Stasjon Amsterdam Muiderpoarte

Stasjon Amsterdam Muiderpoarte (Asdm) is ien fan de spoarstasjons yn de Nederlânske stêd Amsterdam, yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1896 oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen).

Stasjon Amsterdam Muiderpoarte
station Amsterdam Muiderpoort
Stasjon Amsterdam Muiderpoarte
Stasjon Amsterdam Muiderpoarte
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Amsterdam
plak Amsterdam
adres Oosterspoorplein 3
arsjitektuer
stasjonskoade Asdm
iepening 18 maaie 1896
boujier 1895 1e stasjonsgebou
1939 2e stasjonsgebou
sloopjier 1937 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1895
Arsjitekt ûnbekent
1e stasjonsgebou
1939
H.G.J. Schelling
2e stasjonsgebou
monumintale status Gemeentlik monumint
monumintnûmer 0363/200743
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 4
spoarline Easterspoarwei
Rhijnspoarwei
tramline  1   3 
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Amsterdam Muiderpoarte (Amsterdam)
Stasjon Amsterdam Muiderpoarte
 
1e stasjonsgebou stasjon Amsterdam Muiderpoarte om en de by 1912

It oarspronklike spoarstasjon Amsterdam Muiderpoarte bestie út twa gebouwen op it eilânperron. Yn 1907 binne trije ekstra gebouwen mei wachtromten en húskes op it perron pleatst. Dêrneist is ien fan de oarspronklike gebouwen fergrutte. It gehiel waard mei in lange perronkape oerdutsen. It earste stasjonsgebou waard ôfbrutsen yn 1937 om't de spoaren ferhege waarden.

It stasjon waard yn 1939 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Schelling. It nije stasjonsgebou kaam tusken de splitsing fan de Easterspoarwei en de Rhijnspoarwei te stean. It gebou hat krekt as it lyktidich iepene Amstelstasjon in hege stasjonshal mei glêzen kopgevel en twa lege sydgevels dy't tusken beide spoardiken lizze. Foar it hiele gebou is in luifel dy't foar de yngong nei foaren stekt. Oan 'e linkerkant fan it stasjonsgebou stiet in opfallend rank en heech seinhûs. Efter de tritich meter lange stasjonshal wiene by de iepening twa knikte fuotgongerstunnels nei de perrons fan de Easterspoarwei en de Rhijnspoarwei.

Yn 1998 en 1999 binne it stasjon en de omjouwing fan it stasjon yngreven ferboud en waarden de tunnels ôfsletten. Ek ferdwûnen alle oarspronklike funksjes út it stasjonsgebou. Beide perrons binne tenei mei treppen en liften te berikken fan ôf de strjitten Yn de tunnels binne inkelde winkels en ek it service loket fan de NS te finen. It stasjonsgebou is tsjintwurdich yn gebrûk as fytsewinkel.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4000 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalAmsterdam MuiderpoarteBreukelenWoerdenGoudaRotterdam Sintraal
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalAmsterdam MuiderpoarteSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwol Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal.
5800 Sprinter (NS) Amersfoart VathorstSchothorstAmersfoart SintraalHilfertsomWeespAmsterdam MuiderpoarteAmsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkSkiphol AirportHoofddorp Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp.
7400 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalAmsterdam MuiderpoarteBreukelenUtert SintraalDriebergen-Zeist

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: