Vlad II Dracul
Vlad II (berteplak ûnbekend, foàr 1395 – Bălteni, novimber 1447), ek bekend as Vlad Dracul (Roemeensk foar "Vlad de Draak") wie fan 1436 oant 1442 en nochris fan 1443 oant 1447 woiwode ("hartoch" of "foarst") fan it Foarstedom Walachije, in steat dy't it súdlike part fan it hjoeddeistige Roemeenje besloech. Vlad wie in oerwûne soan fan Mircea I fan Walachije. Hy brocht syn jonkheid troch oan it hôf fan Sigismund fan Lúksemboarch, de kening fan Hongarije, dy't him yn 1431 opnaam yn 'e Oarder fan de Draak (dêrfandinne syn bynamme). Yn 1436 griep er de macht yn Walachije en neitiid besocht er syn lân troch de ûnlijige tiden fan oarloch tusken Hongarije yn it noarden en it Osmaanske Ryk yn it suden hinne te loadsen. Uteinlik kaam er yn 1447 om yn 'e striid tsjin 'e Hongaren.
Vlad II Dracul | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Walachysk | |
bertedatum | foàr 1395 | |
berteplak | ûnbekend | |
stjerdatum | novimber 1447 | |
stjerplak | Bălteni (Walachije) | |
dynasty | Hûs Drăculeşti | |
etnisiteit | Roemeensk | |
woiwode fan Walachije (1e regearperioade) | ||
regear | 1436 – 1442 | |
foargonger | Aleksander I fan Walachije | |
opfolger | Mircea II fan Walachije | |
woiwode fan Walachije (2e regearperioade) | ||
regear | 1443 – 1447 | |
foargonger | Basarab II fan Walachije | |
opfolger | Vladislav II fan Walachije |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeDer binne net in soad boarnen oer de jonkheid fan Vlad. Hy moat berne wêze foàr 1395, mar it is net bekend wêr of wa't syn mem wie. Hy wie ien fan in grut tal oerwûne soannen fan Mircea I fan Walachije. Syn moderne biografen binne it deroer iens dat er al yn 1395 of 1396 as gizelder foar syn heite trou nei it Keninkryk Hongarije stjoerd waard, dêr't er grutbrocht waard yn 'e hofhâlding fan Sigismund fan Lúksemboarch, de kening fan Hongarije. Hy wurdt neamd yn beskate dokuminten fan Sigismund, dêr't út opmakke wurde kin dat er syn jonkheid net inkeld yn 'e Hongaarske haadstêd Boeda trochbrocht, mar ek yn oare stêden yn Hongarije, en fierders yn Neurenberch en op guon oare plakken yn it Hillige Roomske Ryk.
Mircea I kaam yn 1418 te ferstjerren en waard doe opfolge troch syn iennichste wettige soan, Michael I. Twa jier letter kaam Michael om yn in lytse boargeroarloch tsjin syn neef Dan II, de soan fan Mircea syn âldere broer Dan I. De folgjende tsien jier waard yn Walachije om 'e troan fochten tusken Dan II en Vlad syn healbroer Radu II, in oare oerwûne soan fan Mircea. Begjin 1423 sette Vlad ôf út Boeda sûnder tastimming fan Sigismund, mei as bestimming de grins mei Poalen. Hy waard lykwols finzen nommen ear't er dat lân berikke koe. Koarte tiid letter erkende Sigismund Dan II as de rjochtmjittige foarst fan Walachije.
Neffens de Roemeenske histoarikus Radu Florescu stelde Sigismund Vlad letter dat jier oan om 'e Byzantynske keizer Jehannes VIII Palaiologos yn Itaalje te ûntfangen. Dyselde wie nammentlik nei de Republyk Feneesje reizge om dêr om help te freegjen foar syn striid tsjin 'e Osmaanske Turken. Vlad soe de keizer doe beselskippe hawwe op syn reis werom nei Konstantinopel, dêr't er ferskate jierren ferbleau. Neffens de Byzantynske kronykskriuwer Doukas wied er in "ofsier yn it leger" fan 'e Byzantynske keizer, en soed er "tagong" ta it keizerlik paleis hân hawwe. Doe't Vlad úteinlik foar it ferstân krige dat de posysje fan 'e keizer noch faaier stie as syn eigen, en dat Jehannes him net helpe koe om 'e troan fan Walachije te winnen, kearde er yn 1429 werom nei Hongarije.
By in seremoanje yn Neurenberch, op 8 febrewaris 1431, sloech Sigismund Vlad ta ridder yn 'e Oarder fan 'e Draak. Dat wie in ridderoarder stifte troch Sigismund sels, mei as doel om it kristendom te beskermjen en de opmars fan 'e (islamityske) Osmaanske Turken op 'e Balkan tsjin te kearen. Foar Vlad wie dat in grutte eare, mei't oare earsteklas leden fan 'e oarder û.m. kening Alfûns V fan Aragon en gruthartoch Vytautas fan Litouwen wiene. Troch it embleem fan 'e oarder, dat de foarm fan in draak hie, klige Vlad letter syn bynamme Dracul, dat Roemeensk is foar "de Draak" (fan drac, "draak" + -ul, "de"). Syn soannen namen neitiid de namme Drăculea oan (dêr't 'Dracula' de Slavyske foarm fan is), mei de bestjutting "soan fan de draak". By syn ridderslach swarde Vlad as fazal trou oan Sigismund, dy't him yn ruil dêrfoar erkende as de rjochtmjittige foarst fan Walachije. Hy die lykwols neat om Vlad ek wurklik op 'e Walachyske troan te helpen. Doe't dy simmers Vlad syn healbroer Aleksander I mei militêre stipe fan it oangrinzgjende Foarstedom Moldaavje Walachije binnenfoel en doe Dan II ôfsette en de troan foar himsels yn besit naam, stie Vlad dan ek machteleas.
Hy joech syn oanspraken op 'e troan fan Walachije lykwols net op, en sette him nei wenjen yn Sighişoara, yn Transsylvaanje, it diel fan Hongarije dat oan Walachije grinzge. Yn 1432 reizge Aleksander I nei Adrianopel om 'e Osmaanske sultan Moerad II hulde te dwaan. Vlad woe yn ôfwêzichheid fan syn rivaal Walachije binnenfalle mei de stipe fan Walachyske bojaren (eallju) dy't nei Transsylvaanje flechte wiene, mar de ynfal waard ôfslein troch Aleksander syn steedhâlder Albu. Pas yn 1434 joech Sigismund Vlad tastimming om in nij leger fan ferballe bojaren gear te stallen en te bewapenjen. It jiers dêrop rekke Aleksander oanhelle mei in sykte dêr't er nea fan opbetterje soe. Vlad besocht gebrûk fan dy sitewaasje te meitsjen troch in nije ynfal te weagjen, mar Aleksander en syn Osmaanske bûnsgenoaten twongen him op 'e nij om tebek te wiken.
Earste regear
bewurkje seksjeDoe't Aleksander lykwols yn 1436 kaam te ferstjerren, koe Vlad mei Hongaarske stipe de macht yn Walachije gripe. Hy liet de ûnderhearrigen fan syn foargonger oanbliuwe, mei útsûndering fan Albu, dy't er oan 'e dyk sette. Hy wegere it ferdrach te befêstigjen dat Aleksander mei de Osmanen sletten hie, mei as gefolch dat de Osmanen yn novimber 1436 in lytse ynfal yn Walachije útfierden.
Vlad syn beskermhear, Sigismund fan Lúksemboarch, stoar op 9 desimber 1437. Hongarije rekke dêrtroch ferswakke, en dat boaze noch oan troch de Opstân fan Budai Nagy Antal ûnder de boeren fan Transsylvaanje. Vlad wie sadwaande twongen om him te fermoedsoenjen mei it Osmaanske Ryk, en dêrta reizge er ôf nei Adrianopel, dêr't er trou swarde oan sultan Moerad II. Hy ûnthiet by dy gelegenheid om in jierlikse skatting oan 'e sultan te beteljen, en ek om 'e Osmaanske militêre fjildtochten op 'e Balkan te stypjen.
Doe't Moerad yn 1438 in grut leger gearloek yn Vidin, mei as doel om in ynfal yn Hongarije te dwaan, skreau de nije Hongaarske kening Albrecht fan Habsburch (de skoansoan en erfgenamt fan Sigismund fan Lúksemboarch) in brief oan Vlad, wêryn't er dyselde opdroech om Transsylvaanje tsjin 'e Osmanen te ferdigenjen. Vlad lei dat befel njonken him del en joech him by it leger fan Moerad doe't dat yn 'e simmer fan 1438 troch Walachije hinne nei it noarden teach. De Osmaansk-Walachyske legermacht foel Hongarije by Orşova binnen en fersloech yn 'e Slach by Haţeg it leger fan Cândea, in pleatslike Flachyske kenez (ealman). Neitiid folgen de ynfallers de rin fan 'e rivier de Mureş en namen de stêden Câlnic en Sebeş yn. Yn Sebeş beprate Vlad de lieders fan 'e stêd om har sûnder ferset oer te jaan. De Osmanen en Walachen sloegen dêrnei belis foar Sibiu, mar moasten dy belegering nei acht dagen al opbrekke. Foar't se har beladen mei oarlochsbút en yn it selskip fan mear as 30.000 kriichsfinzenen weromloeken út Hongarije, ferwoastgen se ek noch it diel fan Braşov dat bûten de stedsmuorren lei.
Neitiid bea Vlad oan Albrecht fan Habsburch oan om 'e lieders fan Sebeş frij te litten, mar de kening beskôge harren as ferrieders en sloech dat oanbod ôf. Vlad syn krewearjen om mei in wifkjende koerts tusken de beide grutmachten fan Hongarije en it Osmaanske Ryk troch de ûnôfhinklikheid fan Walachije te bewissigjen, makke dat noch de Hongaarske kening noch de Osmaanske sultan him fertrouwe koe. Albrecht erkende nei de ynfal fan 1438 Basarab II, in soan fan Dan II, as foarst fan Walachije, en liet ta dat dy him yn Transsylvaanje fêstige, sa't Vlad sels earder ek dien hie. De Osmanen fersterken harren fêsting op it eilân Giurgiu, yn 'e Donau, en stjoerden mear troepen om dêr in grutter garnizoen te legerjen.
Albrecht fan Habsburch stoar op 27 oktober 1439. Dêrop keas begjin 1440 de mearderheid fan 'e Hongaarske eallju kening Wladislaus III fan Poalen ta kening fan Hongarije. Dyselde beneamde yn febrewaris 1441 de talintearre legeroerste Jan Hunyadi ta woiwode fan Transsylvaanje. Hunyadi wie wisberet om Walachije wer yn 'e Hongaarske ynfloedssfear te lûken, en dêrta oardere er de boargers fan Braşov om 15 oktober fan dat jier hinne en slaan munten foar Vlad. Twa of trije wiken letter metten Hunyadi en Vlad inoar yn 'e Walachyske haadstêd Târgovişte, dêr't Hunyadi fan Vlad easke dat dy him by in krústocht tsjin it Osmaanske Ryk oanslute soe. Vlad wifke.
Finzenskip
bewurkje seksjeNei't Hunyadi de Osmanen yn maart 1442 yn Transsylvaanje ferslein hie, beskuldige de Osmaanske beylerbey (gûverneur) fan Roemeelje (rûchwei it moderne Bulgarije) Vlad fan ferrie. Moerad ûntbea Vlad doe yn Ardrianopel om syn trou te betoanen. Ear't er dêrhinne ôfsette, beneamde Vlad syn âldste soan Mircea II ta steedhâlder oer Walachije. Koart nei't er yn Adrianopel arrivearre, waard er op befel fan 'e sultan finzen set yn Gallipoli.
Yn augustus 1442 stjoerde Moerad de beylerbey fan Roemeelje, Hadım Şehabeddin, om Walachije foar it Osmaanske Ryk te anneksearjen. It Osmaanske leger waard lykwols yn septimber yn 'e Karpaten alhiel ferdylge troch Hunyadi, en dêrop griep Basarab II mei Hongaarske stipe de Walachyske troan. Ear't it jier om wie, liet Moerad Vlad frij. Vlad moast yn ruil dêrfoar ûnthjitte dat er op gjin inkele wize de fijannen fan it Osmaanske Ryk stypje soe, en ek dat er boppe-op de besteande jierlikse skatting yn it ramt fan 'e devşirme 500 kristlike jonges stjoere soe om as janitsaren yn it leger fan 'e sultan te tsjinjen. Teffens moast er twa fan syn soannen, Vlad en Radu, as gizelder foar syn goed gedrach yn Adrianopel efterlitte.
Twadde regear
bewurkje seksjeIt is ûndúdlik hoe't Vlad krekt nei Walachije weromkearde en dêr wer op 'e troan kaam. Wol is bekend dat er earne tusken maart en septimber 1443 op 'e nij regearjend foarst waard. Under de Lange Fjildtocht fan Jan Hunyadi tsjin it Osmaanske Ryk, dy't duorre fan oktober 1443 oant jannewaris 1444, hold Vlad Walachije neutraal, benammen, sa liket it, om't de sultan yn ruil dêrfoar ûnthiet om syn beide soannen gean te litten. By de fredesûnderhannelings tusken Hongarije en it Osmaanske Ryk dy't op 'e Lange Fjildtocht folgen, wie sultan Moerad ree om Vlad fan 'e ferplichting te ûntslaan om elts jier persoanlik hulde oan him te bringen, mar Giuliano Cesarini, de pauslike gesant, hold de ûndertekening fan in fredesferdrach tsjin.
Ynstee stie Cesarini der by kening Wladislaus III op oan om 'e krústocht tsjin 'e islamityske Osmanen fuort te setten. Vlad, oan 'e oare kant, besocht Wladislaus derfan te oertsjûgjen om frede te sluten, en brûkte dêrby neffens de Poalske histoarikus Jan Długosz as argumint dat sultan Moerad mear folk meinaam foar in jachtpartij as dat yn Wladislaus syn hiele leger tsjinne. Doe't de kening nei Cesarini harke en de oarloch fuortsette, stjoerde Vlad lykwols 4.000 man hynstefolk ûnder syn soan Mircea om oan 'e Hongaarske kant mei te fjochtsjen. De krústocht einige op 10 novimber 1444 mei de jammerdearlike nederlaach fan 'e Hongaren en harren bûnsgenoaten yn 'e Slach by Varna, oan 'e kust fan 'e Swarte See.
Doe't Jan Hunyadi nei de ferlerne fjildslach oer Walachysk grûngebiet weromflechte nei Hongarije, waard er oan 'e Donau troch Walachyske soldaten finzen nommen. Vlad liet him pas gean doe't Laurens Héderváry, kening Wladislaus syn lânfâd yn Hongarije, him mei oarloch drige. Neffens histoarikus John Jefferson hie Vlad fan doel west om Hunyadi oan Moerad oer te leverjen, mar syn kollega Camil Mureşanu wol hawwe dat Hunyadi inkeld by fersin yn 'e hechten set waard troch soldaten dy't him net werom koene. Noch wer in oare skiedkundige, Kurt W. Teptow, mient dat Vlad Hunyadi ferantwurdlik hold foar de katastrôfe by Varna, en dat er him terjochtstelle woe.
Yn 'e maityd fan 1445 sylde in float fan krúsfarders út it Hartochdom Boergonje de Swarte See yn. De befelhawwer, in Walerand fan Wavrin, stjoerde gesanten nei Hongarije foar besprekkings oer in mienskiplike fjildtocht tsjin 'e Turken. Hongarije wie dêr, sa gau nei de nederlaach yn 'e Slach by Varna, net ree foar, dat Hunyadi ferwiisde de Boergonjers nei Vlad. Ien fan Wavrin syn gesanten, in Pedro Vasque de Saavedra, beprate Vlad om in moeting mei Wavrin te hâlden. Dy fûn plak yn Isaccea, dêr't de beide mannen in ferbûn sleaten. Vlad stalde dêrop in leger fan 4.000 oant 6.000 man gear dat er ûnder syn soan Mircea pleatste. Mids septimber belegeren de Boergonjers en Walachen de stêd Silistra, yn 'e Dobroedsja, mar it slagge harren net om dy yn te nimmen. Koarte tiid letter feroveren se lykwols al it lytse Osmaanske fort by Tutrakan, dat se mei de grûn lyk makken.
Neitiid helle Vlad Wavrin oer om in Walachyske oanfal op it eilân Giurgiu yn 'e Donau te stypjen, mei't er sei dat eltse kear as de Osmanen Walachije of Transsylvaanje binnenfalle woene, se dêrfoar sûnder swierrichheden by Giurgiu de rivier oerstekke koene. It Belis fan Giurgiu wie súksesfol, en nei ferrin fan tiid waard in oerienkomst sletten mei de kommandant fan 'e fêsting dat it 2.000 man tellende Osmaanske garnizoen yn súdlike rjochting ôftsjen mocht. Doe't de Osmanen ienris Giurgiu ferlitten hiene, briek Vlad syn wurd en liet er it garnizoen troch syn troepen ôfslachtsje, nei't it skynt om't er de kommandant fan Giurgiu ferantwurdlik hold foar syn finzenskip yn 1442-1443. Koarte tiid letter kapitulearre it Osmaanske garnizoen fan Ruse ek. Vlad joech asyl oan 11.000 etnyske Bulgaren dy't tsjin 'e Osmaanske oerhearsking fan harren lân yn opstân kommen wiene, en sette syn troepen yn om 'e flechtlingen oer de Donau nei it noarden te helpen. De Boergondyske krúsfarders en it Wallachyske leger setten harren opmars fuort yn noardlik Roemeelje (no Bulgarije), dêr't him op 14 septimber by Nikopolis in Hongaarsk leger ûnder Jan Hunyadi by harren joech. It iere ynfallen fan 'e winter, yn oktober, twong de Boergonjers lykwols om har werom te lûken, mei't se bang wiene dat harren skippen yn 'e Donau fêstfrieze soene.
Neitiid gie it al rillegau berchôf mei de relaasjes tusken de Walachen en de Hongaren. Yn in brief dat er ein 1445 oan 'e boargemasters fan Braşov (yn Transsylvaanje) skreau, beklage Vlad him oer it feit dat Walachyske keaplju dêr arrestearre waarden, ek al hie hy syn "lytse bern ôfslachtsje litten foar de kristlike frede, sadat [hy] en [syn] lân ûnderdienen" fan 'e kening fan Hongarije wurde koene. Ut dy wurden bliek dat er himsels derfan oertsjûge hie dat syn beide jonge soannen yn it Osmaanske Ryk fermoarde wiene, hoewol't de sultan harren yn wurklikheid neat dien hie. Yn 1446 of 1447 sleat Vlad frede mei de Osmanen, wêrby't er sels tastimde yn it weromstjoeren fan 'e Bulgaarske flechtlingen dy't er opnommen hie.
Yn july 1447 kaam Vlad tuskenbeiden yn 'e striid om 'e troan fan it oanbuorjende Foarstedom Moldaavje yn it foardiel fan Roman II fan Moldaavje. De Poalen stipen Roman ek, wylst dy syn rivaal, Peter III, in beskermeling fan Hunyadi wie. Op 20 july 1447 oardere Jan Hunyadi de boargers fan Braşov om beskûl te bieden oan in Walachyske troanpretendint, Vladislav II, in neef fan Vlad. Ein novimber fan dat jier foel Hunyadi mei in Hongaarsk leger ûnferwachts Walachije binnen, mei as doel om Vladislav dêr op 'e troan te bringen. Vlad flechte út syn haadstêd Târgovişte wei, mar waard finzen nommen en tegearre mei syn soan Mircea deade yn 'e moerassen by Bălteni. Yn in brief datearre op 4 desimber 1447 neamde Hunyadi himsels "woiwode fan it transalpine lân", wat derop wiist dat er doe yn it besit wie fan (frijwol) hiel Walachije. Hy pleatste dêr Vladislav op 'e troan. It is ûndúdlik wêr't Vlad II Dracul begroeven is; neffens Cazacu soed er wierskynlik yn it Kleaster fan Snagov lizze, wylst Florescu fan miening is dat er begroeven waard yn in kapel fan it Kleaster fan Dealu, by Târgovişte.
Foarâlden
bewurkje seksjeBasarab I fan Wallachije | ||||||||||||||||
Nikolaas Aleksander fan Walachije | ||||||||||||||||
Marghita | ||||||||||||||||
Radu I fan Walachije | ||||||||||||||||
Jan Dobokai | ||||||||||||||||
Klara Dobokai | ||||||||||||||||
Mircea I fan Walachije | ||||||||||||||||
Kalinikia | ||||||||||||||||
Vlad II Dracul fan Walachije | ||||||||||||||||
ûnbekend | ||||||||||||||||
Houliken en neiteam
bewurkje seksjeNeffens in frij algemien akseptearre teory wie Vlad II Dracul troud mei in dochter fan Aleksander I fan Moldaavje. Neffens de histoarikus Radu Florescu hiet hja doamna Eupraxia. Neffens in oare histoarikus, Matei Cazacu, soe hja Vlad syn twadde frou west hawwe. Cazacu identifisearret Vlad syn earste frou lykwols net.
Vlad hie teminsten fiif soannen en ien dochter. By syn frou (of ien fan syn froulju) krige er:
- Mircea II fan Walachije (1428-1447)
- Vlad III fan Walachije (1429/1431-1476/1477), byneamd Vlad de Speetser (Roemeensk: Vlad Ţepeş) en ek bekend as Vlad Dracula
- Radu III fan Walachije (1437/1439-1475), byneamd Radu de Skiene
- Aleksandra fan Walachije (14??-14??), troude mei de Walachyske bojaar Vintilă Florescu
Fierders hie Vlad ek ferskate oerwûne bern. By in Walachyske ealfrouwe dy't Călţuna (útspr.: "kultsûna") hjitten hawwe soe, sette er Vlad IV oan, byneamd Vlad de Mûnts. Fan in twadde oerwûne soan, Mircea, is inkeld de namme oerlevere.
De neiteam fan Vlad II Dracul kaam bekend te stean as it Hûs Drăculeşti, mei't se Vlad syn bynamme foar harren famyljenamme oannamen yn 'e foarm Drăculea, dat yn it Roemeensk "soan fan Dracul" of "soan fan de draak" betsjut. (Dy namme waard letter wrâldferneamd yn 'e Slavyske foarm Dracula). It konflikt tusken de Drăculeşti en de Dăneşti, de ôfstammelingen fan Vlad syn omke Dan I fan Walachije, en strideraasjes tusken leden fan it Hûs Drăculeşti ûnderling droegen sterk by oan 'e politike ynstabiliteit fan it Foarstedom Walachije yn 'e fyftjinde iuw.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.
|