocht troch Grûsjkov, dy't dúdlik makket, hoewol't er it nea mei safolle wurden seit, dat hy "Spinnaker" is. Hy stelt foar om 'e relaasje dy't er mei Cabot hie, fuort te setten mei Ryan, om te bewissigjen dat de kommunikaasjekanalen tusken Moskou en Washington, D.C. nea folslein ôfsletten reitsje kinne. As er fuort sil, jout er Cathy in kado ta gelegenheid fan har ferloving. Mei't Ryan en Cathy dêr noch tsjin nimmen oer praat hawwe, stiet Ryan foar in riedsel om te begripen hoe't Grûsjkov dêrfan ôfwitte kin. As er de man dêrnei freget, hellet de âld KGB-agint inkeld de skouders op, glimket en rint fuort.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Ben Affleck.
 
Morgan Freeman.
 
Bridget Moynahan.
haadrollen
personaazje                                                              akteur/aktrise
CIA-agint Jack Ryan Ben Affleck
direkteur fan 'e CIA Bill Cabot Morgan Freeman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
presidint fan 'e Feriene Steaten J. Robert Fowler James Cromwell
presidint fan Ruslân Aleksander Nemerov Ciarán Hinds
Cathy Mueller Bridget Moynahan
CIA-agint John Clark Liev Schreiber
Anatoly Grûsjkov Michael Byrne
Olson Colm Feore
Richard Dreßler Alan Bates
generaal Dûbinin Jevgeni Lazarev
Amerikaansk minister fan Bûtenlânske Saken Sidney Owens Ron Rifkin
Amerikaansk minister fan Definsje David Becker Philip Baker Hall
Amerikaansk nasjonaal feilichheidsadviseur Gene Revell Bruce McGill
CIA-aginte Mary Pat Foley Lee Garlington
Mason Joel Bissonnette
Haft Sven-Ole Thorsen
Monceau Marcel Sabourin
presidint fan Ruslân Zorkin Richard Marner
senator Jessup Josef Sommer
admiraal Pollack Ken Jenkins
generaal Wilkes Philip Akin
generaal Lasseter, stêfsjef fan 'e Amerikaanske Striidkrêften John Beasley
admiraal Ivanov Aleksandr Beljavsky
generaal Saratkin Lev Prygunov
Milinov Gregory Hlady

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Foarskiednis

bewurkje seksje

The Sum of All Fears is basearre op 'e roman The Sum of All Fears, fan 'e Amerikaanske bestsellerskriuwer Tom Clancy. Nei't dat boek yn 1991 útkaam, besocht filmstudio Paramount Pictures der noch datselde jiers de filmrjochten fan te keapjen, mar Clancy briek de ûnderhannelings dêroer ôf om't er ûntefreden wie oer de ferfilming fan in oare roman fan sines as de film Patriot Games (1992). Nei't er mei Brandon Tartikoff, de studiobaas fan Paramount, ta oerienstimming kommen wie oer in hege jildlike skikking, gie Clancy úteinlik dochs noch oerstaach.

Filmprodusint Mace Neufeld wie lykwols net entûsjast oer in filmadaptaasje fan The Sum of All Fears nei't er yn 1994 mei Clear and Present Danger de trêde Jack Ryan-film útbrocht hie. Dat wie om't er de plot tefolle lykjen fûn op dy fan Black Sunday (1977), en teffens om't er him leaver net brâne woe oan kontroversjele saken lykas terrorisme en it Israelysk-Palestynske konflikt. Ynstee bestege er in jier oan it ûntwikkeljen fan in oare roman fan Clancy, The Cardinal of the Kremlin, foar't men ta de konklúzje kaam dat it materiaal him net foar in ferfilming liende om't it te yngewikkeld wie. Der waard ek neitocht oer in ferfilming fan Debt of Honor of it skriuwen fan in folslein nij senario oer it personaazje fan CIA-agint Jack Ryan, mar ek dêr waard fan ôfsjoen.

Pas fan 1999 ôf kaam der wat skot yn 'e saak mei de ferfilming fan The Sum of All Fears. It senario foar de film waard skreaun troch Paul Attanasio en Daniel Pyne, dy't frijwat feroarings yn it ferhaal oanbrochten. Foar in diel kaam dat troch de feroarings dy't de wrâld sûnt 1991 ûndergien hie. Yn it boek fan Clancy wurde de terroristen ûnderstipe troch ûntefreden eleminten út it establishment fan 'e DDR, mar dat plotelemint wie mear as tsien jier nei de opheffing fan dat lân net mear oannimlik. Yn it boek binne de eigentlike terroristen Arabieren, mar (foarôfgeande oan 'e oanslaggen fan 9/11) waard it net oannimlik achte dat dyselden sûnder stipe (fan 'e Eastdútsers) by steat wêze soene om in oanslach op sa'n grutte skaal yn 'e Feriene Steaten te begean. Ek hie de Ried foar Amerikaansk-Islamityske Relaasjes (CAIR) twa jier lang kampanje fierd tsjin it brûken fan "moslimsmjunten" yn 'e film. Pyne kaam op it idee om ynstee neonazys de skuld op 'e lea te skowen om't der yn 2000-2001 frijwat ekstreem-rjochts gerommel yn ferskate Jeropeeske lannen wie, mei û.m. de opkomst fan Jörg Haider yn Eastenryk en dy fan Pim Fortuin yn Nederlân. Neonazys lieken him dêrom in aktuele groep dieders. Boppedat waard op dy wize net ien segmint fan 'e mooglike kliïntêle fan 'e film misledige, wat altyd kommersjeel ferstannich is.

Wylst it personaazje fan Jack Ryan yn foargeande films spile wie troch in âldere akteur (Alec Baldwin yn The Hunt for Red October en Harrison Ford yn Patriot Games en Clear and Present Danger), waard diskear foar in jonger akteur keazen yn 'e persoan fan Ben Affleck. Dêrmei foarme The Sum of All Fears in reboot fan 'e Jack Ryan-filmsearje. De film waard regissearre troch Phil Alden Robinson. As produsint wie Mace Neufeld by it projekt belutsen foar de filmstudio's Mace Neufeld Productions, MFP Munich Film Partners, S.O.A.F. Productions en Paramount Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $68 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Lindley, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith.

 
It Olympysk Stadion yn Montreal, dêr't de opnamen foar de Amerikaansk fuotbal-wedstryd plakfûnen.

De opnamen foar The Sum of All Fears setten op 12 febrewaris 2001 útein en duorren oant yn juny fan dat jier. De film waard foar it meastepart opnommen yn Montreal, yn 'e Kanadeeske provinsje Kebek. De sêne mei de Amerikaansk fuotbalwedstryd, sabeare yn Baltimore, waard eins filme yn it Olympysk Stadion fan Montreal. Der waard ek filme yn it Needhaadkertier fan it Kanadeeske Regear, byneamd de Diefenbunker, yn Ottawa. De binnendoaropnamen fan 'e sêne op it Amerikaanske fleandekskip waarden filme op 'e set fan 'e tillefyzjesearje JAG.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Sum of All Fears waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 29 maaie 2002 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 31 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. Der waard yn 'e media spekulearre oer de fraach oft it útbringen fan The Sum of All Fears omreden fan 'e oanslaggen fan 9/11 op 9 septimber 2001 útsteld wie, mar regisseur Phil Alden Robinson hold yn in fraachpetear út dat de premiêre altyd al foar mids 2002 pland stien hie. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 4 juny 2002 by platemaatskippij Elektra Records, en yn in útwreide ferzje op 12 maart 2014 by La-La Land Records.

Fan 'e filmkritisy krige The Sum of All Fears mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 31/2 fan 4 stjerren, mar hy tekene dêrby oan dat "de ienmansaksjes fan Jack Ryan yn it Baltimore fan nei de bom ûnoannimlik en fierstente goed timed [binne]". Ek hied er de gek mei it omcasten fan 'e antagonisten fan Arabieren ta neonazys: "It is ek mar it bêste om smjunten te betinken dêr't nimmen oanstjit oan nimme sil."

Ebert syn kollega Richard Roeper hie folle mear muoite mei The Sum of All Fears, in film dy't er "frijwol net nei te kommen" fûn. Ek skreau er: "[D]er is wat teannekromjends oan tasjen te moatten wylst der in atoombom op in Amerikaansk fuotbalstadion goaid wurdt by wize fan folksfermaak." Michael Wilmington fan 'e Chicago Tribune omskreau de film as "in ûnoannimlike apokalyps sûnder djipgong of resonânsje." Yn it tydskrift New York skreau Peter Rainer, ferwizend nei de oanslaggen fan 9/11, dat de film "yn it skaad steld is troch de [echte] optelsom fan alles dêr't wy benaud foar binne".

Peter Travers fan Rolling Stone hie krityk op it aktearjen fan Ben Affleck yn 'e rol fan Jack Ryan. Hy skreau dat Affleck dêrmei "inkeld in rântsje om 'e rol hinne tekenet dêr't er noch yn groeie moat, in rol dy't Harrison Ford sûnder muoite en mei gesach opfolle."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Sum of All Fears in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 176 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de film as: "In gewykste en knaphandich makke skriller, dy't oan betsjutting wint yn it hjoeddeistige politike klimaat." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Sum of All Fears in goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 35 resinsjes.

The Sum of All Fears brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $118,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $75,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $193,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $68 miljoen betsjut dat in winst fan $125,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Jack Ryan (filmsearje)
The Hunt for Red October (1990) • Patriot Games (1992) • Clear and Present Danger (1994) • The Sum of All Fears (2002) • Jack Ryan: Shadow Recruit (2014)