Eagum

(Trochferwiisd fan Aegum)

Eagum is ien fan de lytste doarpen fan de gemeente Ljouwert. Eagum bestiet út 6 pleatsen en noch wat oare wenten. Fierder is it doarp fral bekend fanwegen de sealtektoer fan de healwei de 19e iuw ôfbrutsen Nikolaastsjerke.

Eagum
Sicht op Eagum
Sicht op Eagum
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 35 (2022) [1]
Oerflak 1,72 km²
lân: 1,66 km²
wetter 0,06 km²
Befolkingsticht. 21 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 8'N 5° 50'E
Offisjele webside
Side Reduzum-Fries-Idaerd-Eagum
Kaart
Eagum (Fryslân)
Eagum

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 hearde Eagum (earder ek wol skreaun as Ægum) by de eardere gemeente Idaerderadiel, dêrnei oant 2014 fan de gemeente Boarnsterhim, dy't de Fryske namme as offisjele plaknamme ynfierde. Sûnt 2014 falt it doarpke ûnder de gemeente Ljouwert.

 
Opfeart nei it Eagumerdjip

Eagum leit krekt súdlik fan de polder De Greate Wergeastermar. De dyk 'Greate Mar' rint troch de polder hinne nei Wergea, wylst de Master Wybrensdyk nei it súdwesten giet yn de rjochting fan Reduzum en Idaerd. De Master Wybrensdyk gie eartiids mei in brechje oer de Eagumer Opfeart. Eagum is fia de opfeart ferbûn mei it Eagumerdjip en dêrmei mei Wergea, Idaerd en Grou.

Middelpunt fan de wrâld?

bewurkje seksje

Neffens de folksoerlevering is Eagum it middelpunt fan de wrâld. In âld rymke giet sa:

 
Plakette Frisia Grins 8 oktober 2022

Aegum leit mids yn 'e wrâld.
trije hoannestappen fan de toer, dêr is it middelpuntsje
en dy't it net leauwe wol, kin 't neitrêdzje.

Yn 1972 hawwe studinten fan it Grinzer Studinteselskip Frisia nei oanlieding fan dy oerlevering in tegel mei ynskripsje njonken de toer dellein. Hja komme alle jierren nei Eagum om it middelpunt feestlik nei te trêdzjen. Lykwols sprekt de ynskripsje oer in hoannestep. Der binne ek ferzjes mei sân stappen. De trije hoannestappen binne ek werom te finen yn de flagge en it wapen fan Eagum.

Hoe âld it doarp krekt is bliuwt ûnwis. Ofgeande op de bou datearret de tsjerketoer fan de 13e iuw. Oer Eagum waard foar it earst yn 1450 skreaun, doe noch as 'Aegum' dat yn tiid as 'Ægum' stavere waard. Yn 1511 wiene yn it Register fan Oanbring foar Eagum seis pleatsen registrearre. It doarp lei oan de Wergeastermar en de fiskerij wie dan ek in wichtige boarne fan ynkomsten, mar yn 1634 waard de mar drûchmakke troch Paulus Jansz Cley en Wilhelm Cley. Dy twa waarden letter yn de tsjerke begroeven. Eagum koe ek sûnder de fiskerij bestean en yn de 17e en 18e iuw hie Eagum njoggen stimhawwende pleatsen. Ein 20e iuw wie it tal fan pleatsen lykwols tebek rûn ta fiif, wêrfan't op de measten net mear buorke wurdt.

Nikolaastoer

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Nikolaastoer (Eagum).
 
Toer fan de yn 1856 ôfbrutsen Nikolaastsjerke

De toer datearret út de 13e iuw. De âlde tsjerke fan Eagum wie wijd oan Nikolaas fan Myra en waard yn 1776 sloopt en ferfongen troch in nije, dy't lang om let yn 1856 ôfbrutsen waard. Sûnt stiet de toer allinne.

Eartiids hongen der twa klokken yn, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch troch de besetter foardere waarden. De yn 1326 getten klok mei in opskrift yn it Latyn dat dy oan de Nikolaas fan Myra wijd wie, kaam nei de oarloch net werom. De lytse klok is sûnder fersiering en waard mooglik om 1200 hinne getten. It plak fan de grutte klok is ynnommen troch in klok fan 1958 út de Amsterdamske Kristus-Keningtsjerke.

Op it tsjerkhôf mei 44 stiennen lizze in soad Hornstra's begroeven. Ek Harmen de Boer in foarman fan de Fryske Arbeidersbeweging leit hjir.

 
Pleatsen oan de Master Wybrens 4 en 6

Famylje Fonda

bewurkje seksje

De foarâlden fan de Amerikaanske akteurs Henry Fonda (1905-1982) en Jane Fonda (1937-) stamme ôf fan in Eagumer[2]. Yn 1642 boaske Jellis Douwesz (1615-1659), in bewenner fan Eagum, mei Hester Jansz fan Diemen. Seis wike letter waard harren soan Douwe Jellise Fonda berne yn Eagum, al gau folge troch de dochters Annetje en Geertie. Nei alle gedachten wenne de famylje earder op de Jornemastate, dy't súdlik fan it doarpke stie. Letter emigrearre de Fonda-famylje nei de Nederlânske koloanje Nij Nederlân, it hjoeddeiske New York. Se setten harren yn 1652 nei wenjen by Fort Oranje (Albany) yn in útbuorren mei de namme Rennselaerwyck (Troy).

Jellis Douwesz (1615-1659) waard smid en brandewynstoker. Jellis Fonda waard mar 45 jier âld en syn widdo Hester Douwes wertroude al gau. It doarp Fonda yn New York is ferneamd nei Douw Jillis Fonda (1700-1780), dy't om it libben brocht waard troch skalpearring yn de Amerikaanske Unôfhinklikenskriich.

It doarp hat in mienskiplik pleatslik belang mei de bewenners fan Idaerd en it It Hoflân.

  • PKN-gemeente Reduzum-Idaerd en omkriten.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 1981 1992 2002 2006 2012 2022
Ynwenners 47 35 28 37 41 30 26 28 29 28 35
  • Master Wybrensdyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. [1], Fonda famylje-argyf
  Ljouwert  
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
  ·   ·