A Perfect World (film)

film út 1993 fan Clint Eastwood

A Perfect World is in Amerikaanske histoaryske misdiefilm, dramafilm, plysjefilm en roadmovie út 1993 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrollen Kevin Costner, T.J. Lowther en Eastwood sels. De titel betsjut "In Perfekte Wrâld". It ferhaal folget de ûntsnapte krimineel Butch Haynes, dy't yn 1963 in achtjierrich jonkje gizelet en mei him útnaait. Wylst se troch Teksas reizgje, efterfolge troch de plysje û.l.f. Texas Ranger Red Garnett, ûntjout Haynes him ta in soarte fan heitefiguer foar it heiteleaze jonkje. A Perfect World krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e Feriene Steaten flopte de film yn 'e bioskopen, mar om utens wie it in kommersjeel súkses. Guon kritisy en fans beskôgje A Perfect World as ien fan Eastwood syn bêste films.

A Perfect World
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Clint Eastwood
produsint Mark Johnson
David Valdes
senario John Lee Hancock
kamerarezjy Jack N. Green
muzyk Lennie Niehaus
filmstudio Malpaso Productions
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Kevin Costner
T.J. Lowther
Clint Eastwood
byrollen Laura Dern
Keith Szarabajka
Leo Burmester
Bradley Whitford
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 24 novimber 1993
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske misdiedramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 138 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $133,6 miljoen

Yn 1963 ûntsnappe de feroardiele kriminelen Butch Haynes en Terry Pugh nachts út 'e Steatsfinzenis yn it Teksaanske Huntsville. Op 'e siik nei in auto dy't se stelle kinne om fluch fier fuort te kommen, bedarje se moarns ier yn 'e wenwyk dêr't de achtjierrige Philip Perry wennet mei syn fromme mem, in Jehova's Tsjûge, en en syn beide susters, dy't in pear jier âlder as him binne. Pugh kringt harren wente binnen en set útein mei de seksuele oantaasting fan 'e mem, mar Butch leit dêr it near op. As in âldere buorman mei in jachtgewear op it leven ôf komt, hawwe de beide ûntsnapte kriminelen ferlet fan in gizelder. Butch kiest dêrfoar Philip út, dy't hearrich docht wat him sein wurdt. Trijeresom ûntkomme se yn 'e auto.

De Texas Rangers, de steatsresjerzje fan Teksas, wurde op 'e hichte steld fan 'e gizeling. Texas Ranger Red Garnett kriget de lieding oer de saak, wêrby't er fan ferskillende kanten help taparte kriget dy't er nei eigen miening misse kin as pinemûle. De FBI, de federale resjerzje, stjoert him in skerpskutter, spesjaal agint Bobby Lee, wylst de gûverneur him in jonge kriminologe op it dak skood, dy't Sally Gerber hjit. Mei in stikmannich ûnderhearrigen fan Garnett sette se ôf yn in mânske caravan, dy't as it haadkertier tsjinnet dêr't Garnett de klopjacht op 'e kriminelen wei koördinearret.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De reis fan it trio fuortflechtigen nimt al rillegau in ferfelende kear as bliken docht dat Butch en Pugh inoar net luchtsje of sjen kinne. Om him syn plak te learen, slacht Butch Pugh op in stuit in brutsen noas. Letter, as er yn in doarp in winkel besiket om foarrieden yn te slaan, jout er Philip it iennichste pistoal dêr't se oer beskikke om Pugh ûnder skot te hâlden. It pistoal blykt letter net laden te wêzen, en Pugh hat net folle muoite om it fan it jonkje ôf te pakken. Dêrnei besiket er him oan it jonkje te fertaasten, mar Philip ûntkomt en ferskûlet him fuort njonken de wei op in ikker tusken it hege stynske weet. As Butch weromkomt út 'e winkel, dêr't er ûnder mear munysje foar it pistoal kocht hat, sjit er Pugh dea.

Underwilens blykt FBI-man Lee in ûnfatsoenlike hurk te wêzen. Mei kriminologe Sally Gerber, mei wa't Texas Ranger Garnett earst noch it measte botste, berikt er in ferstânhâlding wêrby't se allebeide hieltyd mear respekt foarinoar krije. Yn in petear ûnder fjouwer eagen bringt Garnett oan har út dat er in persoanlik belang yn dizze saak hat. Foar't er him by de Texas Rangers joech, wied er nammentlik sheriff yn Amarillo, yn 'e Teksaanske Panhandle, dêr't Butch as fjirtjinjierrige teenager ek wenne. Doe't dyselde ris in auto stiel foar in joyride, beprate Garnett de rjochter om 'e jonge net de normale lichte straf foar sa'n fergryp te jaan, mar om him ynstee foar fjouwer jier op te sluten yn 'e Steatsskoalle fan Gatesville, in tuchtskoalle yn Gatesville. Dat died er net út gemienens, mar poer om 'e jonge by syn mishanneljende heit en út it fermidden fan húslik geweld te krijen. Hy tocht dat de jeugdfinzenis foar Butch feiliger wie as syn âlderlik hûs. Guon jonges dy't nei 'Gatesville' giene, kamen der better út as se der yngiene, ien waard letter sels preester. No beseft Garnett lykwols dat de fjouwer jier yn 'e jeugdfinzenis fan Butch in behurde krimineel makke hawwe, en dat hy dêr ferantwurdlik foar is. Hy hopet Butch yn te rekkenjen en op 'e iene of oare manear syn flater dochs noch rjocht te setten.

Philip hat nea meidien oan it biddeljend by de doarren lâns gean mei Halloween, om't dat tsjin it leauwe fan 'e Jehova's Tsjûgen yngiet. Likemin hat er ea kryst of syn eigen jierdei fierd. No't er allinnich mei Butch op 'en paad is, ûnderfynt er foar it earst in frijheid dy't him in útskroeven gefoel jout. Butch sjocht it nammentlik as syn taak om 'e tekoartkommings yn Philip syn opfieding te ferhelpen. Sa lit er him in út in winkel stellen Halloween-kostúm fan Casper it Freonlike Spûkje drage, en as er foar it ferstân kriget dat de jonge noch nea yn in achtbaan sitten hat, bynt er him op it autodak fêst oan 'e ymperiaal, sadat er der in idee fan krije kin hoe't in achtbaan oanfielt. Stadichoan wurdt Philip him hieltyd mear bewust fan wat der om him hinne om en ta giet, en mei oanhâldende oanmoedigings fan Butch liket er it fermogen te ûntwikkeljen om selsstannich besluten te nimmen oer wat goed en kwea is. Troch de bân dy't der tusken harren groeit, begjint Butch tsjin wil en tank njonkelytsen foar de heiteleaze jonge almar mear it heitefiguer te wurden dat er sels yn syn jonkheid nea hân hat.

Butch en Philip besykje de noardgrins fan Teksas oer te stekken nei de Oklahoma Panhandle, mar de wei dy't se keazen hawwe blykt nei tweintich jier noch altyd net ôf te wêzen. Wylst se de nacht trochbringe yn 'e auto yn in fjild mei stynske weet, komme se de swarte boere-arbeider Mack tsjin, dy't harren sûnder euvelmoed in sliepplak oanbiedt by him thús. De oare moarns komme se dêr yn 'e kunde mei Mack syn frou Lottie en harren seisjierrige pake- en beppesizzer Cleve. Mack blykt losse hantsjes te hawwen en Cleve is dêr geregeldwei it slachtoffer fan. Butch besiket him net mei oarmans saken te bemuoien. As Mack op 'e radio in nijsbulletin heart oer in ûntsnapte krimineel dy't mei in achtjierrich jonkje by him ûnderweis is nei Oklahoma, beseft er mei wa't er fan dwaan hat. Op dat punt fielt Butch him net mear beswierre om Mack in leske te learen. Hy jout him in wan bruien en liket deropta te wurkjen om him te fermoardzjen, oant Philip it delleine pistoal oppakt en Butch dêrmei yn 'e side sjit.

Philip draaft nei bûten ta en smyt it fjoerwapen yn 'e saad foar't er útnaait troch de greiden. In ferwûne Butch folget him oant er úteinlings ûnder de beam sitten giet dêr't Philip yn klommen is. Butch seit dat er Philip neat neinimt, al hied er nei alle gedachten Mack likegoed net deamakke. Yn syn hiele libben hat er nammentlik mar twa lju ombrocht: in klant dy't syn mem (dy't prostituee wie) sear die doe't er acht jier wie, en Pugh, om't er Philip sear dwaan woe. Philip klimt út 'e beam en seit dat it him spyt dat er Butch delsketten hat. Butch befêstiget dat er it goede dien hat.

Underwilens is de plysje warskôge, dat Garnett en syn team, ûnderstipe troch it hiele pleatslike plysjekorps, arrivearje op it toaniel. Butch en Philip wurde besingele, mar as de mem fan it jonkje mei in helikopter brocht wurdt, stjoert Butch him nei har ta, nei't er har ûnthjitte litten hat dat se Philip tenei elts jier op Halloween meinimme sil by de doarren lâns, en dat se ek ris mei him nei de merke sil om in sûkerspin te iten. Wylst Philip nei de plysjebarrikade en syn mem ta rint, besiket Butch heal krûpend te ûntkommen yn 'e oare rjochting. Philip beseft dat er syn ferwûne freon net efterlitte wol en draaft werom om him op te heljen. Butch lit him troch it jonkje meiskuorre nei de plysje ta om him oer te jaan. Garnett giet harren sûnder wapen yn 'e mjitte en stiet ta dat Butch ôfskie nimt fan Philip. Dy wol it jonkje de ansichtkaart út Alaska jaan dy't syn eigen heit him jierren en jierren lyn stjoerd hat, mar as er yn syn bûse rikt, beslút de sjitgrage skerpskutter Bobby Lee dat er nei in wapen oan it taasten is, en sjit him dea.

Garnett is poerrazen oer dy ôfrin en slacht Lee del foar't er troch de oare oanwêzige plysjes yn betwang holden wurde kin. Sally Gerber hellet har knibbel omheech yn Lee syn krús foar't se Garnett folget. As se allinnich binne, freget se him: "Witst dochs wol datst alles dien hast datst dwaan koest, no?" Hy antwurdet: "Ik wit neat. Hielendal neat." Philip wurd weriene mei syn mem, en wannear't se fuortfleane yn 'e helikopter, sjocht er drôf del op it stoflik omskot fan Butch, dat dêrûnder yn it gers leit.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Kevin Costner.
 
Clint Eastwood.
 
Laura Dern.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise 
Robert "Butch" Haynes Kevin Costner
Philip Perry T.J. Lowther
Texas Ranger Red Garnett Clint Eastwood


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kriminologe Sally Gerber Laura Dern
Terry Pugh Keith Szarabajka
Texas Ranger Tom Adler Leo Burmester
FBI-agint Bobby Lee Bradley Whitford
Gladys Perry Jennifer Griffin
Dick Suttle Paul Hewitt
Texas Ranger Bradley Ray McKinnon
Doreen Linda Hart
Bob Fielder John M. Jackson
frou Fielder Connie Cooper
Bob Fielder jr. Cameron Finley
Patsy Fielder Katy Wottrich
Lottie Mary Alice
Mack Wayne Dehart
Cleve Kevin Jamal Woods
glimkjende winkelbetsjinde Elizabeth Ruscio
Paul Saunders Bruce McGill
Halloween-frou op boerespultsje Margaret Bowman
buorman mei jachtgewear James Jeter
Pete Gil Glasgow
plysjeman Marco Perella

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

It senario foar A Perfect World waard skreaun troch John Lee Hancock. Filmprodusint en regisseur Steven Spielberg joech der blyk fan dat er belangstelling hie foar it regissearjen fan 'e film, mar hy koe it net ynpasse yn syn wurkskema, mei't er yn dy snuorje besteld wie mei de rezjy fan Jurassic Park.

Clint Eastwood krige it skript ûnder eagen wylst er dwaande wie mei de plysjefilm In the Line of Fire. It wie in drokke tiid foar him, mei't er ek behelle wie yn 'e kampanje fan syn western Unforgiven foar de Oscars. Hy seach yn A Perfect World in kâns om inkeld as regisseur te wurkjen ynstee fan dat er sawol regisseur as haadrolspiler wie. Doe't Kevin Costner as haadrolspiler yn 'e rol fan Butch Haynes cast waard, oppenearre dy lykwols dat de rol fan Texas Ranger Red Garnett Eastwood op it liif skreaun wie. Eltsenien wie it dêrmei iens, dat Eastwood besleat dy rol sels te spyljen. Mei't it in wichtige rol wie, mar dochs ien mei oansjenlik minder byldtiid as dy fan Costner, joech him dat dochs de kâns om mear efter as foar de kamera te wurkjen.

As produsinten wiene Mark Johnson en David Valdes by it projekt belutsen foar Eastwood syn filmstudio Malpaso Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jack N. Green, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Lennie Niehaus. De opnamen foar A Perfect World fûnen plak yn 'e maityd en simmer fan 1993 op lokaasje yn Teksas: yn Austin, Martindale en op it plattelân tusken San Marcos en Lockhart.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan A Perfect World waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 24 novimber 1993 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige A Perfect World oer it algemien positive resinsjes. Sa neamde Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times it "in film dêr't eltse libbene regisseur grutsk syn namme ûnder sette kin". Yn The New York Times omskreau Janet Maslin A Perfect World as "in djip gefoelige, ferrifeljend ienfâldige film dy't it hichtepunt is fan Eastwood syn karriêre as regisseur oant no ta." In protte resinsinten, ûnder wa Maslin, ynternetfilmkritikus James Berardinelli en Marc Savlov fan 'e Teksaanske krante de Austin Chronicle, priizgen it aktearjen fan haadrolspiler Kevin Costner en syn subtile portrettearring fan 'e ûntsnapte finzene Butch Haynes.

Guon filmkritisy, ûnder wa Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times, fûnen de (te) lange spyldoer fan 138 minuten in grut neidiel. Yn The Washington Post skreau Desson Howe dat de film frijwat fragmintearre wie, mar "binnen syn smelle, net botte amsisjeuze kommersjele grinzen kin de film it besjen tige lije." Owen Gleiberman fan it tydskrift Entertainment Weekly wie fan miening dat it probleem mei "it besykjen fan Eastwood om in skriller mei in 'hert' te meitsjen" wie dat er "by it tebekskriljen foar syn dûnkerder ympulsen syn eigen stim as filmmakker smoart." Dêr heakke er oan ta: "Fan alle regisseurs soe hy dochs perfoarst witte moatte dat in personaazje as Butch net sa maklik ferjeffenis krije kin."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat A Perfect World in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 33 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Nettsjinsteande guon formulemjittige eleminten is Clint Eastwood syn oangripende, foar mearderlei útlis fetbere misdiedrama fernimstich en rou, mei in geweldige aktearprestaasje fan Kevin Costner as in útbrutsen finzene op 'e flecht." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet A Perfect World in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 24 resinsjes. Yn 'e desennia sûnt it útkommen fan 'e film is A Perfect World troch in protte filmkritisy priizge as ien fan 'e mei de measte soarch gearstalde en bêste films út it oeuvre fan Eastwood.

A Perfect World brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $31,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $102,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $133,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $103,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Opmerklik is dat de film dêrmei yn 'e Feriene Steaten in flop wie, mar dat er rêden waard troch de oer it algemien minder wichtige ynternasjonale merk.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.