De Sniekeninginne
De Sniekeninginne, yn it oarspronklike Deensk: Snedronningen, is in mearke fan 'e hân fan 'e Deenske skriuwer Hans Christian Andersen (1805-1875). It ferhaal draait om 'e wrakseling tusken goed en kwea, dy't ta utering brocht wurdt yn 'e aventoeren fan 'e lytse Gerda en har freon Kai. De Sniekeninginne waard foar it earst publisearre yn 1844, as ûnderdiel fan 'e ferhalebondel Nye Eventyr: Anden Samling ("Nije Aventoeren: Oarde Samling"). it is ien fan Andersen syn langste en meast priizge ferhalen, dat ek hjoed de dei noch geregeldwei tafoege wurdt oan ferhaleboeken foar bern. It is gauris adaptearre ta oare media, lykas film, tillefyzje en muzyk. Ek foarme it de ynspiraasje foar films as Frozen en The Huntsman: Winter's War
De Sniekeninginne | ||
De Sniekeninginne, in yllustraasje fan Rudolf Koivu. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Snedronningen | |
auteur | Hans Christian Andersen | |
taal | Deensk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke | |
1e publikaasje | 1844, Kopenhagen | |
bondel | Nye Eventyr: Anden Samling |
Ynspiraasje
bewurkje seksjeHans Christian Andersen wie in man dy't tige ûngelokkich yn 'e leafde wie. Hy mette yn 1840 de doedestiden tige bekende en populêre Sweedske operasjongste Jenny Lind, en rekke fereale op har. Sy hie lykwols gjin romantyske belangstelling foar him, hoewol't se wol freonskip mei him sleat. Neffens Lind har biografe Carole Rosen basearre Andersen it personaazje fan 'e iishertige Sniekeninginne op Lind, nei't se him ôfwiisd hie as frijer.
Narratologyske yndieling
bewurkje seksjeNarratologysk is De Sniekeninginne yndield yn sân ferskillende dielferhalen:
- Oer de Spegel en Syn Skerven
- In Lyts Jonkje en in Lyts Famke
- De Blommetún fan 'e Frou dy't Kennis Hie fan Tsjoenderij
- De Prins en de Prinsesse
- It Lytse Rôverfamke
- De Lapske Frou en de Finske Frou
- Wat yn it Paleis fan 'e Sniekeninginne Barde en Wat Dêrnei Barde
Ynhâld
bewurkje seksjeDe duvel, yn 'e foarm fan in trol, makket in magyske spegel dy't it wjerbyld ferwringt fan alles dat deryn reflektearre wurdt. Goedens en skientme lit it ding net sjen, mar inkeld kwea en lilkens. De trol nimt de spegel mei op reis troch de wrâld en genietet derfan om fan alles en eltsenien de ferwrongen spegelbylden sjen te litten. As hy en syn trewanten besykje en nim de spegel mei nei de himel, om 'e ingels en God sels de gek oan te stekken, glidet it ding harren lykwols út 'e hannen. It kletteret del op 'e ierde, dêr't er oan gruzeleminten slacht en yn miljarden skerven en splinters útinoar spat, in protte net grutter as in sânkerl. De minuskule splinters fan 'e spegel wurde troch de wyn oer de hiele wrâld ferspraat, en waaie minsken yn it hert en de eagen. Se befrieze harren herten as wiene it blokken iis, en meitsje dat harren eagen, krekt as de spegel sels, inkeld noch it kwea en de lilkens yn 'e wrâld gewaarwurde kinne. Der bestiet mar ien manear om sokke spegelsplinters wer kwyt te reitsjen…
Der binne in lytse jonkje, Kai, en in lyts famke, Gerda, dy't yn oanbuorjende huzen yn in grutte stêd wenje. Beide húshâldings ferbouwe grienten en roazen yn grutte plantebakken yn it finsterbank. Yn in lege plantebak meie Kai en Gerda mei-inoar boartsje, en se wurde inoar bêste freonen. De beppe fan Kai fertelt harren oer de Sniekeninginne, dy't hearsket oer de 'sniebijen': snieflokken dy't der útsjogge as bijen. Krekt as bijen hawwe dy in keninginne, en dyselde kin fûn wurde dêr't de measte snieflokken gearkloftsje. As er by 't winter ris út it finster sjocht, wurdt Kai de Sniekeninginne gewaar, dy't him winkt om mei har te gean, mar Kai wykt kjel fan it finster tebek.
Op in oangename simmerdei yn it jier dêrop waaie minuskule splinters fan 'e trollespegel yn Kai syn hert en syn eagen. Hy feroaret alhiel fan persoanlikheid, en wurdt wreed en agressyf. Hy fernielt it lytse túntsje mei roazen dat er tegearre mei Gerda yn harren plantebak oanlein hie, hat de gek mei syn beppe en jout neat mear om Gerda. De hiele wrâld liket him no kwea en lilk ta, en de iennichste moaie dingen binne de petiterich lytse snieflokken dy't er troch in fergrutglês sjen kin.
De folgjende winter giet Kai allinnich nei bûten om te boartsjen mei syn slide, dy't er op 'e merk, sa't er foar de moade hat, mei in tou fêstmakket oan in belslide, sadat er in ein meisleept wurde kin. Dizze belslide is lykwols fan 'e Sniekeninginne, dy't oan him ferskynt as in frou klaaid yn in bûntmantel. As er oant bûten de stêd meisleept is, makke hja harsels oan Kai bekend en tutet him twaris: ienris om him mei kjeld te ferdôvjen en jitris om him Gerda en syn beppe ferjitte te litten. In trêde tút jout se him net, om't dat syn dea wurde soe. De Sniekeninginne nimt it jonkje mei nei har paleis yn it hege noarden, dêr't se him de opdracht jout om stikjes en brokjes iis te brûken om in wurd fan har kar te staverjen; as him dat slagget, mei er weromkeare nei hûs.
Underwilens miene Kai syn famylje en kunde dat er ferdronken is yn 'e rivier. Gerda, wa har hert brekt by de gedachte dat Kai dea is, giet op eigen manneboet derop út om him te sykjen en klampet alles en eltsenien oan om nei him te freegjen. Se biedt har nije reade skuontsjes oan 'e rivier oan yn ruil foar Kai. De rivier spielt de skuon lykwols wer nei har ta, sadat se wit dat Kai net ferdronken is. Ut tankberens jout se de skuontsjes lykwols doch oan 'e rivier. Neitiid giet se fierder op bleate fuotten.
Se bedarret yn in prachtige tún, dêr't it altyd simmer is. De tsjoenster fan wa't de tún is, wol dat Gerda foar ivich by har bliuwt, en betsjoent har, sadat se Kai en har hiele eardere libben ferjit. Se lit ek alle roazen yn har tún ûnder de grûn sinke, mei't dy blommen it famke Kai wer yn 't sin bringe soene. De tsjoenster ferjit lykwols dat se in roas op har hoed draacht, en as Gerda har letter mei de hoed op sjocht, komt Kai har wer tebinnen en begjint se te gûlen. Har triennen plinge op 'e grûn en litte in roazestrûk opkomme, dy't har fertelt dat er ûnder de grûn alle deaden sjen koe, mar dat Kai dêr net by wie.
Nei't se út 'e tún fan 'e tsjoenster ûntkommen is, moetet Gerda in krie, dy't har fertelt dat er Kai sjoen hat yn it paleis fan 'e prinsesse. Gerda bejout har dêrhinne en moetet net inkeld de prinsesse, mar ek de prins, dy't net deselde as Kai is, mar wol sterk op him liket. As Gerda harren har ferhaal fertelt, jouwe se har waarme klean en in prachtige koets om yn te reizgjen. Se siket wer fierder en wurdt ûnderweis oerfallen en finzennommen troch strûkrôvers, dy't har meinimme nei harren kastiel. Dêr rekket Gerda befreone mei in lyts rôverfamke. De dowen fan it famke fertelle Gerda dat se sjoen hawwe dat Kai troch de Sniekeninginne meitroaid waard yn 'e rjochting fan Laplân. It rindier Bae, in oar húsdier fan it lytse rôverfamke, seit dat er de wei nei Laplân wol wit, om't er dêr wei komt.
Mei help fan it lytse rôverfamke ûntsnapt Gerda op 'e rêch fan Bae oan 'e rôvers, wêrnei't se yn 'e rjochting fan it noarden reizget. Se komt dêr telâne by in Lapske frou, dy't har let en set en fierder stjoert nei in Finske frou. As Bae dy frou freget om Gerda te helpen, antwurdet se dat it famke al tarist is mei it bêste wapen dat tsjin 'e macht fan 'e Sniekeninginne tinkber is: har suverens en bernlike ûnskuld.
As Gerda lang om let by it paleis fan 'e Sniekeninginne oankomt, wurdt se tsjinkeard troch de snieflokken dy't de yngong bewekje. Mar Gerda seit it Us Heit op, sadat har siken de foarm fan ingels oannimme dy't de snieflokken oan 'e kant reagje. Yn it paleis ûntdekt Gerda dat de Iiskeninginne fuortgien is op ien har lange reizen. Se hat Kai efterlitten, dy't noch altyd besiket it him opjûne wurdt te staverjen mei stikjes iis. Gerda draaft nei him ta en tutet him, en hy wurdt ferlost troch de macht fan har leafde: sy gûlt waarme triennen op him dy't syn hert ûntteie en de splinter fan 'e trollespegel dêre fuortbrâne; dêrop begjint er sels ek te gûlen, sadat de splinter fan 'e spegel yn syn eagen fuortspield wurdt.
Kai wurdt dan wer fleurich en sûn en wint ek syn ûnthâld werom. Hy en Gerda dûnsje fan gelok, en de stikjes iis dêr't Kai it him opjûne wurd fan besocht te staverjen, reitsje yn 'e dûns behelle. As de beide bern harrensels op 't lêst delploffe litte, stiet der yn iisletters stavere: "ivichheid", krekt it wurd dat Kai staverje moast. Dêrmei is er frij om te gean, dat Gerda en hy ferlitte it domein fan 'e Sniekeninginne, en mei de help fan Bae it rindier, de Finske frou, de Lapske frou en it lytse rôverfamke keare se werom nei de grutte stêd. Dêr ûntdekke se dat thús alles by it âlde bleaun is, mar dat se sels feroare binne: se binne no folwoeksen en binne bliid om te sjen dat it wer simmer wurdt.
It mearke einiget mei Kai syn beppe dy't in sitaat fan Jezus Kristus út it Nije Testamint fan 'e Bibel foarlêst: "Ik sis jim: as jimme jim net feroarje en net as sokke bern wurde, sille jimme it himelske ryk net yn komme." (Mattéus 18:3).
Adaptaasjes
bewurkje seksjeDe Sniekeninginne is ien fan Andersen syn langste en meast wurdearre mearkes. It is neitiid gauris adaptearre ta oare media. Sa binne der films nei makke, tekenfilms, tillefyzjefilms en tillefyzjesearjes. Ien fan 'e bekendere ferfilmings wie de Amerikaanske tillefyzjefilm Snow Queen, út 2002, mei û.o. Bridget Fonda yn ien fan 'e haadrollen. De Sniekeninginne is ek adaptearre ta in fideospultsje en ferskate opera's, toanielstikken, musicals, balletten en oare dûnsproduksjes.
Fierders binne der ek in protte wurken dy't ynspiraasje út De Sniekeninginne putte sûnder it ferhaal fan Andersen te folgjen. It bekendste foarbyld dêrfan is de jûnfoljende tekenfilm Frozen, út 2013, fan 'e Walt Disney Animation Studios. Dêryn binne de rollen fan Kai en Gerda noch dizenich werom te kennen as prinsesse Elsa fan Arendelle, resp. har jongere suster Anna. It personaazje fan Elsa komt lykwols ek oerien mei dat fan 'e Sniekeninginne. Der komt ek in yntelligint rindier yn 'e film foar, dat Sven hjit, mar dat yn tsjinstelling ta Bae yn it mearke fan Andersen net prate kin.
In oare bekende film dy't alteast foar in part foar ynspiraasje te rie giet by De Sniekeninginne, is de live-action-Hollywoodfilm The Huntsman: Winter's War, út 2016. Dat is in ferfolch op it súksesfolle Snow White and the Huntsman, út 2012. Yn The Huntsman: Winter's War wurde eleminten út it mearke fan Andersen fermongen mei eleminten út Sniewytsje, fan 'e bruorren Grimm.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|