Westromeinske Ryk

(Trochferwiisd fan West-Romeinske Keizerryk)

It Westromeinske ryk (yn it Latyn Imperium Romanum Pars Occidentalis) ûntstie yn 395, it jier dat it Romeinske Ryk foarfêst opspjalten waard yn in eastlik en in westlik part. Wylst it Eastromeinske Ryk, better bekend as it Byzantynske Ryk, oant 1453 in keizerryk bliuwe soe, kaam der nei in stadich ferfal yn 476 in ein oan it Westromeinske Ryk doe't de lêste keizer, Romulus Augustulus, troch de Ostrogoatyske fjildhear Odoäker ôfsetten waard.

Dieling fan it Romeinske Ryk yn 395.

Skieding fan it Romeinske Ryk

bewurkje seksje

Al sûnt de dea fan Konstantyn de Grutte yn it jier 337 hienen de beide helten fan it Romeinske Ryk elk al in eigen keizer. It bewâld oer it westen hienen (diels as usurpator): Konstantyn II (337–340), Konstans I (340–350), Magnentius (350–353), Julianus Apostata (355–360), Falentinianus (364–375), Gratianus (375–383), Magnus Maksimus (383–388), Falentinianus II (383–392) en Eugenius (392–394). De keizers wienen ferantwurdlik foar it bestjoer en ferdigening fan it westen en hienen Galje (Trier) as residinsje, pas by Falentinianus II en Teodosius de Grutte waard Milaan keazen as residinsjestêd.

Mei de dea fan Theodosius I yn 395 waard de dieling fan it Imperium Romanum definityf. De earste keizer fan it Eastromeinske Ryk waard syn soan Arkadius (383-408), de earste keizer fan it Westromeinske Ryk waard syn oare soan Honorius (393-423). De haadstêd fan it Eastromeinske Ryk waard Konstantinopel, yn it westen húsmanne it hôf earst yn Milaan, letter meastal yn Ravenna of Rome.

 
It West- en Eastromeinske Ryk yn 476.

Fuort nei de dea fan keizer Theodosius I hellet de foederaty yn grutte dielen fan it ryk de bestjoerlike en militêre macht nei him ta. Foederaty lylas de Fisigoaten en de Boergonden makken harsels los fan it Romeinske Ryk troch it stiftsjen fan eigen keninkriken. Nei de ynvaazje van de Westgoaten yn 402 op it Italjaanske skiereilân beslute Honorius om it hôf fan Mediolanum (Milaan) te ferpleatsen nei Ravenna, in stêd dy't better ferdigene wurde koe. Op de Britske eilannen fielden Westromeinske soldaten har allinnich litten en namen sels it inisjatyf ta it weromlûken nei Galje. Brittanje waard by it Grutte Folkeferfarren ûnder de foet rûn troch Angelen, Friezen, Juten en Saksen. Yn it jier 406 wie de Ryn as ryksgrins net mear te hâlden doe't ûnder oaren de Fandalen en Sueven it noarden fan Galje binnenfoelen. De Frankyske foederaty en de Romeinske grinstroepen („Limitanei“) koenen de Germaanske stammen net keare en waarden ferslein. Yn 405 wie in Goatysk leger it Westromeinske Ryk binnenfallen, mar koe troch Stilicho tsjinhâlden wurde. Nei de dea fan syn broer Arkadius fan it Eastromeinske Ryk liet Honorius syn riejouwer en legeroanfierder Stilicho fermoardzje. Wylst wegere it regear yn Ravenna om noch mear lân oer te jaan oan de Fisigoaten, dy't ûnder Alarik I yn 410 de stêd Rome plonderen. It Fisigoatyske Ryk besloech om 500 hinne it grutste part fan de eardere provinsje Hispanje en Akwitaanje, mar moasten Akwitaanje nei de Slach fan Fouillé yn 507 ôfstean oan in ferbûn fan Franken en Boergonden. De Romeinske provinsje Afrika wie nei de besetting fan Kartago yn it jier 439 ûnderdiel fan it Fandaalske Ryk.

Yn grutte dielen fan Galje koenen de Romeinen ûnder lieding fan Aetius de macht noch wat langer hâlde. It Boergondyske ryk oan de Ryn waard sels yn 436 troch de Hunnen ferneatige. Yn 450 feroare de alliânsje fan de Hunnen ûnder Hunnekening Attila, dy't syn folk ferbûn mei de Ostrogoaten, Gepiden en Alanen. By de stêd Troyes (ûnderdiel fan de hjoeddeistige Champagne-Ardennen) waard de Slach op de Katalaunyske Fjilden op 20 septimber 451 útfochten tsjin it Romeinske leger fan Aetius mei in grut tal foederaty-kontinginten fan Fisigoaten en Franken. De Hunnen waarden net ferneatige en foelen út wraak Rome oan, mar wierskynlik fanwege in sykte yn syn leger moast Atilla lang om let belies jaan. De Slach op de Katalaunyske Fjilden is it lêste grutte militêre yngripen fan it Westromeinske Ryk.

Ein fan it Westromeinske Ryk

bewurkje seksje
 
It Ostrogoatyske ryk, boud op de resten fan it Westromeinske Ryk

De Skieren, Herulen en Gepiden ferlearen yn 469 yn Pannoanje de Slach oan de Bolia tsjin de Ostrogoaten. De Skieren en Herulen flechten nei Itaalje ta en waarden dêr opnommen yn it Romeinske leger, dat doe benammen bestie út hierlingen. Yn it leger makke Odoäker opgong en hy waard de militêre lieder fan de Germaanske foederaty. De lêste keizer fan it Westromeinske Ryk wie Romulus Augustulus. De foargonger fan Romulus, keizer Julius Nepos wie troch Romulus syn heit Orestes fuortjage nei Dalmaasje, dêr't Nepos yn it jier 480 troch eigen soldaten fermoarde waard. Romulus wie noch mar in bern fan tsien jier âld, doe't er op 30 oktober 475 troch syn heit Orestes op de keizerlike troan fan it Westromeinske Ryk setten waard. Yn it jier 476 waard Romulus Augustulus as lêste keizer ôfsetten troch Odoaker, earste Germaanske kening fan Itaalje. De machtsoername fan Odoaker is winliken de ein fan it Westromeinske Ryk. Mei it tanimmen fan syn macht ferlear Odoaker syn goede relaasje mei keizer Zeno fan it Eastromeinske Ryk. De keizer besocht om Odoaker fuort te krijen en stjoerde de kening fan de Ostrogoaten Diderik de Grutte nei it Italjaanske skiereilân. Under keizer Zeno wie Diderik de Grutte generaal en waard yn 484 beneamd ta konsul. Diderik de Grutte oermastere it Italjaanske skiereilân en stifte dêr syn Ostrogoatyske ryk.