Top Gun (film út 1986)

film út 1986 fan Tony Scott

Top Gun is in Amerikaanske romantyske aksjefilm út 1986 ûnder rezjy fan Tony Scott, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise, Kelly McGillis en Anthony Edwards. De titel betsjut safolle as "Bêste Gefjochtspiloat". De film waard basearre op in artikel yn it tydskrift California. It ferhaal folget Pete "Maverick" Mitchell, in jonge en arrogante strieljagerfleander by de Amerikaanske Marine, dy't mei syn navigator Nick "Goose" Bradshaw útkeazen wurdt om mei te dwaan oan in oplieding yn Kalifornje dêr't inkeld de meast talintearre piloaten foar yn oanmerking komme. Hy fynt dêr de leafde fan syn libben, mar ek in freeslike trageedzje dy't him einlings twingt om folwoeksen te wurden. Top Gun ûntfong fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. De film wûn in Oscar en in Golden Globe yn 'e kategory bêste orizjinele liet, foar Take My Breath Away fan Berlin. De film wûn ek in Grammy Award. Meitiid krige Top Gun de status fan in cultklassiker mei in grutte skare tawijde fans. Yn 2015 waard de film opnommen yn it National Film Registry. Yn 2021 kaam in lang ferwachte ferfolchfilm út, mei as titel Top Gun: Maverick.

Top Gun
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tony Scott
produsint Don Simpson
Jerry Bruckheimer
senario Jim Cash
Jack Epps jr.
basearre op Top Guns fan Ehud Yonay
kamerarezjy Jeffrey L. Kimball
muzyk Harold Faltermeyer
filmstudio Don Simpson/Jerry
   Bruckheimer Films
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Tom Cruise
Kelly McGillis
Anthony Edwards
byrollen Val Kilmer
Tom Skerrit
Michael Ironside
Rick Rossovich
Whip Hubley
Meg Ryan
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 12 maaie 1986
foarm langspylfilm
sjenre romantyske aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget $15 miljoen
opbringst $357,1 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × Golden Globe
1 × Grammy Award
filmsearje
filmsearje Top Gun
● folgjend diel Top Gun: Maverick

Pete Mitchell, benammen bekend ûnder syn oanropkoade Maverick ("Wyldeman"), is in luitenant-op-see by de Amerikaanske Marine, dy't stasjonearre is oan board fan it fleandekskip de USS Enterprise. Hy is in piloat dy't mei syn navigator Nick "Goose" Bradshaw yn in Grumman F-14 Tomcat fljocht. Maverick is de soan fan in oare marinepiloat, Duke Mitchell, dy't yn 'e 1960-er jierren, doe't Maverick noch mar in lyts jonkje wie, fermist rekke is en nea fan in misje weromkaam. It tinken is dat er earne delstoart is, en offisjeel is de ymplikaasje dat er dat oan himsels te witen hie. Maverick hat sadwaande it gefoel dat er wat te bewizen hat om 'e namme fan syn heit te suverjen. Dat yn kombinaasje mei de útskroevenens dy't er fielt as er fljocht, set him oan ta it dwaan fan ûnferstannige dingen.

By in ûnderskepping boppe de Yndyske Oseaan fan in pear strieljagers fan 'e Sovjet-Uny fan it (fiktive) type MiG-28 wit Maverick de iene fuort te jeien troch syn raketlansearringssysteem op him te rjochtsjen, mar ûnderwilens rjochtet de oare MiG syn raketlansearringssysteem op it tastel fan 'e Amerikaanske piloat Cougar en dy syn navigator Merlin. Maverick rôlet syn fleanmasine ûnderstboppest en komt de oare MiG oant op twa meter benei, sadat de piloaten byinoar yn 'e cockpit sjen kinne. Maverick stekt de middelfinger op nei de Russyske piloat, dy't fan ruten spilet.

Nei de konfrontaasje docht bliken dat Cougar, dy't eefkes de dea yn 'e eagen sjoen hat, troch it barren sa yn shock rekke is, dat er syn fleantúch amper noch lânje kin. Maverick negearret in direkt befel om fuortendaliks nei de USS Enterprise werom te kearen, sadat er ynstee Cougar dêrhinne begeliede en troch de lâning hinne prate kin. Letter nimt Cougar ûntslach as piloat, om't er bang is dea te reitsjen foar't er syn nijberne poppe sjoen hat. Mei't hy de bêste piloat fan it fleandekskip wie, falt dy eare dêrnei ta oan Maverick. Dat betsjut dat kaptein-luitenant-op-see Jardian, de direkte oerhearrige fan Maverick, him, nettsjinsteande syn oerhearrigens, dochs in plak oanbiede moat yn it prestizjeuze TopGun-programma. Dat is in hegere oplieding foar de bêste piloaten fan 'e Amerikaanske Marine oan it Mariniersloftfeartstasjon Miramar yn Kalifornje.

Sadwaande sette Maverick en Goose dêrhinne. Koart nei oankomst besykje se in bar dêr't it optilt fan it marinepersoniel. Dêr besiket Maverick, mei stipe fan Goose, in tsjeppe frou te fersieren troch it liet You've Lost That Lovin’ Feelin’ fan The Righteous Brothers foar har te sjongen. De muoite is lykwols om 'e nocht, mei't se him dúdlik makket gjin belangstelling te hawwen. De oare deis, as it TopGun-programma úteinset, docht bliken dat sy Charlotte "Charlie" Blackwood is, in astrofysika en boargerlik ynstrukteur fan 'e oplieding. Maverick wit har ynteresse te wekjen troch te neamen dat hy ûnderstboppest op twa meter ôfstân fan in MiG-28 flein hat, in nij fijannich tastel dêr't noch net in protte oer bekend is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

By de earste trainingsflecht yn it ramt fan 'e oplieding ferslacht Maverick ynstrukteur Rick "Jester" Heatherly troch op domdryste wize de regels foar de oefening oan syn lears te laapjen. Dêrfoar wurdt him letter de mantel útfeegd troch kaptein-luitenant-op-see Mike "Viper" Metcalf, dy't oan it haad fan it programma stiet. Under fjouwer eagen fertelt Metcalf letter oan Heatherly dat er as jongfeint noch mei Maverick syn heit flein hat. Heatherly jout ta dat Maverick in earsten piloat is, mar hy wit net oft er op him fertrouwe kin. Om dyselde tiid hinne rekket Maverick behelle yn in rivaliteit mei Tom "Iceman" Kazansky, in oare jonge piloat dy't mient dat hy de alderbêste fleander fan 'e Amerikaanske Marine is. Iceman erkent ek Maverick syn kwaliteiten as piloat, mar beskôget syn hâlding as dwaas en syn beslissings as gefaarlik. Dat makket him yn 'e optyk fan Iceman ûnfeilich om mei te fleanen.

Yn 'e klasse bekritisearret Charlie guon fan Maverick syn agressive taktiken, mar letter fertelt se him ûnder fjouwer eagen dat se him bewûnderet. Dat wol se allinne yn it bywêzen fan 'e oaren net blike litte, om't se fereale op him rekke is en dat geheim hâlde wol. Maverick, dy't troch har wurden danich yn syn wjuk sketten wie, ferjout har en se begjinne in romantyske relaasje.

By in nije trainingsflecht lit Maverick de strieljager dêr't er mei keppele is, flein troch Rick "Hollywood" Neven, yn 'e steek om sels efter Metcalf oan te gean. Dy kriget er lykwols net te pakken, en ûnderwilens wurde Hollywood en syn navigator Wolfman sabeare delsketten troch Heatherly, dy't dêrnei ek Maverick en Goose yn it fizier kriget. Sa einiget de oefening yn in fiasko. Neitiid jout Metcalf ta dat er ûnder de yndruk is fan Maverick syn kapasiteiten as piloat, mar hy fynt dat er gjin teamspiler is. Hy hat Hollywood oan syn lot oerlitten trochdat er nim meilokje liet troch Metcalf. Dy hat him yn in posysje manûvrearre dêr't Heatherly him delsjitte koe, dêrmei it foardiel fan teamwurk demonstrearjend. Goose, dy't him sterk tsjin it beslút oankante hie om efter Metcalf oan te gean, is lulk; Maverick bewissiget him derfan dat er dy flater nea wer begean sil.

Goose nûget syn frou Carole en harren jonkje, in pjut noch, út om him te Miramar op te sykjen. Maverick en Charlie, dy't no min ofte mear iepentlik minners binne, bringe in dei mei it jonge gesin troch. Mei syn allen besykje se in bar dêr't Goose efter de piano plaknimt, wêrnei't se mei-inoar in ferske sjonge en protte wille meitsje. Carole seit tsjin Charlie dat se, as se ek mar in bytsje ferstân hat, Maverick nea wer gean litte sil.

Wylst de ein fan 'e TopGun-oplieding fluch neieroan komt, binne Maverick en Iceman no direkte rivalen foar de einoerwinning en de TopGun-trofee. By in nije trainingsflecht efterfolgje se mei harren F-14 Tomcats in Douglas A-4 Skyhawk. Maverick hat syn leske goed leard en bliuwt no deun efter Iceman oan fleanen. Dy kin de Skyhawk lykwols net goed ûnder skot krije om't er der te ticht op sit. As er úteinlik sydlings útwykt om Maverick in kâns te jaan, fljocht Maverick troch de slipstream hinne fan Iceman syn strieljager. Dêrtroch fynt der in flame-out fan allebeide motors fan it tastel fan Maverick en Goose plak, wêrnei't dat yn in spin bedarret dêr't net mear út te kommen is. Maverick en Goose aktivearje harren sjitstuollen om út it delstoartende fleantúch te ûntsnappen, mar Goose rekket dêrby mei de holle de fuortkattepultearre glêzen cockpitkoepel en brekt syn nekke. De beide mannen komme del yn see, mar as Maverick nei nei Goose ta swimt, is er al dea.

Hoewol't in ûndersykskommisje de dea fan Goose neitiid ôfdocht as in tragysk ûngemak dêr't nimmen ferantwurdlik foar is, wurde skuldgefoelens Maverick oermânsk. Metcalf lit him daliks wer yn in strieljager de loft yn stjoere om him wer op it hynder te helpen, mar Maverick fertrout himsels net mear. Charlie, dy't ûnderwilens in baan yn Washington, D.C. oanbean krigen hat en dêr mei koarten nei ta ferhúzje sil, en de oare piloaten en navigators fan it TopGun-programma besykje him dêroerhinne te helpen, mar dat is om 'e nocht. Maverick tinkt deroer om it fleanen der mar hielendal oan te jaan, en giet te rie by kaptein-luitenant-op-see Metcalf. Dy ferbrekt syn plicht ta geheimhâlding troch him te fertellen dat syn heit net troch in eigen fout omkommen is, sa't de offisjele lêzing is, mar yn in gefjocht mei de fijân nei't er twa oare Amerikaanske strieljagers rêden hie. Alle geheimsinnichdoggerij om syn dea hinne komt inkeld fan it feit dat dat gefjocht boppe fijannich grûngebiet plakfûn, dêr't Amerikaanske strieljagers neat te sykjen hiene. Metcalf seit tsjin Maverick dat er der alle fertrouwen yn hat dat Maverick in noch bettere piloat wêze kin as syn heit, as er syn selsfertrouwen mar weromwinne kin troch Goose los te litten.

Nei lang neiprakkesearjen kiest Maverick derfoar om marinepiloat te bliuwen, mar it ôfstudearjen oan 'e TopGun-oplieding lit er slûpe. Iceman wint de TopGun-trofee. Wylst it ôfstudearfeest noch yn folle gong is, komt der berjocht dat der in krisissitewaasje ûntstien is. Alle piloaten wurde halje-trawalje ynset, en Iceman, Hollywood en Maverick wurde nei de USS Enterprise ta stjoerd. Dêr kriget Maverick Merlin, de eardere navigator fan Cougar, tawiisd as nije partner. Se wurde útornearre as back-up foar de F-14's fan Iceman (mei Slider) en Hollywood (mei Wolfman), dy't útstjoerd wurde om in pear Russyske MiG-28's te ûnderskeppen. It docht lykwols bliken dat it net om ien pear, mar om trije pear MiG's giet. Hollywood wurdt delsketten, mar hy en Wolfman witte harsels te rêden mei de sjitstoel. Iceman bliuwt dan efter mei seis tsjinstanners, en hat ferlet fan al syn feardichheden om him har fan it liif te hâlden. Maverick en Merlin wurde útstjoerd om him te help te kommen, mar troch in brutsen fleantúchkattepûl op it fleandekskip kinne der foarearst gjin nije Amerikaanske tastellen mear opstiigje.

Nei't Maverick op it striidtoaniel ferskynt, komt er suver daliks yn 'e slipstream fan ien fan 'e MiG's telâne. Syn F-14 rekket yn in spin, mar hy wit it tastel wer ûnder behearsking te krijen. Nettsjinsteande dat bringt it foarfal it ûngemak dêr't Goose by omkommen is, foar Maverick wer hielendal werom. Hy stiet op it punt om him út 'e striid werom te lûken, mar wit syn emoasjes lytsman te krijen. Maverick sjit ien MiG del en jout him dan by Iceman as dy syn fleanpartner, wêrnei't er wegeret om harren formaasje te ferbrekken, sa't er earder yn 'e trainingsflecht mei Hollywood die. Yn it gefjocht sjit Maverick noch twa MiG's del en Iceman ien, wêrnei't de oerbleaune tsjinstanners it hazzepaad kieze. As se weromkeare op 'e Uss Enterprise fiere de piloaten en navigators harren oerwinning. Maverick en Iceman hawwe no respekt foarinoar krigen. Letter lit Maverick op symboalyske wize Goose los troch by in ienlike seremoanje de identiteitsplaatsjes (dogtags) fan syn maat oerboard te goaien.

 
Tom Cruise yn 1989.
 
Kelly McGillis yn 2010.
 
Anthony Edwards yn 2002.

Syn oerwinning soarget derfoar dat Maverick neitiid kieze mei wêr't er tenei ynset wurde sil. Hy kiest derfoar om as ynstrukteur werom te kearen nei de TopGun-oplieding yn Miramar. As er dêr in ûnbeskate tiid letter yn in bar sit, wurdt er opsocht troch Charlie, wêrnei't de beide minners harren relaasje ferfetsje.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
luitenant-op-see 2e klasse Pete "Maverick" Mitchell Tom Cruise
Charlotte "Charlie" Blackwood Kelly McGillis
luitenant-op-see 3e klasse Nick "Goose" Bradshaw Anthony Edwards


byrollen
personaazje akteur/aktrise     
luitenant-op-see 2e klasse Tom "Iceman" Kazansky Val Kilmer
kaptein-luitenant-op-see Mike "Viper" Metcalf Tom Skerrit
luitenant-op-see 1e klasse Rick "Jester" Heatherly Michael Ironside
luitenant-op-see 3e klasse Ron "Slider" Kerner Rick Rossovich
luitenant-op-see 2e klasse Rick "Hollywood" Neven Whip Hubley
Carole Bradshaw Meg Ryan
luitenant-op-see 2e klasse Bill "Cougar" Cortell John Stockwell
luitenant-op-see 3e klasse Henry "Wolfman" Ruth Barry Tubb
luitenant-op-see 3e klasse Sam "Merlin" Wells Tim Robbins
luitenant-op-see 3e klasse Marcus "Sundown" Williams Clarence Gilyard jr.
kaptein-luitenant-op-see Tom "Stinger" Jardian James Tolkan
luitenant-op-see 2e klasse Charles "Chipper" Piper Adrian Pasdar

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Top Gun waard makke nei in senario fan Jim Cash en Jack Epps jr. Ynspiraasje foar it skript kaam fan it artikel Top Guns fan Ehud Yonay, dat yn maaie 1983 ferskynde yn it tydskrift California. Dêryn waard it deistich bestean fan gefjochtspiloaten beskreaun op it Mariniersloftfeartstason Miramar by San Diego.

Oarspronklik wie it senario in stik oarlochssuchtiger, mar mei't de filmprodusinten ferlet hiene fan 'e meiwurking fan 'e Amerikaanske Marine, wie de marine yn in posysje om feroarings yn it skript te easkjen en die dat ek. De toan fan 'e dialooch waard sadwaande delbêde en de konfrontaasje mei de Russen waard ferpleatst fan Kuba nei ynternasjonale wetters yn 'e Yndyske Oseaan. De frou mei wa't Maverick in relaasje kriget, wie yn 'e oarspronklike ferzje fan it skript in aerobicsleararesse. It úteinlike personaazje fan Charlie waard skepen nei't de produsinten yn 'e kunde brocht waarden mei Christine "Legs" Fox, in boargerlike wiskundige dy't as spesjaliste yn maritym loftoerwicht (MAS) wurke yn it Sintrum foar Marine-analyzes (CAA).

 
Sân Grumman F-14 Tomcats yn formaasje.

Tony Scott waard oannommen om 'e film te regissearjen op basis fan in reklamespotsje dat er makke hie foar de Sweedske autoprodusint Saab, wêryn't in auto fan it model Saab 900 racet tsjin in Saab-37 Viggen-strieljager. As produsinten wiene Don Simpson en Jerry Bruckheimer by it projekt belutsen foar harren filmstudio Don Simpson/Jerry Bruckheimer Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jeffrey L. Kimball, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Harold Faltermeyer.

De opnamen foar Top Gun fûnen plak yn 1985. De Amerikaanske Marine stelde foar de film ferskate Grumman F-14 Tomcats beskikber fan it squadron VF-51, byneamde de "Screaming Eagles". Filmstudio Paramount Pictures, dy't de produksje finansierde, betelle doedestiden $7.800 (yn hjoeddeistich jild $18.800) yn 'e oere as sa'n fleantúch de loft yn moast bûten de wenstige fleanoeren om. De sênes mei de fleantugen boppe lân waarden foar it meastepart filme op en om it Marineloftfeartstasjon Fallon yn Nevada. De opnamen yn 'e loft waarden makke út in Learjet-priveefleantúch wei, dat bestjoerd waard troch de ferneamde piloat Clay Lacy. De fiktive MiG-28 wie iens in Northrop F-5. De sênes wêryn't Maverick en Charlie mei Goose en syn gesin in bar besykje en dêr pianospylje en sjonge, en de lêste sêne, wêryn't Maverik en Charlie weriene wurde, waarden filme yn 'e Kansas City Barbeque yn San Diego.

 
In plakkette yn 'e Kansas City Barbeque yn San Diego ta betinking fan 'e sêne mei de piano dy't dêr opnommen waard.

De sênes op it fleandekskip waarden filme oan board fan 'e echte USS Enterprise, mei fleantugen fan 'e F-14-squadrons VF-114 (de "Aardvarks") en VF-213 (de "Black Lions"). It meastepart fan 'e shots oan dek wiene fan normale operaasjes. Regisseur Tony Scott woe op in stuit it opstiigjen en lânjen fan fleantugen mei de sinne op 'e eftergrûn filmje, doe't it skip ynienen fan koers feroare en dêrtroch ek fan posysje yn ferhâlding ta de sinne. Doe't Scott frege oft de âlde koers net noch in lyts skoftke oanholden wurde koe, waard him ferteld dat eltse koerswiziging fan sa'n reuseftich skip as de Enterprise $25.000 koste. Dêrop skreau er oan 'e Amerikaanske Marine in sjek fan $25.000 út sadat er noch fiif minuten langer yn itselde ljocht filmje koe.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Top Gun waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 12 maaie 1986 yn New York yn premiêre, en iepene dêrnei op 16 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 13 maaie by platemaatskippij Columbia Records. Top Gun waard op 10 maart 1987 útbrocht as VHS-keapfideo, dêr't 2,9 miljoen eksimplaren fan ferkocht waarden. De film kaam op 21 oktober 1998 foar it earst út op dvd en op 29 july 2008 op blu-ray.

 
Opnamen fan 'e sêne wêryn't Goose omkomt.

Fan 'e filmkritisy krige Top Gun mingde resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 21/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Films lykas Top Gun binne dreech om te resinsjearjen, want de goede stikjes binne sa goed en de minne stikken binne ferskriklik. De loftgefjochten binne absolút de bêsten sûnt Clint Eastwood syn geweldige loftsênes yn Firefox. Mar pas op foar de sênes wêryn't minksen mei-inoar prate."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Top Gun in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 57 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't [de film] guon fan 'e meast memorabele en spannende bylden fan loftgefjochten befettet […], hat Top Gun foar sjoggers dy't de adolesinte jierren foarby binne te min fleis oan 'e bonken as de personaazjes mei beide fuotten op 'e grûn steane." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Top Gun in goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 15 resinsjes.

 
Op 'e filmset fan Top Gun yn 1985.

Nettsjinsteande de lauwe ûntfangst troch de filmkritisy wist Top Gun suver fan it begjin ôf oan al in grutte skare trouwe fans te winnen. Meitiid krige de film de status fan in cultklassiker. Yn 2015 waard Top Gun troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Top Gun brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $176,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $180,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $357,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $15 miljoen betsjut dat in winst fan $342,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 1987 wûn Top Gun de Oscar en de Golden Globe yn 'e kategory bêste orizjinele liet foar Take My Breath Away, fan 'e band Berlin. De film waard ek nominearre foar de Oscars foar bêste filmmontaazje, lûdsmontaazje en lûdsmixing en de Golden Globe foar bêste soundtrack. Fierders wûn Top Gun in Grammy Award foar bêste ynstrumintaal optreden yn 'e popmuzyk troch in orkest, band of soloïst foar it Top Gun Anthem. De film wûn ek de People's Choice Award foar favorite film, de Priis fan 'e Japanske Akademy foar bêste bûtenlânske film en de Britske BRIT Award foar bêste soundtrack.

 
It hûs dat yn Top Gun trochgiet foar de wente fan Charlie Blackwood (spile troch Kelly McGillis).

Ynfloed op rekrutearring

bewurkje seksje

Top Gun hie grutte ynfloed op in diel fan it bioskoopbesykjend publyk, en koe suver wol trochgean foar in rekrutearringsfilmke fan 'e Amerikaanske Marine. Nei't it skynt gie it tal rekruten dat marinepiloat wurde woene nei it útkommen fan 'e film mei 500% omheech. De Amerikaanske Marine pleatste sels rekrutearringsstands yn beskate grutte bioskoopkompleksen yn 'e Feriene Steaten om folslein fan it troch de film opwekke entûsjasme profitearje te kinnen.

Ferfolchfilm

bewurkje seksje

Sûnt it súkses fan Top Gun yn 1986 waard al besocht om in ferfolchfilm te meitsjen, mar it gebrek oan in goed ferhaal spile de filmprodusinten parten. Yn 2010 waard dan einlings in ferfolch yn produksje nommen. It ferstjerren fan regisseur Tony Scott, yn 2012 soarge foar fierder opûnthâld, mar úteinlik begûnen de opnamen, mei Tom Cruise op 'e nij yn 'e haadrol, yn 2018. De film, mei as titel Top Gun: Maverick, soe yn desimber 2020 yn 'e bioskoop komme, mar dat gie net troch omreden fan 'e beheinings dy't doe oan bioskopen oplein wiene fanwegen de lockdowns yn it ramt fan 'e oangeande koroanapandemy. Op 't langelêst gie de film op 19 novimber 2021 yn premiêre.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.