We're the Millers
We're the Millers is in Amerikaanske swarte misdiekomeedzje út 2013 ûnder rezjy fan Marshall Rawson Thurber, mei yn 'e haadrollen Jason Sudeikis, Jennifer Aniston, Emma Roberts en Will Poulter. De titel betsjut "Wy Binne de Millers". It ferhaal giet oer in lytse drugsdealer dy't troch in drugsbaron, oan wa't er jild skuldich is, twongen wurdt om "in lyts bytsje" drugs út Meksiko oer de grins nei de Feriene Steaten te smokkeljen. Om minder op te fallen by de dûanekontrôle rekrutearret er syn buorlju om har foar te dwaan as syn gesin. Mei-inoar wurde se de Miller-húshâlding. We're the Millers krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar waard in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in BAFTA en ferskate oare prizen.
We're the Millers | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Rawson Marshall Thurber | |
produsint | Chris Bender Vincent Newman Tucker Tooley Happy Walters | |
senario | Bob Fisher Steve Faber Sean Anders John Morris | |
kamerarezjy | Barry Peterson | |
muzyk | Theodore Shapiro Ludwig Göransson | |
filmstudio | New Line Cinema Newman/Tooley Films Slap Happy Productions Heyday Films Benderspink | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Jason Sudeikis Jennifer Aniston Emma Roberts Will Poulter | |
byrollen | Kathryn Hahn Nick Offerman Ed Helms Tomer Sisley Matthew Willig | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 7 augustus 2013 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | swarte misdiekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 110 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $37 miljoen | |
opbringst | $270,0 miljoen | |
prizen | 1 × BAFTA |
Plot
bewurkje seksjeDavid Clark is in lytse drugsdealer yn Denver, dy't him spesjalisearre hat yn 'e ferkeap fan kannabis. As er op in dei berôve wurdt fan syn foarrie èn fan syn jild, komt er yn 'e swierrichheden mei syn taleveransier, drugsbaron Brad Gurdlinger. It meastepart fan it stellen jild bestiet nammentlik út betellings foar ferkochte drugs, dy't David oan Gurdlinger werombetelje moat. Hy stiet no foar $40.000 by de man yn 'e skuld, mar hat sels gjin reade sint mear. Under bedriging mei de dea twingt Gurdlinger David om akkoart te gean mei in plan wêrby't David yn ruil foar $100.000 "in lyts bytsje" kannabis út Meksiko hellet en oer de grins smokkelet nei de Feriene Steaten.
David sjocht net yn hoe't er dat foarinoar bokse moat, mei't de dûane him der daliks útpikke sil. Dan sjocht er in brave húsfader mei syn boargerlike gesin yn in grutte camper omriden, dy't sa'n ûnnoazele yndruk makket dat men him noch net fan it minste of geringste yllegaals fertinke soe. David beslút himsels foar syn tripke nei Meksiko in nije identiteit oan te mjitten en skaft in nije hierstyl en nije klean oan om sa ûnnoazel mooglik te lykjen. Mei Gurdlinger praat er ôf dat dy foar in camper soargje sil. Dan hat er inkeld noch ferlet fan in gesin.
Buorjonge Kenny Rossmore, in opslûpen teenager waans allinnichsteande mem mei in nije frijer útnaaid is, biedt himsels oan om David syn soan te spyljen. Tegearre beprate se de njoggentjinjierrige Casey Mathis, in fan hûs wei rûne dakleaze dievegge, om David syn dochter te spyljen. David freget syn buorfrou Rose O'Reilly, in stripper, om syn frou te spyljen, mar Rose kin David net útstean en wegeret. Se betinkt har lykwols as Todd, de glûpske eigner fan 'e stripklub dêr't se wurket, har oanseit dat de strippers tenei betelle seks hawwe moatte mei de klanten. Mei syn fjouweren foarmje se in nephúshâlding as 'de Millers' en sette se ôf nei Meksiko.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As de Millers harren bestimming berikke, fertelt David oan 'e mânske, ieneagige drugsdealer Ieneach, dy't it drugspakhûs runt, dat er in lading foar 'Pablo Chacón' ôfhelje moat. Gurdlinger hat him ferteld dat 'Pablo Chacón' syn skûlnamme is as er hannel driuwt mei de Meksikaanske drugskartels. It docht bliken dat de hoemannichte kannabis dy't se oer de grins smokkelje moatte, net "in lyts bytsje" is, mar eins twa ton. Fan Ieneach krije se in fruitkoer mei, mar nimmen dy't sjocht dat dêr behalven fruchten ek in mânske tarantula yn sit. Nei't se wer ôfset binne, wurde de Millers frijwol fuortendaliks oanholden troch in korrupte Meksikaanske plysjeman, dy't omkocht wurde wol of oars ôfsûgd troch in man. Mei't er gjin tûzen Amerikaanske dollar by him hat, biedt David Kenny foar dat putsje oan, mar aldergeloks docht op 'e tiid bliken dat it om in misferstân giet en dat de plysjeman eins tûzen Meksikaanske peso's bedoelde.
Yn 'e rige oan 'e Amerikaanske grins moetsje de Millers in oare Amerikaanske húshâlding yn in grutte camper, de Fitzgeralds. De freonlike lju driigje de oandacht op harren te fêstigjen, dat de Millers binne bliid as se harren kwytreitsje. By de grinsoergong wurdt harren camper der by tafal likegoed útpikt foar neier ûndersyk, mar as de dûane ôflaat wurdt troch in stikmannich útnaaiende yllegale ymmigranten, meie se sûnder ûndersocht te wêzen trochride.
Underweis werom nei Denver trapet David it gaspedaal djip yn, net inkeld om't er de drugs sa gau mooglik ôfleverje wol, mar ek om't er fan syn 'gesin' ôf wol, dat him danich op 'e senuwen wurket. As se berchop geane, springt troch de oerbelêstging fan 'e camper mei twa ton drugs in radiatorslang en komme se mei autopech by de kant fan 'e wei lâns te stean. De Fitzgeralds komme harren efterop en biede oan om harren mei te slepen nei in garaazje, in oanbod dat de Millers grif oannimme. By oankomst is it lykwols nei slutingstiid, dat se moatte oant de folgjende deis wachtsje foar't se holpen wurde kinne. Se beslute mei de Fitzgeralds nei in camping te gean, dêr't se de nacht trochbringe sille yn in tinte.
Underweis dêrhinne komt oan it ljocht dat Don Fitzgerald, de heit fan it gesin, in spesjaal agint fan 'e drugsbestridingstsjinst DEA is. Om't se nearne hinne kinne, binne de Millers twongen om it plan troch te setten, ek al wolle se it leafst sa gau mooglik sa fier mooglik by de Fitzgeralds út 'e buert komme. Underwilens binne Kenny en Melissa, de dochter fan 'e Fitzgeralds, fereale opinoar rekke. De bleue Kenny besiket Melissa op ûnbeholpen wize te fersieren, mar wurdt benaud en lit it rinne. Rose stjoert David nei him ta om him goerie te jaan foar de folgjende kear. As letter blykt dat Kenny noch nea mei in famke tute hat, kriget er tuterslessen fan Casey en Rose. Spitigernôch wurde se dêrby trappearre troch Melissa, dy't mient dat Kenny op ynsestueuze wize mei syn eigen suster en mem omslacht. Dy nachts liedt it besykjen fan David en Rose om 'e kaaikes fan 'e camper fan 'e Fitzgeralds te stellen, sadat se útpike kinne, ta in misferstân wêrby't de seksueel frustrearre Edie, de frou fan Don, Rose har boarsten betaast.
Underwilens blykt dat Gurdlinger David bedragen hat en dat er him der eins op útstjoerd hat om drugs te stellen fan (of fermoarde te wurden troch) de echte Pablo Chacón, in ûnmeilydsume Meksikaanske drugsbaron. Dat de dieverij slagge is, komt trochdat Chacón tafalligerwize in soartgelikense ûnnoazele Amerikaanske húsfader ynhierd hie om drugs foar him te smokkeljen. As it fersin fan Ieneach oan it ljocht komt, sette hy en Chacón de efterfolging yn. Nei in nacht op 'e camping sette de Fitzgeralds de Millers ôf by de garaazje, dêr't harren camper ûnderwilens reparearre is. Nei't de Fitzgeralds har ôfjûn hawwe, wurde de Millers binnendoar net opwachte troch de monteur, mar troch Ieneach en Chacón.
Dyselden wolle harren fermoardzje, mar de Millers bychtsje op dat se eins gjin echte húshâlding binne en dat se gjin idee hiene dat se stielen en fan wa. Chacón leaut der neat fan en daget Rose út om te bewizen dat se in stripper is troch in striptease foar him te dwaan. Se brûkt de dûns om deunby Chacón te kommen en him dan te brânen mei in buis dêr't gleonhjitte steam út komt. Kenny nimt plak efter it stjoer fan 'e camper en riidt Ieneach om. De oaren klimme gau oan board en ûntsnappe sa oan 'e razene drugsdealers. Troch Kenny syn gebrek oan stjoertalint bedarret de camper lykwols al rillegau yn 'e berm, dêr't er op in hier nei oer de kop slacht. Troch alle gehobbel en geslinger rûgelet de fruitkoer om en giet de tarantula op 'e siik nei in nij skûlplak. It bist klimt Kenny by de bokse op en byt him yn ien fan syn testikels. Kenny kriget in allergyske reäksje en moat mei tûzen hasten nei it sikehûs ta brocht wurde.
Underwilens parkearret David de camper by in pleatslike merke, dy't holden wurdt yn it ramt fan Amerikaanske Unôfhinklikheidsdei. Dêr skillet er Gurdlinger op om ferhaal te heljen oer it bedroch dat him en syn sabeare húshâlding op in hier nei it libben koste hat. Gurdlinger giet akkoart mei in ferheging fan David syn beleanning ta $500.000, op it betingst dat er de drugs dyselde jûns foar midsnacht noch ôfleveret. Sadwaande is David bot hastich as Kenny einlings en te'n lêsten út it sikehûs komt. Hy draaft mei him yn 'e rolstoel nei de camper ta, mar dat giet sa need dat de rolstoel mei Kenny deryn oer de kop slacht. Rose en Casey wolle mei Kenny wer werom nei it sikehûs, mar dêr wol David neat fan witte. Se krije wurden, wêrby't David by fersin sels oan it ljocht bringt dat er in betelling fan fiif ton mis rinne sil as de drugs net foar midsnacht te plak binne. Mei't er Rose $30.000 ûnthjitten hat, Casey mar $1.000 kriget en Kenny hielendal net betelle wurdt, liedt dat ta oanboazjende lulkens by de oaren. De rûzje rint sa heech op dat David syn 'gesin' úteinlik stean lit en allinne mei de camper ôfset.
Casey siket treast by Scottie P., in jonge merkewurker mei wa't se it earder dy middeis oanlein hat doe't Kenny yn it sikehûs lei. Scottie blykt no lykwols út te wêzen op seks, en as Casey oanjout dat se dêr gjin nocht oan hat, besiket har seksueel oan te taasten. As Rose dat sjocht, slacht se him del, wêrnei't er ôfdript. Underwilens blykt David al rillegau syn 'gesin' te missen. Hy fielt him skuldich oer syn hâlden en dragen en keart úteinlik om en giet werom nei de merke. Hy fynt syn 'frou' en 'bern' en smeekt harren om him te ferjaan en mei te kommen, en úteinlik, nei't er tasein hat de $500.000 yn fjouweren te ferpartsjen, sadat se allegearre $125.000 krije, strike se de hân oer it hert en sille se mei-inoar fierder.
Underweis werom nei harren camper komme de Millers lykwols Edie en Melissa Fitzgerald tsjin. Melissa fertelt har mem einlings dat se Kenny mei syn eigen mem en suster tútsjen sjoen hat. Der sit dan foar de Millers neat oars op as om op te bychtsjen dat se eins gjin famylje faninoar binne, mar drugssmokkelders dy't beare in gesin te wêzen om 'e dûane op in falsk spoar te setten. Op dat stuit wurde de Millers ûntdutsen troch Ieneach, dy't ek op 'e merke omstrúnt. Hy risselwearret om harren dea te sjitten, mar Don Fitzgerald komt út syn camper en slacht de drugsdealer yninoar mei in termosbeker. Hy hat it hiele petear heart en wol no ek de Millers arrestearje, mar ear't dat syn beslach krije kin, komt Pablo Chacón foar 't ljocht en bedriget Melissa mei in pistoal. Nei't Don him oerjûn en syn termosbeker ynlevere hat, wol Chacón de Millers deasjitte, mar krekt op dat stuit giet it fjoerwurk ta gelegenheid fan Amerikaanske Unôfhinklikheidsdei ôf en as er dêrtroch eefkes ôflaat wurdt, springt David him op 'e hûd en ûntwapenet him, wêrnei't Kenny him delslacht.
Neitiid falle Kenny en Melissa inoar yn 'e earms en winkselje in ynmoedige tongtút út. Wylst se dêrnei steane te sjen, komt David Rose oer it mad troch har te tútsjen. Don Fitzgerald arrestearret Chacón en seit dat er itselde mei de Millers dwaan sil, mar dat er him earst eefkes omdraaie moat om syn frou en dochter oan te krûpen. Rose, Casey en Kenny brûke dy net sa subtile hint om stil wei te wurden, mar David betinkt him.
De oare deis, as David de drugs ôfleveret by Gurdlinger, seit dyselde tsjin him dat er der spitigernôch neat foar betelje kin, om't David de ôflevering net foar midsnacht dien hat, lykas ôfpraat. David freget him oft er wol betelle hawwe soe as er de drugs wol foar midsnacht brocht hie, en dêrop antwurdet Gurdlinger ûntkennend. David seit dat it dan mar moai is dat er it op akkoartsje goaid hat mei de DEA. Dêrop falle Don Fitzgerald en syn arrestaasjeteam de filla binnen en pakke Gurdlinger en syn trewanten op. Don seit tsjin David dat er no yn it tsjûgebeskermingsprogramma opnommen wurde sil oant de saak tsjin Gurdlinger en Chacón foar de rjochter komt. Dêr heakket er oan ta dat itselde jildt foar alle oare tsjûgen.
Letter wenje de Millers ta tefredenens fan alle fjouwer 'gesinsleden' as ien húshâlding yn in wente yn in anonime bûtenwyk earne yn 'e Feriene Steaten, dêr't se marihûanaplanten kweke yn 'e blomperkjes en de gek hawwe mei de ûnnoazele buorlju.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
David Clark | Jason Sudeikis |
Rose O'Reilly | Jennifer Aniston |
Casey Mathis | Emma Roberts |
Kenny Rossmore | Will Poulter |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Edie Fitzgerald | Kathryn Hahn |
Don Fitzgerald | Nick Offerman |
Brad Gurdlinger | Ed Helms |
Pablo Chacón | Tomer Sisley |
Ieneach | Matthew Willig |
Melissa Fitzgerald | Molly Quinn |
Scottie P. | Mark L. Young |
Meksikaanske plysjeman | Luis Guzmán |
Rick Nathanson | Thomas Lennon |
stripklubeigner Todd | Ken Marino |
stripper Kymberly ("Boner Garage") | Laura-Leigh |
dokter yn sikehûs | Scott Adsit |
dûanier | Sam Richardson |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeWe're the Millers waard al yn 2002 yn preproduksje nommen. Tsjin 2006 waard bekendmakke dat Steve Buscemi de drugsdealer spylje soe en Will Arnett in oare, net spesifisearre, rol yn 'e film hawwe soe. Fierder kaam de ûntwikkeling lykwols net, oant yn april 2012 troch ferskate boarnen rapportearre waard dat Jason Sudeikis en Jennifer Aniston yn 'e haadrollen cast wiene.
We're the Millers waard regissearre troch Rawson Marshall Thurber nei in senario fan Bob Fisher, Steve Faber, Sean Anders en John Morris. As produsinten wiene Chris Bender, Vincent Newman, Tucker Tooley en Happy Walters by it projekt belutsen foar de filmstudio's New Line Cinema, Newman/Tooley Films, Slap Happy Productions, Heyday Films en Benderspink. Foar de film wie in budget beskikber fan $37 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Barry Peterson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Theodore Shapiro en Ludwig Göransson.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar We're the Millers setten op 23 july 2012 útein yn 'e EUE/Screen Gems Studios yn Wilmington yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina. Der waard ek filme yn 'e steat Nij-Meksiko, yn 'e omkriten fan Albuquerque.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan We're the Millers waard fersoarge troch Warner Bros. De film waard foar it earst fertoand op 3 augustus 2013 op it Filmfestival fan Traverse City, yn Michigan, en gie dêrnei op 7 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. We're the Millers waard op 19 novimber 2013 útbrocht op dvd en blu-ray, op twa skiven, mei sawol de bioskoopferzje as in extended cut mei 8 minuten ekstra byldmateriaal. As bonusmateriaal wie 45 minuten oan dokumintêres en by de filmmontaazje fuortknipte sênes tafoege.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige We're the Millers mingde resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 160 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "We're the Millers fergriemt syn pontinsjeel mei in ûngelikens, loai gearstald ferhaal." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet We're the Millers in goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 38 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeWe're the Millers brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $150,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $119,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $270,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $37 miljoen betsjut dat in winst fan $233,0 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
bewurkje seksjeWill Poulter wûn mei syn rol fan Kenny yn We're the Millers in BAFTA foar bêste riizjende stjer. Hy wûn ek de MTV Movie Award foar bêste trochbraakoptreden en waard nominearre foar de Empire Award foar bêste manlike nijynkommeling. Emma Roberts wûn de Teen Choice Award foar favorite aktrise yn in komeedzjefilm. Poulter, Roberts en Jennifer Aniston wûnen de MTV Movie Award foar bêste tút. We're the Millers waard fierders nominearre foar fjouwer People's Choice Awards, fjouwer oare MTV Movie Awards en twa oare Teen Choice Awards.
Ferfolchfilm
bewurkje seksjeYn febrewaris 2014 makken filmstudio's Warner Bros. en New Line Cinema bekend dat der in ferfolchfilm yn produksje nommen wie, dy't We're Still the Millers ("Wy Binne Noch Altyd de Millers") komme soe te hjitten. Anno 2022 is dêr fierders noch gjin nijs oer.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan We're the Millers
- (in) Ynformaasje oer We're the Millers yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |