Akwadukt
In akwadukt is in brêge foar in wetterrin (rivier, kanaal) of in wetterlieding, wêrby't oare (ferkears)streamen ûnder it wetter troch laat wurde.
Tapassingen
bewurkje seksjeRom foar it begjin fan de jiertelling waarden akwadukten al brûkt as wichtich ûnderdiel fan yrrigaasjesystemen. Bekend binne ek de grutte Romeinske akwadukten (aqua=water, ducere=liede), dy 't grutte stêden fan drinkwetter foarseagen. Guon dêrfan koenen sa'n 190.000 m3 de dei oerbringe (Chanson, 2000). Yn Rome wurde inkele akwadukten ek hjoeddedei noch foar dat doel brûkt.
Pas letter waarden ek akwadukten boud foar it skipfeartferkear. Yn Fryslân giet it hieltiten om in wei dy't in wetterwei ûnderlân krúst, mar yn oare lannen binne ek befarbere akwadukten boud op it plak wêr't twa wetterwegen mei ferskillende wetterhichtes inoar kruse. Minstens ien fan beide krusende wetterwegen is yn dat gefal dus keunstmjittich. In akwadukt yn in auto(snel)wei hat in soad wei fan in tunnel. It grutte ferskil is dat by in akwadukt de wetterwei troch in betonnen bak streamt, wylst by in tunnel allinnich mar sprake is fan in konstruksje ûnder de oarspronklike bêding troch.
Romeinske akwadukten
bewurkje seksjeInkele bekende Romeinske akwadukten binne te finen yn:
Akwadukten yn Fryslân
bewurkje seksje- Ie-Akwadukt yn de Ie by Wâldsein, (N928); 2007
- Akwadukt Galamadammen yn it Johan Frisokanaal by Koudum, (N359); 2007
- Houkesleat Akwadukt yn de Houkesleat by Snits, (Rûnwei Snits); 2003
- Akwadukt Jeltesleat yn de Jeltesleat by De Hommerts, (N354); 2007
- Leppa Akwadukt yn de De Boarn by Akkrum (A32); 1996
- Margaretha Zelle Akwadukt yn it Van Harinxmakanaal op de westlike yngongswei yn Ljouwert; 2017
- M.C. Escher Akwadukt yn it Van Harinxmakanaal op de Drachtsterwei yn Ljouwert; 2017
- Prinses Margriettunnel, besuden Snits, yn it Prinses Margrietkanaal, (A7); 1978
- Akwadukt Mid-Fryslân yn it Prinses Margrietkanaal by Grou (A32); 1992
- Akwadukt Langdeel besuden Ljouwert, Rykswei 31; 2006
- Akwadukt De Geau yn De Geau by Snits, Rykswei 7 (A7); 2008
- Richard Hageman Akwadukt yn it Van Harinxmakanaal op de Heak om Ljouwert; 2014
- Hendrik Bulthuis Akwadukt yn de Kromme Ee by Burgum, N356; 2016
- Akwadukt Van Harinxmakanaal yn it Van Harinxmakanaal yn Harns, N31; 2017
Akwadukten yn Nederlân
bewurkje seksje- Alphen-akwadukt yn de Gouwe by Alfen oan de Ryn (N11); 1998
- Amstel Akwadukt yn de Amstel besuden Uithoorn, N201; 2014
- Akwadukt yn de Berkel by Borculo; 1967
- Boxemtunnel, in akwadukt yn de N331 tusken Swol en Hasselt
- Cortlandt-akwadukt yn de Ringfeart fan de Zuidplaspolder, yn Nieuwerkerk aan den IJssel (A20); 1984
- Dampoortakwadukt yn it Kanaal troch Walcheren by Middelburch, N57; 2011
- Eko-akwadukt Zweth en Slinksloot tusken Skiedam en Midden-Delflân, A4; 2015
- Akwadukt Feluwemar yn de Feluwemar by Harderwyk (N302); 2003
- Gaachakwadukt yn de Gaach by Schipluiden (A4); 1998
- Gouwe-akwadukt yn de Gouwe by Gouda (A12); 1981
- Limesakwadukt yn de Alde Ryn by Leiderdorp en Zoeterwoude-Rijndijk, A4; 2014
- Navidukt Krabbersgat yn de Houtribdyk by Inkhuzen (N307); 2013
- Rien Nouwen Akwadukt yn it Gein by Abcoude foar it spoar Amsterdam-Utert; 2006
- Akwadukt Ringfeart Haarlimmermar yn de Ringfeart fan de Haarlimmermarpolder by Nieuwe Wetering (A4); 1958
- Akwadukt Steenbergen aan Zee, by Stienbergen, A4; 2013
- Akwadukt Vechtzicht, yn de Fecht by Muiden; 2016
- Vlietakwadukt by Leidschendam, (N14); 2003
- Waterdrager yn de Ringfeart fan de Zuidplaspolder, yn it sintrum fan Nieuwerkerk aan den IJssel
Akwadukten yn Belgje
bewurkje seksje- Le pont-canal du Sart te Houdeng-Aimeries by La Louvière
- In akwadukt by de Skipslift fan Strépy-Thieu
Akwadukten yn it Feriene Keninkryk
bewurkje seksje- Barton Swing Akwadukt dy't it Bridgewater Canal oer it Manchester Ship Canal fiert yn Barton by Manchester;
- Pontcysyllte Akwadukt dy't it Llangollen Canal oer de rivier de Dee fiert yn it noardeasten fan Wales.
- Avon Akwadukt
Navidukt
bewurkje seksjeIn navidukt is ek in akwadukt, mar dan mei in skutslûs yn de wetterrin. It ienige Nederlânske navidukt leit by Inkhuzen yn de Houtribdyk, it Navidukt Krabbersgat.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarne
bewurkje seksje- Chanson, H. (2000).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aquaduct fan Wikimedia Commons. |