Tholothianen

(Trochferwiisd fan Tholoth)

Tholothianen (inkeltal: Tholothiaan) binne in fiktyf ras fan humanoïde bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Hja komme fan Tholoth, in foar it meastepart troch útstrutsen oerwâlden begroeide planeet yn 'e krite fan it Stjerrestelsel dy't bekend stiet as de Koloanjes.

In Tholothiaan (Adi Gallia).

Harren wrâld wurdt regearre as in demokrasy mei in senaat as de wetjaande macht. It regear hat alle fersmoargjende swiere yndustry nei oare planeten yn itselde planetestelsel ferballe, sadat de natoer op Tholoth beholden is. De Tholothianen hawwe ek beheinings oplein oan besikers fan bûten, wat oantallen oangiet, en oan ymmigranten fan bûten, dy't har hâlde moatte oan deselde ekologysk ferantwurde libbenswizen as de Tholothianen sels.

Fan uterlik lykje Tholothianen sterk op minsken. It wichtichste ûnderskie wurdt foarme troch de boppekant fan harren holle, dy't keal en oerdutsen mei skobben is (op in wize dy't sterk liket op it skyld fan in skylpod). Ut 'e krún wei groeie acht fleizige tentakels, dy't oan 'e hichte fan 'e kaaibonke ta del hingje. De krún en tentakels kinne brutsen wyt, read of blau fan kleur wêze. De hûdskleur fan Tholothianen is brún mei foar in diel blauïge pigmintaasje, benammen om 'e eagen hinne. Tholotianan hawwe twa geslachten, manlik en froulik; de manlju hawwe burdgroei.

In protte Tholothianen hawwe it foar de moade en draach in tradisjonele holbân fan brún lear. Dy rint oer in brede râne fan 'e foarholle hinne en hat útstulpings oan 'e sydkant fan 'e holle dy't beide earen bedekke. Guon fan sokke holbannen omfetsje in web fan fine keatlinkjes, dy't ta fersiering oer de rânen fan 'e holskobben rinne.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin