Fisigoaten

(Trochferwiisd fan Westgoaten)

De Fisigoaten wienen in Eastgermaansk folk dat in wichtige rol spile yn it Romeinske Ryk, yn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren en de iuwen flak dêrnei. It folk ûntstie, tegearre mei harren bruorre-folk de Ostrogoaten, doe't healwei de 3e iuw it Goatyske folk yn dy twa helten útienfoel.

Neffens de klassike skiedskriuwers wurdt der sûnt 270 ûnderskied makke tusken Fisigoaten en Ostrogoaten. Nei alle gedachten binne de beneamings ûntstien troch de ferskate gebieten dêr't de Goaten earder fêstige wienen. Omdat Ostrogoaten stiet foar Eastgoaten, is de namme Fisigoaten wol útlein as Westgoaten. Dy útlis is lykwols kontroversjeel. In oare útlis fan de namme Fisigoaten, is "moedige Goaten", wylst ek wol de betsjutting "wize Goaten" suggerearre is.

De ynkringers dy't foar 270 noch "Goaten" hieten, wurden dan ynienen oantsjutten mei de namme "Fisigoaten".

It earste opkommen fan de Fisigoaten

bewurkje seksje

It foarfal dat as earste optekene waard oer de Fisigoaten as selsstannich folk, wie de ynvaazje yn 268, doe't sy yn grutte oantallen in ynfal dienen yn it Romeinske ryk en gâns oer de Balkan útswarmen. By dy ynvaazje waard troch harren de Romeinske provinsjes Pannoanje en Illyrikum plondere en bedrigen sy sels Itaalje. Dochs waarden sy in pear kear efter inoar ferslein troch de Romeinen en foaral de ferlies yn de Slach by Naissus (268) kaam hurd oan.

Yn de trije jierren derop folgjend waard it Fisigoatyske folk stadichoan tebek dreaun troch de keizers Klaudius II en Aurelianus en werom de rivier de Donau oerjeie. Lykwols kinne hja sy de foarút-skowde Romeinske provinsje Daasje hâlde, dy't troch keizer Aurelianus yn 271 ûntromme waard. Mar de oerwinning fan de Romeinen op de Fisigoaten hie sa folslein west dat dit folk oant de earste helte fan de 4e iuw oan ta net folle mear yn te bringen hie.

Yn it begjin fan de 4e iuw wennen de Fisigoaten yn Bessaraabje, in Romeinske provinsje yn de omkriten fan it hjoeddeiske Moldaavje. Sy hienen dêr de Fandaalske Asdingen as buorlju. Omdat de Fisigoaten net by steat wiene rôftochten op Romeinske gebiet te hâlden, foelen sy it gebiet fan de Fandalen binnen. De slach tusken beide folken, de slach oan de Moeresjoel yn 334, waard troch de Fisigoaten ferlern, mar hat der wol ta late dat de Fandalen út West-Sevenburgen fuort teagen.

Bekearing ta it Kristendom

bewurkje seksje
 
It ryk fan de Fisigoaten om 500 hinne

Neidat de Fisigoaten Daazje ta harren nije wengebiet makke hienen, bekearden sy har ta de Ariaanske foarm fan it Kristendom. Yn dit kristlik leauwen wurdt Jesus Kristus as in wêzen fuortendaliks ûnder God sjoen. De oanhingers fan dizze streaming stienen rjochttsjinoer de oanhingers fan it Katolisisme, dêr't Jezus Kristus by sjoen wurdt as in ferskining fan God. Ek nei't it Arianisme troch it Romeinske bewâld binnen it Romeinske Ryk útrûge wie, bleaunen de Fisigoaten fêsthâlden oan it Arianyske kristendom, oant kening Rekkared I him yn 589 ta de Katolike foarm bekeare liet.

In wichtige rol by de kerstening fan de Goaten wie weilein foar biskop Wulfila. Op syn inisjatyf ferskynde in oersetting fan de bibel yn it Goatysk. De fragminten dy't fan dizze oersetting oerbleaun binne foarmje de âldste optekene boarne yn in Germaanske taal.

Bûnsmaten fan de Romeinen

bewurkje seksje

Yn 376 ferskinen de Hunnen oan de grinzen fan it Ostrogoatyske ryk; it gebiet dêr't it oare part fan de Goaten wenne. Dizze Hunnen, dy't út Aazje kaam wienen ferneatigen it ryk yn de Oekraïne en ûnderwurpen it bruorrefolk fan de Fisigoaten. Al gauris hienen de Fisigoaten it ek mei de Hunnen te stellen. Hja besleaten dêrom harren wengebiet yn Daazje te ferlitten en besochten tastimming te krijen om harren yn it Romeinske ryk te festigjen. Under Fritigern krigen sy dy tastimming fan de Romeinske keizer Falens en mochten sy harren besuden de Donau-igge festigje. As tsjinprestaasje moasten de Fisigoaten soldaten ôfstean oan it Romeinske leger. Sy krigen de status fan foederaty.

 
It folkeferfarren fan de Fisigoaten

Doe't it jier dêrop hongersneed útbruts by de Fisigoaten en sy tige min behannele waarden troch de Romeinske gûverneur kamen sy yn opstân tsjin de Romeinen. Op de Balkan bruts in kriich út dy't einige mei de slach by Adrianopel op 9 augustus 378. Yn dizze slach kaam de Fisigoatyske lieder as oerwinner te foarskyn en skeat de Romeinske keizer it libben derby yn. Sûnt dy tiid hearske Fritigern oer de Balkan en neamde hy himsels kening fan de Fisigoaten. Nei ûnderhannelings sletten de Fisigoaten yn 382 frede mei de Romeinen. Under geunstige betingsten lieten sy har wer oerhelje ta in bûnsskip mei de Romeinen. Sy waarden opnij foederaty en krigen Traasje en Moesje as wengebieten tawiisd.

Selsstannich ryk

bewurkje seksje

De frede hâld stân oant 395. De Fisigoatyske kening Alarik focht kear op kear tsjin de legers fan de Germaanske generaals fan Rome, oant de Fisigoaten úteinlik de oerhân krigen en yn 410 Rome ynnamen. Doe't de frede úteinlik werombrocht wie stie keizer Honorius de Fisigoaten yn 418 ta harren yn de provinsje Akwitaanje te fêstigjen. Hjir stiften de Fisigoaten in selsstannich Fisigoatysk keninkryk. It ryk woeks út oant it njonken Akwitaanje it grutste part fan it Ibearyske skiereilân omfieme. Nei in iuw, yn 507 waard Akwitaanje ferlern oan de Franken, mar it súdlik part fan it ryk bleau yn stân. Earst twa iuwen letter, yn 711, waard it troch de út it suden opkringende moslims ûnder Tarik ibn Ziyad ferslein en ynnaam.

  • Schreiber, Hermann, de Goten: vorsten en vazallen, (1979).
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen