Ali Mazrui (folút: Ali Al'amin Mazrui; Mombasa (Kenia), 24 febrewaris 1933Vestal (New York), 12 oktober 2014) wie in Keniaansk filosoof, sosjolooch, skiedkundige, politikolooch en publisist fan mingd Swahily-Arabysk etnysk komôf. Hy waard beskôge as in autoriteit op it mêd fan 'e Afrikaanske skiednis, maatskippij en kultuer, en wie ien fan 'e meast foaroansteande skriuwers oer tema's as de islaam yn Afrika en de Noard-Súdtsjinstelling. Fan 'e 1970-er jierren ôf wenne en wurke er foar it meastepart yn 'e Feriene Steaten, dêr't er in kontroversjeel figuer wie fanwegen syn opfettings oer it koloniale tiidrek en it Israelysk-Palestynske konflikt.

Ali Mazrui
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ali Al'amin Mazrui
nasjonaliteit Keniaansk
berne 24 febrewaris 1933
berteplak Mombasa (Kenia)
stoarn 12 oktober 2014
stjerplak Vestal (New York)
etnisiteit Arabysk
Swahily
wurkpaad
berop/amt filosoof, sosjolooch,
skiedkundige, politikolooch
aktyf as heechlearaar, publisist
jierren aktyf 19662014
offisjele webside
www.alimazrui.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Mazrui waard yn 1933 berne yn Mombasa, in grutte havenstêd oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan yn wat doe noch de Britske koloanje Kenia wie. Hy wie in telch út in rike en tige foaroansteande famylje, en stamme ôf fan 'e eardere hearskers fan Mombasa. Syn heit wie de opperrjochter fan it islamityske gerjochtshôf yn Kenia en dêrnjonken ek in polityk aktivist. Hy hie in grutte ynfloed op syn soan, dy't er gauris meinaam nei syn wurk, sadat Mazrui al fan bern ôf oan fertroud rekke mei debatten oer politike en morele kwestjes. Mazrui folge de legere en middelbere skoalle yn Mombasa, dêr't er behalven syn memmetaal, it Swahily, ek Ingelsk en Arabysk learde.

It wie earst Mazrui syn bedoeling om yn syn heite fuotstappen te trêdzjen as in islamitysk rjochter, mar yn 1949 sakke er foar syn talittingseksamen ta de Makarere Universiteit yn Kampala, dat doedestiden de iennichste ynstelling yn East-Afrika wie dy't de nedige oplieding bea. Sadwaande gie er fan skoalle en fûn er wurk oan it Ynstitút foar Moslimûnderwiis Mombasa (no de Technyske Universiteit fan Mombasa), oant er in stúdzjebeurs fan it koloniale bestjoer wûn dêr't er mei fierder leare koe oan 'e Universiteit fan Manchester, yn Grut-Brittanje. Yn 1960 behelle er dêr in bachelortitel, dy't er in jier letter omsette yn in mastergraad oan 'e Columbia Universiteit fan New York. Yn 1966 behelle er syn doktoraat oan 'e Universiteit fan Oxford.

Karriêre bewurkje seksje

Neitiid sette Mazrui mei syn akademyske karriêre útein oan 'e Makarere Universiteit yn Oeganda, dêr't er oansteld waard as heechlearaar politikology. Yn 1967 died er yn wittenskiplike fermiddens foar it earst fan him sprekken mei de útjefte fan net minder as trije livige boeken, dy't allegear Afrika ta ûnderwerp hiene. Doe't de diktator Idi Amin yn 1971 yn Oeganda oan 'e macht kaam, frege dy Mazrui om syn adviseur te wurden. Mazrui fielde dêr neat foar en sloech it oanbod ôf, mei as gefolch dat er yn Oeganda tenei mei de nekke oansjoen waard en dat er him der boppedat net mear feilich fielde.

Sadwaande naam er yn 1974 in oanstelling as heechlearaar politikology oan 'e Universiteit fan Michigan yn Ann Arbor oan, in funksje dy't er oant 1991 hâlde soe. Dêrnjonken tsjinne er yn dyselde snuorje ek as heechlearaar oan 'e Universiteit fan Jos, yn Nigearia, en wied er fan 1978 oant 1981 direkteur fan it Sintrum foar Afro-Amerikaanske en Afrikaanske Stúdzjes fan 'e Universiteit fan Michigan. Under syn karriêre joech Mazrui fierders as gastheechlearaar les oan 'e Universiteit fan Stanford, de Universiteit fan Harvard, de Steatsuniversiteit fan Ohio en de Universiteit fan Chicago yn 'e Feriene Steaten, McGill Universiteit yn Kanada, de Nasjonale Universiteit fan Singapoer, de Universiteit fan Oxford yn Ingelân, en oare ynstituten foar heger ûnderwiis yn Kaïro, Austraalje, Leeds, Nairobi, Teheran, Denver, Londen en Bagdad.

Under syn lêste twa jier yn Michigan wie Mazrui mei ferlof om in heechlearaarskip oan 'e Steatsuniversiteit fan New York te Binghamton ferfolje te kinnen. Yn maaie 1991 seid er de Universiteit fan Michigan foargoed farwol en naam er yn Binghamton in fêste oanstelling oan as heechlearaar humaniteit, politikology, Afrikastúdzjes, filosofy, ynterpretaasje en kultuer. Doe't Mazrui yn 1999 mei pinsjoen gie, beklaaide er learstuollen oan 'e SUNY Binghamton, de Cornell Universiteit yn Ithaca, de Universiteit fan Jos yn Nigearia, de Jomo Kenyatta Universiteit foar Lânbou en Technology yn Nairobi en de Universiteit fan Guyana yn Georgetown. Dêrnjonken wied er direkteur fan it Wrâldynstitút foar Kulturele Stúdzjes (IMCS).

Yn 1986 ûntstie der trelit oer The Africans: A Triple Heritage, in dokumintêresearje dêr't Mazrui it senario foar skreau en ek de voice-over foar die. Yn it Feriene Keninkryk, dêr't de rige útstjoerd waard troch de BBC, seach net ien derfan op, mar yn 'e Feriene Steaten skeat it guon lju yn it ferkearde kielgat, om't The Africans de skuld foar in protte Afrikaanske problemen by de eardere koloniale machten fan it Westen lei, en ek sjen liet hoe't it kontinint ûnder de Kâlde Oarloch litte, wêrfoar't de skuld yn gelikense mjitte oan 'e Feriene Steaten en de Sovjet-Uny taparte waard. De lûdste krityk wie lykwols rjochte op 'e omskriuwing fan Mûammar Kadaffi as in deugdsum lieder. Lynne Cheney (de frou fan 'e lettere Amerikaanske fise-presidint Dick Cheney), wie as foarsitter fan 'e stifting National Endowment on the Humanities ien fan 'e fûleindichste kritisy fan The Africans, mei't har organisaasje it projekt mei $600.000 subsidiëarre hie. Cheney fûn dat Mazrui him net oan 'e betingsten holden hie om in lykwichtich byld fan 'e Afrikaanske skiednis te sketsen. Mazrui antwurde dêrop lykwols dat er útnûge wie om it Amerikaanske en Britske folk te fertellen hoe't de Afrikanen sels tsjin 'e skiednis fan harren wrâlddiel oanseagen, en dat men dan net ferheard wêze moast as it resultaat ôfwykte fan hoe't de Amerikanen dat ûnderwerp beseagen.

In oare kontroverse mei Mazrui as mulpunt, dy't yn 1988 spile, draaide om syn miening oer it Israelysk-Palestynske konflikt. Hy stie nammentlik fjouwerkant oan 'e side fan 'e Palestinen en levere gâns krityk op it belied fan 'e steat Israel, dat er omskreau as faksistysk fan aard. Fierders fûn er dat Israel en de sionistyske beweging har ymperialistysk hâlde en drage en it bibelsk leauwe en de Holokaust brûke foar polityk gewin. Sokke uterings kamen him yn 'e Feriene Steaten, dêr't de pro-Israel-lobby oppermachtich is, op ferwiten fan antysemitisme te stean. Mazrui ferdigene himsels troch derop te wizen dat der in fûneminteel ferskil bestiet tusken antysemitisme (haat tsjin 'e Joaden as etnyske groep) en antysionisme (ôfkear fan 'e polityk fan 'e Joadske Steat), en troch te sizzen dat hysels in antysionist wie, mar út noch yn gjin antysemyt.

Priveelibben bewurkje seksje

Ali Mazrui wie twaris troud, earst mei in Molly Vickerman, en letter mei in Pauline Uti. Hy hie út dy beide houliken mei-inoar fiif bern. Njonken in grut tal wittenskiplike publikaasjes skreau er yn 1971 ek in roman, mei as titel The Trial of Christopher Okigbo.

Ferstjerren bewurkje seksje

Ali Mazrui kaam op 12 oktober 2014 yn syn wente yn Vestal, yn 'e Amerikaanske steat New York, yn 'e âlderdom fan 81 jier oan natuerlike oarsaken te ferstjerren. Syn stoflik omskot waard oerflein nei syn bertestêd Mombasa, yn Kenia, dêr't it op 19 oktober oankaam en dyselde deis noch neffens islamitysk gebrûk begroeven waard.

Wurk bewurkje seksje

Romans bewurkje seksje

  • 1971 – The Trial of Christopher Okigbo

Wittenskiplike publikaasjes bewurkje seksje

  • 1967 – On Heroes and Uhuru-Worship: Essays on Independent Africa
  • 1967 – The Anglo-African Commonwealth: Political Friction and Cultural Fusion
  • 1967 – Towards a Pax Africana: A Study of Ideology and Ambition
  • 1969 – Violence and Thought: Essays on Social Tentions in Africa
  • 1970 – Protest and Power in Black Africa (mei Robert I. Rotberg)
  • 1971 – Cultural Engineering and Nation-Building in East Africa
  • 1973 – Africa in World Affairs: The Next Thirty Years (mei Hasu Patel)
  • 1973 – World Culture and the Black Experience
  • 1975 – Soldiers and Kinsmen in Uganda: The Making of a Military Ethnocracy
  • 1975 – The Political Sociology of the English Language: An African Perspective
  • 1976 – A World Federation of Cultures: An African Perspective
  • 1977 – Africa's International Relations: The Diplomacy of Dependency and Change
  • 1977 – State of the Globe Report, 1977 (mei ferskate oaren)
  • 1978 – Political Values and the Educated Class in Africa
  • 1978 – The Warrior Tradition in Modern Africa (redaksje)
  • 1980 – The African Condition: A Political Diagnosis
  • 1984 – Nationalism and New States in Africa: From about 1935 to the Present (mei Michael Tidy)
  • 1986 – The Africans: A Reader Senior Editor (mei T.K. Levine)
  • 1986 – The Africans: A Triple Heritage
  • 1990 – Cultural Forces in World Politics
  • 1993 – Africa since 1935: VOL. VIII of UNESCO General History of Africa (redaksje)
  • 1995 – Swahili, State and Society: The Political Economy of an African Language (mei Alamin M. Mazrui)
  • 1998 – The Power of Babel: Language and Governance in the African Experience (mei Alamin M. Mazrui)
  • 1999 – Political Culture of Language: Swahili, Society and the State (mei Alamin M. Mazrui)
  • 1999 – The African Diaspora: African Origins and New World Identities (redaksje, mei Isidore Okpewho en Carole Boyce Davies)
  • 2002 – Africa and other Civilizations: Conquest and Counter-Conquest, The Collected Essays of Ali A. Mazrui, Vol. 2 (û. red. f. Toyin Falola, Ricardo Rene Laremont en Fouad Kalouche)
  • 2002 – Africanity Redefined, The Collected Essays of Ali A. Mazrui, Vol. 1 (û. red. f. Toyin Falola, Ricardo Rene Laremont en Tracia Leacock)
  • 2002 – Black Reparations in the era of Globalization (mei Alamin M. Mazrui)
  • 2002 – The Titan of Tanzania: Julius K. Nyerere's Legacy
  • 2003 – Governance and Leadership:Debating the African Condition (û. red. f. Alamin M. Mazrui en Willy M. Mutunga)
  • 2004 – Race, Gender, and Culture Conflict: Mazrui and His Critics (û. red. f. Alamin M. Mazrui en Willy M. Mutunga)
  • 2004 – The African Predicament and the American Experience: a Tale of two Edens
  • 2006 – A Tale of two Africas: Nigeria and South Africa as contrasting Visions (û. red. f. James N. Karioki)
  • 2006 – Islam: Between Globalization & Counter-Terrorism (û. red. f. Shalahudin Kafrawi, Alamin M. Mazrui en Ruzima Sebuharara)
  • 2008 – Euro-Jews and Afro-Arabs: The Great Semitic Divergence in History (û. red. f. Seifudin Adem)
  • 2008 – Globalization and Civilization: Are they Forces in Conflict? (redaksje, y.g.m. Patrick Dikirr en Shalahudin Kafrawi)
  • 2008 – Islam in Africa's Experience (redaksje, y.g.m. Patrick Dikirr, Robert Ostergard jr., Michael Toler en Paul Macharia)
  • 2008 – The Politics of War and Culture of Violence (û. red. f. Seifudin Adem en Abdul Bemath)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.