Snow White and the Huntsman
Snow White and the Huntsman is in Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2012 ûnder rezjy fan Rupert Sanders. De titel betsjut "Sniewytsje en de Jager". De film is basearre op it bekende mearke Sniewytsje fan 'e bruorren Grimm, mei yn 'e haadrollen Kristen Stewart as Sniewytsje, Charlize Theron as de boaze styfmem en Chris Hemsworth as de jager. Foar de Britske akteur Bob Hoskins, dy't ien fan 'e dwergen spile, wie Snow White and the Huntsman syn lêste film foar't er ophold mei wurkjen om't er de sykte fan Parkinson hie. De film waard mei mingde resinsjes ûntfongen troch de filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskoop ta in ûnbidich kommersjeel súkses. Yn 2013 waard Snow White and the Huntsman nominearre foar twa Oscars. In ferfolch, mei as titel The Huntsman: Winter's War, kaam yn 2016 út.
Snow White and the Huntsman | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Rupert Sanders | |
produsint | Joe Roth Sam Mercer | |
senario | Evan Daugherty John Lee Hancock Hossein Amini | |
basearre op | Sniewytsje fan 'e bruorren Grimm | |
kamerarezjy | Greig Fraser | |
muzyk | James Newton Howard | |
filmstudio | Roth Films | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Kristen Stewart Charlize Theron Chris Hemsworth | |
byrollen | Sam Claflin Sam Spruell Ian McShane Bob Hoskins Brian Gleeson | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 14 maaie 2012 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | fantasy-aventoerefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 127 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $170 miljoen | |
opbringst | $396,6 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Snow White and the Huntsman | |
● folgjend diel | The Huntsman: Winter's War |
Plot
bewurkje seksjeWylst se in roas bewûnderet dy't by 't winter yn 'e bloei stiet, pripket keninginne Eleanor fan Thabor, dy't yn ferwachting is, har finger oan ien fan 'e toarnen. Drippen bloed falle yn 'e snie, en se winsket in dochter te krijen dy't wyt is as snie, mei lippen read as bloed, hier sa swart as ravenswjukken en in hert like sterk as de roas. Net folle letter bringt hja Sniewytsje te wrâld, mar in pear jier neitiid rekket hja siik en stjert.
Jierren letter kringt der in swart leger it lân yn, fan demoanyske soldaten makke fan glês. De heit fan Sniewytsje, kening Magnus, tsjocht út mei syn eigen leger om slach te leverjen, mar de glêzene golems kinne sûnder swierrichheden stikken slein wurde, wat de ferdigeners yn betizing efterlit. Yn it kamp fan it fijannige leger, yn in ôfsletten wein mei traaljes foar de finsters, ûntdekt Magnus in finzene dy't mei keatlings fêstset is. It is in jonge frou, Ravenna, dy't fan sa'n betsjoenende skientme is dat Magnus op slach fereale rekket en sa gau mooglik mei har trout.
It docht lykwols bliken dat Ravenna eins in machtige hekse is, en de masteresse fan it swarte leger. Op harren houliksnacht deadet se Magnus, om dêrnei har wiere leger, dat oanfierd wurdt troch har broer Finn, troch de poarten fan it keninklik kastiel te litten. William, de bêste freon fan Sniewytsje, wit mei syn heit, hartoch Hammond, en party folk út it kastiel te ûntkommen, mar Sniewytsje sels wurdt finzennommen en opsletten yn in keamer heech yn in toer, dêr't se jierren en jierren fêstholden wurdt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn dy tiid wurdt it keninkryk Thabor alhiel ferrinnewearre troch de tiranny fan keninginne Ravenna. Inkeld hartoch Hammond en syn oanhingers foarmje noch in lytse fersetshurd, mar se steane machteleas foar Ravenna oer. De keninginne lit geregeldwei tsjeppe jongfammen by har bringe, fan wa't se de jonkheid opsûcht om in betsjoening geande te hâlden dy't har mem oer har útsprutsen hat doe't se noch in bern wie. Troch dy betsjoening kin Ravenna foar ivich jong en kreas bliuwe, mar de fammen dy't se dêrfoar slachtofferet, feroarje suver fan it iene op it oare momint yn âlde wyfkes.
As Sniewytsje mearderjierrich wurdt, foarseit Ravenna har magyske spegel dat it fanke foarbestimd is har styfmem te ferdylgjen, of it moat wêze dat Ravenna har hert opyt, wat de keninginne ûntsjerlik meitsje sil. Ravenna oardert sadwaande har broer Finn om har it hert fan Sniewytsje te bringen, mar it fanke wit te ûntkommen nei it Tsjustere Wâld, dêr't Ravenna gjin macht oer hat. Dêrop lit de keninginne de jager Eric by har bringe, in widner en dronkelap. Se ûnthjit him om syn frou wer ta libben te bringen as er har Sniewytsje bringe kin, hoewol't se net fertelt wa't it fanke is.
De jager hat net folle muoite om Sniewytsje te finen, mar as Finn him ûntslûpe lit dat Ravenna de macht net hat om minsken út 'e dea op te wekjen, helpt er it fanke om op 'e nij te ûntkommen. Underwilens hat it nijs dat Sniewytsje noch libbet it kastiel fan hartoch Hammond berikt. William giet der tsjin 'e winsken fan syn heit op út om har te rêden. Hy jout him as bôgesjitter by it groepke hierlingen dat Finn om him hinne sammele hat. Op harren tocht troch it Tsjustere Wâld rêdt Sniewytsje it libben fan 'e jager as se oanfallen wurde troch in reuseftige trol.
Neitiid ferlitte Sniewytsje en de jager it wâld en komme se oan by in fiskersdoarp dat bewenne wurdt troch froulju dy't harrensels skeind hawwe, sadat se weardeleas en dus feilich binne foar Ravenna har tsjoenderspraktiken. De jager komt fan 'e froulju einlings de wiere identiteit fan Sniewytsje oan 'e weet, en lit har yn it doarp efter. As er lykwols sjocht dat it doarp troch Finn syn mannen platbaarnd wurdt, komt er werom om har op 'e nij te rêden. Hy helpt har om oan Finn-en-dy te ûntkommen. Neitiid moetsje se in groep fan acht dwergen, fan wa't de bline sjenner Muir waarnimt dat Sniewytsje de iennichste is dy't Ravenna ferslaan en har skrikbewâld beëinigje kin.
As Sniewytsje en de jager yn it selskip fan 'e dwergen troch in grien en wielderich taflechtsoard fan 'e ierdgeasten reizgje, dat skril ôfstekt by it keale, ûnfruchtbere foarkommen fan 'e rest fan it lân, wurde se oanfallen troch Finn-en-dy. By it dêropfolgjende gefjocht fine Finn en syn mannen en ien fan 'e dwergen de dea, wylst William oan 'e kant fan Sniewytsje en de jager fjochtet en harren rêdt. Neitiid bejouwe Sniewytsje, de jager, William en de oerbleaune sân dwergen harren nei it kastiel fan hartoch Hammond. Underweis komt Ravenna lykwols yn 'e momkape fan William by Sniewytsje, dy't se ferlokket om in fergiftige apel te iten. Hja flechtet as de jager en William har ûntdekke, mar Sniewytsje is dan al yn in djippe sliep rekke. William tutet har, mar se wurdt net wekker, al rint der har wol in inkele trien oer it wang dy't nimmen opmerkt.
Har selskipslju bringe Sniewytsje nei it kastiel fan hartoch Hammond. As er dêr mei har allinnich is, jout de jager utering oan syn spyt dat er har úteinlik net rêde koe, mei't har moed en krêft like grut binne as dy fan syn ferstoarne frou Sara. Ek hy tutet har, mar sjocht net de twadde trien dy't har oer it wang rôlet. Sines is de twadde tút fan wiere leafde dêr't ferlet fan wie om har wekker wurde te litten. Nei't Sniewytsje wer ta harsels kommen is, liedt se de troepen fan hartoch Hammond nei it keninklik kastiel ta om 'e striid mei Ravenna oan te gean.
De dwergen ynfiltrearje it kastiel troch it rioel en iepenje de poarte, sadat Sniewytsje en har leger der binnenkringe kinne. Sniewytsje sels siket Ravenna op yn har keamers en bynt mei har de striid oan, mar de hekse wurdt har oermânsk. Ravenna stiet op it punt om har te deadzjen as it fanke in oanfal docht dy't se leard hat fan 'e jager. Dêrmei ferwûnet se Ravenna deadlik en ferslacht se har foargoed. Thabor giet dan in nij tiidrek fan frede en harmony yn, en Sniewytsje wurdt kroane ta keninginne.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Sniewytsje | Kristen Stewart |
keninginne Ravenna, de boaze styfmem | Charlize Theron |
Eric, de jager | Chris Hemsworth |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
William, soan fan hartoch Hammond | Sam Claflin |
Finn, de broer fan Ravenna | Sam Spruell |
Beith, lieder fan 'e dwergen | Ian McShane |
Muir, de bline sjenner fan 'e dwergen | Bob Hoskins |
Gus, in dwerch | Brian Gleeson |
Gort, in dwerch | Ray Winstone |
Nion, in dwerch | Nick Frost |
Coll, in dwerch | Toby Jones |
Duir, in dwerch | Eddie Marsan |
Quert, in dwerch | Johnny Harris |
hartoch Hammond | Vincent Regan |
Sniewytsje as jong famke | Raffey Cassidy |
William as jonge | Xavier Atkins |
Greta | Lily Cole |
kening Magnus, de heit fan Sniewytsje | Noah Huntley |
keninginne Eleanor, de mem fan Sniewytsje | Liberty Ross |
de magyske spegel | Chris Obi |
Anna | Rachael Stirling |
Lily | Hattie Gotobed |
Ravenna har mem | Anastasia Hille |
Ravenna as jong famke | Izzy Meikle-Small |
Finn as jonge | Elliot Reeve |
generaal fan 'e swarte ridders | Greg Hicks |
swarte ridder | Peter Ferdinando |
Produksje
bewurkje seksjeEvan Daugherty skreau it senario foar Snow White and the Huntsman yn 2003, doe't er noch studearre oan 'e Universiteit fan New York (NYU). Hy basearre it op it bekende mearke Sniewytsje, fan 'e bruorren Grimm. Op dat stuit wiene reboots fan mearkes net in botte populêr filmsjenre. Dat boaze noch oan doe't The Brothers Grimm yn 2005 yn 'e bioskopen flopte. Uteinlik slagge it him en bring syn skript oan 'e man nei it súkses fan Alice in Wonderland yn 2010.
Foar de ferfilming waard it senario fan Daugherty bewurke troch John Lee Hancock en Hossein Amini. Rupert Sanders, foar wa't dit syn earste film wie, naam de rezjy op him. Joe Roth en Sam Mercer wiene as produsinten belutsen by Snow White and the Huntsman foar filmstudio Roth Films. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Greig Fraser en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Newton Howard.
Foar de film wie in budget beskikber fan mar leafst $170 miljoen. De opnamen fûnen plak yn it Feriene Keninkryk. De binnendoarsênes waarden fierhinne filme yn 'e Pinewood Studios, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. De klimaktyske sêne mei de bestoarming fan it kastiel troch Sniewytsje en de kriichslju fan hartoch Hammond waard fan 26 oant en mei 29 septimber 2011 opnommen op it strân Marloes Sands, by it doarp Marloes yn it Welske Pembrokeshire. Der waard foar keazen om 'e dwergen spylje te litten troch akteurs fan normale lingte, fan wa't de gesichten yn 'e postproduksje mei digitale techniken oerset waarden op lytse lichems. Dy praktyk late ta fûleindige protesten fan 'e Little People of America, in belangeferiening foar Amerikanen mei dwerchgroei.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Snow White and the Huntsman waard dien troch Universal Pictures. De film gie op 14 maaie 2012 yn premiêre yn Londen, wêrnei't er op 30 maaie yn 'e Britske bioskopen iepene, en op 1 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. Snow White and the Huntsman ferskynde op 11 septimber 2012 op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeSnow White and the Huntsman krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Yn it tydskrift New York priizge David Edelstein de refizjonistyske toan fan 'e film, dy't neffens him "sterk beynfloede [wie] troch in protte ferstannige feministyske tinkbylden." A.O. Scott hie lof foar de aktearprestaasje fan Charlize Theron en wurdearre it dat de film "besiket om wat fan 'e driging werom te finen fan 'e ferhalen dy't foarhinne ferteld waarden om bern bang te meitsjen ynstee fan se te treastgjen." Yn Rolling Stone skreau Peter Travers dat Snow White and the Huntsman "in fisueel wûnder" wie. Hy hie ek lof foar Kristen Stewart, dy't neffens him oertsjûgjend útwoeks "fan in skruten famke ta in wisberette kriichsprinsesse." Betsy Sharkey fan 'e Los Angeles Times skreau dat de film "in absolút wûnder is om te sjen," al tekene se dêrby oan dat "wat dit refizjonistyske mearke ús net jout, is hertstochtlike leafde – de tuten binne sa kein as de snie wyt is."
Yn 'e Britske krante The Guardian wie Peter Bradshaw minder goed oer Snow White and the Huntsman te sprekken. Hy skreau dat de film "minder komysk bedoeld [wie] as it resinte Mirror Mirror," mar dat "dit Twilightisearre mearke itselde fûnemintele probleem" hie. It resultaat wie neffens him "tizerich en blastich". Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle makke fan syn hert gjin moardkûle en omskreau Snow White and the Huntsman as in "trage, saaie film dy't gjin sjarme hat en inkeld opljochte wurdt troch in hantsjefol special effects en de wierlik kweadaardige keninginne fan Charlize Theron." Yn 'e Denver Post skreau Lisa Kennedy: "Allinne Bob Hoskins as de bline sjenner Muir komt derby yn 'e buert om [de film] ús wat skele litte te kinnen. We kinne de heldhaftige mooglikheden fan Sniewytsje suver út syn fertroebele eagen wiiswurde. Ek al wolle we it noch sa graach, dat slagget ús perfoarst net troch it optreden fan Stewart."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Snow White and the Huntsman in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 232 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't it in foechsum dûnkere ferzje optsjinnet fan it mearke dêr't it troch ynspirearre is, wurdt [de film] bedoarn troch ûnlykmjittich aktearjen, in problematysk tempo en in betiizjend skript." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Snow White and the Huntsman in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 39 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeYn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Snow White and the Huntsman $155,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $241,3 miljoen. De totale opbringst kaam dêrmei út op $396,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $170 miljoen komt dat del op in winst fan $226,6 miljoen minus marketingkosten.
Yn 2013 waard Snow White and the Huntsman nominearre foar twa Oscars, te witten yn 'e kategoryen bêste fisuële effekten en bêste kostúmûntwerp. De film waard ek nominearre foar in Satellite Award foar bêste lûd, fjouwer Saturn Awards foar bêste fantasyfilm, bêste byrol fan in aktrise (Charlize Theron), bêste kostúmûntwerp en bêste special effects. Kristen Stewart en Chris Hemsworth wûnen de Teen Choice Awards foar bêste froulike, resp. manlike stjer yn in simmerfilm, wylst Charlize Theron de Teen Choice Award wûn foar bêste opwûne stantsje. By de Golden Raspberry Awards wûn Stewart de priis foar minste aktrise yn sawol Snow White and the Huntsman as The Twilight Sage: Breaking Dawn – Part 2.
Ferfolch
bewurkje seksjeIt súkses fan Snow White and the Huntsman late al rillegau ta spekulaasjes oer in ferfolch. Dat waard problematysk makke doe't útkaam dat regisseur Rupert Sanders syn frou bedragen hie mei haadrolspylster Kristen Stewart. Troch it skandaal soe der earst wol, doe net en doe wer wol in ferfolchfilm komme. Uteinlik waard it in film dy't sawol prequel as ferfolch wie, mei as titel The Huntsman: Winter's War; dizze film gie yn 2016 yn premiêre. Chris Hemsworth en Charlize Theron wiene wer fan 'e partij, en nije personaazjes waarden spile troch Emily Blunt en Jessica Chastain, mar Stewart wie inkeld op argyfmateriaal út 'e earste film te sjen.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Snow White and the Huntsman
- (in) Ynformaasje oer Snow White and the Huntsman yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |